Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij Vorige Volgende Oer it tutsjen. I. In tútsje mei dêryn wol lykje op it jild, Dat elts er om reisgje wol, rounom, yn 't fjild. Mar wyt' jimme, hwêryn 't er net mei ôerienkomt? Dat jild stees by 't tal giët en faek wirdt to lien nomd. In tútsje, och, dat jout me golhertich mar wei, En jout me ien to folle, dêr sjucht me net nei. [pagina 192] [p. 192] II. In tútsje Is in gútsje, Sa derten As eat. Me kin sizze, 't is neat; En dôch soms, as 't fjûr fen 'e ljeafde er thröch skeat, Den lit it de herten, By 't stjerren ôf, bliede. It blôed lit it siede, En 't langst wirdt it field as ús ôfstânnen skiede. III. In tútsje is 't skiënste byld der trouwe: Hja flouwe 't swierst, dy tútsjend flouwe. IV. Om immen in teiken fen eare to jaen, Kin me altyd mei 'n tútsje op 'e hannen foldwaen; Mar wol min in minske syn achting biwîze, Den moät min alhiel nei de foärhölle rîze; Mar hwêr earne in tútsje op it measte biskriuwt? 't Is dêr, hwêr de ljeafde op 'e lippen it thriuwt. V. As lipkes oan lipkes hjar pearje, as foriene, Nin himel kin 't lök, dat dêryn leit, ús liene. En as, yn dy fieling, ús eagen 'noär mjitte, Nin sinne kin 't ljacht, dat se oanskôgje, er yn scjitte. En as w' yn dat ljacht, hwet wy fiele den lêze, Nin naet as de ljeafde, dy heechste, kin 't wêze. H. Fennema. Vorige Volgende