Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijYn 't noarden.Ho stôer en ho prûsGa naar voetnoot(2) draecht de palmbeam syn krún,
De leavenGa naar voetnoot(3) sa grien op de stamme sa brún;
Ho geurich is 't blomte; - hiel 't lân is in tún
Yn it Easten.
De heldere himel, ho blau is syn klaed,
Ho myld is de loft en ho nöflik it skaed,
Laurier en oranje om it rotsige paed
Yn it Suden.
Dêr boärtsje de weagen, as hien' se nin krêft,
Dêr waeije de wyntsjes as side sa sêft,
'n It minske, hwa jinder syn libbenslot treft,
Libbet löklik.
Doch 't Noarden! De löft is der mistich en swier,
En seldsom mar laket de himel er blier,
En winters ha blomkes noch gêrskes er tier,
Hwa scoe 't haegjeGa naar voetnoot(4)?
| |
[pagina 151]
| |
En lykwol it noarderlân rösseGa naar voetnoot(1) wy net
For Easten ef Suden, hwet skiens it ek het
En rykdom en lok, en ho heech me 't ek set
Boppe 't Noarden.
Al bloeit er nin blomte fen 't Yndiske lân,
Oranje ef laurier fen Italiëns strân,
Dôch spraet de natûr wol mei ryklike hân
Hjir hjar seineGa naar voetnoot(2).
En hwêrsa wy trêdde op 'e âldfryske groun,
Elk sté sjucht ús oan, hwêr wy skôgje yn it roun,
En nearne hwêr eft me it better yet foun,
As yn 't Noarden.
En dêrum, ken 't oars, o den rösse wy net,
For Easten ef Suden, hwet skiens it ek het
En rykdom en lök. - En, ho heech me 't ek set, -
Fryslân boppe!
T.R. Dykstra.
|
|