Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijDe deadsfijnenGa naar voetnoot(2).Ga naar voetnoot†)Yn it jier 412, yn 't bigin fen de biggeltiidGa naar voetnoot(3), op in thoärnsdeiGa naar voetnoot(4) foarmiddei, kamen, twiske Medemblik en Starum, hwêr jinwirdich neat as bare sé is, mar alear folle biboude groun laei, in pear twielingsbroërren, Egge en Barre, to wrâld. For sökke, dy er nijsgjirrich nei binne, scoe 'k jerne pleats, tiid en ûre, hwêrop dit foärfal barde, neijer opjaen, en al, hwet der by seid en dien waerd, fen sikkepitsje ta sikkepitsje opdisse; mar foärearst, lyk as jimme licht bigripe, het it foär myn tiden wêzen, en mast ik it dos allegeärre fen in oar habbe; nou koe 'k, to twaden, de rjuchte oardeGa naar voetnoot(5) by nimmen net liker wys wirde; to trêdden wieren de minsken destiids yette to dom yn 't almanakjen om de datum altyd sa krekt merkbite to kennen; to fjirden hieden se yette nin klokken, en wisten dos ek net op 'e minút òf ho let it wier; to fyften het it licht wol in dizige loft wêzen, do de bern helle waerdenGa naar voetnoot(6), en koe me sa dwaende de tiid net lyk op 'e kop ôf skoaije; to sexten stiet yn 'e boeken oars neat nin sûnders fen 't gefal biskreaun, en to saunden hôeft nimmen it ek net neijer to witen. Dit mat ik er allinne noch fen sizze: hieden er yn dy tiid kranten wêzen, en hie de bern hjar heit dêr yn sette litten, dat syn wiif fen twa wolskepene jonges bifallen wier, den scoed er de wrâld to foaren floudGa naar voetnoot(7) habbe, hwent se wieren beide danige rounrêgich en dûbelskouderichGa naar voetnoot(8). Dit brek lykwol net mei rekkene, wieren it bazen fen berntsjes, sa fet as modder, en elkoar lyk as in drip wetter. Yn it selde jier 412, in wike saun, acht letter, waerd Jalke berne, in jonge mei sökke ferme, flinke lea, as wier er út 'e dyk döldGa naar voetnoot(9) wirden, sa lyk as ik er efter komme kennen hab, net fier fen Esonstêd, in pleats, dy eren jinoer Skiermontsj'each oan 'e Louwers laei, en hwêrfen Esumbûrren yette in oerbliûwsel wêze scil. | |
[pagina 140]
| |
Nou matte jimme wite, dat er mei al disse thrije jonges, foär dat se nin goede tweintich jier âld wirden wieren, neat net foärfoel, dat oars wier as oars. Egge en Barge wieren yn dy tiid erch forwoexenGa naar voetnoot(1), rounen altyd allyk klaeid, en liken elkoär sa op in hier, dat hjar âlders se faek sels net út enoär koeden. Se pieldenGa naar voetnoot(2), do se hwet manskerGa naar voetnoot(3) waerden, mei fiskjen ef in bytsje lânwirk, al nei dat de tiid sei, en foel er oars ris hwet to fortsjinjen, den namen se dat mei, en Jalke, dy ûnderwiles thige út 'e kluten sketten wier, hie 't timmerjen leard. Yn it jier 433 liet Richold Offo, dy brawe kening fen ús lân yn dy deagen, dy bûten dat ek sa mennich oare fryske oarde, om 't hy 't graech kreep en eptich sjean mochte, mei gnap timmerte opgniste, in eintsje binoarden Starum, yn it bosk Fljúso, dat letter, yn 't bigin fen de 13e ieu, yn in oerdedich hjitte simmer forbarnd, en sa dwaende yn in mar, dat nou yette de Fljussen hjit, foroare is, in skien paleis sette. De baes, dêr Jalke by arbeide, hie dat wirk oannimmen, en sa rekke Jalke dêr hinne to timmerjen. Nou trof it ek krekt, dat Egge en Barre op dat pas nin great bulte to dwaen hieden, en Barre woe dêrom sjean, as er for him net hwet mei opperjen to fortsjinjen fôel, wyl 't Egge den sa lang hjar eineGa naar voetnoot(4) wirk bistjûre koe. - Dat slagge, en mei gauwens rekke me mei 't paleis to setGa naar voetnoot(5). Timmerfeinten, dêr rinne in bopen bizenGa naar voetnoot(6) ûnder; dat wier yn dy tiden ek al sa, en ien fen de slimste wier Jalke. Barre moäst om syn kromme lea fen 't fölk, dat oan it paleis arbeide, in bulte útstean; mar Jalke koe him net sjean, as it gyng op in narjen en in trotsjenGa naar voetnoot(7), dat dy stakker faken net wiste hwêr er wine scoe; hwent hy wier net fûl, en as me him to folle op 'e hûd siet, waerd him throchstringsGa naar voetnoot(8) 't môed gau fol. Mar it gyng Barre lyk as it folle gôede ljue giet, as it oer de hege skoën bigint to rinnen; hy krige einlings sa danich it mâl fel oan, dat er swarde, hy scoe Jalke yette ris ûngemirken in wanGa naar voetnoot(9) jaen, dat hy der nin kik fen neifortelle scoe. Koärts dêrop barde 't dat Jalke yn in herne fen 't just opteineGa naar voetnoot(10) mûrwirk, dêr oars nin ien hwet to meitsen hie, lykm' allinne mei hwet nifel wirk to set wier. Dêr seach Barre him peuzeljen, en dalik thocht er, dat er nou syn tiid net forsomje moäste. Krekt as er nearne nin erch yn hie, naem er in sjouGa naar voetnoot(11) stien, tôge se om hegen, en liet se, by ûngelok sa 't hjitte, krekt boppe Jalke truzelje, dy se allegeärre op 'e kop krige. De feint siigde der hinne, spinfoëtte in bytsje, en bleau dêrop deadstil lizzen. Mei in rep wier Barre dêrop wer ûnder, gyng yn stiltme nei Jalke, klaude him hwet ùnder de stiënnen wei, en smiet in tarreGa naar voetnoot(12) klaed, dat oprôlle jin 'e mûrre oanstoe, oer him hinne. ‘Sjea sa! nou scille dy de breakrommels net mear stekke, heite!’ sei er yn him selm, do 't er dat forrjuchte hie, ‘ik scil dy joun wol in bytsje better út 'e wei moffelje, en den kraeit er nin hoänne nei, hwent der is nin minske dy it sjoen het.’ - Dit lêste hie Barre nou gelyk oan; nimmen hie der hwet fen mirken; mar dea wier | |
[pagina 141]
| |
Jalke net. Hy wier allinne mar yn 'e swime fallen. Nei der in toärn leid to habben, wylst Barre op in oar sté de hannen thige fol hie, kaem er wer by. De lea dieden him ûnwitende sear, en earst spande 't dat er syn sinnen wer by enoär krije koe. Mar do er him hwet bidarre hie, en 't i's yn 'e hölle ommeale liet, ho 't it allegeärre yn syn wirken gien wier, skeat it him to binnen, dat er Barre mei in dracht stien nei boppen klanterjen sjoen hie, en nou koe 't net misse: dy hie him deije wollen. ‘Dat fordomde poärre,’ sei er, ‘dy brike hispel dêr 't is. Wacht! dêr scil er for bliede.’ - Jalke wier nin man dy it by 't sizzen liet; hy kôegele nei bûten, om Barre op to siikjen, en 't skom en brûs stoe him fen mâllensGa naar voetnoot(1) wol in hanbreed op 'e mûle. Dêr komt krekt Egge, Barre syn broer, him yn 'e miëtteGa naar voetnoot(2), dy efkes oan 't paleis kaem, om ris to sjean, ho 't dêr gyng. Koe immen mei bidaerde sinnen de beide broërren net út enoär, Jalke koe dat nou to minsten net. As in wyld fleach er op Egge ta. ‘Biste dêr, falske skarlún?’ rôp er, thochtste my dêr sa mar stil nei d' iwichheid to stjûren? Maet, dêr scitte in aei for drinke, dat swar ik dy! Ik scil dy op e hûd sitte!’ - Egge, dy fen God nin kwea wiste, seach him yn alle ûnnoazelheid oan, en sei nin wird. Nammers toGa naar voetnoot(3) nidiger waerd Jalke. ‘Ik scil dy ribsekjeGa naar voetnoot(4)!’ gûlde er, en naem in tsjokselGa naar voetnoot(5), dat krekt for syn foëtten laei, op, fleach der mei op Egge yn, en kleau him de kop mids throch. Nou earst kaem Jalke hwet ta him selm. ‘Dy blits!’ thocht er, ‘as se my hjir ris sjugge; den scil 't op myn lân waeije!’ - Mar lokkich for him, der wier nin ien op 'e lappen; hwent it wier sköfttiid, en al it oare folts siet yn in greate tinte, dy se op it oare ein opslein hieden, by enoar to iten, en wier thige roerich. Jalke, sa gau as er dêrfen oertsjûge wier, naem it deade lyk fen Egge, en bistoppe 't ûnder in sânbulte, dêr in trêdmennichGa naar voetnoot(6) fen dinne. ‘Dy het syn tulenGa naar voetnoot(7) hjir úttule,’ thocht er, ‘to nacht scil ik him better bisoärgje, en den bin 'k er ôf.’ Nou like 't him bêst ta, om nin skalk each to jaenGa naar voetnoot(8), om mar wer stil oan syn wirk to gean, om 't er dôch yette nin sin oan iten hie. Hy socht den de herne wer op, dêr er de stien fen Barre foär in toärn op 'e kop krige hie, en teach dêr wer freedsum oan 't arbeidsjen. 't Oare fölts kaem al njunkelytsen ek wer op in baen, en Barre moäst opperje by in pear strjitfloërrers oan 'e bûtenside fen 't paleis. De beide deadsfijnen kamen elkoär sa dwaende net to sjean. De jouns, do 't tiid fen ophâlden wier, roun Jalke dalik noch net út syn iënlik herntsje wei, mar gyng op 'e stiënnen sitten to mimerjen, hwêr 't er nou mei Barre hinne scoe; hwent better wist er net, as dy hied er dea slein. Barre wachte wiles ôf, dat it fölk sa hwet út 'e wei en yn 'e tinte wier, om 't lyk fen Jalke en gôede pleats to biskikken. Einlings wieren se beide ré en biret. Elk foär oar sette 't measte skonk om by syn deabruide fijân to kommen, en krekt yn in doarskozyn rinne se jin elkoar oan, dat se werom stuitsje. Beide seagen se like forheard. ‘Dea?’ sei | |
[pagina 142]
| |
Barre, ‘en yen den noch jin 't liif oanfleane, dat me 't pas op skonken hâlde ken? Sa ken 'k it net oan!’ - Jalke fen desgeliken: ‘Dou skynst er nocht oan to habben,’ sei er, ‘dea ef net dea, dêr joustou net om.’ - Mar beide wieren se skruten for elkoar, en sûnder mear to praten drôpen se ôf, elk in wei út. Hwet hjam allegeärre wol yn 'e hölle omgyng, scoe net licht to biskriuwen wêze. Jalke krige ringen wer hwet môed, en op in nij kaem d' âlde wrok by him boppe. ‘Hie 'k fen myn libben thinke kinnen,’ sei er yn him selm, ‘dat my dat pyst as in mird sa taei wêze scoe. Ik hab him in trewinkel jown, dat de kop him oan twa stikken oer syn dûbelde skouders hinne hinge, en yette wol er him net doljaenGa naar voetnoot(1). Mar ik scil him wol lyts krije; dêr ken er steat op meitse. Dit ha 'k wol foär 't forstân, ik mat op myn iepenst wêze; hwent as hy my nou yette neppeGa naar voetnoot(2) koe, dêr scoed er by wêze as de kipen. Ik gong alteast to nacht net lizzen: myn sliëpsté stiët sa iënlik, hy koe my dêr bêst ris yn 'e sliep oer 't mat komme, en nimme my mei nei it deadsryk. Den joech ik my ljeäver noch yn 't spoenhôkGa naar voetnoot(3) dol. Hy! - der scjit my hwet yn 't sin; - 't is gôed dat 'k dêrom think: fen 't spoenhôk spritsen - wy habbe ommers jister in nochteren keal koft fen Geale-boer, en dat habbe wy yn 'e spoenen smiten, om 't mei in deimennich to slachtsjen en mei enoar op to plúzjen. Dat keal liz ik op myn bêd ûnder de thekkens; as en den mient, dat er my op 't leger fynt, den ken er syn wrake dêr op útôefenje, en ik gean op 'e loer lizzen, om him yn 't net to krijen. Ja! dat scil wêze.’ Dalik fierde Jalke syn bislút út. Do 't forrjuchte wier, gyng er wer nei bûten, om yet hwet om to stappen, en al fen 't iene sté nei 't oare peasgjendeGa naar voetnoot(4), en al drôgjende, kaem er op it lêst wer by de sânbulte to lânne. ‘Hjir hie 'k er him oars sa kûsGa naar voetnoot(5) ûnder stoppe,’ sei er, en threau de hân, sûnder der sels hast om to thinken, yn it mulle sân op. Dêr taeste er op in skonk fen Egge. ‘Hwet pokken!’ sei er, en hy skûrde Egge mei in rep út 'e sânbulte, ‘nou sit er der wer yn. - Dou bist in slimmen hont, feint! Nou scoest dy wakker njût en dimmenGa naar voetnoot(6) hâlde, en beare dat dy de skiëpkes ûntdreaun binne, en my sa yn 'e sliep widsje. Den koest' my strak i's thige to fiter habbeGa naar voetnoot(7). Mar mis is 't, Barre-mantsje! Ik scil dy knevelje datste knevele biste.’ En flink helle er in ein tou, fizele Egge de hannen en skonken mei wol fyftich knôten oan elkoar fêst, en hong him do oan in beam op. ‘Nou scitte 't wol litte om my fen nacht to pleagjen,’ sei er, do Egge dêr oan in grouwe toeke hinge to bingeljen, ‘nou kenste to minsten hân noch fôet forreppe, en ien dy dy los makket, scil er sa licht net komme. Fine se dy hjir moarnierGa naar voetnoot(8), nou, den meije se thinke, datstou dy sels sa tatakele heste, en bistopje dy. Mear wit ik er net ôf.’ Nou den nei syn thinsen for disse pas fen Barre net mear to skromjen habbende, thocht Jalke, dat er yette wol hwet sliepe koe; - it keal woed er for disse nacht, dêr dôch al in stik fen om wier, mar op it bêd lizze | |
[pagina 143]
| |
litte, en him sels in bytsje yn 'e spoenen flije, en mei tsjien tellen lai er mei 't fel oer d'eagen. Barre hie der earst ek al danich oer hersenskrabe, ho 't dat yn syn wirken gean koe: dea wêze, en dôch yette fen 't sté rinne. ‘En dea wier er,’ sa thocht er, ‘dat ha 'k sa klear sjoen as de dei. En ho scoed er ek yn 't libben bliûwe kennen ha? sa 'n tôch stien op 'e kop! dat liicht er net om. - Ik ken 't my oars net bigripe,’ sei er op it lêst, ‘as it giet mei him nou lykm' allinne út âlder wenst; as er i's gôed oan 't lizzen komt, en der oan woun rekket, den scil er wol lizzen bliûwe.’ Sa kâltsjende, kaem er fen selm op it thinsen, dêr Jalke al soärch for hawn hie. ‘Hy scil,’ thocht er, ‘krekt sa gôed as er út 'e âlde slinter noch op foëtten is, ek wol op 'e tiid wer ûnder de thekkens krûpe, en den moäst ik al sjean him geweken to nimmen.’ Sa gau as it gôed nacht wier - en dat dûrre yet al in bytsje, hwent it wier yn 't langst fen de deagen - naem er de greatste hexe, dy er fine koe, glûpte der mei nei Jalke bêd, lústere, barke, en - ja! der waerd sykhelleGa naar voetnoot(1); Jalke laei der op. Nou fljucht er ta en kliûwt yn it keal om, as 't oan frikkedillen hakke wirde scoe. Earst skôp en kroande dat bist al in bytsjen, mar dêr steurde hy him net oan. Dat skoppen bitsjutte neat oars, thocht him, as dat er de foëtten yette gôed teande brûke to kennen, in deade moäst ommers wol in oar lûd habbe as in libbene. Do 't keal einlings stil laei, en er hjir en dêr al hipen flêsk ôf kleaun wieren, naem er in sek, threau alle stikken en brokken der yn, sleepte 't nei bûten, smiet it op in kroade, en skâu der mei nei Starum nei 't strân, dêr hy de bôel yn sé driûwe liet. Nou, miende er, wier er fen syn fijân ûntslein, en rju fornoegeGa naar voetnoot(2) teach er mei de lege kroade wer nei 't paleis. Do er to plak kaem bigoun it fölk al njunkelytsen wer op proppen to kommen, en in pear timmerfeinten sieten al yn 'e tinte, en setten er hjar spek en brea binnen. Barre gyng der ek hinne, naem syn keats, en bigoun to iten. Al gau kamen er mear yn 'e tinte, en einlings Jalke, dy him fix yn 'e spoenen útrêst hie, ek. Nimmen fen d' oare seach der hwet sûnders yn, hwent mei 't er sökke tiden jimmerwei sa folle fölk yn 'e tinte ôf en oan roun, waerd er op 't kommen en gean fen in inkele nin achtslein, like min as me ien miste, dy for in kear ris weibleau; mar Barre sette nuvere eagen op. ‘As hjir nin tsjoenderij yn 't spil is,’ thocht er, ‘den wit ik it net. Ik hab him oan biten en brokken tokappe, de sek gôed thichtboun, en him sa yn 'e sé wipt, en dêr stiet er dôch wer yn syn hele hear en fearGa naar voetnoot(3).’ - Yette freämder seach er op, do Jalke de keats iepene, en krekt as al de oare bigoun to iten. Hy hie 't er mar naet net grien op; hwent nou Jalke sa gôed er fen ûntkommen wier, koe 't, nei syn thinsen, net misse as it scoe der min for him útsjean, as dy him dêr nou yn 't each krige. Hy stiik dêrom stil syn spek en brea, dat er yette yn 'e hân hie, yn 'e bûse, en krôep súntsjes ûnder 't klaed fen de tinte throch, sûnder fen Jalke sjoen to wirden. ‘Nou is 't bêst, dat ik hakken op nim,’ sei er; | |
[pagina 144]
| |
‘mar ringen myn spiltsjes by ien fandele, en den nei hûs!’ Hastich teach er 't mûrwirk fen 't paleis yn it roun, om al hwet sines wier yet yn 'e rin mei op to nimmen, en - nou sjucht er immen oan 'e beam hingjen, dy er oan syn roune rêch anstons for brôer Egge koe. ‘Egge, jonge!’ sei er, ‘ho komstou dêr?’ - Nin andert. - ‘Kenst' der net wei komme, ju?’ frege er al wer. Mar Egge joech tael noch teiken, lyk as elk licht bigripe ken. Barre klantere dêrop yn 'e beam, hyste Egge by him op 'e toekeGa naar voetnoot(1), en sette him yn in sittende hâlding dêrop dol. ‘Dou biste dea, leau ik,’ sei Barre, ‘mar dat is nin byt. Wiste hwette dwaen maste? Dou maste in byt ite. Jalke is ek dea; mar ik ken dy sizze, dy yt der allyk om foärt - 'k ha 't sa krekt noch foär myn eine eagen sjoen - en sa bliûwt hy de man. - Hjir! ik scil dy helpe.’ Dit sizzende plakte hy Egge de hölle wer by enoär, boun der syn bûsdek om hinne, helle 't spek en brea, dat hy oerhâlden hie, út 'e bûse, en stiik him der in brok fen yn 'e mûle. Fiërder woed er nou Egge hannen en foëtten lös snije; mar Jalke hie se sa danich yn it hirde grouwe tou biwoëlle, dat hy der net mei 't mês throch komme koe, doch ‘dwa mar in bytsje tiid,’ sei er, ‘ik scil 't mês earst ris slypje,’ sloërke by de stamme fen de beam dol, en hotte syn knyft op in slypstien, dêr deun by. Mar krekt sa 't er dêr mei dwaende wier, kaem Jalke dat lâns, dy de tinte forlitten hie, om syn wirk wer op to siikjen. Anstons seach er Barre. ‘Dêr stiet dat poärre wer,’ sei er, ‘nou
slipet er syn knyft, om him sels der mei lös to snijen. Tûk oerleid! dat mat ik sizze. Mar ik scil him earst ûnforwachts noch ris in thige wan jaen, oars ha 'k de hele dei mar wer neat as lêst fen him, en bin yn thûzen nôeden.’ En dêrop naem er Barre fen efteren by de lurven, slingere him jin 'e beam oan, dat it sta sei, en Barre wier stiëndea. En fen de skok skodde dy beam sa, dat it lyk fen Egge fen boppen thrûzele, krekt op Jalke, en Jalke wier ek dea.
H. Sytstra. |
|