Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 164]
| |
Sas.Fij, Sas! dat is mar lang net bêst,
Leistou sa de aeijen bûten 't nêst?
Dat ken sa siker net; né! né!
Dou heste in wiif, en bern der by
Twa froulju, né, dat stiet net frij,
Dat strydt mei ús lânswet; ja! ja!
Do Salomon yet kening wie',
En min de romtGa naar voetnoot(1) fen froulju hie,
Do koe dat hiel wol gean; ja! ja!
Mar do ek kaem me der for út,
En den wier boaskjen it bislút;
Mar nou is dat forbean; ja! ja!
Do wier der romte by de roes,
Do stie der hjir en dêr in hûs,
Do wier it lân to jouwGa naar voetnoot(2); ja! ja!
Do makke min ek nin lawaei,
Al hie min alderhânne skaei,
Fen bern in hiele sjou; ja! ja!
Mar nou is 't lân mar thige djûr,
En binne er ek nin fammen oer,
Scil elk in wyfke ha; ja! ja!
Fij Sas! fij Sas! ho kaemste er by?
Is dat nou gnap, nou froed fen dy?
Dat woe 'k fen dy net ha; né! né!
In man, dy sa fen 't gôede praet,
De mûle yn alle dingen slaetGa naar voetnoot(3),
Sa fyn as spinreach is; ja! ja!
Dy hâldt mei oare froulju ta,
Fij, Sas! fij, Sas! fij, ken dat sa?
Né! dat is siker mis; ja! ja!
Mûlk seist': de divel is net mak,
En och, in minske is bare swak,
Al is er from en frôed, ja! ja!
Hwa het net faek en missetGa naar voetnoot(4) hawn,
Al hie er noch sa'n skerp forstân,
Al wier it ek in blôed; ja! ja!
Mar Sas, hwet skeelt dy, biste gek?
Dy stelling ommers hâldt nin stek,
Dat ken sa siker net; né! né!
In man, dy sa de Skrift forstiët,
Dat hy mei dominys him mjitGa naar voetnoot(5),
Dy wit wol ho 't it heärt; ja! ja!
Dou hest nou wol in lytse popGa naar voetnoot(6),
Mar krijste ek fen dyn wiif de skop,
Hja mei dy net mear sjeän; né! né!
Dou hest de hel nou yn 'e hûs,
En dêr is barnhout by de roes;
Dou hest dyn rêst forlern; ja! ja!
En búten doar, elk wiist dy nei;
Net ien, dy Sas mear lije mei,
Syn eare leit yn 't slyk; ja! ja!
Dou hest dyn mûle wille jown,
En, och! dou bist sa licht bifoun;
Is dat ek dwaen allyk? Né! né!
Dyn dieden hawwe 't iepen leid,
Dat alles, hwet dyn mûle seit,
Nin echte speesje wier; né! né!
Dyn frôedens? - och! it wier mar skyn;
Dou hietste from en wierst mar fyn,
Omdat in oar it wier; ja! ja!
Nou heste sjoen, ho dat it giët,
As me al hwet praet, mar't dwaen forjit,
De ljeafde farre litGa naar voetnoot(7); ja! ja!
Den wirdt me gau in bist allyk,
Yn deugden earm, yn sounden ryk,
Den mist de rjuchte pit; ja! ja!
Dou hest it spil al moai bidoarn,
Al wistou al de wiërheid skoan,
Dou hest it spil bidoarn; ja! ja!
Dêrom gong nou in oare wei,
En lit mei 't praet de died net nei;
Nim disse ried yette oan; ja! ja!
J. Klaasesz.
|
|