Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijIn goede priis op in forkearde nommer. [Dialect van de Dokkumer woudenGa naar voetnoot*).]It scil in lyts twintich ier lyn wêse, dat Isak, de jood, ris op in moärntyd yn 'e simmer, dat hiel moai waer wji, Ljourt útstapte (der 't hi wenne), nei it doärp W. en der by bakker Anske Jetses yn roän. Hy hji der wol 'is faker west en wji der al sa moai húskGa naar voetnoot(3) woärn. Mar war oars altiden syn ‘Ghoeje morghen’ ef ‘Ghoejen havend’ frieunlik biandwirdde, disse kear net. Hiel flau kaam it: ‘Ek göeden moarn, Isak!’ der nöu by de baes en de frou beide út. De jonge lju - hja hjinnen (hiënnen) pas trye ier troud west - wiërnen mankelyk. Dat wiste Isak (en wat wite de soänen fen Isrel net, as hju in bytsje omgong hjir of der hawwe!) en derom sei er: ‘Hik weet wat je mankheert. Je wort gheplaagt! Je het gheld gheprek. Her is hiemant, thie je treigementen stelt met pethalen, hen nöu khun'je niet; hen hnöu sel hikje helpe, so waarhachtig hals ik hleef!’ En..jawol, man! der helle Isak in suterigeGa naar voetnoot(4) brievetas út syn ald | |
[pagina 213]
| |
kammesoal, naam er in lotbriëfke út en smiet dat op 'e tafel en sei: ‘thaar m'n ghoeje mense! that zelje ghelikkig make!’ Ho Anske en 't wiif ek bearden en er jin yn leijenGa naar voetnoot(1) - de joad halde him mar as at er der nix fen heärde en gyng de doar út. It lotbriëfke bliuwde lizzen. - Joaden kinne er nuverichGa naar voetnoot(2) by komme, wel? Omme selde snoërjeGa naar voetnoot(3) sawat wenne yn 'e SkransGa naar voetnoot(4) in alde rintenier, Rikele Anskes Jilderda, dy er warem yn siet, mar sa gjirrich wji as de pest en sa dwaende in minskepleager op en út. Mei ien wird sei: in ielshuwd wji 't, dy seldige Rikele. Howol de bakker en 't wiif omke jin him sizze moësten, makke dy seldige rike Rikele-om, dy har hiet holpen to hawwen, har it libben mar 'is tige soer: hju sieten alhiel onder him, as de fûgel onder de hoänskrobberGa naar voetnoot(5). Dat wiste Isak. Ek wiste Isak, dat de alde to mets foär huws siet, as 't moai waer wji, der syn pypke smookte en graech wat nijs heärde, as it him mar gjin cinten hûgde to kosjen. Derom makke Isak der gebrûk fan en roän nöu en den 'is by him lans, en winske him ta, wat de tiid fan 'e dei sa wat sei, makke sommis in praetsje mei de alde lyk as oaren, sadat Jilderda en Isak linkjende weiGa naar voetnoot(6) hast wol alde kundersGa naar voetnoot(7) liken to wêzen. Do 't Isak op in moaije dei wat hastich de Skrans trochstapte, sonder, sa 't like, de ald man to sjen, dy der wer siet, koe disse it net litte om Isak 'is geweken to nimmen, wilders as dizze him mar hird foärby snije scoe, sa 't like. ‘Ho dat sa hastich, koopman,’ sei er, ‘'t is noch gjin freedejonneGa naar voetnoot(8)! Wat nijs yn 'e stêd. Jöu rinne sa hird, dat! Is er in priis fallen, koärtsGa naar voetnoot(9)?’ - ‘Ja, ja, Jilderda, maar hik heb 'm hongelikkig niet ghetrokken. - Maar, Ghottank! die 'm ghetrokken het, is 't wel nhoodig hook. Peste, prave mense, hweetje! En thaar over verheug hik mij!’ ‘Ien út 'e stêd, koärts? of út 'e Skrans, as oars oarnsje hjir tichte by fan dinne?’ freege Jilderda, thige nijsgjirrich woärn. ‘Nhé, m'n ghoeje man, 't his heen huit W. en thaar kenne jöu thoch geen mens. Maar - hik mag et niet zegge!’ ‘Nöu, as wolle jöu my ek allens net sizze, in bytsje dochs wol - it alderneiste hûch ik net to witen, at je my it neiste mar sizze; want ik ken to W. noch al sa inkelden, ma' je rekkenje.’ ‘Maar theuse mense kenne je pephaald niet, Jilderda! - spreekt er niet fan, as hik je meer zeg; hwant, weetje, de mense wille 'et hin 't gheneraal niet haane klok hongen hewwe, as se zoo'n slinger haane hoorenGa naar voetnoot(10) krije. Maar die in W. pij mij ghetrokken het, his een pakker, hen, zoo as ik zei, peste, prave mensen, jongelui noch, h'n jaar of vier ghetrouwd.’ ‘Dô-ju? jongelju? - Dan binne it myn omkesizzers, want der wenje to W., at ik et wol ha, twa bakkers, wel? de iene is al in bijirre man, wel? en de oare is nimmen oars as Anske, in broersoan fan my; - hy is noch nei myn heit neamd, it is de alde namme noch. Jonge noch ta! Ja, 't is | |
[pagina 214]
| |
Anske, oars-n't ien. Nöu, nöu! hat dy wat trutsenGa naar voetnoot(1) by jöu, Isak? En is 't noch al fan bilang wat?’ ‘Ja, wèl, Jilderda! fan pelang!’ ‘Soa, soa, ju!....Soa 'ris! soa 'ris! - Wol hondert gone?’ ‘Hwat sphreeke-je van hondert ghilden! veul en veul meer!’ Derop gyng de alde oan 't rieden: ‘4, 5, 6, 7, 8, 9 (fjouwer, fiif, seis, saon, acht, njoggen) honderd gone’.... ‘Nhog meer!’ sei Isak, ‘mar 't his gheen thrie thijsend. Thag, Jilderda!’ ‘Hui wat! hui wat!’ sei Jilderda, en halde Isak steande, ‘wite hju it al?’ ‘Nhé! nog niet, fraachtig niet, maar van middag gha hikker heen.’ ‘Jonge noch ta, Isak, dan hji ik oars in moai plan. Komme jöu hjir om trije oere by uders oan; dan slagge wij 't hynder eefkes foär 'e sjeas en ride jöu en ik togjerre nei W. ta. Ik woe dochs wol 'is by Anske-en-hars sjen en 't is sierlik moai waer, en dan ken ik, as omke, mei-iens diel nimme in har grutte blydskap; want ik hald folle fan Anske-en-'ar - as siz ik et selst..- Dat koe krekt, wel?’ ‘Hakkoort, Jilderda!’ sei Isak. ‘That liekt mij pest toe. Dan kenne we mekkaar plesier thoen: hik met jöu ride! that hebbe je ris pathent hijtgeprakkeseerd. Nha, Jilderda! hik moet naar hijs. Hafgesphroken hist: hom thrie uur pen ik pij je.’ Isak hji er wol wat nigetGa naar voetnoot(2) oan om de alde duitsje-dief ris yn 't fet to drajen. De joad wji lykwols pas oppe hichte fanne KlanderyGa naar voetnoot(3) of Rikeleöm hji it hynder al foar 'e sjeas slaen litten en ried mei ien fan 'e kasleinsfijnten nei W. ta en gjin oere dernei stapte er by Anske-bakker oer 'e flier en der bigoon er op to lêzen fan 't bovenst' boërtsje ô: ‘Nöu scoe ik de rinte helje,’ sei er, ‘dy jimme my to Maeye al bringe scoenen!’ En doe 't de bakker en 't wiif seijen: ‘Och, omke! noch in bytsje pesjinsje: siker! wy kenne it foërt yn ienen net útskroärjeGa naar voetnoot(4),’ doe bigoun er op nij op to spinnen. ‘Ik heär it al,’ wji 't doe, ‘it gjit jimme achterút! Jimme passe net oppe kwintGa naar voetnoot(5), en nöu scille jimme it mei lotsjen goed meitsje! en dat fan myn jild! dat roait n't!’ ‘Omke! wy hawwe noch noait net yn 'e lotterij spile!’ ‘Wat is my dat? Jimme spylje er op 't heden noch yn! Meitsje my mar neat wys; ik wyt it! Wat scoene jimme my oplappeGa naar voetnoot(6)?’ ‘Och, Rikeleöm! siker, siker, siker, sikerwier net,’ sei de bakkerinne - en hju snokte it út - ‘wy spylje der net yn....Mar Isak, in joad fan Ljourt, hat hjir foar en dei of wat west om ús in briëfke oan to praten fan in gone fjirdeheal, mar hoe 't er ús ek der op oanstiech...Anske in ik hawwe it beide finaal ôfkarre. Ut noch yn woënen wy 't net ha.’ - ‘It is sa,’ sei Anske, ‘hy hat it briëfke to uders bliuwe litten en is de doar útroän, sonder dat wy him in reade cint der foär bitellen, - sonder to opserweren welker kant er útging.’... ‘Hald op mar! hald op mar fan liigen!’ skreauwde Jilderda. ‘Meitsje soks in bern wys, mar my net, om 't effen net! In joad scoe útpykje, | |
[pagina 215]
| |
sonder jild foär in lotbriëfke to barren, dat er ò'levere! Al wat van 't bisnijde folk is, libbet fanne agoosje, just disse net, nhe!?’ wji 't - skeetskGa naar voetnoot(1) - ‘at ik it mar ljöuwde! Wat scoenen jimme my hjir oplappe! Hald op mar fan liigen, siz ik jimme...Jimme fordingeljeGa naar voetnoot(2) de boel; jimme eigen net allinne, mar myns er by, snaken at jimm' binne!’ Anske en 't wiif wjinne alhiel forslein. ‘Mar, kom oan,’ sei de alde einlings, ‘at it dan allegjer sa is, lyk as jimme beide biweare wolle, dan moëst ik dat briëfke mar ha' yn koärting, of is 't dan ek mar in gone trij, fjouwer.’ ‘Omke!’ sei Anske, ‘wy kenne it net wei dwaen, forgees net en foär jild net; want it is uders net. Isak scil hast wol is wer lans komme om it wer to heljen.’ ‘Ik scil 't jimme bitelje, dat briëfke’ - Jilderda wer - ‘yn ô'rekken fan 'e rinte, dy jimme my sculdich binne; - dat is nöu fan trije ier - dan slagge wy mar lyk en hald ik dat lot op myn noed en foar myn aventoer. My tinkt, der kinne jimme nea op jin hawwe.’ ‘Wy kenne it net dwaen, omke! siker wier net, al woënne wy noch sa graech; want wy hawwe er gjin rjocht op!’ ‘Wat rjocht!’ sei de jildwolf, ‘wat rjocht! Dat waacht wat by in joad! kloaten allegjerre! Skyt sok praet! “Lieäwer in oar sinent as neat” - dat is de lear fan alle joaden. Wat rjocht! It ding is yn jimme hannen en de joad is 't kwyt. Kom oan! fiifhonderd gone er foar!’ ‘Omke! it mei net, en 't ken net!’ ‘Tuwzen gone!’ ‘Omke! ho graech ek, wy doare it net dwaen!’ ‘Nöu noch ien kear, en dan is 't út. Ik mat thús wêze. Ik scil jimme kwitansje jaen fan 'e hiele fyftsjinhonderd gone, dij ik oer 'e bakkerij ha, en fan de trye ier rinte, dat is trye kear fiifenfjirtich gone er by!’ ‘Mar as Isak hjir dan komt om syn briëfke?’ ‘Der scil ik mei rêde!’
At de forsiiking to grut war, as at Anske oan de joad syn lêste sizzen geloof slûch: ‘hik zel je ghelikkig make!’ der wo'k fan wêze, mar er kaem in ljochtstriel yn 'e bakker syn siel, en derom sei er: ‘Akkoort dan mar, omke! wy matte de dryste skoën mar oan tsjen en rizzekearje 't!’ It kwitansje war réskreawn en tékene yn in omsjoch. Jilderda pykke út, bliid ta, dat er syn omkesizzersGa naar voetnoot(3) sa by de bealich hie, mar dy, fan har kant, him, noait sa as nou, folle leawer fan achteren seagen as fan foaren. Heälwe' trijen wji Jilderda al wer yn 'e Skrans. Der komt, om trije oere hinne, Isak oan boxeljen, kipet eefkes troch 't finster, om to sjeän at de alde ré is; mar krij't op slach de wink om mar yn to kommen. ‘Nöu scil ús reis wol staakt wirde matte, koopman,’ - wji it earste dat Jilderda sei - ‘want ik ha' it briëfke mar oernomd. Anske en ik hjinne dochs in bytsje bitusken enoar. Dus kenne jöu hjir mar útbitelje yn plaats | |
[pagina 216]
| |
fan to W. - Ik ha' 't briëfke: 't is myns!’ - In der mei liet er Isak it nommer sjeän. ‘Sjogge je,’ sei er en slûch syn egen fol wantrouwen op 'e joad, ‘sjogge je! It ken ommers bistean, wèl?’ ‘Wel, Jilderda! wel, Jilderda!’ ruwp Isak, ‘wel, Jilderda! 't his hof ik thoor de ghrond zink. Mijn ghoeje man! Wat spijt me dat nou...that priefje fan jöu is 16824, hen de phrijs his just gefallen op 16842 - the selde cifers, mar hik heb me van morgen hinne haast heen nommerke verkheken’.....Der siet de kniper lulk tangeleGa naar voetnoot(1), wel? En der hien' je de poppen oan 't dansjen. De groat wji gear. De alde sprong op fanne stoel en: ‘dû smous! dû biskiter! dû ô'setter’, ja, folle en net genôch snaude er Isak ta; ‘der út yn ienen of ik brui dy de bonken stikken,’ wji 't. BreinroerGa naar voetnoot(2) wji de alde. Mar Isak bliöude bidaerd, stie rillik gau oerein en pykke út, wyl 't er sei: ‘Hik ga ther hijt, m'n ghoeje man; than sphaar jöu je moeite hen hik m'n ponken. Thag, Jilderda! et peste, hoor!’ En Isak sette de stap nei W. ta - rinst net, sa hast net. ‘Nah! wat zegje nöu? Het that priefke je niet ghelikkig maakt?’ wji 't earste, dat hy Anske bakker en 't wiif to miëtte ruwp. ‘O, koopman! koopman! O, Isak! Isak! wat ha' jöu ús in doärn út 'e foet lutsenGa naar voetnoot(3)! Wat ha wy mei dat briëfke ynne fystenGa naar voetnoot(4) sitte': kwitansje fan 1635 (sextsjinhondert fiif en tritich) gone, man! Sje' der...is 't net in merakel! It huws is uders, man! en de rinte lyk! Wat binne wy yn jöu skuld?’ Dat war sei en noch ris sei. En derop omstandich forhelle ho 't de agoasje yn syn wirken gien wji tusken har en omke. ‘Wat binne wy yn jöu skuld?’ bliöude de fraach fanne jongelju, dy sa redt en sa út 'e skrûwen wjinne. ‘That zel hik je zegge,’ sei Isak, hiel bidaard, do 't hy en Anske en 't wiif by-enoär sitten gien wjinne; ‘hvooreerst: je petale me dat briefke - 1/20 - that is ƒ 3.60 en een phaar rijksthaalders voor de moeite en hje haalt hier pij de kaslein twee flessen wyn, thie zelle we met z'n thrieen hopnimme en klinke thaarbij hop the ghezontheid van Rikele Anskes Jilderda hinne Skrans, hen ter heere van 'e 50,000 ghilden, that hij hop hen forkeerde nommer ghetrokken het pij mij, Isak Cohen, te Lewarden, hinne Jodestraat. En thaar mee his the heele ghrap hijt!’ En sa diegen se, mar juwgen, yn plaats fan twa, fjouwer ryksdaelders. Isak stapte bliid op huws yn. At er yn 'e Skrans ek wer oan 't glês tikke hat net of al, der wo'k fan wêze; mar wol wyt ik foär fêst: at Rikele-om to nei Isak mar yn 'e fjirte oankommen seach, wyl 't hy bûtendoar siet yn 't moai waer, er dan handich makke dat er fan ruten ôf yn 'e huws kaam; want dat lotbriëfke mei in forkearde nommer krôkeGa naar voetnoot(5) him dan aansens op: dat lei him swier yn 'e mage. 't Wji sikerwier ek gjin nijs, wel? H.G. van der Veen. |
|