Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijDe mosk.'k Helje in sankjen op for 't moskje,
HoaskGa naar voetnoot(5) ienfàld'ge friez'ne frjeun.
'k Sjongnet, né, ik tsjilpje as't moskjen,
Ek yn tael sa hoask ús bleaun.
Hwa 't ienfàld'ge lije mei,
Tsjilpje my en 't moskjen nei.
't Nachtegealtsje wirdt stees romme,
Om syn oärgeljen yn 't bosk;
Mar doarGa naar voetnoot(6) hy foär 't ljocht ek komme,
'n Sjonge deuntsjes as de mosk?
Hwa de frijheid lije mei,
Tsjilpje my en 't moskjen nei.
't Ljurkjen wjukkelt ûnder 't sjongen
Ier by ier en let by let;
Mar sa rêstlik by syn jongen
As de mosk sit 't ljurkjen net.
Hwa dy môedsrêst lije mei,
Tsjilpje my en 't moskjen nei.
Dizze, 't binn' de spilers-bazen
Yn it greate fûgleboun,
'n Fier fen 't oare gûlen, razen,
Jout dochs ek ús moskje 't woun.
Hwa, dy 't moskje lije mei,
Tsjilpet my syn pré net nei?
| |
[pagina 187]
| |
'n Lûde röp hat swealtsje frôedensGa naar voetnoot(1),
Hûzet oan Gôds timpels jern,
't Heärstwaer lit syn wankle gôedensGa naar voetnoot(2),
Lit syn tiidgeloafGa naar voetnoot(3) ús sjen.
Nea swicht 't moskje; elts tsjilpje mei!
't Hoask, God-ljeafjend moskjen nei!
Moaije dagen, romt fen iten,
Driuwt rju sjongers nei ús ta;
Mar is hjir net mear to biten,
't Moskje allinne is 't dat wy ha.
Hwa sa 'n frjeunskip lije mei,
Tsjilpje my en 't moskje nei.
Altyd wipt er om ús hinne,
Tsjilpet stees allike goed,
Yn hwet jiergong dat wy binne,
Ja, mids winter hâldt er môed.
Hwa sa 'n stanfriesGa naar voetnoot(4) lije mei,
Tsjilpje my en 't moskjen nei!
Yn oer-oerâlds-friez'ne kriten
Hâldt er ta as friez'ne frjeun.
Hwet foroare is en forsliten,
Hy 's âldfryske sjonger bleaun.
Hwa 't âldfryske lije mei
Tsjilpje my en 't moskjen nei.
Hús- en lânsfrjeun fen de friezen
En forgetten lyk as wy,
Hwet wy yette mear forlieze,
Libje en stjerre wy mei dy.
Al, hwa 't Fryslân mint, sjong mei!
Tsjilpje my en 't moskjen nei!
Bounte flaeijers slypj' hjar tonge,
Is hjir romteGa naar voetnoot(5), fleur en fet;
Komt de need, - nin sang, hja gonge
'n Wite fen ús woldwaen net.
Priisgje den dy priisgje mei,
'k Sjong, ik tsjilpje ús moskjen nei!
Fij fen freämdsins wylde jeijen,
Fij fen falskens, fij fen preal,
Trou yn freugde, trou by 't kleijen,
Rjucht en sljucht yn dracht en teal, -
Ho forgetten 't wêze mei,
't Moskjen, - 'k sjong it jerne nei.
'k Song net, né, ik tsjilpe allinne
In forgettten frjeun dit ta.
Winn' 't frij fen my alle sjongers,
Dy 't wyld-freämde ljeaver ha.
Hwa 't ein ienfâld'ge lije mei,
Dy tsjilpje my en 't moskjen nei.
H.G. van der Veen.
|
|