fan it hynder - as men sokke aparte dingen to witten komme woe as hja, dan moast men by datsoarte folk wêze. Dat se lei him de hiele kaert út. De dwerch joech har in nút en wiisde in kant op: ‘As jo dat út geane, komme jo by in glêzen berch. Dêr moatte jo dizze nút tsjinoan smite, dat er iepen springt. Dan komt der in brief út dy nût, dêr kinne jo yn lêze hwat jo to dwaen stiet’.
Se die sa't de dwerch sein hie. Doe't se by de glêzen berch kommen wie en de nút stikken smiten hie, lies se, dat se oer dy berch hinne moast om by it slot to kommen dêr't de wite wolf forkearde.
Mar dy glêzen berch wie sa glêd as sjippe, dêr koe se noait oerhinne komme, de hynstepoaten koene gjin skrep krije. Dêr de jouns, wylst se sit to treuren, dêr komt in âld wyfke oan. Dy freget: ‘Hwat skeelt der oan?’ ‘Ik kin net oer dy berch komme’. ‘O’, seit it âld minske, ‘dat kin hjoed net mear, mar moarntojoun kinne jo der wol oerhinne komme. Sjoch, hjir haw ik in pot mei guod en dat moatte jo ûnder de hoefizers smarre, dan glydt it hynder net út. Mar jo moatte der al om tinke en hâld it hynder goed yn 'e leije, hwant de berch is oan 'e oare kant by plakken tige steil’. Dat die de prinses en se slagge oer de berch. Ja, dêr seach se in hiel great slot stean, allegearre flaggen waeiden der op. Se ried der hinne en frege in paezje, dy't dêr hwat by omstipte: ‘Hwat is hjir to rêdden?’ ‘Witte jo dat net? De prins trout hjoed!’ Oan de âld frou hie se al bigrepen, dat de prins dy't de wite wolf wie yn it slot efter de glêzen berch wenne. Se rint it slot yn en dêr sjocht se de prins. Har prins. Se fleach op him ta, mar hy koe har net, hwant hy wie syn ûnthâld bjuster. Dêrom soe er ek mei in oarenien trouwe.
Se roun der wer út en gong op 'e stoepe sitten to skriemen. En dêr komt wer in âld wyfke by har, miskien itselde wol, mar dan yn in oare klaeijing of gedaente, dat se har net koe. De prinses fortelt har it hoe en het. ‘Dêr wit ik rie foar’, seit it âld minske, ‘hjir ha jo hwat guod; en as nou de prins in beker wyn opdrinke sil, dan moatte jo him dêr hwat fan yn rûgelje’. De prinses naem it pûdtsje mei guod oan en roun der mei it slot yn. De prins hie in beker fol wyn foar him stean, en foardat de oaren it yn 'e kikert hiene, rûgele hja dêr hwat guod yn, dat ek dalik oploste. De prins drinkt it op, en dêr ynienen - dêr komt syn ûnthâld wer. En nou sjocht er fansels, dat de prinses foar him stiet dêr't hy as wite wolf by forkeard hat. Dat de hiele trouwerij gong oer. De oare prinses, syn twadde breid, wie der net iens rouwich om dat it ôfspatte, hwant safolle bistek hie se net op him hawn - har heit hie it trochset.
Mar doe't de prins en de earste prinses bûten dat slot kamen, wie er wer de wite wolf. Lykwols, tsjin 'e joun foroare er wer yn de prins. Der stie in kapelle oan 'e kant fan 'e wei. Hy sei tsjin 'e prinses: ‘Witst hwat wy dogge - wy trouwe, foardat wy wer by jim folk komme’. En doe't se troud wiene, skodde er oer de hiele lea en hy fornaem dat der hwat mei syn fel barde. Lykwols, hy bleau prins. Mar de oare deis, doe't de sinne opkaem, barde der neat. Hy wie de prins fan altiten, krekt as nachts. De bitsjoening wie fan him ôffallen. Hy wie yndertiden bitsjoend troch in kweade fé, dy't it oan 'e stok hawn hie mei syn mem, mar in goede fé hie noch wer safolle makke, dat as er mei de prinses troude dy't hy de blom joech, dan waerd er wer minske. Mar as er mei dy oare prinses troud wie, dan hie it noait wer mei him klear kommen.
Doe reizgen se nei har âlderlik hûs en dêr wiene de kening en de keninginne, de beide susters, en de hiele hofhâlding út 'e skroeven fan blydskip - se hie sa lang fan