Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijSprekwîzen.De bydrage, dy ik leverje, bistiet simpel út texten, kleare bare texten, sûnder forklearing, sûnder tapassing; mar texten, allegeärre ryk enôch oan stôf om er ien foär ien in gewoane Sneinspreek út op to meitsjen, sûnder semitiske leardensGa naar voetnoot(3) to bisitten ef mei de namme fen Wol-Earwirde thige BiwittenskippeGa naar voetnoot(4) to pronkjen. - Neat as sprekwîzen binne it, dy ik fen tiid ta tiid opteikene, om't ik miende, dat se ús it biwiis leverje dat it fryske folksaerd lang sa strûf en sa stjûrsk net is, as min dat yn 't gemien ôfbyldet, mar folle mear - oan 'e oare kant - lyk as Halbertsma earne seit, ‘dat de Friezen in fölk is’ - alteast wier - ‘fol kwinkslaggen en oanslaggen en dêr in folk, dat nei oar mans pîpen dounset, nin bigryp fen het’. Dêrlittende, yn ho fier disse ek yet yn opsicht ta ús tael weardije habbe en bilangstelling wirdich binne, noegje ik jimme frjeunlik út, lêzers! mei my mear sökke âlde famyljestikken, ef, wol min, útrinselsGa naar voetnoot(5) fen 't fölks- | |
[pagina 178]
| |
libben, to sammeljen en my er mei to forgildsjenGa naar voetnoot(1) yn dissen hjar kloerk wêze to meijen. Doch sa foärtgeande, scoe ik wrychtich myn lyts textpreekjen wol ûnnedich forlingje, sûnder forskoaning frege to habben, for somlike hwet min fôechsomme wirden dêr yn foärkommende en for disse ef jinge earen to hird. De aldergrouliksteGa naar voetnoot(2) scil ik dêrom oerslaen. En ik forsiikje de hearen en foäral ek de jiffers, as dy myn preek sims ek ûnder de eagen krije mochten, dy er yet útrôlje en to hird binne for ús forsêfte, dat is forhollânske earen, yn 't alderbiskaefdste ‘Nederduitsch’ - dat dôch ek sa gôed is as 't Frânsk - by hjar sels oer to setten.
Min ûnderfynt hwet, sei Wytse Boates, en 't wiif hie 't sinewetter yn 'e hakke. It lijen scil oangean, sei Hessel-om, en hy scoe for de thrêdde kear minnist wirde. Dêr giet it hinne, sei de jonge, en hy k....yn 'e broek. It nedichste earst, sei de man, en hy bruide syn jonge. Hwet stilder, hwet better! sei de faem en hja siet mei 't gat yn 'e barnnettels. Dat is in skampskoat, sei de man en hy staette it wiif ûnder 'e nauleGa naar voetnoot(3). Mear smoar, sei bline Piter, en hy hie in gat yn 'e panne. Folle geraes, mar in bytke wolle, sei de dîvel en hy skearde de bargenGa naar voetnoot(4). It wirdt allegeärr' minder, sei 't âld wyfke en hja koft sprot for heärrings. Better hwet as neat, seî de man, en hy koft in pear skûrde klompen. Stilswijen consenteärret, sei de man, en hy forroale syn hoed mei dy fen in sjammeGa naar voetnoot(5). It wisse for 't ûnwisse, sei de jonge, en hy roun thröch 'e sleat. 't Gemak foär de eare, sei de faem, en hja siet op 't gat to skûtelwaskjen. Dêr hear ik dy, sei dôve Japik, en der roun in flieGa naar voetnoot(6) oer 'e souderGa naar voetnoot(7). Dat sit, sei de faem, en hja hie in douk yn 't gat. Sa het it sitten, sei pastoarske, en hja paste de nachtromerGa naar voetnoot(8) by elkoar. Alles helpt, sei de dîvel, en hy smiet in flie yn 'e hel. Hja meitsje hwet for 't jild, sei 't âld wiif, en do seach se in ezel. Hjir binne sa folle hearen to niigjen, sei de froask, en de eide sleepte him oer 't liif. Sa gôed as Gertsjemoai, hja kofte in grouwe bôlle en iet him sels op. 't Is stiif partij, sei de jonge, en hy laei ûnder. Al wer oan, sei de faem, en hja laei yet. Folle höllen folle sinnen, sei de deagraver, en hy kroadeGa naar voetnoot(9) deadshöllen to heap, en de iene rôlle hjir en de oare dêr. Dat is in ding dat fêst sit, sei de faem, en hja hie de feint by de noas. Dat is net in bean, sei Adam, en hy sprong oer 't soal. | |
[pagina 179]
| |
Dat is in ding dat leard hjit, sei de man, en hy droech de ljedder op 't skouder. Alle bytkes helpe, sei de man, en hy pisse yn 'e sé. Alle frachtkes lichte, sei de skipper, en hy bruide syn wiif oer board. 't Is voor je allen, sei de paep, en hy likte syn eigen g... 't Is in fölkje, sei de dîvel, en hy hie de kroade fol kikkerts. Dat 's ien, sei de divel, en hy skopte in pôep yn 'e hel. De oanhâlder wint, sei de faem, en hja scoe de beam mei it spantou thröchseagje. Wen er dy mar oan, pûske, sei de bakker, en hy fage mei de kat de ounGa naar voetnoot(1) út. Om mar foärt to farren, sei de jonge, scil ik de brij opite, wyl 't mem bidt. 'k Scil jo helpe, sei de smid, en hy hie îzer noch neilenGa naar voetnoot(2). (Ek wol: tange noch îzer.) Nin swiërrichheid, sei de bakker, en hy makke it brea to licht. 't Is fier fen laeitsjen, sei de breid, en hja skriemde triënnen as balstiënnen. Ik hâld net fen waerme bôllen, sei de boer, en hy iet for tsien stûren op. Ik woe wol, dat ik thús wier, sei de pôep, en hy scoe ophinge wirde. Elk syn meuch, sei de boer, en hy himmele it lytse berns iten opGa naar voetnoot(3). It giet swiet wei nei de ein ta, sei 't âld wiif, en hja iet fen in dimterGa naar voetnoot(4) koeke. Dat's tröffen, sei Klaes-om, en hy krige twa bern by 't wiif. Alle bigjin is slim, sei de boer, en hy woe de kou by de stirt yn 'e hûs lûke. Elke minske syn sin, sei beppeGa naar voetnoot(5), en hja iet plattekoekenGa naar voetnoot(6). Sindelikheid is de haedsaek, sei de boer, en hy fage mei de biezem de tafel ôf. It breedst is yet binefter, sei de man, en hie de skeppe op it skouder. Skande smakket swiet, sei de faem, en hja iet klûntsjesGa naar voetnoot(7). Dat's troffen, sei Tyske Flip, en hie syn wiif yn 'e toatebel. Biroerd bisleinGa naar voetnoot(8), sei de ûl, en hy seach syn eigen jongen. As ik earne mar liz, sei 't âld wiif, en hja siet op it gat yn 'e deakiste. 't Gemak for de eare, sei de faem, en hja slepte by de boer; den hie se in bêd minder to meitsjen. Ruten útGa naar voetnoot(9)! sei Joris, en hy keilde syn wiif thröch 'e glêzen. In grap is in grap, sei Oege, en hy kidele syn wiif mei de heafoärke. Min kin 't net ris wite, hwêr de iel rint, sei de man, en hy sette de fûke yn 'e goate. Dat is in karwei, sei Harmen Ljurk, en hy tichele syn wiif ôf. To mar, sei Sjûrd, moarn ha wy wer neat. 't Is sa 't falt, sei de jonge, do 't âld wyfke, dy de noasdrip hinge, him frege eft er in pankoek ha woe. | |
[pagina 180]
| |
Sök fölk moät sökke domenys ha, sei de boalGa naar voetnoot(1), en hy waerd preker to Belem. Stean fêst, skipper, sei Klaes, en smiet him oer board. 't Is net fier mis, sei de jonge, en hy smiet nei de houn, mar rekke syn stiëmôer. It scil wol bidrage, sei de man, en hy stiek de mouwe yn 't bûsgat. Bêst biteard, sei skipper Watse, it skip forlern, mar it easfetGa naar voetnoot(2) bihâlden. Sökke einaeijenGa naar voetnoot(3)! sei de jonge, en hy brocht de boer hynstefîgen. Ik hâld my oan 't âlde, sei 't âld wyfke, en liet de dîvel wer opskilderje. Dat is djûre brânje, sei de man, en hy lei de fiôele op it fjûr. It is in spil yn 't wyld, sei master Douwe, en hy spile: ‘aller oogen wachten’ op it hânfet. Ik scil meitsje, dat ik foärt kom, sei Jan, en hinge him op. Ik sit gôed, sei lânheärre, en hy siet by de boerinne to frijen. Alles mei mjitte, sei de man, en hy sloech syn wiif de jelnestôk op 'e kop stikken. Nou giet it op in oare toan, sei dominy, en song it ewangeelje. Nou ha 'k it spil op 'e wein, sei de dîvel, en hy hie in âld wiif op 'e skoukarre. In hantwirk is in gôed erfskip, sei de smid, en hy sette syn wiif oan 'e pûster. Oärder moät er wêze, sei master Ulbe, en hy waerd nei 't spinhûs brocht. 't Wirdt alle dagen gikker, sei de skurk, en der waerd in nije galge oprjuchte. Straf moät er wêze, sei gleaune Wiltsje, en hy iet de berns iten op. Fen dwaen wirdt min wiis, sei dominy, en hy smiet jiffrou fen 'e opkeamer ta 't feinster út, om hjar 't fleanen to learen. Jimme scille yet fen heechmôed forgean, sei de pastoar, do Tryn Plöf mei in pear nije klompen yn 'e tsjerke kaem. It is mei sizzen net to dwaen, sei de man, en hy iet twa sniesGa naar voetnoot(4) aéijen op. Swij for den dîvel! sei Oene, ef ik scil it dwaen. Dêr ha jy de pop, sei pastoarske, en hja helle de kat út 'e tsjerne.
H.G. van der Veen. |
|