Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 197]
| |
It ewangeelje fen LukasGa naar voetnoot*). Haedstik XXIII.1. En de hiele heap stau oerein, en laette him nei Pilatus. 2. En hja bigounen him to bitiigjen en seijen: Wy ha bifoun, dat dizze keardel it folk forlaet en forbiedt om oan 'e Keizer skot en lot to jaen, wylst er seit, dat hy sels de Kristus, de Kening is. 3. En Pilatus frege him en sei: Bistou de Kening fen 'e Joaden? En hy andere him en sei: Jou sizze it. 4. En Pilatus sei tsjin de oerprysters en it folk: Ik fyn nin skild yn dizze man. 5. En hja hâlden sa folleste mear oan en seijen: Hy makket it folts balstjûrich mei syn learen troch heel Judéa, fen Galiléa ôf ont hjir oan ta. 6. Do nou Pilatus fen Galiléa hearde, frege er ef dy man in Galiléër wier, 7. en fornimmende dat er út it gebied fen Herodes wier, stjûrde er him nei Herodes ta, dy sels yn dy dagen ek to Jeruzalem wier. 8. En do Herodes Jezus seach waerd er tige bliid, hwent hy hie al lang langstme hawn om him to sjean, om't er folle fen him hearde; en hy hope 't iene ef 't oare teiken to sjean, dat troch him dien wirde scoe. 9. En hy frege him mei in hiel bulte wirden, mar hy andere him neat. 10. En de oerprysters en de skriftgelearden stiene der by en wierne wakker dwaende om him to biskildigjen. 11. En Herodes mei syn krychsljue smaden en forhúnden him, en nei him bjuster opsichtige klean oantein to habben stjûrde er him wer nei Pilatus ta. 12. En op 'e selde dei waerden Pilatus en Herodes goefrjeun mei mankoar; hwent fen to foaren wierne se yn fyanskip mei enoar. 13. En do Pilatus de oerprysters en de oersten en it folk by mankoarren roppen hie, sei er tsjin hjar: 14. Jimme habbe dizze man by my brocht as ien dy it folk ôffallich makket, en sjuch, ik hab him ûnderstien dêr jimme by wierne, en hab yn de man nin skild foun fen 'tjinge dêr jimme him mei bitiigje; 15. ja, Herodes ek net, hwent ik hab jimme nei him tastjûrd, en, sjuch, der is neat troch him dien, dat de dea wirdich is. 16. Ik scil him dos kastije en him den loslitte. 17. Hwent hy moast hjar op it feest ien loslitte. 18. Mar de hiele heap rôp tagelyk en gûlde: Foart mei dizze keardel, en lit ús Bar-abbas los! 19. ien, dy om in oproer, dat er yn 'e stêd wêst hie, en om in moard yn 'e finzenis siet. 20. Pilatus rôp hjarren lykwol wer ta en woe Jezus loslitte; 21. mar hja gûlden der tsjin yn en rôpen: krjusigje him! krjusigje him! 22. En hy sei for de trêdde kear tsjin hjar: Hwet het dizze man den | |
[pagina 198]
| |
for kwea dien? Ik ha nin skild yn him foun, dat er mei de dea straft wirde moatte scoe. Ik scil him dos kastije en den loslitte. 23. Mar hja hâlden mar oan mei lûd gerop, easkjende dat er krjusige wirde scoe; en 't geskreau fen hjar en fen 'e oerprysters waerd hwet langer hwet slimmer. 24. En Pilatus oardielde dat wol oan hjar eask tajown wirde moast; 25. en hy liet hjar dyjinge los, dy om oproer en moard yn 'e finzenis siet en dy hja easke hiene; mar Jezus joech er hjar oer om mei him to dwaen lyk as hja woene. 26. En do hja him weibrochten, namen hja in Simon fen Cyrene, dy fen 't lân kaem, en leijen him it krjús op om it efter Jezus oan to dragen. 27. En in hiel bulte folk folge him, ek frouljue, dy rju skriemden en him biklagen. 28. En Jezus, him nei hjar ta kearende, sei: Jimme dochters fen Jeruzalem! skriem net om my, mar skriem om jimme sels en om jimme bern; 29. hwent sjuch, der komme dagen, dat min sizze scil: Sillich binne hja dy nin bern krije kinne, en de bûken, dy net berne habbe, en de boarsten, dy nin tate jown habbe! 30. Den scille hja der ta komme om to sizzen tsjin 'e bergen: Fal op ús! en tsjin 'e klingen: Bidobje ús! 31. Hwent as hja dit dogge oan it griene hout, hwet scil oan it toärre dien wirde! 32. En der waerden ek twa oaren, dat wierne misdedigers, foartbrocht, om mei him daet to wirden. 33. En do hja kamen op it plak, dat it hersenpanne-plak hjit, krjusigen hja him dêr, en de misdedigers ek, de iene oan syn rjuchter en de oare oan syn lofter side. 34. En Jezus sei: Heit! forjouw it hjar, hwent hja witte net, hwet hja dogge. En hja partten syn klean en droaiden der om mei dobbelstiennen. 35. En it folk stie der by en seach it oan. En de oersten mei hjar hiene alderhânne smeulsk praet en seijen: Oaren het er forlost, lit er nou him sels forlosse as er de Kristus, de útkarde fen God is. 36. En de krychsljue, as hja by him kamen en him yettik brochten, stieken him de gûch oan, 37. en seijen: Aste de Kening fen 'e Joaden biste, forlos den dy sels. 38. En der wier ek in opskrift boppe him skreaun mei grykske en romeinske en hebreauske boekstaven: Dit is de Kening fen 'e Joaden. 39. En ien fen 'e misdedigers, dy ophinge wierne, húnde him en sei: Astou de Kristus biste, forlos den dy sels en ús. 40. Mar de oare, anderjende, bikibbe him en sei: Joustou ek net om God, dêrste dôch yn 't selde oardiel biste? 41. En wy rjuchtfirdich, hwent wy krije straffe lyk as ús dwaen wirdich is, mar dizze man het neat nin kwea dien. 42. En hy sei tsjin Jezus: Heare! tink om my as Jy yn jou keninkryk komd wêze scille. 43. En Jezus sei tsjin him: Siker sonk ik siz dy: hjûd scilstou mei my yn 't paradiis wêze. | |
[pagina 199]
| |
44. En it wier om de sexte ûre hinne, en der kaem in tsjusternisse oer de hiele ierde ont de njuggende ûre ta. 45. En de sinne waerd fortsjustere en it girdyn fen 'e tempel skûrde mids twa. 46. En Jezus rôp mei in lûde stimme en sei: Heit! yn jou hannen bifel ik myn geast. En do er dat sein hie bliesde er de lêste sike út. 47. Do nou de haedman oer hûndert seach hwet er bard wier, loofge er God en sei: Sawier, dizze man wier rjuchtfirdich. 48. En al it folk, dat dêr komd wier om to sjean, do hja seagen, hwet er bard wier, gongen hja foart en sloegen hjar op 't boärst. 49. En al syn goe-kinders stiene fen fierren, ek de frouljue, dy him mei enoar folge wierne fen Galiléa, en seagen dit oan. 50. En sjuch, in man mei de namme fen Jozef, in riedshear en in bêst en rjuchtskepen man, 51. (dizze hie mei hjar oerlizzingen en bidriuw neat to dwaen ha wold,) fen Arimathéa, in stêd fen 'e Joaden, en dy ek sels it keninkryk fen God forwachte, 52. dy gong nei Pilatus ta en frege him om it lyk fen Jezus. 53. En do er it ôfnomd hie, biwoelle er it yn fyn linnen en lei it yn in grêf, dat yn in rotse úthoud wier en dêr yet nea immen yn lein wier. 54. En it wier de dei fen 't tarissing-meitsjen en de sabbat kaem oan. 55. En de frouljue, dy mei him kommen wierne út Galiléa, folgen him en biseagen it grêf en ho syn lyk lein waerd. 56. En do hja torêchkomd wierne, makken hja krûderijen en salve klear; en op 'e sabbat rêsten hja nei it gebod. |
|