Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijIn hjerstjoun.Hark, ho 't op 'e skoärstien boldert,
Ho 't yn hûs om gûlt en beart,
Ho it bûten skûrt en twiërret,
Krekt as 't ûnderst' boppe keart!
't Lampke barnt sa slûch en sparkjendGa naar voetnoot(3),
't Houtfjûr fonket, spat rounom,
Alles, hwet ús nocht koe hiermje,
Is fen kant, - 't is katsje rom.
Kom myn ljeave, sit nou nêst my,
Wacht! - ik lûkGa naar voetnoot(4) dyn stôel hwet oan.
Wolst 't net habbe? Fij! bist noärtichGa naar voetnoot(5)!
Siz, ho is 't, ha 'k 't wer fordoarnGa naar voetnoot(6)?
Né! dou lakest wyt en frjeunlik,
O! hwet pleagest my nou wer,
Wacht! ik scil dy, - hou! - dy spjeldenGa naar voetnoot(7)!
Dealisk arkGa naar voetnoot(8)! - dat stekt my dêr!....
Nou wol 'k dûbeld patsjesGa naar voetnoot(9) habbe.
Wolstejaen? - Né? - wolste net? -
Ja! ik thocht wol, scoest wol keap jaen,
'k Wyt wol, det nin jinsin 't det.
Mast myn fingers stikken knipe?
Né! Hjir! Lûk dyn hân net wei,
Toe, ei jaen hjar my weromme:
't Wier nin mienen, dat 'k dêr sei.
| |
[pagina 155]
| |
Jouw my den dêrfor in tútsje,
Witst wol dat it my sa lêst.
Toe den, jouw my ien fen beiden,
'k Lit dy oars nin eachwink rêst.
Ja, biskûlje mar dyn mûltsje,
Hâld dyn hân mar stiif er foar,
Thige scil 'k dy strak bitelje,
Ald en nij krijst mei enoar. -
Lynst dyn höltsje jin myn skouder,
Sjuchst my oan, en - lakest m'út? -
Kenst den noait it pleagjen lite?
Siz dôch hwet dat nou bitsjut.
Ja, ik mei wol freegje en gnoärje,
Makkest jimmer rjucht fen brykGa naar voetnoot(1),
Leist dyn earem om my hinne,
Tutest my en 't skeel is lyk.
Ho scoe 'k den ek noärtich wêze?
Sjuch ik soms ek noch sa sûr,
Pleagest my ek noch sa folle,
Tutest my den is 't wer oer.
Jouw den patkes, ljeave swiete,
Jouw den tútsjes by de rûs,
Lit de nacht, ja lit de dage ús
MûlkjendGa naar voetnoot(2) fine yn minnesùs. -
'k Wist, dou koest it dôch net útstean;
Bist wer dalik blier en myld,
Trjuwst dyn mûltsjen oan myn lippen,
Tútest wer allyk in wyld.
Willich yn myn eärmen glierend,
Rêst dyn höltsje jin my oan,
Hâldst my thicht en fêst omfette,
Glimkest blij, as d'iere moarn.
Hark ris, ho 't dêr bûten boldert!
Hark ris, ho 't dêr floitsjend sûz't,
Ho 't yn iik en popelbeämmen
Om de skûrre hinne rûz't.
Mar al bylje bûten stoärmen,
Gûlt de wyn om hûs en hear,
Is ek alles om ús hinne
Grimich, wyld en freeslik near;
Eft ek blixemflitsen scjitte,
Lâns it tsjûke wolk'ne swart,
Hiel de wrâld fen ûnrêst skoddet,
Stille rêst is yn ús hert.
Tutel, as wy by 'noär binne,
As myn earem dy omfet't,
Ast' my swiete tútsjes jouste,
Wylstou rêstest oan myn hert,
Alles hwet den om ús hinne is,
As in wolkeskaed forfljocht,
En den sizze w'alle beide:
‘Minne is mear as ierdske nochtGa naar voetnoot(3)!’
Lit den blixemflitsen scjitte,
Throch it djippe wolk'ne swart,
Hiel de wrâld fen ûnrêst skodsje,
Ljeafde jout ús rêst yn 't hert.
T.R. Dykstra.
|
|