Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijIt ewangeelje fen MatthewesGa naar voetnoot*).HAEDSTIK XI.
1. Dêrnei, do Jesus dien hie mei syn toalef learlingen hjar wirk op to lizzen, barde it, dat hy fiërder gong yn hjar stedden to onderwîzen en to kundigjen. 2. Joannes nou, yn diGa naar voetnoot(2) finzenisse heärrende di wirken fen Jesus, stjûrde twa fen syn learlingen nei him ta om him ta sizzen: 3. Binne jy, dy komme scoe, oaf matte wy in oaren forwachtsje? 4. Hwêr Jesus op anderde en tsjin hjar sei: Gean hinne en boädskipje Joannes, hwet jimme heärre en sjeäne. 5. Di blinen krije it sjoene wer en di biheinden geane, di melaetsken wirde reinige, en di dòven heärre, en di deaden wirde wekt, en di earmen wirdt di blîde tynge kundige. 6. En loksillich is hy, dy oer my naet stroffelt. 7. Do dizze weigongen bigoun Jesus de skaren oer Joannes to sizzen: Om hwat to sjeän binne jimme nei di woestine útgien? In reid, dat fen di wyn hin en wer wiggelt? 8. Mar hwat binne jimme den útkomd to sjeän? In man yn seafte side klaeid? Hen, dy seafte side drage, binne yn 'e slotten fen di keningen. 9. Mar hwêrom binne jimme den útkomd? Om in profeet to sjeän? Ja, sizz' ik jimme, en ek ien, dy heger stiet as in profeet. | |
[pagina 196]
| |
10. Want hy is it, fen hwa skreaun stiet: Hen, ik stjûr myn boadskiprinner for dyn eänsicht út, en hy scil dy wei foär dy út klear meitse. 11. Siker sonk sizz' ik jimme: dy út in frommiske berne waerden, dêr is nin greater onder opstien as Joannes; dochs is di lytste yn it keningryk fen di himelen greater as hy. 12. Mar fen di dagen fen Joannes de doaper ôf oan nou ta wirde der ramen fen geweld dien op it keningryk fen di himelen, en di gysten fiërkers gripe it mei earnskloeren wei. 13. Want al di profeten en di wet hawwe profeteärre oan Joannes ta; 14. en as jimme it oannimme wolle, hy is di Elijas, dy komme scoe. 15. Hwa earen het, dy heärre. 16. Mar by hwa scil ik dit skaei lykje? It is lyk oan di lytse bern, dy op di pleinen sitte en hjar boärtfeinten taroppe en sizze: 17. Wy habbe op di fluit spile, en jimme habbe naet dounse. Wy habben kleilieden songen, en jimme hawwe naet skriemd. 18. Want Joannes is komd naet itende en naet drinkende, en hja seinen: Hy het in dìvel yn! 19. Di Soan fen di minske kaem al itende en drinkende, en hja sizze: Sjoch, in fretter en in wynsûper, in stalke fen tolgêrjers en skodden! Mar di wysheit wirdt rjochtfirdige throch hjar bern. 20. Do bigoun hy di stedden, dêr syn measte wounderkreften yn dien waerden, forwitingen to dwaen, omdat hja hjar naet bikeard hiene. 21. Wé dy, Chorazin! wé dy, Bethsaida! As yn Tyrus en Sidon dy wounderkreften dien wierne, dy by jimme scaet binne, hja scoenen hjar eren yn sek en yeske bikeard hawwe. 22. Mar dit sizz' ik jimme, it scil Tyrus en Sidon yn di oardielsdei makliker ô'gean as jimme. 23. En dou, Kapernaum, himelheech biste optild, oan di hol ta scilste delstaet wirde. As yn Sodom di wounderkreften dien wierne, dy yn dy dien binne, op dizze dei noch scoe it yn wêzen bleaun hawwe. 24. Mar dit sizz' ik, dat it di kriten fen Sodom yn di oardielsdei makliker ô'gean scil as dy. 25. Op dy selde tiid utere Jesus him en sei: Ik thankje dy, Heit, Hear fen di himel en fen di ierde! datstou dizze dingen for di wîzen en di biwitenskipten forholen heste, en hest' hjar for di bernkes bleat lein. 26. Ja, Heit; want sa wier it wolbiheagen by dy. 27. Alle dingen binne my oerjown fen myn Heit, en nimmen kent di Soan as di Heit, en nimmen kent di Heit as di Soan, en hwa it di Soan ontdekke wol. 28. Kom allegeärre ta my, dy wirch en biswierd binne, en ik scil jimme rêst jaen. 29. Nim myn jök op jimme, en lear fen my, dat ik sêftsinnich en dimmen fen herte bin. 30. Want myn jök is sêft en my pak is licht. |
|