Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 166]
| |
Ose en ouwe.
| |
[pagina 167]
| |
Soms komt er in wolk yet in oaren to nei,
Mar 't lûd fen 'e thonger stjert gromjende wei;
It needwaer boaz't oan; it waeit jimmerwei mear,
De wyn oerstimt alles mei heislik gebear.
Nou binn' net allinne de wolknen oerstjûr,
Mar 't wallet en wirket yn hiel de natûr!
Ek kaem by it stoärmjen de wylde Noärdsé,
Sa wif yn syn slomme, al wer ringen út sté.
As 't hûngerich wâlddjier, dat útgiet op bút,
Sa gromt er en bromt er en rekt er him út.
Nou heärt er it stoärmjen en byljen earst gôed,
En skoddet de moännen en krôlletGa naar voetnoot(1) de hûd.
‘Op!’ droant him de wyn ta út 't jeijende swirk;
‘Op, wôeste fordylger! Kom, help my yn 't wirk!
Stou 't skomjende wetter ta bergen en jei
't Mei krêft oer de lânnen: ik wiis dy de wei!’
Dy röpstimm' krong throchGa naar voetnoot(2) ont it djipst fen 'e sé
En tel kaem er op, ta fordylgjen wer ré;
De boun wier wer sletten, sa 'n freeslike boun!
't Moäst Fryslân wer jilde, sa faek al biroun!
Ring stouwe de kobbige weagen oer 't strân,
En jeije mei wyldens oer 't neakene lân.
Op, minsken! o fluchtsje, sa tel as 't mar kin,
Op terpen en hichten, oars binn' jimm' forlern!
Nou bûket it wetter de iggenGa naar voetnoot(3) mei krêft;
It lûkt hjir in stik ôf, dêr dölt it in grêft;
En 't sljurket it lân lâns, en graeft it sa wei;
Nin weage dy wykt, ef in fracht nimt er mei.
De sé keas binammen Noärdfryslân ta bút;
Dêr haff'leGa naar voetnoot(4) er oan de iggen jier yn en jier út,
Ef hûngrich as 't rôfdjier bisprong er it lân,
En makke it, by streken, ta robberichGa naar voetnoot(5) strân.
Mar hjir en dêr liet er in pôlle yet oer,
As wier him dy swolch dôch yn ienen to stôer,
Ef woed er dat 't neiteamGa naar voetnoot(6) yet seach ho syn swird
It âldfaders erf hie tofikeGa naar voetnoot(7) en toskurd.
Mar ho 't ek de Noärdsé ús foärfaers bisprong,
Hja wykten net fiërder as 't wetter hjar thwong;
De halligeGa naar voetnoot(8) sels, dy dêr opdûkt út sé,
Ho keal en ho lyts, jout ta wenpleats in sté.
| |
[pagina 168]
| |
II.Under de noärdfryske hall'gen,
Throch de wylde sé biroun,
Waerd yn langforfleine tîden
Iens ek de OaslichhallichGa naar voetnoot*) foun,
Ien ten de alderlytsten wier it,
Yet nin tsien pounmiëtteGa naar voetnoot(1) great,
En hy laei in ein yn sé op,
En dêr groeide bynei neat.
Beämte wier der net to finen,
Noat en griënte like min,
't Gêrs, dat op 'e pôlle groeide,
Wier yet meager, skriel en thin.
't Wetter, dat oan de iggen spielde,
Wier in moddersleat allyk;
Hwent de weagen dölle en walje
Uren fier yn 't blauwe slyk.
By 't ontweitsjen fen it foärjier,
Do it ljacht de nacht oerwoun,
Seach natûr it wirk des winters
En hie ek ús hallich foun.
En bigien mei de earme pôlle,
Dy dêr laei yn slykrich skom,
Die hja ring hjar keale ekers
Pronkjen mei in wetterblom.
Disse wetterblom wier Ose,
Nou in faem fen achttsiën jier,
Ja, hja wier in pronk der hallich,
En hjar röp gyng ûren fier.
As it flotgêrsGa naar voetnoot(2) oan 'e sleätten,
Wier hja slank fen liif en lea,
En hjar fyn en yngöl wêzenGa naar voetnoot(3)
Bliërke as 't frjeunlik moärntiids rea.
As de blauwe loft dêr boppe
Wieren de eagen, blau en klear,
En it sêfte hier fôel derten
Op hjar blanke skouders gear,
Iepne hja hjar reade lippen,
Ta in golle laeits stees ré,
Den ontdiek me in rygle tosken,
Skien en wyt as 't skom der sé.
En dy skiene blom der hallich
Wier sa eptichGa naar voetnoot(4) as in ein;
| |
[pagina 169]
| |
Rêd en heistrichGa naar voetnoot(1) as it wetter,
As in wylde swan sa keinGa naar voetnoot(2). -
Stil en iënlik wier hjar libben,
Hwent de hallich wier hjar wrâld,
En hja wenne er mar allinne,
Mei hjar mem, en dy waerd âld.
De earme went stoe op in hichte
Throch nin deiske flôed biroun;
Op 'e pôlle roun in skiëpke,
Dat in meager miel mar foun.
Alle dagen, as it wetter
Fen 'e lege hallich roun,
Wadden hja mei net en koërrenGa naar voetnoot(3)
Throch de geulen oan it strân.
En de fisken, oars sa rimpen,
En de séhoun, oars sa swier,
Hwa de sé to tel ontroun wier,
Hellen hja út slyk en wier.
En de skipper fen de wadden,
Dy dêr kaem sa mannich dei,
Brocht hjar hwet hja nedich wieren,
En hjar fangst naem hy den mei.
Sa libbe Ose sont hjar berteGa naar voetnoot(4),
Mei hjar mem op 't iënlik sté,
Fen de wrâld alhiel forlitten,
Noëdlik throch de wylde sé.
Dôch hie hja hjar hallich rommeGa naar voetnoot(5),
As it bêste plakjen groun,
En ont nou yn memme ljeafde
Alles hwet hja winske foun.
Mar nou telt hja achttsiën jiërren,
Hj' is oan d'ein fen 's libbens moarn,
En nou docht sa mannich boatsje
Faek de lytse hallich oan.
't Is net om de fisk to heljen,
Dat dêr mannich hinne sylt,
Mar, as 't koe, de blom to ploaitsjen,
Dy dêr groeide en bloeide yn 't wyld.
En de frijers, dy der kamen,
Faek fen ûren fier yn 't roun,
Seijen, dat me nearne moäijer,
Tsjepper fanke, as hja wier, foun.
| |
[pagina 170]
| |
En hja brochten hjar sa folle,
Hwet hjar noäske en haegje koe,
En hja fregen hjar sa frjeunlik,
As hja mei hjar farre woe;
En hja kâlten swiete wirdtsjes,
Sprieken hjar fen 't fêste Iân;
En hja ljuentenGa naar voetnoot(1) om hjar herte,
En hja bidden om hjar hân,
En it famke harke thige
Nei dy wirdtsjes, ljeaf en swiet,
Heger kleuren hjar de wangen,
As in frijer by hjar siet!
En dy skiene blom der hallich,
Nou net mear 'n ienfâldich bern,
Speegle faken hjar yn 't wetter,
Om hjar egen byld to sjeän.
En hja pronke mei hjar doekje
En hjar linten dei oan dei,
En hja wist nou, dat it wier wier,
Hwet me fen hjar moäijens sei.
En hja dreamde oer freämde lânnen
En oer huzen, rom en great,
En oer nju en libbenswille,
Moaije klean en hege steat.
Mar net ien fen al hjar frijers
Woe hja hân en herte jaen;
Hwent hja koeden oan hjar winsken
En hjar dreamen net foldwaen;
Doch hie mannich feint by Ose
Al in blauwe skine roun,
Faken waerd er yet in boatsje
Oan de lytse hallich foun.
Sa wier 't yn it foärjier,
Dat wer op in dei
Oan de Oselichhallich
In fartúchje lei.
Hwent Ouwe fen Rothflint
Hie sont it bigjin
Des foarige winters
By Ose de rinGa naar voetnoot(2).
Hy wenne op 'e Gröde,
Mar hie sels in skip,
Dêr mei foer er simmers
Oer 't skomjende djip.
Great tweintich jier wier er,
Do 'r Ose bilies.
KantGa naar voetnoot(3) wier er fen leden,
Fen ynboärst in fries.
Oan Ouwe woe 't famke
It jawird wol jaen;
Hy dochs koe hjar dreamen
En winsken foldwaen.
| |
[pagina 171]
| |
De brilloft scoe wêze
Mei 'n moänne ef seis,
Earst woed er nei Höllân
En Inglân op reis.
Nou wier er by Ose
Ta 'n ôfskiedspetearGa naar voetnoot(1);
En beide, hja fielden 't,
Wier 't herte hjar near. -
‘Sa 'n ôfskied,’ sei Ouwe,
‘Al is 't net for lang,
Forset yen oars famke;’
'n Hy patte hjar wang.
‘Mar,’ treaste er him selme
En Ose mei ien,
‘Myn reis yn 'e simmer
Is ringen faek dien.
Sa tel as ik oer bin,
Is 't skipke wer dêr;
Den scille wy boaskje
En skiede net wer.’ -
‘'t Is wier,’ andere Ose,
‘Mar 't is sa fier wei
Dat Inglân en Höllân,
En ik gean net mei!
En jinsen sindGa naar voetnoot(2) fammen
Jamk moäijer as ik;
En scoe 'k dat net thinke
Mei eangstme en skrik..?
‘Hâld op!’ andere Ouwe,
‘Fij, Ose, net mear!
Dat kin 'k net forneareGa naar voetnoot(3);
Dat wird docht my sear!
Ho scoe 'k dy forjitte
Yn sa 'n koärte tiid,
Dy, 't ljeächt fen myn eagen,
Dy 'k minje sa swiid!?’ -
‘Mar Ouwe, yn 'e freämdte is
't Forlied by de hân;
En is den dyn ljeafde
Tsjin alles bistân? -
En dêrom, myn ljeafste,
Komst' siker werom? -
O, wol my dat swarre!
Den earst amje 'k rom.’ -
‘Fij Ose,’ sei Ouwe,
‘Wolst' yet in biwiis?
Wantrouste myn ljeafde
En 't wird fen in fries?...
Mar wolste it sa habbe,
‘'k Onthjit dy den, dat
Nin macht scil ús skiede:
Dat swar ik by God!
Al mocht ik ek stjerre,’
Sei 'r rimpen der by,
‘Dochs scil ik dy helje,
Dat ek swar ik dy!’:..
't Wier simmer en Ouwe
Dy swalket op sé,
Wylst Ose bliuwt biidsjen
Op 't iënlike sté.
Hja is nou sa monter,
En 't hert is hjar rom;
Hwent Ouwe, dat wyt hja,
Komt siker werom.
Mar dochs het hja langstmeGa naar voetnoot(4)
En giet eltse dei
Nei 't plakjen oan de oewre,
Dêr 't boatsje altiid lei.
Den thinkt hja oan Ouwe,
Hjar ljeafste op 'e wrâld,
En winsket syn wolfeart
En bidt syn bihâld.
Hja dreamt den hjar takomst
Sa skien en sa klear;
Hwent binne hja boaskeGa naar voetnoot(5),
Den skied' hja net mear;
Mar den giet hja simmers
Sa faken mei oer,
En sit, as 't moai waer is,
Nêst Ouwe by 't roer
Den scil er forhelje
Fen al hwet er seach,
Fen lânnen en stêdden,
Hwêr hinne er al teach.
Mar hwêr hja yet sterker
Nei langhalzje kin,
| |
[pagina 172]
| |
Is, om sels dy lânnen
En stêdden to sjeän!
En winters, hwennear me oan
Nin farren mear döcht,
Fynt hja op de Gröde
Rju wille en nöcht.
Dêr wachtet de wente,
Dy Ouwe al keas,
Sa tsjep op it oansjeän,
Fen binnen sa kreas! -
Sa drôgjend in takomst,
Oanloklik en nij,
Roun ringen for Ose
De simmer foärby.
't Waerd hjerst al en tiid wier 't
Dat Ouwe hast kaem;
Mar 't wier net ûnlijich,
Dat treaste de faem:
Sa 'n séreis, al giet it
Ek ringen en rêd,
Birekkent me dochs op
In wike twa net.
Sa thochte dat fanke, en
Hjar hope bleau stean,
Al mocht hja ek faker
Nei de oewre ta gean;
Al dykreGa naar voetnoot(1) hja langer,
Mei langstme yn it each,
Eft hja yn 'e fiërte ek
In skipke faek seach. - -
En neijer en neijer
Kaem nou al de dei,
Dat 't brilloft scoe wêze;
Mar Ouwe bleau wei. -
Nou kaem it âld minske op
In moärntiid oerein;
Hja skodde de holle
En wier sa forslein.
‘O, Ose, myn fanke!’
Sa spriek hja forsetGa naar voetnoot(2),
‘Dou moäst net mear hoopje,
Dyn Ouwe komt net.
Ik hab yn 'e moärntiid
Him sjoen en him heärd;
Hy striek lâns it finster
Sa rimpen en rêd.
Ik krige sa 'n keltme,
Mar do 'k wer bikaem
Do stoe er foär 't finster
En tikke er oan 't raem.
Hy wier sa forheistre
En sykhelle swier;
In striel fen in skynfetGa naar voetnoot(3)
Biljeächte do flier.
Ik seach it sa dúdlik,
En klear ha 'k it heärd;
Ik wier yn nin dodzeGa naar voetnoot(4),
Ik dreamde 't ek net.
Ik stel 't net yn twivel,
Dyn Ouwe fordronk;
Hy brocht nou as gonger
Us tynge fen 't onk.’ -
Dat thinsbyld, sa aeklik,
Woe Ose net oan.
‘Ik hoopje en scil wachtsje,’
Sa sei hja, ‘ta moarn;
Den scille wy boaskje,
Hwet ef er der ek bart,
Den scoe er my helje,
Dat het er my sward!’ -
Mar do wer it deiljeächt
De tsjustrens oerwoun,
Wier Ose hjar sinne
Der hope fordwoun.
De nachts kaem in skynsel
Foär Ose hjar bêd;
It neijere allinken
Mei glûpjende trêd;
Yn de eagen, sa glêzich,
Ontdiek hja in trien,
De hân, dy hjar aeike,
Wier kâld as in stien.
En dêr, hwêr it stien hie
It wetter yet lei;
Nê, 't koe net oars wêze,
Hjar Ouwe wier wei!
Dôch gyng hja nei de oewre,
Nei 't plak hjar sa djûr,
| |
[pagina 173]
| |
En dykre wanhopich
De waddesé oer.
Soms stie hja to kypjen,
As eft hja hwet seach;
Den teistre er in fiëlling
Fen hope yn hjar each.
Mar wier 't den in fartúch,
't Fordwoun wer sa tel;
En treasteleas sonk hja
Oan de oewre den del.
Sa hoopjend en eangjend
Forroun wer in dei;
Nin skip kaem oan de oewre;
De breegmanGa naar voetnoot(1) bleau wei.
De joun wier al fallen,
En yet koe hja net
It plakjen forlitte,
Sa djûr oan hjar hert.
En lûder en lûder
Kriet jimmer de faem:
Och, wier ik by Ouwe;
Och, dat er dochs kaem! -
En wylst hja sa bearde,
Forbûke en forset:
Dêr rûsde it yn 't wetter
Sa hommelsGa naar voetnoot(2) en rêd,
Dêr neijere in boatsje
Mei hastige feart;
Hja seach ho 't it ringen
Oan de igge al skeat.
In feint, kant fen ledenGa naar voetnoot(3),
Springt ringen oan lân;
Hy sjucht om him hinne
Lâns 't iënlike strân;
Mar hjar, dy er sochte,
Is ringen al foun.
Sêft giet er nei Ose,
As rekke er nin groun. -
De faem wier ontheistre;
Hjar sykjen houd hj' yn:
Moäst hj' eangje ef hoopje?
Wier hy it meiskiën?
Dêr kipet de moänne
Throch wolknen en mist
En skynt op syn oänlit:
Nou röpt hja: ‘Hy is 't!’
In keltmeGa naar voetnoot(4) fen blydskip
Kringt hjar throch de lea.
't Is Ouwe, hjar Ouwe,
Forheard is hjar bea! -
Alhiel út 'e skroeven,
Springt Ose oerein;
Tel is hja yn de earmen
Des bregemans flein.
‘Myn Ljeafste,’ sa seit hja,
‘Hwet wier ik forset!
Komst' dôch for de brilloft?
Forgeatste my net? -
‘Ho koeste dat thinke!
Hwet hab ik dy sward?
'k Scil altyd dy helje,
Hwet as der ek bart!
Nou scil ik dy bringe,
Hwêr nea nin forthriet
Us nju kin bidjerre en
Nin ûnk ús ea skiedt.
Dêr meitsje dyn sisters
It breidsbêd al ré,
Dêr hâlde wy brilloft;
Kom! ringen oer sé!’
Mar Ose bithocht hjar:
Hwet wier dat for praet?
Hjar mem hie hjar ommers
It breidsbêd al spraet! -
Mar Ouwe sei: ‘Famke!
Yet lang is ús wei
En de eed moät 'k folbringe
Foar 't ljeächt fen 'e dei.’
Mei troaide hy Ose
Yn 't skipke oan it strân,
En staette syn boatsje
Do ringen fen lân. -
By 't boat wier nin roeiriem,
Nin seil en nin roer,
Dochs gyng it er hastich,
Ja, fleanend sels oer.
In hoärtsje - en de hallich
Wier ringen út 't each;
| |
[pagina 174]
| |
En löft wier 't en wetter,
Hwet Ose mar seach,
De weachjes omaeiden
En patten it skip,
It byld fen de moänne
Dreau nêst hjar yn 't djip;
Hja seach oan de himel,
Sa blau en sa klear,
Nea safolle stjirren,
Nea ljeächten hja mear.
‘O, Ouwe,’ sei 't famke,
Forsonken yn 't nju,
‘Nea joech my it farren
In wille sa rju!
Sjuch, boppe dy himel
En hjir nêst it skip
De silverne moänne
Yn 't glês-kleare djip!
Is dêr ek dyn wente,
Hwêr 't moäntsje nou sit
En triljende strielen
Throch 't séwetter scjit?’ -
‘Ja siker, myn Ljeafste,
Dêr wachtsje hja ús;
Dy silverne moänne
Nimm' wy yn 'e hûs.
Dat hûs is sa threftichGa naar voetnoot(1),
Nin keninklik slot,
Ho moai it mei wêze,
Is moäijer den dat.
Me sjucht throch de mûrren
Fen 't suverste glês,
De kostlikste blommen
En 't tierichste gêrs.
De reinbôgekleuren,
Sa skien en sa klear,
Bipronkje myn sealen
En rane er togear.
En brekke dy strielen
Der himelske stjer,
Den sjucht me dy kleuren
Wol thûzenfàld wer;
Ek scjitte der fonken
Fen ljeächt op ús dol
Throch 't thek fen ús wente
Fen suver kristal;
En dêr is in breidsbêd
Sa sêft en sa rom,
Dêr scille wy sliepe
Yn rêstige slom;
Dêr falt dy, myn Ljeafste,
In breidsklaed to diel
Fen stoffen yet fynder
As side en forwiel. -
Mar hark!...yn de fiërte
Heärr' jy dêr net hwet?
Dat 's 't skûrjen der poärten
Fen 't hearlike slot!’
Hja harke fol langstme
En heärde 't al gôed:
Al neijer en neijer
Kaem 't thongerjend lûd.
Mar hommels waerd 't tsjuster;
De moänne is biskûl,
Fordwoun binn' de stjirren,
De wyn bliest sa fûl;
De weagen bûts' heger
En heger tsjin 't skip,
Dat dounset en kreaket
Op 't skomjende djip.
Den fljucht it omhegens,
Sa rimpen en tel;
Den sinkt it omleech yn
De djipte wer del. -
Dêr komt er in stoärtsé;
En de egenste stoun
Dêr draeit en dêr giseltGa naar voetnoot(2)
It boatsje yn it roun,
En Ose is fol eangstme,
Hja rydbosket sa!
Hwêr scil dat bidarje?
Hwêr moät dat nei ta?!
Mar nou jout de deade
Syn triljende breid
Syn iiskâlde hannen
En winkt hjar en seit:
Hjir moätte wy wêze,
Kom ringen mar mei!’ -
| |
[pagina 175]
| |
In gjalp - en hja sinke
Yn 'e wetterkölk wei!..
De séwiven stieken
Op 't egenste sté
De sniewitte höllen
Nou ringen út sé;
Hja songen in leedsang
En geidenGa naar voetnoot(1) sa near
For Ose en for Ouwe,
Dat nommelGa naar voetnoot(2) jong pear!
J. Troelstra.
|
|