Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijIt hofsjongerke.Och, hy sjongt mar jimmer wei
Làns dy hiele lange dei.
Fen moärnsierGa naar voetnoot(3) ôf ont jouns let
Swijt syn oärgelkieltsje net.
Hark nou ris, myn lytse bêste,
Moät er net i's efkes rêste,
Docht syn kieltsje him net sear?
It is sa bidrôefde tear!
Mar hy harket dêr net nei,
Né, hy sjongt mar oan en wei.
'k Scoe wol sizze, dat syn kiel
Wêze moäst fen klinkklear stiel;
Oars den scoe der heaskensGa naar voetnoot(4) komme,
En it lûd fen sels forstomme,
Sa dat hy, ho graech er woe,
Dôch net altiid sjonge koe.
O hy wit wol, hwat er wit,
Ho op de aikes 't wyfke sit,
En dy briedt ta jongen út;
Dêrom sjongt dy lytse gút.
Ut de blydskip wol it measte,
Mar syn wyfke ek noch ta treaste;
Sa forkoärt hy hjar de tiid,
Dy hja op hjar aikes slyt.
Hwat hat hy ien sankjes dien,
En om him sjongt hast nin ien.
Fryske sjongers mei jimm' 't ha?
Him dochs komt ek eare ta.
't Nachtegealtsje wirdt sa prîze
't Ljurkje rom en lof biwîze,
Mar oan hwa min rymkes bringt,
Net jamk dat min him bithinkt.
Loekwols 't jout him nin forthriet,
Wille en fleur liet yn syn liet
Hy brekt dêr nin holle mei,
Né, hy sjongt mar, sjongt mar wei.
Sjongt fen ljeafde, sjongt fen minne,
Sankjes dy harmonisk binne.
Ljeave sjonger, lear it my,
Sa to sjongen, froed en bly.
'k Scoe wol sizze, dat 'k it wit
Hwêryn him it kinstje sit.
Komt myn sjongen út it hert,
O, den sjong ik lyk as 't mat.
Kin 'k derby natúrlik wêze
'k Scil den elk syn sin bilêze
En ik dwaen ek, 't mist mar net,
Sankjes krekt sa as it heärt.
Lytse, bliuw ús noch hwat by
Mei dyn swiete melody.
Sit hwat dwersens yn myn krún
En heär 'k dy den yn de tún,
O, dat sjongen, wol it leauwe,
Kin sa faek myn leed fordrjuwe
't Docht altyd oan myn gemôet
Sök in onútsprekber gôed.
Ja, forgastje lang noch 't ear
Op dyn ljeafelik petear,
En is simmertiid forflein,
Binn' dyn sankjes wer oan d' ein,
Mei Gôds hân myn sjonger sparje
En by kjeld en snie biwarje,
Den komt, is de maitiid dêr,
Hy mei nije sankjes wer.
A.J. Smeding.
|
|