Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijIt blomke der ljeafde.Ik seach nei de blommen en foun dêrby ien,
Dy neamde ik nei hjar, dy 'k, op 't ynlikst, it mien.
Myn ljeafste skien antlitGa naar voetnoot(3) is stees my net nei;
Dêrom lôek dy blom my to mear eltse dei.
Mar jister do kaem ik - en 't wier der net mear,
It ljeaflytse blomke, en myn herte die 't sear.
't Wier plôke en fen my net. Ik flökte de hân,
Dy 't lôek fen 'e groun, eär 't de stoärm waeide oer 't lân.
Wier 't blomke net mines? Hie ik it net wijd,
Ta 't heechste, dêr jimmer in blomke ta dijt?
Giët eat boppe ljeafde? En fortsjinne ik it nou,
Datst' oaren dy ôerjoechst, myn hertlaepke, dou?
Siz, moät 'k yn 't forlies fen myn blomke nou sjeän,
Datstou, ljeafste fanke, ek for my giëtst forlern?
| |
[pagina 191]
| |
Né, ljeafste, oars? - dat bart net? Dou likest de blom
Allinne yn hjar moäijens: nin stoärm bûcht dy krom,
Nin hân scil dy ploaitsje, tsjin wille en tsjin trou;
Us ljeafde is de krêft, dêr ik mei dy op bou.
H. Fennema.
|
|