Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 176]
| |
It BrÊchjeGa naar voetnoot(1).Der siet in jongfaem foär de glêzen,
De glêzen net fier fen it paed;
Hjar each seach mar hieltyd nei 't brêchje,
Nei 't brêchje, 'tGa naar voetnoot(2) oer 't sleätsje yen laet.
Wol houd hja in bôek yn 'e hannen,
De hannen, mar 't lêzen waerd neat,
Hwent 't each lôek mar altyd nei 't brêchje,
Nei 't brêchje, dat laei oer dy sleat.
't Wier Snein-to-joun mids yn 'e simmer,
De simmer en 't waer bjuster moai;
It jongfolk dat koij're by rigels,
By rigels, alhiel yn 'e toai;
En mannichien wonk er oan Hanke,
Oan Hanke, sa hjitte de faem;
Hja seach 't wol, mar hâlde hjar krekt sa,
Hjar krekt sa as hja 't net fornaem.
In toärntsje dêr nei do gyng Jouke,
Gyng Jouke sa krûdich lâns 't paed;
Hy draeide biret oer it brêchje,
It brêchje, 't nei Hanke ta laet.
Hja seach it, lei 't bôek wei en sette,
En sette in sit for him klear;
Hjar each seach dy joun nei it brêchje,
It brêchje oer it sleätsje net mear.
't Waerd bêdtiid, elts joech him ta rêsten,
Ta rêsten, lyk as it jouns heärt,
Mar Jouke bleau piiz'ljenGa naar voetnoot(3) by Hanke,
By Hanke, de faem fen syn hert.
Hja kâlten en diene, mar hwette,
Mar hwette, dat 's eat dat 'k net wyt;
Mar dat wyt ik wol, dat hjar beiden,
Hjar beiden forfeelde 't nin byt.
De toersklok dy sloech al ien ûre;
‘Ien ûre,’ sei Jouke, ‘is 't sa wier!
'k Moät foärt, wy binn' djip yn'e haeijingGa naar voetnoot(4),
De haeijing, den daget it ier.’
Hy stiek gau de piip oan en bleau do,
En bleau do noch 'n amerij stean,
Hwent sjoch, hy koe ommers sa rimpen,
Sa rimpen fen Hanke net gean.
| |
[pagina 177]
| |
Do trapen hja beide nei bûten,
Nei bûten, hwet wier it moai waer!
Sa fredich en stil, sa djip rêstich,
Djip rêstich, alhiel wûnderbaer.
‘Ont wersjean!’ sei hy en hja skaten,
Hja skaten, al foel it ek sûr,
En efkes seach hja yet nei 't brêchje,
Nei 't brêchje, hwent hy gyng er oer.
En letter, hiel faek nei dy jountiid,
Dy jountiid, dêr ik nou fen sei,
Kaem Jouke oer it brêchje by Hanke,
By Hanke al oan en al wei.
En dêrnei kaem hy op in moärntiid,
In moärntiid, hwet prôestichGa naar voetnoot(1), kom sa!
Do helle er hjar ôf en hja gyngne,
Hja gyngne op 't gemeintehûs ta.
En do se fen dêrre wer kearden,
Wer kearden nei 't hûs fen hjar heit,
Sei elts, dy se gean seach: ‘Dy wirde,
Dy wirde Snein breeg'man en breid.’
Tsjinwirdich is hjar noch dat brêchje,
Dat brêchje ta deistichGa naar voetnoot(2) geriif:
Hja wenje oer dat brêchje to geärre,
To geärre as man en as wiif.
A.J. Smeding.
|
|