Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 183]
| |
Sauntsien divels. Yn in bolle-preamGa naar voetnoot*).Yn'e âde tiid fen frôed en dom
Hie JoastGa naar voetnoot(1) in bulte wille.
Hy rierde yn alle dingen om,
Koe alles dwaen en tille;
En het er barde yn 't hele lân,
Hy hie yn alles noas en hân.
Mei fjûr en wetter, ierde en loft
Bidreau er nuv're dingen;
En 't wier syn aldermeaste noft,
In minske om kâld to bringen.
Briek immen earne in earm ef skonk,
Min brochtGa naar voetnoot(2) it ûnk by Joast to honk.
Pest, honger, kriich en alle skeel,
Oer minske en dier útgetten,
Koam for syn rekk'ning heal ef heel,
't Wier yn syn rie bisletten.
Want fêst stoe 't oer-al, hein en fier,
Dat Joast in thûzen-kinstner wier.
Sa hie 'r de freze yn âld en jong;
Want wirdde 'er 'n tsjerkeGa naar voetnoot(3) ophelle,
Den teach de Deale flink to gong,
En boude er in kapelle.
En mennich-ien stiek om syn röp,
Ut eangstme in kêrse for him op.
'k Scil út dy tiid fen Pluto's(!) ryk
In bjuster stik fortelle.
Ik foun it yn in âld kronyk,
For wis en wier forhelle,
Mei 'n flök 'er by for elts, dy 't hâldt
For berne-praet en wive-kâlt.
To Waexens, in gea yn Hennaerderadeel,
Wier Hartman bileeg're yn syn Stins.
As Fet-keaper lôek 'er, yn 't ynlânske skeel,
De line fen Ljeauwert en Grins.
Dat stike de Skieringer heap yn 'e krop,
Dy 't talaei op Hartman syn hûs en syn kop.
Hja bûk'ne, mei Wibe fen SleatGa naar voetnoot(4) oan 'e spits,
Op mûrr'wirk en poärte, mei krêft;
Mar 't arkGa naar voetnoot(5) wier, al holp ek de bösse fen SnitsGa naar voetnoot(6),
For mûrr'wirk en poärte to sêft.
De Stins stiek syn daem-stegeGa naar voetnoot(7) hölle yn 'e loft,
En hie, sa as 't like, oan dat kaerdsjen wol noft.
‘'t Is divels!’ sei Wibe: ‘dit wirk ein't nin byt;
Dy nútGa naar voetnoot(8) het in stiel-hirde dop.
't Moat oars gean, ef, feinten! wy reitse nin wyt,
En krije de hoas op 'e kop.
Mar dat scil naet wêze; ik, Wibe, hab 't sein.
De sang is bigoun, mar yett' naet oan it ein.’
| |
[pagina 184]
| |
‘'t Scil oars gean!’ sei'r yett'-reis, mei 'n Skieringer flök:
Mar, feinten! nim nû jimme rêst.
Wy meitse it forgees mei dit wirk ús to drök:
'k Wit oars yett' wol rie for dit nêst.
Lit my mar bigean, mar wês ré en hâld wacht! -
Mûlk jout it in waerme en in roerige nacht.’ -
't Wier tsjuster moänne en rûzich waer;
Mar oars wier 't bûte stil,
't Each hie, de hele stins yn 't roun,
Yett' naet in inkeld wachtfjûr foun:
Nin onrie like op til.
't Wirdd' let, mar Hartman bleau yette op,
En seach faek skril yn 't roun;
Syn dochter Bauk, syn wille en tierGa naar voetnoot(1),
In flink jong faem fen tweintich jier,
Siet by hjar heit en spoun. -
‘'t Is nuver, Bauk!’ en mei dat wird
Briek d'âlde it swijen ôf.
‘It liket ef it Skiern'ger bredGa naar voetnoot(2)
Nin útsjoch en nin môed mear het
Op Hartmans hûs en hôf.’ -
‘It liket sa,’ sei Bauk, ‘en heit!
Och, ef it ek sa wie'!
Mar 't leit my yett' sa swier op 't hert;
Ik steanGa naar voetnoot(3) dy rêst en stilte net;
Ik eangje for forrie.
'k Hab hokker-nachtsGa naar voetnoot(4) in katûl heard;
En 't byljen fen 'e houn
Is oars as oars, is aeklik near. -
O heit, in nije hou yn 't sear
Is mûlk yett' foar 'e stjûwnGa naar voetnoot(5).’ -
De klok fen 't gea slacht toalf. - Dêr heart
Min de útdoar fen 'e Stins,
En ring dêrnei in wyld geröp:
‘Forrie! forrie! - op mannen! op! -
Slaen dea! - jaen nimmen linsGa naar voetnoot(6)!’ -
Flink, as in tsjirl, mei fjûr yn 't blôed,
Is Hartman ré mei 't swird. -
To let! Syn ûr-glês is oan'e ein.
Hy falt, throch Wibe selm' forslein,
En stjert op eine hird.
Dat ûnk throchdölget Bauk it hert,
En priemket hjar to fel.
Hja blyk't forwyld're en skril omheech,
En gâll't: ‘O Gòd!’ en slút hjar each,
En falt biswime del.
Yn 'e Stins fen Wibe Jarichs
Fine we einling Bauk werom,
Libben, ja, mar 't hert toknett're,
Doldrûkt, en throch 't únk toplett're,
Wêrs fen 't libben, wier hjar finz'nisGa naar voetnoot(7),
Wier de wrâld hjar selm' t'onrom.
Wiken, moännen striek'ne hinne,
Slypjend gong de tiid foärby;
Mar nin útkomst, nin bifrijen
Ut hjar finz'nis, út hjar lijen
Deage 'er op, en alle moärnen
Wier hjar krjus allike nij.
Het ef Wibe mei hjar foarhie? -
Hy, de moardner fen hjar heit,
Thocht': ‘'k Roun faek in blauwe skine:
Disse scil my naet ontwine:
't Is in douke fen myn matteGa naar voetnoot(8). -
'k Scil reis harkje, hetGa naar voetnoot(9) se seit.’ -
Wibe, derGa naar voetnoot(10) it ierzen smeide as 't
Gleaun wier, gong er daelk op ta,
Sonder 't stik reis oer to kôgjen,
En foarôf reis throch to skôgjen,
‘Bauk!’ sei'r, ‘faem! dêr hest de knotteGa naar voetnoot(11);
Ik wol dy, wottû my ha?’ -
| |
[pagina 185]
| |
‘Né!’ sei Bauk, plat-wei en brimstich,
‘'k Boaskje mei in blôedhoun nea,
Fen hwaemsGa naar voetnoot(1) nam meklang ik griizje. -
Wottû my in tsjinst biwiizje,
Help my hjir den wei en jaen my
Ef de frijheid, ef de dea.’ -
As in lieu, né, as in tiger
Spalke Wibe de eagen: 't wie'
Krekt ef út dy fjûrige eagen
Blixems throch 'e keamer fleagen:
't Like ef Satan, ef syn spylfeint,
Libbens-greatteGa naar voetnoot(2) selm dêr stie.
't Siedde en briedde en rûsde en brûsde
Yn syn boärst fen grime en wrek,
Dêrmei briek hy los yn gierjen,
Skeldsjen, raezjen, beestich tierjen;
En in stream fen helske flökken
Gjalpe 'er rimpen út syn bek.
Einling rôp hy, wôest útlitten:
‘Faem! dyn hovird komt to let.
Hoapje naet, om frij to reitsen,
En wer Ljeauwter fet to smeitsen. -
Selm' de divel mei syn feinten
Rêdt dy út myn hannen net. -
Dêrop liet hy Bauk allinne,
Mei hjar herts-forthriet en smert.
Alle hoap op better deagen
Hie, sa 't like, hjar bidreagen;
En yett' swierder, as foärhinne,
Drûkte 't ûnk hjar op it hert.
Nei in dei twaGa naar voetnoot(3), op in skimerjoun,
Trape Wibe hûs en hôf yn 't roun,
Yett' fol thinzen, om syn wrek to boetsjen. -
Dêr fornimt syn each in pream mei fölk.
Sauntsien man, foarsjoen mei swird en dölk,
Komme de opfeart fen 'e Stins opklôetsjenGa naar voetnoot(4).
't Lykje frjeunen. Ien riist rjucht oerein,
En jout Wibe it rjuchte Skier'nger sein;
Mar nin ien lit wird ef werwird heärre. -
Einling leit de bolle-pream oan lân;
Nû jout Wibe, op lâns wize, hjar de hân;
En seit: ‘Wolkom, God en my to geärre!’
God - dat wird, sa fol fen krêft en rie; -
God - dat wird, in swird mei 'n dûb'le snie; -
God - dat wird het Wibe kwealk útspritsen,
Ef de pream en al it fölk is wei;
't Lytste merk selm' bliuwt 'er naet fen nei;
Alles is, mei 'n eachwink, hinne stritsen.
Dêr stiet Wibe, fen 'e skrik heal dea,
't Kâlde swit brekt út oer al syn lea,
En hy rysbosk'tGa naar voetnoot(5), skrill't en trill't onbidich. -
De eangstme krûpt him djipper stees yn 't hert:
En, nei 'n nacht fen onrêst en fen smert,
Slút hy 't each, en Wibe stjert ontidich.
| |
[pagina 186]
| |
Nimmen liet om Wibe in inkle trien;
Want syn dea ontlêstge mennich-ien;
't Wier it ein fen folle skeel en pleagen;
't Wier ek 't ein fen Bauks forthriet en lêst;
't Joe hjar wer de frijheid en de rêst. -
Né, de hoap, hja hie hjar naet bidreagen! -
Frjeunen! myn forteltsje is út.
Hark nû yette, ta bislût,
't Lexom fen myn âlde Skriuwer;
't Earste is dit: Gôds namme-klang
Mekket alle divels bang,
Is in spôek- en geastfordriuwer.
Want dat foltsen yn 'e pream
Wier in deel fen Joast syn teamGa naar voetnoot(1).
Is 'er immen, dy dat net
Leauwe wol, mar 't oars bifet
Dy oan al dy dîv'lerije,
As in rjuchte Beck'riaenGa naar voetnoot(2),
Gled-wei mar de skop wol jaen,
'k Hab 'er fré mei, 'k mei 't wol lije;
Mar myn Skriuwer flökt him út,
For in Heiden en in gút.
't Oare stik fen 't lexom is
Fêst naet fier de planke mis;
God rejeärr't it gôede en 't tsjôedeGa naar voetnoot(3)
Nei Syn heech en wiis bistel. -
Hy rjucht't op en hompet delGa naar voetnoot(4). -
Selme it tsjôede moät oan 't gôede
Tsjinstber wêze, op Syn birop.
Hwa seit hjir nin ‘Amen!’ op? -
R. Windsma.
|
|