Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijForgonklikheid.
| |
[pagina 152]
| |
Me mient, dat er net ien forweechtGa naar voetnoot(1), en dôch
Giet alles fiërder, alles komt en giet.
Ja, 't is net oars, - ei, sjuch my mar ris oan!
Dou bist yet jong; - nou, dat hab ik ek wêst;
It wirdt nou oars mei my, de jeldGa naar voetnoot(2) dy komt,
En oeral hwêr ik gong, oer finneGa naar voetnoot(3) ef greide ef bou,
Oer marGa naar voetnoot(4) ef wiel, nei Ljouwert ef nei hûs,
't Is like folle, - ik gong nei tsjerkhôf ta. -
Nou, gryn mar net! - en bistou iens as ik,
Bistou in man, den bin ik hjir net mear;
It skiep en 't laem dy hippelje oer myn grêf. -
Sa wier, - en 't hûs dat wirdt den âld en swak,
't Forwettert, rottet fen de rein by nacht,
En 't droeget út troch sinneskyn by dei;
It wjirmteGa naar voetnoot(5) kloppet sêft yn spant en sketGa naar voetnoot(6),
It lykt throch thek en souder, en de wyn
Gûlt throch de skreven. Dou slútste ek it each;
Den komme bernsbern, laepje 't hûs hwet op;
Mar einling is it founemint forgien,
It helpt net mear, en as me allinken wei
Twa-tûzen skriuwt, leit alles throch enoär!
Ja, 't hiele doärp leit mûlik wol yn 't grêf.
Hwêr nou de tsjerke stiet en grjitmans slot
Giet mei der tiid de plôech.
Boi.
Ei, hwet jy sizz'!
Heit.
Ja, 't is net oars, al sjuchst my noch sa oan. -
Is Ljouwert net in moaije, skiene stêd?
Mei huzen, mannich, mannich tsjerke is net
Sa great, en tsjerken, mannich, mannich doärp
Het sa foll' huzen net, en hwet in fölk
En rykdom huzet dêr; - doch - mannich hear
En mannich fen myn kindeGa naar voetnoot(7) leit al lang
Dêr op 't bibeamde hôf yn d' ierde en slept;
't Is 't selde, boi! Der komt eris in tiid
En Ljouwert sinkt yn 't grêf, en hjir en dêr
Stiet mar in inkeld mûrwirk-brok oerein;
In âld stik toer, in gevelstik; den waext
It gêrs en moas der oer, en ûle en krie
Dy nestelje der yn - en trurich is 't!
En binne der den yette minsken oer,
Allike dom in gik as hjûd de dei,
| |
[pagina 153]
| |
Den spôeket it er ek, den is 't net plús,
In swarte houn licht - Hwêrom stjitst my oan?
Boi.
Stil, heiteljeaf, ontGa naar voetnoot(1) w' oer dat tiltsjeGa naar voetnoot(2) dêr,
Dêr hinne binne en den dat lân foärby.
Dêr spôeket it, dêr rint in foale rounGa naar voetnoot(3);
Dêr 'n wite jiffer. - Hark, de brune snueft!
Heit.
Ei kom, hy 's truzich, wês dôch net sa dom!
Foärt Brune en Blês! - en lit de deaden gean.
Hja dwaen net mear. - Mar hwet hie 'k ek wer sein?
O ja! fen Ljouwert, en as dat den ûndergyng. -
En giet den yn dy tiid in reisber man
It pún fen fierens soms eris foärby,
Den sjucht er 't, as nin miste-wrineGa naar voetnoot(4) 't let,
En sprekt syn maet, dy mei him reisget, ta:
‘Sjuch, dêr het Ljouwert stien, dêr d'Aldehou!’
Boi.
Né heit, dat mien jy net, - dat ken sa net.
Heit.
Ja, 't is net oars, al sjuchst er frjemd fen op
En mei der tiid forbarnt de hele wrâld.
Den giet in wacht om yn de neare nacht,
In frjemde man, me wyt net hwa 't er is.
Hy fonkelt as in stjir en röpt: ‘Weitse op,
Weitse op, de dage komt!’ - De loft wirdt read
En bloedread, en de thonger beartGa naar voetnoot(5) oeral.
Earst yn 'e fiërte, den droant er rounom;
Den skoddet d' ierde, wylst it mûrwirk brekt;
De toeren wiigjeGa naar voetnoot(6), klokken bromme lûd,
Hja liede fen hjar selm de bidtiid oan,
En alles bidt, - en sjuch, de dage komt!
O, helpe ús God! dêr hôeft nin sinne by;
De loft yn fjûr en d' ierde yn laeije lôg'....
O folle bart er yet, dat 'k nou net wyt -
En 't fjûr fret foärt, en 't barnt oeral,
Hwêr groun mar is, en nimmen dwestGa naar voetnoot(7). It dôv't
Fen selm wer út. - Ho, thinkstou, is it den?
Boi.
O, heite, siz net mear! - Ho giet it dôch
De ljuwe den, as all' en alles barnt?
Heit.
De lju dy binn' er n't mear as 't barnt; se binn' -
| |
[pagina 154]
| |
Hwêr binn se? - - Bern, wês jimmer from en froed,
Hwêrstou ek bist, en hâld dyn siele frij!
Sjuch, ho de loft fen skiene stjirren blinkt!
Nou - think, dat eltse stjir dat is in doärp,
En yett' foll' fiërder is in moaije stêd.
Me kinn' se hjir net sjean; mar hâldst' dy from,
Den komstou op sa 'n stjir en dêr is 't gôed!
Den fynst, wol God it, ek dyn heit dêr wer,
Dyn mem en sister. Reisgeste soms den
De wynstreekGa naar voetnoot(1) lâns dêr jinder nei de stêd
En sjuchst ris efkes yette dol, - hwet sjuchst? -
De âlde stins! - en d' ierde is swart en thoär;
't Is alles swart forbarnd, nin mar, nin feart,
Dy wetter het. It is forlitten, deadsk
En stil, sa fier it each mar rikt, - dat sjuchst
En seist dyn maet, dy by dy is: ‘Sjea dêr!
Dat het ús ierde wêst, en dat ús lân,
Dat swarte steed wier Fryslân; - midden yn
Laei Ljouwert, - 'n ein der fen hie 'k iens myn went,
En ploeije en eidsje en rispjeGa naar voetnoot(2) wier myn dwaen,
En 'k boärte as bern, as feint, op 't lêst as man;
Doch better is it hjir!’
Foärt Brune en Blês!
Frij nei 't Allemannisk fen J.P. Hebel.
T.R. Dykstra.
|
|