Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijJut mei 't oärgel.'k Sjong fen Jut, ús âlde stalkeGa naar voetnoot(3);
Jut mei 't oärgel is myn sang.
Och, hwet het dy man wol swalke
Yn dit Fryslân tîden lang.
Jut koe rime, Jut koe sjonge;
Jut koe spylje dei oan dei;
Jut brocht nijs for âlde en jonge
Elke reis troch Fryslân mei.
Ja, ik siz it mannich kear:
Ien as Jut wier fynt me n't mear.
Jut dy song fen âlde dagen,
Fen de tiid foär tûzen jier;
Hwet for lok of hwet for pleagen,
Aldfaers lot in Fryslân wier.
Ho dy âlden for hjar rjuchten,
Kaem de fyand hjar oer 't mat,
Kampten, strieden, dapper fochten,
Ut in hechte stins of slot.
Jut sei dêrby elke kear:
‘Ja, do stiene se op hjar ear.’
Jut song fen dy stoere helden,
Dy, forboun fen hert en sin,
Gòed noch blôed noch libben telden,
Wier mar 't heilich grêf gewin.
Ho Jerus'lems âlde wallen
Seagen, dat de Muzelman
Mannich eale Fries die fallen,
Nei de lear fen al-koran. -
En den sei er elke kear:
‘Ja, do stiene se op hjar ear.’
Ek fen Radboud mei syn rieden,
Dy in baes oer Fryslân wier.
Ek fen de echte heldendieden
Fen Tsjerk Hiddes, greate Pier.
Jut dy koe dy allegeärre
Yn hjar greatme; ja, hy sei:
‘Moästen al dy mannen stjerre,
Dêrom stoar hjar rom net mei;
En men fynt nou, hjir of dêr,
Sokke helden lang net wer.
Mar song Jut fen âlde grîzen,
O, hy wist wol hwêr 't er stie.
Hy koe ek wol oare wîzen,
Al nei dat er hearders hie.
For de bern: fen 't âlde minske,
Dat in houten duitsje foun,
En dêr for in baerchje winske,
Dat hja oan in toutsje boun;
Mar dy baerch dy woe net gean,
Al gyng se op 'e hölle ek stean.
‘Houn! wostou myn baerchje driuwe?’
Sei it sloof, mar dat wier mis. -
Dôch ik scil net fiërder skriuwe;
Elk fen jimmen ken it wis.
O, dat koe de berntsjes haegje,
En hja fregen mem: ‘Hwennear
Scoe wer de âlde Jut opdaegje?’ -
Kaem er wer ris for in kear,
O, den roanen se op 'e wei
Wit ho fier him efternei.
| |
[pagina 150]
| |
Mar song Jut for jonge fammen,
Den hie 'r wer in oare toan;
Lietsjes faek mei freämde nammen
Hefte er op hjar winskjen oan.
Fen it ûnk der frijerije;
Fen in faem dy boaskje woe,
En al woe de faer 't net lije,
Ho 't jong pear it rêdde koe.
Den sei Jut: ‘Dy fjûrich mint
Wint de striid, ho mâl 't ek rint.’
Sa koe Jut oan alle minsken
Mei syn sjongen wille jaen;
Wist er ho de ljouwe 't winsken,
Den koe hy hjar ek foldwaen.
Liet er mar syn oärgel hearre,
Den roan 't fölkjen om him gear,
En den krigen se allegeärre
Hjar biskie fen de âlde hear.
Jut dy wist wol hwet er die,
Jut dy wist wol hwêr 't er stie.
'k Tink yet faek om de âlde sjonger,
Dy fen elk forgetten stoarGa naar voetnoot(1).
Faken litte er kjeld en honger
Yn de winter, kâld en goar.
Yn syn jonge flugge dagen
Hie 'r for 't lân syn bêst ek dien;
Lykwol stoar er onbiklage,
Nimmen liet om Jut in trien.
Mar ek nimmen wier 'r dy sei:
‘Jut nimt hwet fen mines mei.’
T.G. v.d.. Meulen.
|
|