har binijing bigoun er to swimmen, en doe't er njonken it skip wie, hearden se fan him, dat er efkes de Noardsé oer swimme woe. Om net dwers troch skippen hinne to swimmen en om justjes djipper yn 't wetter to lizzen hinge dy mounestien him om 'e nekke. As er om kofjedrinken hinne fan hûs gong, koe er foar iten wer thús wêze. Se hysten him mei mounestien en al oan board en omdat hy ek wol hwat fan 'e wrâld sjen woe, bleau er op it skip.
De trije bruorren tochten dat se noait mear op 'e tiid it skip ôfleverje koene, mar de acht man dy't se oan board hiene, koene der hwat mei! Op it efterdek stie de man mei de stoarm yn 'e kiel en hy fluite it iene deuntsje nei it oare, sadat de mêsten kreaken ûnder de seilen. De wettersloarper lei op it foarskip, sûge de krunen fan de baren en spuide se dan nei efteren. De heidefretter hie de greate wierfjilden al as prûmkes efter de kiezzen, sa gau as it skip der oan ta wie. It hie der oan dat se op 'e tiid kamen, mar de man mei de skerpe eagen hâldde it each op 'e klok dy't oan de gevel fan it keninklik paleis siet en skeat sa nou en dan foar aerdichheit in gernaet foar de bek fan in walfisk wei. Se brûsden ûnder fol túch de rivier op en ien minút foar de ôfsprutsen tiid lieten se it anker sakje foar it paleis.
De kening wie tige to sprekken oer it skip, mar dy sekfol goud dy't er nou bitelje moast, lei him swier op 'e mage. Hy sei, dat se der mar lang oer dien hiene en dat er in man yn tsjinst hie dy't it swimmendewei hurder dien hie. Dat leauden de trije bruorren net en de kening naem dat op as in bilediging. Hy dage ien fan it skip út om tsjin syn man to hurdswimmen. As syn man it woun, bitelle er neat, mar as ien fan it skip hurder swimme koe, gong de keap troch. It soe in wedstriid wurde om de hiele wrâld en syn man koe binnen sawn dagen werom wêze. It gong oan en seis dagen letter seagen se oan de kime in greate baer oanrôljen kommen, dêr't de kening syn man efter lei. Fan de swimmer fan it skip wie noch neat to sjen. De man mei de skerpe eagen seach troch in rountsje fan syn hân en sei, dat har man troch sérovers fan in eilân oan 'e oare kant fan 'e wrâld gefangen nommen wie. Hy naem syn bôge en lei dêr twa pylken op. Mei de iene skeat er it tou troch dêr't de swimmer krekt oan ophingje soene en de oare snie it tou troch dêr't syn hannen mei fêstboun sieten. De swimmer sprong yn sé en skeat sa hurd troch it wetter, dat de baren gesichten fier oer de lannen spielden. Krekt doe't de swimmer fan de kening de rivier nei it paleis op soe, waerd er op 'e side spield en de swimmer fan 't skip hie him al ôfdroege, doe't de oare oer de streek kaem.
De kening moast nou wol bitelje, mar hy makke it bitingst, dat it jild fan it paleis nei it skip droegen wurde moast. Der mocht net rêst wurde en as de sek op 'e groun falle soe, wie it skip foar him, en de trije bruorren krigen gjin sint. De man dy't mei de balstiennen pikjeskeat stapte nei it paleis en de kening liet sa'n greate sek fol goud skeppe, dat de sterkste keardel yn syn ryk soe der ûnder biswike. Hy krige de sek op en sette him op 'e plasse fan de holle. Rêstich sei er: ‘Noch mar sa'n lytskert!’ Hy hie gatsjes yn 'e earen en mei in eintsje tou hinge er oan wjerskanten fan 'e holle in folle sek. De fjirde naem er ûnder it kin. De fyfte en de sechste sette er op 'e skouders. De sawnde en de achtste die er ûnder de earms. De njoggende en de tsiende hâldde er yn 'e hannen en de alfde naem er tusken de knibbels. Sa roun er sûnder rêsten fan it paleis nei it skip.
De kening wie nou yn ien kear sa earm as in swel. Hy liet de útgong fan de haven tichtlizze mei skippen, mar doe't de man mei de stoarm yn 'e kiel pûstte, waeiden