soldaten ûnderweis wie om him to deadzjen. Dizze reus kaem to lânne yn in saed dy't noch djipper wie, en fan him krigen se de mantel fan it tsjuster en de skuon dy't flugger as de wyn wiene.
Dêrnei reizgen se nei it kastiel fan 'e reus mei de trije hollen en dy makken se wys, dat it oarloch wie en dat der legers fan wrede fijannen opsetten kamen om syn kastiel yn to nimmen. Fan him krigen se de spegel fan de wierheit en de wjukken dy't fansels fleane koene.
Lytse Gjalt en Greate Gjalt gongen al wer op reis en kamen oan in mânsk kastiel. Lytse Gjalt sei: ‘Hjir wennet in kening, dy hat in dochter dy't sa greatsk is dat nimmen goed genôch foar har is. Trettjin prinsen en ridders hawwe har libben al foar har litten. Se is yn 'e macht fan in tovener, en se is sa moai dat elke man dy't har ien kear sjocht alles dwaen moat hwat se him freget. Mar oant nou ta hat it elkenien it libben noch koste, omdat gjinien har opdrachten folbringe kin. As der ien komt dy't it al kin, is de bitovering forbrutsen en dan sil se syn frou wêze’.
Greate Gjalt en Lytse Gjalt gongen nei it kastiel en waerden foar de kening brocht, dy't frege hwat se woene. ‘Ik wol mei jou dochter trouwe’, sei Greate Gjalt. De kening joech swijend in teken en doe't der in gordyn iepenskoude, seagen se in prinses op in gouden stoel sitten. Se wie sa moai dat de sinne der troch fortsjustere.
‘Jo hawwe it sein’, sei de kening. ‘Jo krije trije opdrachten to folbringen en as it jo mislearret, dan sille jo de dea stjerre moatte lyk as al dy trettjin foar jo stoarn binne. Jo moatte earst kaertspylje tsjin de tovener dy't myn dochter hawwe wol. Sadré't de sinten fan ien fan jim beiden op binne, hat er forlern. De twadde deis moatte jo tsjin him hurdrinne om in aei út it nêst to heljen fan in earn dy't op in hege berch wennet dy't mei de kop yn 'e wolken stiet. As tredde moatte jo tsjin de tovener fjochtsje en syn holle hjir bringe!’
It gong oan en der waerd romte makke yn 'e greate seal fan it paleis. Klokslach tolve ûre yn 'e nacht fleagen de doarren iepen en kaem de tovener de seal yn en gong foar greate Gjalt oer sitten. Gjalt hie de ponge dy't noait leech rekke op 'e skurte, mar de tovener woun elk spul dat se spilen. Trije dagen en trije nachten spilen se troch. Iten en drinken krigen se net, en foarôf wie ôfsprutsen dat dejinge dy't it net mear úthâlde koe, as de forliezer oanmurken wurde soe.
Al dy tiid stie Lytse Gjalt efter Greate Gjalt syn stoel. Greate Gjalt koe op it lêst de eagen net mear iepenhâlde. Doe fielde er ynienen dat him hwat op 'e skurte skoud waerd. Hy sloech de eagen foardel en seach de spegel fan de wierheit lizzen, dy't Lytse Gjalt him oanlange hie. Der wie krekt op 'e nij dield en yn 'e spegel seach er de spylkaerten fan 'e tovener. Hy wie ynienen klear wekker en sei tsjin de tovener: ‘Jo binne net bang, wol? Ik ek net’. Hy pakte de ponge mei jild en sette him midden op 'e tafel. ‘Dit is alles hwat ik ha’, sei er, ‘doarre jo ek sa fier gean?’ De tovener koe der net foarwei en smiet der al syn jild njonken. Doe't Greate Gjalt de lêste kaert op 'e tafel lei, hie de tovener forlern.
De oare nachts om tolve ûre stiene Greate Gjalt en de tovener bûten foar de klapbrêge, klear om om it hurdst to rinnen. By de lûste slach fan tolven setten se fan 'e miet nei de heechste top fan 'e berch. Sels mei de skuon dy't hurder as de wyn gongen koe Gjalt de tovener net byhâlde en doe't de beide Gjalten by de berch kamen, wie de tovener al op healwei nei de top. Greate Gjalt smiet de skuon út en gaspe de wjukken dy't fansels fleagen oan. Flugger as in earn fleach er omheech en