Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijAldjiersjoun.Ien, twa, thrije, - toalve slagen
Bölderje út de grîze toer;
Trije houdert sextich dagen
Sonken wei, en 't jier is oer.
Ien, twa, thrije, - houndert jiërren
Stiek de toer syn âlde kop,
Onder stoarm en onwaerstwjirren,
Dryst omheech, ta himel op.
Ien, twa, thrije, - houndert kearen
Liet de bombam oer it gea
Him mei koopren stimme heare:
‘Frjeunen, hark! it jier is dea!’
Ien, twa, thrije, - thûzen kearen,
Ja, yet faker, dat is fêst,
Liet de klok syn lyksang heare
En min laei ien wei to rêst.
Alden, jongen, feinten, fammen,
Blomkes yn hjar earste tier,
Griene twigen, grouwe stammen
StoarenGa naar voetnoot(2) yn 't forgongen jier.
Jiërren rôlje as weagen hinne,
Minsken falle as blêdden ôf;
Al ho great en sterk wy binne,
Ienris bringt min ús to hôf.
Den scil wer de bombam bromme,
Döf en droanend, lûd en near:
‘Allegeärre matt' jimm' komme,
Allegeärre op 't hôf to gear!’
Mar de toer, dy wiist nei böppe,
Nei in lân fen îwich grien,
Ho de bombam hjir mei röppe,
Dêr is romte, for elk ien.
Lit den tiid de toer tostompeGa naar voetnoot(3),
StjitteGa naar voetnoot(4) hûs en tsjerke yn grûs,
Spatte ús ierde yn thûzen klompen,
Wy ha boppe in better thús.
Dêrom lit de bombam beare,
Bromme oer 't gea: ‘it jier is oer,’
En wy fen de bombam leare,
Koärt is 't libben hjir fen dûr.
J. Klaasesz.
|
|