Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijIt ingelgereauntGa naar voetnoot(1) op Skiermontsjeach.De noärdsé dyndeGa naar voetnoot(2) en gromde yet,
Mar 't needwaer wier bidarre.
De wrakken driu wk'len nou oan 'tstrân,
Mar 't folk koe dochs wer farre.
Ho mannich fisker kaem net wer!
Yn 't djip wier hy fordronken,
En mannich widdou mei hjar bern
Siet nou yn rou forsonken.
Ek Seakele, och! foer yn dat waer;
Hwêr stâu er earm-man hinne?
Dêr hie men teal oaf teiken fen;
God wist it mar allinne.
Syn Tetke siet mei hjar twa bern
De nachts nei 't waer to heärren,
En wachte yn moed de tynge ôf
Fen libben oaf fen steärren.
Hjar boi dy wier syn saunde al út,
Mar 't golle mûtle famke
Hie twaris earst de meiblom sjoen,
En slepte, 't swiete lamke.
Mei de eagen lei de poppe thicht
En Sobbe mei hjar lipkes,
Krekt as se op memmeskirte lei
En lurke oan 't folle titke.
‘Och!’ sei do Tetk, ‘dyn heit, myn okGa naar voetnoot(3)!
Hwa scil dyn brea nou winne?
Hwêr is dyn heit? Myn man, myn
O God! Hwêr is hy hinne?’ (hoalGa naar voetnoot(4)?
Mei ien bigoan it froede bern
Yn 't sliepke blier to glimkjen,
En döbkeGa naar voetnoot(5) op döbke lôek yn 't wang
Fen 't ynnichst sielformeitsen.
‘Us Sjurtke glimket!’ sei brôer-Sierk,
‘Sjoch, mem, ho laket Sjurte!
Hja laket mei de eagen thicht:
Mem, hwat scoe' dat bitsjutte?’
‘Wel, ljeave boi!’ sei Tetke do,
‘In ingel is 'r om 't lamke.
Dy reauntet Sjurte hwat yn 't ear
En boärtet mei ús famke.
As bernkes steärre nimt ús hear
Hjar yn syn ljuchte himel
Dêr wjukkelje se omheech en del
Yn sillich boärtgewimel.
En soms den saeij' se op ierde del,
Fier út dy hege stjerren,
En flústerje hjar pop yn 't ear
It wird fen God de heare.’
Mei ien waerd rinkele oan 'e doar,
En Tetk de klink flink iepen!
En Seakle, sjoch, dy stiet er foar
Yn stoärm en weach bihâlden.
Tetk joech in gjalpGa naar voetnoot(6), en do deastil
Kniip hja him yn 'e hannen.
De ljeafde is stom; hja het nin wird
By 't wersjaen fen de mannen.
Do Seakle oan 't tellen fen syn need,
Fen blaxemfjoer en waeijen;
Ho 'n thrijemaester nêst hjar sonk,
En by de wyn hja laeijen.
‘En dou, myn boike!’ sei er Sierk.
‘Hestou for heit wol bidden?’
‘Ja, 't onse vader thrij'ris, heit!
En dat het God forbûkeGa naar voetnoot(7).
| |
[pagina 139]
| |
In ingel het er oan us stjûrd;
Dy reaunte Sjurtke yn de earen,
Dat heit bihâlden wier yn 't waer.
Nou thankje ik God de heare.’
As wy âld it onrjucht dwaen,
De earmen grutsk minachtsje,
Woll' de hillige ynglen Gôds
Net by ús oernachtsje.
Mar de onskild'ge sûgeling
Siikje se yn alle hernkesGa naar voetnoot(1);
Hwat for ús geheimnis bliuwt,
Telle se oan de bernkes.
J.H. Halbertsma.Ga naar voetnoot*)
|
|