Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 123]
| |
Skink ris yn, myn faem!Skink my it glês 'ris, myn fanke!
Fol fen dy goudene wyn;
DipGa naar voetnoot(1) er ris oan mei den mûlke,
Smyt er ien tútsje by yn.
Dêr is my de ierde in Himel,
Hwêr dat dyn wêzen oer giet;
Hwêr dat dyn eagen oer weidsje,
Is 't oaf myn siele nei giet.
WilleGa naar voetnoot(2) blinkt yn dy beker,
Hearlik forquiklike wyn!
Mar yn dyn blauwe eagen
Dêr is in paradiis yn.
Stil is de nacht oer de fjilden;
't Hinneklaed leit er oer,
En gin krûden en blommen
Queekt mear dy deade natuur;
Mar as de brúntsjes sa boärtje
Oer de frjeunlike mar,
En as de miedenGa naar voetnoot(3) sa bloeije,
O ja, den seinje wy hjar.
Yette, o stille Sint Steffen!
Dyn beker fen wille rint oer,
Mei 'n jong faem oan de side
By in foärâlderlik fjûr.
Droamen fen himelske wille
Walle út dy beker nou op.
Siich mar ris del op myn skerteGa naar voetnoot(4),
Den is ús wille yn 'e top.
Skink my it glês ris, myn fanke!
Fol fen dy goudene wyn;
Dip er ris oan mei dyn mûlke,
Smyt er in tútsje by yn.’
E. Halbertsma.
|
|