fanke snjitte ta it hûs út, en krekt doe't se oer de hage springe soe, wie der in wjerljochtstriel en foroare se yn in flearbeam.
Nei in setsje sei de jongste dochter tsjin 'e widdou: ‘Mem, myn beide susters binne de wrâld yn gongen om har gelok to sykjen - ik kin hjir likemin bliuwe. Ik sil moarn de hiele dei op it lân iersykje, oaremoarn gean ik nei it ierappellân to neidollen en de lêste deis sil ik de bosk yn gean en helje safolle brânje foar mem as ik drage kin.’
Se die sa't se sein hie, en de lêste joune sei se: ‘Moarnier gean ik fuort, wol mem foar my klearmeitsje hwat mem misse kin en jow my de segen mei as ik de doar út gean!’
De oare moarns joech har mem har in bûsdoekfol iten yn 'e hân, helle in pear klompen fan 'e souder, lei har in slingerdoek om 'e skouders, treau har in lyts fleske mei rûkersguod yn 'e skelksbûse, tute har op 'e eagen en flústere har de segen yn it ear. Doe't it fanke de doar út gong, stie har mem har krekt sa fier nei to sjen oant se yn 'e bosk wie.
Doe't it fanke op in âld stobbe sitten gong en de bûsdoek iepentearde, stie it âld wyfke foar har en frege om hwat iten. It fanke skikte in eintsje op en sei: ‘Kom mar njonken my to sitten. Ik bin noch jong en sterk en der sil wol genôch foar ús allebeide wêze.’ It âld wyfke frege har, hwer't se hinne soe en se fortelde dat se har susters efternei gong om har gelok to sykjen en dat har mem har de segen meijown hie. It âld minske sei: ‘In fanke dat de segen fan har mem meikrige hat, hoecht noait bang to wêzen. Doch hwat it hert dy ynjowt, hwerst ek biste!’
It jongste fanke kaem ek by it hûs oan 'e oare kant de bosk en doe't se der yn noege wie en de frou har fortelde dat har soan dea oer 'e foarkeamer stie, rounen de triennen har oer de wangen fan meilijen. Se sei: ‘Ek sûnder dat jo der hwat foaroer sette, sil ik fannacht by him bliuwe en wekje, dat jo jo deljaen kinne. Lit ús togearre nei him ta gean, foardat jo op bêd geane!’ Doe't se mei de frou yn 'e keamer kaem, seach se in kreas jongfeint mei donker krol hier yn 'e kiste lizzen. Efkes tocht se: Hwerom haw ik dy net by it libben moetsje kinnen? Wy hiene ommers gelokkich wêze kinnen!
De frou roun by de treppen op nei de souder en it fanke gong op 'e stoel njonken de kiste sitten. Der gong safolle troch har hinne, se tocht net iens oan sliepen. Bûtendat hie se tasein dat se by de deade wekje soe. Klokslach tolve ûre sprong de feint út de kiste en stie foar har. Hy hie donkere glânzgjende eagen en in frisreade kleur op 'e wangen. Hy sei: ‘Dou bist in kreas en oanfallich fanke. Ik ha wol sin om dy mei to nimmen nei it plak dêr't ik hinne gean. Ik moat noch fier, fier fuort fannacht’. It fanke sei: ‘Ik haw tasein dat ik fannacht by jo bliuwe soe. Hwer't jo hinne gean, dêr gean ik ek!’ De feint antwurde: ‘Wit wol hwerst oan bigjinste! Ik moat oer de weake sompen, troch de brânnende feanen, troch de holle wei yn 'e forskuorrende bosk, ik moat delgean yn 'e hoalen fan 'e greate forskrikking, om oer de glêzen berch nei de djipste djipten fan 'e deade sé to springen!’ Mar it fanke wist fan gjin wiken en sei: ‘Hwat ik tasein ha, sil ik ek dwaen. Mei myn memme segen sil ik gean kinne hwer't jo geane!’
Doe't se by de weake sompen kamen, roun de jongfeint der oerhinne oft it hurde sângroun wie, mar it fanke sakke der nei in pear trêdden al yn wei en koe gjin stap fierder komme. Mei-iens stie it âld wyfke út 'e bosk njonken har en sei: ‘Wês net bang!’ Se rekke mei har toarnestôk it fanke har klompen oan en de klompsoallen