Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijBycht fen tryntsje skroarGa naar voetnoot(2).Ik bin sa 'k bin. Ik tel nou tweintich jier.
Ik hab it drök. Ik bin altyd bithinge.
'k Fortsjínje daeg'liks wei in skoan deihier;
Ik ken it wyks al oer de daelder bringe;
De kost, dy ha 'k den yetteGa naar voetnoot(3) ek boppedien;
Húslêsten, dat 's fen selm, dy ma-k bitelje,
Tsien stûren wyks; mar sjuch! dat ken 'k mei ien
Ek by de lju wer mei de nidle helje.
Der giet neat ôf; it giet my bare skoan;
'k Bin klôek en deun, en krij hwet om en oan.
| |
[pagina 145]
| |
Al siz 'k it sels, - ik bin in klôeke skroar;
Doch klaei my moai. Me seit ik pronkje thige.
Mar 'k steur my net oan praetsjes fen in oar,
'k Hab lêsten ek in goud'n earîzer krige.
'k Hab âlv'...toalf...threttjin pakjes, bûten 't swart
For 't Nachtmiel - en for 't boaskjenGa naar voetnoot(1) scoe 'k wol hoopje.
Nou krij ik yet twa skerlkenGa naar voetnoot(2) mei in skoärt;
Mar sjuch, den ma-'k myn merinossen sloopje,
Dat 's skien oan ein, dat giet fen ien as brea,
En 't âlde gûd to lapjen is mar skea.
Ik klaei my kreas, al siz 'k it sels. Ik wit
Dat Tjipk en Lutsk, al mei 't hjar better barreGa naar voetnoot(3),
It gûd net heal sa kreas as mines sit,
En mannichien, dêr doar ik wol op swarre,
Dy winske wol to wêzen yn myn plak.
Doch wisten se ek, ho sûr as me 't fortsjinne,
En ho me 't sims al ûnder oärmansGa naar voetnoot(4) dak
Yn oärder fynt, nin ien scoe 't skroärjen minne,
Ik wit wol klear, as ik mar boaskje koe,
Nin ien dy my as skroar mear brûke scoe.
Dat leauw' jimm' net? - - Nou harkje den ris oan.
It is nou SnjeunGa naar voetnoot(5), ik liz nou 't naeijen hinne,
En moarn is 't SneinGa naar voetnoot(6), mar den ma-k oeremoarn
Foar saunen earst in lyts heälûre rmne,
't Is waer of net, went Mandeis bin 'k for fêst,
Dat ha se sa foär 'n pear jier al bithinge,
By Ulke en Lys, dy greatste boer yn 't West,
En dêr ma-k hast throch 't âlde en 't nije kringe.
De flier net fage, en fol leit elke stoel;
Jimm' masten sjean ho 'n rare mandeisboel.
Dêr sit ik den, de frou leit meast op bêd,
Dy het it den sa dealisk yn 'e holle - - - -
Ik tel 't nin bean: hja yt hjar jouns to sêd.
De bern, dy dogge krekt dêr sa se wolle;
De faem, dy skrept dêr mei de tsjerne en sa.
Mar einling komt de frou dôch ôfGa naar voetnoot(7) de wrineGa naar voetnoot(8);
Den smyt se my in stikken boärstrôk ta,
Of het de baes syn brôek barnd foär 'e skine,
Of oars hwet; - nou dat giet dêr 't ien nei 't oar',
Ho âld en smoärch, it mat mar by de skroar,
| |
[pagina 146]
| |
Den kleije en klieme dat it spil sa litGa naar voetnoot(1),
It gûd is lang sa gôed net as foärhinne,
De boer, dy mijtGa naar voetnoot(2) him neat, en as er it,
Den lit er 't fet fen 't kin op 't fesje rinne,
Den mat dat daelk wer keard, en yet ris keard,
Den is 't in throchgeand plak, it wirde lijers,
Den helpt er ek nin boärstelfervjen mear.
Sa klinkt dêr deis it kleiliet fen Jermyas,
En as se my den jouns it fyfke jout,
Is 't of sök dwaen hjar wit hwetGa naar voetnoot(3) ûnheil brout.
Nou, Tiisdeis bin 'k altyd by frou Calvyn,
Dat minske is from en praet oer gôede dingen,
En giet de toetGa naar voetnoot(4), den krijt se hast nin ein,
Hja skrept om my ta 't wiere ljocht to bringen.
‘De sûnde is great,’ sa seit se den, ‘me ken
In tjinstfaem fen in frou net ûnderskiede;
Doch wea! me scil iens rare dingen sjen,
As alles ûnderst boppe rint op ierde;
Wea! as de Harder, nei de Waarheid leart,
De bokken ienkear fen de skiëppen keart.’
Ik jouw hjar lyk fen selm, dat is myn saek;
Mar 'k leau de skôech is meast for my al makke,
Hwent giet se er út, den seit hjar soan al faek:
‘Siz, Tryn, het dy de bokking lekker smakke?’
‘Nè!’ siz ik den, ‘hy wier my fierst to thoär,
Ik ken dy drôege fisk net bêst fortarre.’
‘Kom,’ seit er den, ‘it giet nou bûten hjar,
Lit ik him den mei bûter yet hwet smarre;
Ik bin, as mem, ek lang nin Remonstrant,
Ik patsje in faem nei d' orthodoxe trant.’
Den lizze w' oan, sims midden op 'e dei.
Mar lêsten moäst ik aller-evelst laitsjeGa naar voetnoot(5):
Wy wisten, dat de frou to harkjen lei,
Do sei er: ‘Set dy knoop gau oan myn baitsjeGa naar voetnoot(6)!’
Mar do de frou my dêrmei beuzich foun,
Do suchte se, it wier jimme in mirakel.
As 't sa moäst, sei se, krige 'k nin hjeljoun,
't Wier better, dat ik Smitegeld of Brakel,
Yn pleats fen mei hjar soan to boärtsjen, lies.
Hy stompte m' oan, hwent o! it is sa 'n biis.
| |
[pagina 147]
| |
Gean 'k jouns nei hûs, den stiet er op 'e hoek,
Den seit er: ‘Tryn! ik scil dy 'n eintsje bringe.’
Dat giet den oan, den frije wy to mûk,
In ûre oan ien, by Haeije-Flappe wringeGa naar voetnoot(1).
Doch - hwet sizz' jimm'? 'k Siz, miende er 't my oprjucht,
Den scoed er 't oan syn mem mar iepen lizze;
Ik fôege my den graech nei 't âlde ljucht,
Hja moäst hjar geastlik ynsjean my mar sizze,
Ik waerd om him graech heidensk of minnist,
Ik patteGa naar voetnoot(2) 'm yette, al wîer 't ek d' Antikrist.
Doch Tiisdeis is myn bêste dei altyd,
Went Wensdeis bin ik sa hwet hjir en dêrre,
It is boekweiten groat al hwêr 'k den yt,
Mei spek en sjerp; dat, think ik, scil sa heärre.
Den klaget my dy kreaze smid syn wiif,
Hjar jak is fiërst to wiid fen boppen wirden;
En kûpers Hylk, hjar lyfke sit to stiif;
En Japke ròk, dêr is 't hast net to hirden.
Mar 'k steur my oan nin praetsjes, 't ien noch 't oar,
Elk seit op 't lêst: Tryn is in bêste skroar!
En Thoärnsdeis, ja! den ha 'k in bult plezier,
Den wird ik moärns biliid mei 't boatsje helle,
Den ha 'k it hast as bern to hûs, dat 's wier,
Dêr efterôf by Pìbe Gjalts en Melle,
Twa âlde stâlkes, dy mei feint en faem
Stil swietkes boërkje; en sjuch! dêr ma-k den bliuwe
Ont Freed to jounGa naar voetnoot(3); den wirdt wer 't boatsje naem,
En lit me my nei 't fêste lân wer driuwe,
En 'k jouw de feint - hy wol sa graech ien ha -
Den for dy moëite ek mar in patsje of twa.
En Snjeuns, den bin 'k yn 't wirkhûs altyd fêst,
Dêr mat ik de earme famkes naeijen leare;
Doch leau my frij, dêr ha 'k it net fen 't bêst,
Dy flardenGa naar voetnoot(4) wolle altyd nei my net heare,
Den is 't om sljucht to wirden; mar ik döch
Myn bêst dêr dôch; it fljucht er sa hwet hinne,
Doch as men op yens wirk nin segen sjucht,
Den scoe me graech, ik wit hwer sa net, rinne;
Dêrom, ik siz, as ik mar boaskje koe,
Nin ien, dy my as skroar mear brûke scoe.
| |
[pagina 148]
| |
Nou leauw' jimm' 't wol, dat ken 'k wol oan jimm' sjean.
Mocht nou Calvine soan mar hingjen bliuwe;
Me wit net, ho 't in stûrke rôlje ken,
Doch ho 't ek rint, ik scil 't jimme altyd skriuwe.
Dit winskje 'k, dat myn lot net wêze mei
To priuwenGa naar voetnoot(1) ho deis oärmans rapen smeitsje,
'k Wol ljeäver egen hûs, en dei oan dei
For egen man en bern de spillen meitsje.
O! as dy frou Calvine soan mar woe - - -
Nin ien, dy my as skroar mear brûke scoe.
T.G. v.d.. Meulen.
|
|