Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijIs 't net near? (Dialect als boven.)'t Wie nacht, en wolkjes wyt as snie
Oerdrieuwden moänne en loft en stjerren.
Min heerde neat, as d'oel yn 't hoaf;
Oer 't fjild lei alles yn 'e fjerren.
De swannen drieuwden op 'e graeft.
De röpeinGa naar voetnoot(4) siet yn 't reid te sloemen,
Syn kop, bedutsenGa naar voetnoot(5) mei de wjuk,
Lei yn 'e dod op saefte ploemen.
| |
[pagina 212]
| |
Mar hark! wat ploft der yn 'e graeft?
De swannen stouwe en boetseGa naar voetnoot(1) oer 't wetter,
De röpein fljucht fen 't naest omheech,
En kwaket loed, mei kjel gesnetter.
Och! dronken Hâns plofte yn 'e graeft.
It wetter foadeGa naar voetnoot(2) fier. - It boerle.
Mar einlings wier de graeft wer sljucht;
Gjin minsk koe merke, wat er skoele.
Men socht - men foen him einlings dêr. -
Yn 't weerdshoes trillen door en glaezen,
Sa lette en klipte d' oade klok,
By syn begrafnis. Och, de gaerzen
Dy groeije al wer oer 't sljuchte graef.
Yn 't weerdshoes, waer er plicht te kommen,
Wie 't eerst wat leech en stil yn 't hoes.
Nou giet 't wer d'oade wei mei soepen en fordommen.
Ee (Oost-Dongeradeel).
J.J. Kiestra.
|
|