Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij't Forhael fen Dominys neef.Yn it jier fen 1690 learde er in studint to Grins ta dokter, dy fen Dockum fendinne wier. It wier in nuvereGa naar voetnoot(2) feint; fiten útrjochtsje wier syn nocht, en fen biizjenGa naar voetnoot(3) hinge er gear. Do de greate fekansje oankaem, scoe er wer nei heit en mem ta; mar it wier him dat jier goemanGa naar voetnoot(4) to Grins gien as de measte fen ús foltsen, hy hie net oergarre; as er syn pong tsjin 'e wyn smiet, scoe er net fier fleane, en by it eintsje-sluten wier er yn nin bûse fen lesje, boxe oaf rôk in stûr mear to finen. Dos steande op kâlde foëtten, wier er dochs to edelmoedich om in oar to soebadden om jild to lien, in hy bigriip om mar op 'e bonne foi ôf nei Dockum to kuijerjen. Mar in kammeraet, dy dokter yn 'e rjochten wirden wier, en de jonne to foaren in trop studinten trakteärre hie, forlette him hwat; ek wier it dy deis to brodzichGa naar voetnoot(5) om hird to rinnen, en hy brocht it oan 'e joun net fierder as oan Bûrum ta. It wier heälwei-njoggenen; hy hie de skoën út 'e likenGa naar voetnoot(6) roan, en wier sa wirch as ien maitsGa naar voetnoot(7); dêrby bâltte er fen | |
[pagina 133]
| |
honger, en jild om yn 'e herberge to gean hie er net. Hy gong dêrom nei in boerehús, dat in eintsje fen 'e wei ôf lei. Hy kloppe oan en in himmel wiif die op, dy him frege, hwat er hawwe woe. ‘Hy woe de piip wol 'ris oanstekke;’ nou, dat koe wol lokke. De studint pypke i's oan, en makke in swiet praetsje. Onderwiles kaem de faem yn mei in great krintebôlle, dy se yn 'e spine lai; in amerij dêrnei kaem de feint ek mei in braskoërke, dêr twa flêssen barndewyn út kamen, dy er yn in kaske onder it bêd sette, en do slôep er wer foärt sa hoeden' as in skjirkertGa naar voetnoot(1); daelk kaem de faem ek wer, dy nou in pûde mei resinen en in poun klontsjes hie, dy de boerinne yn it sûkerdjearGa naar voetnoot(2) ústkodde. Yn 'e hirdsherne stie in holpanne mei beuGa naar voetnoot(3) to meukenGa naar voetnoot(4), en oer it fjûr hinge in skinke to sieden, dy soms mei de hakke boppe bobbele, en de studint de kiel útbiet. Earst miend' er dat de ongetîdersGa naar voetnoot(5) it margemielGa naar voetnoot(6) hawwe scoenen, en thoft' yn him sels, kom, dat reits ik yn it lid. Mar dêrmei kaem er in snaek yn, dy him gau yn oare gedachten brochte. Dy keardel bie in rounbollich breedskaedGa naar voetnoot(7) hoëdtsje op, dêr twa swarte linten by del hongen; om 'e hals droech er neat as in smel himdeopsetsel mei mûzetoskGa naar voetnoot(8), dêr in pear sulveren knopen yn sieten. Den hie er in grouwollen baitsje oan; syn blauwe onderbrôek protte by de knibbels onder de boppeboxe wei, en wier yn 'e hoxen fêstboun mei blauwe strûpen, dy him by syn piper-en-sâlten hoäzzen del biggelen. Dêrby hie er útsneine skoën oan mei in pear útplatte sulveren gaspen er op. - Ken 'k dy, as ken ik dy net? frege de studint yn him sels, en ja wol, man, hy hie him mear sjoen: it wier in kompenijsterGa naar voetnoot(9), Oeble Fluem, dy alear wol i's by syn âlders oan 'e doar kaem mei heidebjizzems, riskepitten, en sökke snypsnaren. Neijerhân wier er bigoun to ôefenjen; ek koe er in bytsje wiersizze, nei it ding him oanjoech; en meast roun er by ienfâldige wyfkes, dy him it liif fol iten en de bûse fol jild threauwen. De boer hie freeslik it grouGa naar voetnoot(10) op him, en hie him al ienders fen it hiem reage; mar syn wiif, dy oan tsjoenen en spôeken leaude, en er in bytsje mank fimele, houde bim for in hillich man. Ek koe er de line sa moai om 'e reak skeare, dat se, alleheel mei him ynnomd, net wiste hwat goe as se him dwaen scoe. De boer wier nou twa dagen nei Holwerter merke ta, en it wiif, dat den hjar trekken warnaem, hie Oeble de knik jown om anstons oer to kommen. En dêr siet er nou al yn syn bladeren, de piip yn 'e hân, en in sûpke barndewyn mei sûker foar him. ‘It is hjoed den bjusterne myld, boerinne!’ sei er heel teamich en flienskGa naar voetnoot(11). ‘Ik ha siker switten as in oandrager.’ - ‘Dêr hie 'k al gedachten fen, sei de boerinne, en dêrom hie 'k it slökje al klear. Kom, drink i's, Oeble. It is goe for it swit yn to druijen.’ - ‘Ik winskje jou de segen fen de heare!’ sei Oeble, en stiik de hele romer út. - ‘Dy bin 'k wol nedich, Oeble!’ sei de boerinne. ‘Ik thankje jou. Me ken mei dy myldens | |
[pagina 134]
| |
nin helmGa naar voetnoot(1) yn 'e bûter krije, as is 't noch sa.’ - ‘Foi, sök sizzen, boerinne!’ sei Oeble wer. ‘Jou bûter stiet ommers as in peal; de oare boerinnen mochten wol wolle, dat se dat sa koenen as jy. Mar de waermte scil net lang dûrje, ljea'! De waerlamkesGa naar voetnoot(2) hawwe hjoed sa blettere, dêr scil wol gau noärdewyn op komme. Hwa is dy jongfeint? Dat is siker fen jins fölk.’ - ‘Né,’ sei de boerinne, ‘dy man stekt hjir de piip mar 'ris op.’ - ‘Ik bin fen Grins,’ sei do de studint, ‘en scoe nei Dockum ta; mar ik bin hjir binachte. De boerinne scil my wol in lyts herntsje yn hûs ynskewieleGa naar voetnoot(3).’ Op dit wird bigoan it wiif to sjean as in ûl. Né, dat wier fierwei mis; se koe him net bêdsje. ‘Nou, den yn 't hea,’ sei de studint. - ‘Foi, né,’ sei se. ‘De boer is om utensGa naar voetnoot(4), en ik scoe frjemd fölk ynnimme. Dêr ken nin byt fen komme. Ik wol dy ljeäver in reispenje jaen.’ En mei ien die se de hân yn de bûgel en joech him in stûr, as 't in nachtbidler wier. De studint, dy seach dat syn hoänne hjir net brette, gong foärt, en stie al op 'e drompel, do er noch i's omdraeide, en tsjin de boerinne sei: ‘Mar myn ljeave minske! jouw my den alteas in wébytGa naar voetnoot(5), as 't je b'ljeäft. Ik ha de hele dei roan.’ - ‘Dat de kou skyt is dines!’ sei de faem, joech him in homp, en flapte de doar efter him ta. De studint wier oars net gau forbûke; mar dit wier him slimmer-nôch. Hy thochte anstons om de forlerne soan. Mistreastich wiek er fen 't hiem ôf, en gong yn 'e onderwâl fen 't leantsje sitten, lynjende mei it kin tsjin syn gongelstokje oan. Mar net lang hie er dêr sitten, as in boer op in hynzer, dat in lepsen moalGa naar voetnoot(6) op 'e nekke hie, kaem it leantsje op draven. De boer bikipe de studint earst 'ris, (it skimere al hwat) en do-d-er seach dat er noch al moai gnap yn 'e klean wier, frege er him: ‘Drîgeste nei Kollum, feint?’ - ‘Né, ik mat hjir bljouwe,’ sei de studint. - ‘Dêrre?’ frege de boer, ‘dat is sa mâl. Hwêrom gieste net nei dat boerehûs ta?’ - ‘Dêr haw ik al wêst,’ sei de studint, ‘mar dêr bin ik hoskGa naar voetnoot(7). De faem het my de doar útstompt.’ - ‘Wel, dat is nuver wirk!’ sei de boer. ‘Kom, den mat ik it i's bisiikje. Gean dou mar i's mei my, feint.’ Gelökkich wier dat de boer sels, dy in dei eärder thús kaem as er sein hie. Onderweis en to Holwert hie er frij hwat fen it bjirke preaun, dat er in wakker luftich sin en in rynske boiGa naar voetnoot(8) hie. Hy stapte mei de studint op it hiem, en scoe rimpen de doarsklink omdraeije; mar mis wier 't: de doar siet op skoättelGa naar voetnoot(9). It wiif, dat earst i's efter it gerdyntsje nei bûten glûpe, wier wakker yn 't gat bibitenGa naar voetnoot(10), do 't hja de boer seach. ‘Gean gau op 'e gölle yn 't hea!’ sei se tsjin Oeble. ‘Ik scil sjean dat 'k de boer to bêd krij, en den scil ik jou útlitte. Gau, myn ljeave man! Hy slacht je oars dea.’ Do nou Oeble biskûl en al it iten berge wier, die hja de doar op, en de boer mei de studint kaem yn. ‘Toe, heite! gean sitten,’ sei de húsman; ‘al binn' wy boeren, wy hâlde dêrom wol fen nijs en | |
[pagina 135]
| |
selskip. Kom, memke, hwat heste for ús to bikken?’ - ‘Neat!’ set it wiif. ‘Ik thochte dat je fen nacht út bleauw'ne, lyk as je seinen; nou ha 'k neat klear.’ - ‘Ik wier sa ier slachs,’ sei de boer, ‘dat ik koe mei ien dei ta; hwêrom scoe 'k twa útbljouwe? En it is ek goed, dat ik hjir bin; want oars hie dy jongfeint net onderkomd. Mar, neat! neat! dat is sa 'n bytsje, ljea'! dat is genôch yn 't each.’ - ‘Ik ken him wol in brögge kliemeGa naar voetnoot(1),’ sei de boerinne do. - ‘Kom, kom!’ de boer wer, ‘mienste, dat syn tonge in seemslearen lape is? Hy mat hwat waerms yn 't liif ha; hy het de hele dei roun.’ - ‘Jou prate goed,’ sei de boerinne, ‘ik ken 't net út in hynstekopGa naar voetnoot(2) sûgje. Woll' je ha, dat wy hwat pankoeken for him bakke scille, dat ken wol; moal ha je dochs meinomd.’ Dat gong do op stroukjenGa naar voetnoot(3) yn, en lipe oaf pipeGa naar voetnoot(4), de faem moást for de selde feint it miel klear meitse, dy se niis de doar út fierd hie. Hja sloech yn it bisleek om krekt as se gek wier; de klitsen fleagen hjar om 'e hölle; en hja scoe de boer mei syn gast wol forgriemd hawwe, sa grimmitich wier se. De studint, dy sjoen hie hwat er for de kompenijster prefeet ynretGa naar voetnoot(5) wier, thocht yn him sels: dat scil joun for jimme honjeGa naar voetnoot(6), frjeunen! as ik scil nin Douwe hjitte. Wylst de froulju kleärrichheit makken, kaem er gau mei de boer oan 'e slach, dy him frege hwêr 't er fendinne wier, hwat er die, en sa foärt hinne. De studint bychte alles trou op, en spriik soms balken oan twa. ‘Dêr to Grins,’ sei de boer, ‘dêr leare jimme frjemd praten, oars? Kenne jimme alle minsken forstean? Kenn' jimme ek sa prate as de hantsjemierenGa naar voetnoot(7)?’ - ‘Om-ende-by,’ sei de studint, ‘mar alleheel net; sa as de Dútskers, wyt je? Forline jier bin 'k noch yn Dútsklân wêst.’ - ‘Ja, wakker!’ sei de boer. ‘Wel, ho sjocht it er dêr út? Binne de ky en de bargenGa naar voetnoot(8) dêr lyk as bjir? De poepen bjuweGa naar voetnoot(9) er in bulte fen; mar it scil wol wêze as mei hjar sels, smel fen beaulchGa naar voetnoot(10) en nin gat.’ - ‘Dêr scil ik jou fiten fen fortelle,’ sei de studint, ‘as je mar geduld hawwe.’ - ‘Jonge, ja,’ andere de boer. ‘Toe, Auk! dou maste nou 'ris swiete, thige by thige swiete pankoeken bakke; ik wyt dast' it de feint yn 't hert ginste. Nou, feint! siz op mar.’ - ‘Ja mar,’ sei de studint, ‘ik mat je sizze, it is ougryslik; want sa 'n skrik as 'k do hawn ha, wol 'k for nin tweintich fjirdersGa naar voetnoot(11) bûter wer ha.’ - ‘O, dat is neat,’ andere de boer, ‘forhelje dou mar. Ho hjitste ek?’ - ‘Douwe Agema,’ sei de studint. - ‘Nou, as 't dy b'ljeäft, Agema. Hwat woeste sizze fen dy poepebargen?’ - ‘Wel, man!’ sei de studint, ‘op in ieremoarn roun ik throch ien frelik great bosk; ik thochte, dêr komt nin ein oan; mar amper njoggen ûre kaem ik er einlik út, en do hie 'k in iepen fjild foar my, dêr in keppel op roun fen wol oardelhondert bargen. Dêr wierne fen alderlei skaeiGa naar voetnoot(12) onder: lytse, greate, swarte, wite en bonte bargen; mei rjochte stirten en ek mei kröllen der yn: yn dat gûdtsje wier krekt sa folte onderskie as onder de minsken. | |
[pagina 136]
| |
Hja wiernen ek sa fluch as koardedounsers; want bealgen hien' se as wynhonnen, en it spek siet hjar net yn 'e wei. Mar der wier lykwol ien onder de heap, dy de foärgong hie, dat wier in onwiten ding; fet! en heech! ougryslik, man. Noait ha 'k foar oaf nei sa 'n baerch yn Fryslân net sjoen, as it moäst dy wêze, dêr Auk niis de skinke fen út it goätling helle het.’ - ‘Skinke?’ sei de boer tsjin syn wiif. ‘Heste skinke? Foi! ik wiste net, daste sa flouweGa naar voetnoot(1) koeste.’ De boerinne krige in kleur sa read as de bloedkralen, dy se om 'e hals hie; tsjinaxeljen koe hjir net helpje; hja bikinde dat it wier wier. ‘Kom, Agema!’ sei de boer, ‘ik sjen wol, wy hawwe nin koerangGa naar voetnoot(2); fen honger scille wy joun net stjerre. Ik bin bliid daste fen dy bargen bigoun biste. Mar ho gong dat do fiërder?’ - ‘Ho dat do fiërder gong?’ sei de studint. ‘Wel, man, dy greate baerch wier sa mâl as in tûr. As it beest do krekt wyld wier, ik wyt it net, mar hy wipte den hjir, den dêr hinne; op it lêtst rekke er in heel ein fen 'e keppel ôf, en kaem by in jippe foärgeGa naar voetnoot(3), dêr in wolf op 'e loer lai.’ - ‘Dy deuker!’ sei de boer; ‘in wolf! Wel, sa mâl koe 't net. In wolf, ju! Godthank, dat wy sök gûd hjir to lâne net hawwe.’ - ‘Net ha?’ sei de studint ‘Joek! Ja, wol! Us lân is er fol fen; mar hjir rinne de wolven op twa en yn Dûtsklân op fjouwer poaten.’ - ‘Nou, dat is den goed,’ sei de boer, ‘mar hwat die dy wolf op fjouwer poaten den? Toe! Dou maste hwat foärt meitse, Agema; daelk binne de pankoeken gear.’ - ‘Yn ienen,’ sei de studint, ‘sprong de wolf op, die in raem op de baerch, dy er nei in bytsje gewraxelGa naar voetnoot(4) yn 'e strôt beet krigge, en do repte er him slûpstirtsjende foärt, krekt en allyk, ken 'k je sizze, as jins feint, do er dy twa flêssen barndewyn, dêr onder it bêd del set hie.’ - ‘Hwat seiste?’ frege de boer. ‘Ek barndewyn? Dou bithinkst' it wrychtich goe om de skrik wei to drinken. Dy eangstme fen Agema biskrjouwt hwat! Kom, bring den i's om, frou. Baeseftich, Agema! dou bist in flinke keardel. Mar dat moäst ik dy noch freegje: hie dy bargedrjouwer nin honnen by syn spul?’ - ‘Né, man!’ sei de studint; ‘dêr siet him de kneep. Oars scoe dy wolf dat wol stean litten ha. Ik wier der thichter by as de bargedrjouwer, en it gong my fen 't hert dat sa 'n skoander beest toskûrd wirde scoe. Ik thochte yn my sels: is dêr nou neat oan to dwaen? En je scoene sizze, ho ken 't sa gelokkich? Krekt lai daer in stien foär my, dy 't ik opnaem, om him de wolf nei de kop to smiten.’ - ‘Dy moäst ek al hwat mans wêze,’ sei de boer, ‘as it tsjin in wolf hwat helpje scoe.’ - ‘It wier in ding! Nou!’ sei de studint, ‘it wier in stien, (ik scil 't net forgritsje) in balstien, ken 'k je sizze, sa great wol as de krintebôlle, dy 't jins faem niis yn 'e spyskeamer lein het.’ Op dit wird rekke de boerinne alleheel út 'e fâlden. ‘Ja, heit!’ sei hja, ‘ik en Auk. en ik..ik ha in bôlle bakke litten; ik woe jou 'ris útstrike; it is ien mei krinten.’ - ‘Wel, kom, ljea'!’ sei de boer, ‘ik wier niis al in bytsje pröt op dy; mar nou hest' it i's keuninklik makke. Dy skrik fen Agema leit ús nin wynaeijenGa naar voetnoot(5). Nou, Agema, dou smietste in stien nei dy wolf?’ - ‘Ik smiet nei dy wolf,’ | |
[pagina 137]
| |
andere de studint, ‘en, man, it wier rekke. Mar do scoe de bûter jild jilde; sa eang as do bin 'k fen myn libben noch net wêst. Sa gau as de wolf dy stien tsjin 'e bek krigge, liet er de baerch los, en fleach rjucht op my ta. Hy knerseltoske, en seach my oan mei gleaune eagen: wyt je ho, boer? Krekt as dy Kompenijster, dy 't dêr efter yn jins hea leit.’ - ‘Hwat kompenijster?’ frege de boer. - ‘Ei, dat wite jou ommers wol,’ andere de studint. ‘Jins bêste frjeun, Oeble Fluem.’ - ‘O duwel!’ rôp de boer, ‘dy snaek? Ik scil him omgean.’ Nou, hwat dêr op fölge scil ik jimme mar net sizze. Dêr waerden stikken snein, dat er omstikkenGa naar voetnoot(1) neifleagen. De boer wier oars sa goe as bôlle; mar hjir kaem it sprekwird to pas: as goede lju lilk wirde, wol it honje. Hy heuweleGa naar voetnoot(2) syn wiif en faem sa danich út, dat se nin turf heech wierne; wyt en swart forwiet er hjar. Mar yn iens naem er mids onder it kibjen de lampe fen tafel op, en sei tsjiin de studint: ‘Agema, hâld de lampe 'ris! It is wol yn 'e simmer, mar wy scille it fé i's ôfljochtsje.’ - ‘O, jou miene dy wolf op twa poaten!’ andere de studint. ‘Ha 'k 't jou niis net sein? Kom, graech, man! Dêr is bûter to kjimmen, bigryp ik.’ Dêr gongen se hinne, Agema de lampe yn 'e hân, en de boer in lange bollepyst. Hja seagen earst yn 't heafek, dêr wier er net; yn 'e skûrre ek net. ‘Den mar by de ljedde op,’ sei de boer. ‘De kompenijster is er yn, hy scil er ek útkomme.’ - ‘Jonge, foärsichtich, man!’ sei de studint. ‘Op it hea, dat is sa noedlikGa naar voetnoot(3)! Meitse nin brân.’ Mar dêr wier nin bidden tsjiin; dat wier anstons mei it ljocht by de golleGa naar voetnoot(4) op, en ja wol, man, dêr lai omkoalGa naar voetnoot(5) alleheel-end-al onder it hea bidobbe. Op hannen en foëtten riisde er oerein en seach mei gleaune eagen throch krokGa naar voetnoot(6) en hearaeijenGa naar voetnoot(7) hinne, dy him oer 'e hölle hongen; switte fen binaudheit, sa heste net. ‘Ha je in knipperke nomdGa naar voetnoot(8)? frege him de studint. ‘Hjir is in man om jou to sprekken; dy woe wol 'ris, dat je him wierseinen. Hy het in gast krigge, en syn wiif wol net sizze hwêr 't dy man op onthelle wirde scil. Kenne jy dat ek riede?’ Oeble kâldgnyskeGa naar voetnoot(9) erris: wel, him thofte, dat scoe wol op rizenbrij útdraeije. ‘Dat is omtrint ret,’ sei de boer, ‘mar alleheel-end-al net. It is bollepyst-smoar.’ En mei ien gong er dy kompenijster profeet sa ongenadich om, dat er foär syn foëtten krôlle as in iel. Op it lêtst gong it de studint sels to bot, dy de boer ek sei, dat it profetelean for dizze reis sa gritter-nôch wier. Oeble gong de golle ôf, en syn twa frjeunen him afternei; mar do se op it hiem kamen lichte de boer him noch 'ris fjouwerkant fen 'e soalen, en slingere him dwêrs oer 'e wringe hinne. ‘Dat is nou for dizze kear it útsetsel, feint!’ sei de boer. ‘Aste wer komste scil dyn profecy neikomme; den kriggeste rîzenbrij mei bretGa naar voetnoot(10) flêsk; hjir net, mar to Ljouwert, en dêr jouwe se er dy fêst wirk op ta. Nou, gereisGa naar voetnoot(11)! De groetenis oan 't fölk!’ De studint lake him | |
[pagina 138]
| |
wiles slop, en gong forfölgens mei de boer wer nei it milhús ta, dêr de frou en de faem hjar mei ûlseagen sieten op to wachtsjen. Mar dat bilette de boer net om 'ris thige mei syn frjeun fen it profetemiel to smullen, en op it ein oan de boerinne to sizzen, dat se hjar bêste bêd yn 'e pronkkeamer spriede moaste. Dêr slepte de studint as in roas, en de oare moärne gong er heel foldien nei Dokkum ta, dêr er soun en wol by syn âlders oankaem. |
|