mear rinne en hy droech har foarsichtich nei har hûske. Hy bleau dêr salang dat se harsels wer rêdde koe en doe't er fuort soe, joech it âld wyfke him trije nuten mei. Dêr mocht er twa fan opite, mar ien moast er in wike biwarje, hoe'n honger as er ek krige. Dan soe er syn faem fine.
Geandefoet sette er de bosk yn en hy kaem al djipper en djipper. De earste jounes iet er in nút op. De twadde deis teach er fierder en wer iet er neat oars as ien nút. De tredde deis hie er wol forlet fan iten, mar hy iet net. De fjirde deis forgong er fan 'e honger, mar hy hâldde de nút yn 'e bûse. De lêste deis fan 'e wike hie er sa'n honger dat er net iens mear rinne koe, mar hy bleau fan 'e nút ôf. Hy doarst de nút lykwols net langer yn 'e bûse hâlde; dêrom makke er in kûltsje yn 'e groun en treau him dêryn.
Doe't er de oare moarns wekker waerd, lei it fanke dêr't er fan dreamd hie njonken him en de nút wie fuort. Se fortelde him dat har hynder fierderop tusken de strewellen stie en dat der iten genôch yn 'e sadeltassen siet. De jongfeint gong op