Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 193]
| |
Dat is nou grif in plant. - Me kin se fordele
Yn palmen, beämmen, strûken en krûden. - It kin my net skele,
As jimme der mear soarten fen meitsje wolle;
Mar as 'k jimme riede scil, nim net to folle;
Fjouwer haedsoarten, thinkt my, is al bêst,
Sa folle fen dat gûd jout neat as lêst!
Palmen waexe op plakken, dêr neat waexe wol,
Sa as yn Afrika, dêr fynt me hiele bosken fol.
It is in biskikking dat se sa heech binne;
Nou wadsje de leauwen, bearen en tîgers der forgees omhinne.
De leau het wol ris bisocht er yn op to kommen,
Mar hy wier yet net heech ef hy rôp al: ‘Potsje fol blommen!
Ik sjuch nin kâns ien dadel to krijen,
En myn neilen ha my ek to folle to lijen!’ -
In oaljefant
Bliuwt ek op 'e kant; -
‘As ik yn sa'n beam op moät ef der yn wêst ha,’ seit de tîger, ‘dat 's my allike folle,
Mar ik kin net yn 'e hichte, den wird ik licht yn 'e hölle;
En bûten dat, sa 'n dadeltsje, dat helpt net for myn maech,
Den nim ik ljeäver in neger by syn kraech!’ -
Sa moätte dy gôede stakkerts it ûntlije,
Dat dy greate slök-öppen nin dadels krije!
Yn Jeropa binne palmen noch dadels to sjeän;
Dat is in lök for de broeken fen 'e bern;
Mar apels, parren en prommen
Binne yn Jeropa to bikommen,
En den binne der ek yet beämmen om planken to snijen, -
Om fen beije-, kerse- en nutebeämmen mar to swijen. -
Fen somlike beämmen wirdt ek talhout fabriceärre,
Dat gûd wirdt winterdeis probeärre,
As 't kâld is. Dêrby den hwet pûns, mei hwet wetter ef sa,
Den barnt en waermet it blokje gôed ta.
Ek fynt me yn Jeropa yet slach- en tolbeämmen,
Dy steane net yn bosken, mar iënlik op seämmen,
By wîde wetters en op stiënnene wegen.
Mei de frucht dêrfen wirdt me suver forlegen;
Dêr binne gûden ûnder, sa moätt' jimme wite,
Heechachte heärders! dy hjar sels wol forite!
Dat liket nuver, oars net? - Ja, yn 'e Botanie
Giët it soms freämd ta; - it is in genie,
Dy dêr altyd kop ef stirt oan wyt to finen! -
De lêste soarte fen beämmen sjucht me mei de tiid fordwinen
En dat is ek mar gôed! - se tsiërmje der hinne;
De spoarreek is skerp, dêr komt dat fen dinne.
Hwet lytser as beämmen, binne de strûken;
Dy fynt me hast yn alle hoeken,
| |
[pagina 194]
| |
Ek brûkt me se ta hagen, om 't apelstellen to kearen,
En sa de tsjeaven de ûnearlikens ôf to learen;
Mar den hâld ik mear fen in heech skut;
Hwent haech ef nin haech, ik leau, dat er like folle om stellen wirdt;
De klean meije der hwet for opstrûpe,
Der is al gau in gat yn sa 'n haech, dêr se thröch krûpe.
Sa het me ûnder alles gôeden en tsjôeden!
De ôergong bitwiske strûken en krûden
Meitsje de blompotten, yn alle potskippen to bikommen;
Dêr fynt me cactussen, roazen en balseminen,
Ja, hast alles is yn dy potten to finen. -
Sjucht me bûtendoar allerhande kleuren,
En stiët me biteutere ôer de forskate geuren,
Den kin min oannimme, en 't is al moai wis,
Dat me yn in blomtún to lânne komd is.
It gêrs jout lekker pikelflêsk
Mar think ik, ho 't mûgelik is, dat in esk
En it wiërmkrûd bygelyks, nêst enoär oprîze,
Ut 'e selde groun, den reitsje ik fen 'e wîze;
Hwent de klútsjes modder binne, sa as wy witte,
Oeral deselde; it moät him den fêst yn 't sied sitte.
Den is der ek yet sassefras,
Dat komt by sîken wol to pas;
En augurkjes en greate beänne, op forskate grounen,
Dat is mear remeedsje for sounen.
Ien krûdtsje mist er, dat is wezentlik skea,
Dat is it krûdtsje for de dea.
Fiërder fynt me ek yet polypen ef kralen,
Dy pakke wol gau ris in skip, fölgens de forhalen;
It liket freämd, dat dy greate skippen sa fordwine,
Mar me kin oan dy krûden ek omtrint kop noch stirt fine. -
Den fynt me yet Sarifragie en Orchide,
Mar dat gûdtsje skouwe wy mar op side;
Dat binne krûdtsjes fen migge- en spinnefatsôen,
En dy waexe net op 'e platte groun.
Se binne by koërfollen op 'e Alpen to lûken,
Mar al hie'n w' ek in weinfol, ho den se to brûken?
Ik hâld it mei slaed en rapen en koal, it sy wyt ef read,
Omdat it iten fen dat gûdtsje net skead't:
Koal mei barge-ear ef oar fûgelgûd, dêr scil me net licht fen stjerre.
Dat 's myn soarte, dat is ta spîze for 't minskdom oneärre.
Fen de griënten yn 't gemien wirdt er yn koal, nei 't ik thocht,
It measte hândele. De measte minaken ha dy negoasje wol ris bisocht.
It is ek nin wûnder, 't giët sûnder patinten,
En wirdt it yn 't great dreaun, 't jout aerdich procinten.
| |
[pagina 195]
| |
Fyn' jimme in plant, dêr jimm' net fen wite, ef 't is in x, in y, ef in zGa naar voetnoot(1),
Neam him Sarifragie ef Orchide; nin minske dy let it.
Der binne sa folle prefesters, dy dêr mei piele,
As immen fen uzen it döcht, nimmen scil 't fiele.
De sûkerplanterijen op Jamaica en sa,
Dy dy sjeän wol, moät nei Jamaica ta.
Dy wite wol, hwêr 't wy de Java-kofje weikrije,
Dy reisget nei Java; ik mei it graech lije.
Mar dy noatfiëlden ljeaf het, mei rykdom fen sied,
Dy bliuwt yn Jeropa, dy folget myn ried.
P. Bleeksma.
|
|