Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijAl to....Ga naar voetnoot*).Yn 'e noärdwesthoek fen Fryslân, net sa hiel fier fen Harns, stiët by it doärp H....., in eintsje fen de wei, in gnappe bôerepleats. De man dy him foâr great thritich jier biwenne, en dy er yn eindom taheärde, hjitte Jelle Rommerts. It wier him lökkich gien yn 'e wrâld. Yn de gôekeape jiërren om 1828 hinne, hie hy it weage, lân to keapjen mei oaremans jild, hwent dat hy der sels ta hie, makke net fölle út. De tîden wieren hwet meiroun, hy wier in tûke bôer, en nou koed er in moai bêste boupleats, fen great 128 pounsmiëtte, sines neame, sûnder dat ien der in cint oan hie. Hy wier widner en libbe mei syn dochter Eelkje, in tsjepGa naar voetnoot(1) faem fen tweintich jier. Hja hie in friske skouwingGa naar voetnoot(2), twa blauwe eagen, dy froalik in 'e wrâld rounseagen, in kûltsje yn 't kin; mar dy selde eagen koeden ek swart sjeän, en den wier der in trek yn hjar wêzen, dy to lêzen joech: hwet ik wol, dat set ik thröch. Hja hjitte Eelkje en koe by tîden sa skerp wêze as in els, mar dat barde mar inkeldGa naar voetnoot(3). Hja wier thröch hinneGa naar voetnoot(4) sêft en oprjucht en hie as 't op arbeidsjen oankaem, twa rjuchter hannen oan 't liif. De boaden woene for hjar wol troch 't fjûr gean en hjar op 'e hannen drage. Throch dat se in tiid lang yu 'e stêd forkeard hie, en dêr thige learde, koe se hjar mei great en lyts rêdde en flink mei de minsken omgean. Sa hieden se op 'e pleats in nochlik libben, sa lang ontGa naar voetnoot(5) er in greate foroaringe kaem. Heit, dy net sa sterk wier, rekkeGa naar voetnoot(6) oan 't bêd, en nei in wike mannich siik wêzen stoar er. Eelkje wier drôevich en wist earst net, ho se mei de bôel oan scoe, mar naem op 't lêst it bislút, om op 'e pleats to bliuwen en mei bihelp fen in gôede boufeint foärt to boërkjen. Hja wier nou thrijentweintich jier. Hie se by hjar heite libben wol gau ris frijers hawn, hy wier ek net lang dea, of der kamen by de bult ljeafhabbers opsetten. Mar hja krigen allegeärre blau. De iene wier der better | |
[pagina 57]
| |
mei to freden as de oare; mar de kastelein fen it doärp, dêr Eelkje wenne, noäskeGa naar voetnoot(1) it thige min. Hy miende, dat er hwet foarút hie, om 't hy en Eelkje as skoälbern wol gau ris frijer en frijster boärteGa naar voetnoot(2) hieden. Syn kastelein-wêzen hie him bidoarnGa naar voetnoot(3), hy stalle wol gau ris ien, wier loai en dronk by tîden fiërst to folle in slok, en om 't Eelkje nearneGa naar voetnoot(4) banger fen wier, as fen loaije en sûperige ljue en fen lîgen, krige hy ûnsêft biskied, do er de dryste skoën oanteach en hjar om forkearing frege. Sont wier pûskeGa naar voetnoot(5) it each út, en died er alles om hjar swart to meitsjen. ‘Dêr net hinne, feinten! ik ried jimme ta bêst; it jifferke het yn 'e stêd wêst, hja is fiërst to gôed for ús bôereljuwe; dêr net hinne, as jimme op jimme eare steane en net ljeäfst in blauke ha wolle.’ Sa praette er tsjin de jonge feinten, dy by him yn 'e herberge kamen. Eelkje kaem op it wird, dat se greatsk wier, en krige nin langer oansiik. It koe hjar ek net botte fölle skele, forlet fen boaskjenGa naar voetnoot(6) hie se net: de boërkerij gong útmintend bêst, en immen dy se for altyd hjar hert jaen woe, hie se yet net foun. Dêr komt yn ienen it praetsje throch it doärp, dat Eelkje boaskje scoe. Dat nijs gong as diggelfjûrGa naar voetnoot(7) it doârp throch, en elts harke like frjemd op, hwent me hie fen hjar frijerij neat heärd. De âlde wyfkes seijen: mei hwa dat se ris boaskje scil, dat scil ús ris binije; ús jongfolts is hjar lang net gôed, it scil wol ien wêze fen hege komôf. De iereGa naar voetnoot(8) maitiid fen '46 wier thige wietGa naar voetnoot(9), en dat hie in bulte ynflôed op 'e klaidîken. It barde faek enôch, dat hynzersGa naar voetnoot(10) en weinenGa naar voetnoot(11) fêst rekken yn 'e djippe spoaren fen 'e rydwei, en nearne wier dat slimmer, as in lyts eintsje fen 'e pleats dêr Eelkje boërke. Nou wier 't ris op in joun, dat in reisger mei in foërmansfeint dat lâns ried, mei 't wyt om yet foar de nacht to Harns to kommen. Of nou de foërman in slokje to folle hawn hie, of dat de tsjusterens der skild oan wier, of alle beide in bytsje, ik kin 't net sizze, mar krekt yn 'e bocht by it doärp H....dêr wipte de bôel om en sjeas en hynzer en minsken, alles laei throch enoär. De foërman wier al gau wer oerein; hy wier fen de fal yn ienen nöfteren wirden en arbeide îverich om 't hynzer en de sjeas wer op 'e lappen to krijen. Mei de reisger wier it sa gôed net. Hy wier in ein foärtslingere en laei yn 'e smoärge wei freeslik to kreunen. Do de feint seach, dat it spil him allinne to mansk wier, socht er help op 'e earste de bêste pleats, en dat wier by Eelkjes. De help bleau net lang wei. Al skielik kamen ljue mei lantearnen opsetten; it hynzer waerd oerein holpen, de sjeas by elkoär boun, en sa wier it wer rydberGa naar voetnoot(12). | |
[pagina 58]
| |
‘Nou mis ik myn reisgeneat yet,’ sei de foërman. ‘Wel, dou domkop!’ sei Eelkje - hwent hja wier der sels by - ‘en dat seiste nou earst!’ Do siikjeGa naar voetnoot(1), en, ja wol, dêr founen se in jongfeint yn 'e klaei lizzen, dy it blôed út in djip gat yn 'e hölle streamde. Hy wier mei de hölle tsjin in beam oan fallen. Dalik boun Eelkje hjar wite halsdôek him om 'e holle, om it blieden to kearen. Do namen de feinten him sêft op. ‘Scille wy him nei de herberch bringe?’ sei Marten de boufeint. ‘Biste gik!’ sei Eelkje, ‘in sîke kou doarstGa naar voetnoot(2) de kastelein net iens bitrouwe, lit stean fen in siik minske. Hy koe him wol ris min bihânnelje, louter omdat ik him dy taskikte, dy wôestling. Né! né! sa net! nei uzesGa naar voetnoot(3)! ik scil wol mei him oanpiele.’ En sa kamen se den mei enoär op Binnenrêst, sa hjitte de pleats, oan. Folle romte wier der wol net, mar heite sliëpkeämmerke stoe leech, en dêr waerd de jongfeint brocht. De woune waerd bisjôen, útwosken en forboun. De man wier koärtsich, en Eelkje en hjar moike, dy by hjar wier, sieten de nachts op to wekjen. It wier in tsjep jongfeint, fen kreftige bou, mei brune eagen en in reade kleur, binammen nou 't er de koarts hie. Syn brievetas en jildpong hie Eelkje efter 't slot birgen, en ek in lyts kofferke. Syn klean wieren nijmoädrichGa naar voetnoot(4), syn ûndergûd fyn. Hy like fen gôede komôf to wêzen. Hy dwyldeGa naar voetnoot(5) wakker yn 'e koarts; den song er ris, en in pear kear hied er ek ‘mem!’ röppen, mar it wier krekt as er den liltsGa naar voetnoot(6) wier. Hja koene mar net wiis wirde, hwa 't er wier: syn gûd stoe nin namme op. ‘Hwet scille wy mei him bigjinne?’ sei moike sa yn 'e nacht; ‘it kin wol ris lang dûrje, eär 't er better is; dou meist dominy wol ris freegje, oft dy him bergje kin.’ ‘Gikheid!’ sei Eelkje, ‘as hy wer better is, kin er gean hwêr er wol, mar sa lang as er siik is, bliuwt er hjir.’ ‘Mar it praet fen 'e minsken!’ sei moike wer. ‘Dêr leit my neat oan gelegen, lit de minsken prate, ik döchGa naar voetnoot(7) nin kwea en moäst my skamje as ik oars hânnele.’ Dêr bleau it by. De sîke bleau yn 'e hûs en waerd flink oppast. Do de koarts ôer wier, waerd me wiis hwa 't er wier. Hy hjitte Klaes, wier fen bôerekomôf en syn âlders wieren dea. Sa folle wisten se yn it doärp. As dominy, dy him wol gau ris opsocht, en Eelkje ek mear wisten, dat koene de ljue yn 't doärp net sizze. Der wier in bulte praterij, mar op Binnenrêst gong alles syn gong. De reisger bettere; earst koed er fen 't bêd, do út it keämmerke, do bûtendoar yn 't hôf, en nou iet er jouns mei oan tafel en hjerde Eelkje foarlêzen, hwent dat wier jouns hjar wenstGa naar voetnoot(8), as 't fölts by elkoar wier en it iten birêdden. | |
[pagina 59]
| |
Sa fölle wisten de ljue, en sjöch, dêr gong yn ienen it praetsje: dy beiden habbe boaskeGa naar voetnoot(1), dy Klaes, dy sa út 'e loft fallen is, en de rike Eelkje. Hwet in gepraet, dat hâlde hast net op! De kastelein hie it heechste wird. ‘Ja, mei ien dy se op 'e diik foun het, dêr moät se mei boaskje; wy binne hjar fiërst to min, dy klitseGa naar voetnoot(2) dat se is. Koe ik hjar ris in lôech ôfsjeän!’ ‘Dou leiste oars ek wol ris yn 'e diik,’ sei in bysfeintGa naar voetnoot(3) tsjin him, ‘ho dealesGa naar voetnoot(4) dat se dy net foun het!’ De kastelein waerd dêr pûr lilts om en die alderhânne rare drigeminten. Ienris dat Klaes en Eelkje op in sneintomoarn, do by hjarres nin preek wier, nei in oar doärp nei tsjerke woene en de herberch to H....foärby rieden, stoe de kastelein foär de doar. Hy seach as in ûle Eelkje oan. Klaes, dy dat mirk, sei: ‘Hwet hestou egentlik mei dy hospes? hy sjöcht dy sa frjemd oan.’ ‘Hwet ik mei him ha?’ sei Eelkje; ‘egentlik hielendal neat; mar earst het er syn heite jild der throchjage en nou het er dizze herberch; dat is 't lêste, en nou is er nidich, dat ik er sa skoan by sit, en forgintGa naar voetnoot(5) my myn moaije wein en hynzers. O! as er wist ho lokkich as ik bin, hy scoe 't my yet mear forginne!’ ‘Ja, mar,’ sei Klaes, ‘it is mear as ôerginstGa naar voetnoot(6), it is haet en forachting, dat him út syn eagen sjöcht.’ ‘Hatet er my, ik haetsje him ek!’ sei Eelkje; mar hja sei it mei in froalik gesicht. Klaes sködde de holle. ‘It is mar gikheid’, sei Eelkje, ‘ik haetsje him net; ik miende 't wol ris, mar as me ien thige ljeaf het, den is der yn 't hert nin plak mear for haet. Mar oars it is in rakkert: al laei er yn 't wetter, ik holp him net; lit him forhippeGa naar voetnoot(7)!’ ‘Mar Eelkje!’ sei Klaes, ‘dit giet to fier!’ ‘Is 't wer mis? - is 't wer to rûch en to hird for in frommis? Dou biste krekt as ús dominy! Ik bin nou twajier boerinne, wolste wol leauwe, as ik alles sa sêft bihânle hie, as wier ik bang dat it brekke scoe, dat ik den rare forkeard to plak komdGa naar voetnoot(8) wier?’ ‘Eelkje! Eelkje!’ sei Klaes. ‘Al wer forkeard?’ ‘Ja, it is tiid dat it ophâldt; manljueswirk heärt net by frouljue thús. Hja forleare, dat se frouljue binne en wirde dôchs nin manljue. Dy permantigens en hirdensGa naar voetnoot(9), Eelkje, is it ienichste, dat ik jerne oars by dy seach. Dou bist hwet al to....’ ‘Nou, bisiikje hwetstou út mei meitsje kinste. Bistou de rjuchte bôer, den hôef ik my mei dy saek net to bimoeijen.’ Klaes scoe hjar wol graech efkes ôfpatteGa naar voetnoot(10) habbe, mar Eelkje sei: ‘Stil | |
[pagina 60]
| |
Klaes! net dat de minsken it sjögge; nimmen mei 't yet witte, sa binne wy ôfspritsenGa naar voetnoot(1).’ Klaes wier neat en hie neat. Sa woed er net trouwe; hy woe de skyn net habbe, dat er om 't jild boaske, dat like him der neat nei. Eelkje hie him der ljeäver om. Hja wist ek yet net folle mear fen Klaes, as hwet wy der fen sein habbe. ‘Dou moätste my nimme sa as ik bin,’ hied er hjar sein, do er hjar de knôtteGa naar voetnoot(2) jown hie. ‘Fen it jinge foärby is, kin ik net folle sizze. Ik koe wol mear leard habbe, as ik dien ha, mar bitrou my: ûndogensk hab ik nea net hândele, ik bin earlik en oprjucht.’ Hja rikte him de hân ta en sei: ‘Fol bitrouwen en mei in fêst gelove oan dyn eabel aerd, nim ik dy.’ Hy hie hjar forteld, dat er, do him it ûnkGa naar voetnoot(3) oerkaem, op reis wier fen Swol nei syn pakeGa naar voetnoot(4), in siedkeäpman to Harns. Hy wier fen foärnimmens dêr nou hinne to tsjeän, dêr thige to learen en den werom to kommen om hjar to boaskjen. ‘Hest den nin âlden?’ frege Eelkje. Klaes syn oänlit bilôek. ‘Myn heit is lang dea, en in mem hab ik net mear,’ sei er; tonei scil ik dy mear forhelje, it gêrs moät er earst hwet ôer waexe.’ Eelkje frege him ek net mear: hja siet fol nju by him op 'e wein en seach fol lök yn 'e takomst. Einlings kamen se yn it doärp oan, krekt by tiid, de klokken letten, de tsjerke scoe oangean. De hynzers waerden by de herberge útspand en Klaes en Eelkje gyngen òer it tsjerkhôf op 'e tsjerkedoar ta. Hja wieren fen sins om by dominys köfje to drinken. Dominys jiffrou wier in nift fen Eelkje. Do se op it tsjerkhôf wieren, kamen jiffrou en twa útfenhuzers, jonge fammen, ta de pastorij út. ‘Soa! ha wy dêr ús gasten al?’ sei jiffrou. Klaes seach de útfenhuzers oan en wier foärnimmens om efterút to gean, mar it wier to let. ‘Hea! mynhear Lindeman! jou hjir?’ rôp ien fen de jonge fammen. Eelkje seach raer op, fette jiffrou by de earm en gong op 'e tsjerkedoar ta. Klaes like wol biteutere. Hwet andert dat er joech, heärde Eelkje net; hja woe it net heärre. LilkensGa naar voetnoot(5) makket blyn en erchthinkendheid dôf, en hwa net heärre en sjeän wol, as him eat ûneffens metGa naar voetnoot(6), döcht better om thús to bliuwen. Jiffrou bleau stean, om de fammen to wachtsjen, en nou moäst Eelkje heärre, dat ien fen hjar Klaes frege: ‘Ho giet it jou heit en mem?’ En hja seach Klaes pleagjend oan. ‘Ja,’ sei de oare, ‘wy hiene al langstGa naar voetnoot(7), dat wy in troukaertsje krige hiene.’ | |
[pagina 61]
| |
Ho folle warGa naar voetnoot(1) as Klaes ek die, hy koe it readwirden net litte. Eelkje seach it: it glimke wier al lang fen hjar wangen; hja seach strûf en stoe op hjitte koällen. Jiffrou mirk wol, dat alles net yn 'e heak wier. ‘It is tiid nei tsjerke, hja biginne to sjongen,’ sei se. ‘Nei tsjerketiid forwachtsje wy jimme op 'e köfje.’ ‘Dêr scil fen 'e moarn net fen komme,’ sei Eelkje lilts, en do de tsjerke út wier, dalik nei de herberge, ynspanne en foärt. Eelkje hie de leijeGa naar voetnoot(2). ‘Ik scil menne!’ sei se. ‘Den gean ik!’ sei Klaes, ‘ik woe ljeäver, dat ik mei ride scoe, as in frommis de leije hâldt: dat liket my neat!’ ‘Nim him den, hawar!’ sei Eelkje brimstichGa naar voetnoot(3). Sa sieten se in tôch swijend nêst elkoar: op 't lêst sei Klaes: ‘Hwet thinkste, Eelkje! datstou my as in kweade jonge bihândelje scitte?’ ‘Min thinzenGa naar voetnoot(4) heärre oan my, mynhear Lindeman,’ sei Eelkje. ‘Sa hjit myn stiëfaer,’ sei Klaes, ‘mar sa hjit ik net.’ ‘Soks kin elts wol sizze,’ Eelkje wer; ‘mar dy my ienkear forleugene het, leau ik nea wer. Dou hest my sein, dou hiest nin âlden en dyn mem libbet yet. Hwêrom moätste my dat forswije?’ ‘Hwêrom to praten oer dingen, dy my en oaren sear dögge, en bûtendat ik eangeGa naar voetnoot(5) for dyn skerpensGa naar voetnoot(6),’ andere Klaes. ‘Astou earst hwet sêfter wirden wierste, den wier it tiid ôer myn âlders to praten, nou koe dat yet net.’ ‘Allegeärre praet om 'e nochtGa naar voetnoot(7)! ik moät witte, hwa ik foar hab; ik stean allinne op 'e wrâld, ik ha heit ûnthjitten om yn alles foärsichtich to wêzen. Hwet wit ik fen dy, as datste in tsjep uterlik haste en gôed prate kinste? Nou bitraepje ik dy op in ljeagen; mar dat siz ik dy, as 't my yn alles nin klearichheid jouste, den is 't út mei ús..’ ‘Ik hab yn it boask mar twa bithingsten, foärearst ljeafde en twadens fortrouwen; skink my dat, en wy scille lökkich wirde,’ andere Klaes wer. ‘Jaen my dêr reden ta,’ sei Eelkje. ‘Dou hest nin hert for my,’ sei Klaes. ‘En dou sikest fen my òf to kommen,’ sei Eelkje; ‘ien fen twaën: dou bist in gelöksiker, dy it each mar op myn lân en gûd het, of dou biste mynhear Lindeman, dy in ûnnoazel bôerefaem for de gik hâldt, dy nei syn pake giet en net werom komt.’ Nou waerd Klaes ek lilts. ‘Ik easkje fortrouwen,’ sei er. ‘En ik wiërheid,’ andere Eelkje. Sa gong it hird tsjin hird, mar der kaem nin gôeds throch ta stân. De pake fen Klaes, dy Welstra hjitte, wier keäpman yn sieden to Harns. Dêrby hied er hwet boërkery. Hy wier fen sels al jiërrich, mar like folle âlder as er oars wier. Dat kaem fen swiërrichheidGa naar voetnoot(8). Hy hie in bulte lêst fen syn dochter, syn ienichste bern, de mem fen Klaes. | |
[pagina 62]
| |
Klaes wier in soan út hjar earste boask; syn heit wier jong stoarn, en do Klaes toalf jier âld wier, hie de widdou, alhiel jin it sin fen âlde Welstra, for de twade kear boaske. It earste boask wier him net alhiel nei 't sin, om 't de jonge man in dokter wier yn pleats fen in bôer; mar do Klaes berne waerd, bigoun dat better to wirden: hy koe fen Klaes in keäpman of in bôer meitse. Mar it twade houlik fen syn dochter, dêr mocht er net om thinke. Hjar twade man, ja, jild hied er, mar oan syn eagen wier it to sjeän, dat it in dogeneat wier. Hy wier to Harns komd, sa as hy foärjoech, om landerijen to keapjen, hie lêst yn Amerika forkeard en in moai slompe jild ôerfortsjinne. Jild hied er, mar ho hied er it krige? Hy hie eagen as in gautsjeaf, ‘en hy scil ek wol in gautsjeaf wêze,’ sei Welstra. En dat wier ek sa al útkomd: de krante hie it him sein. Lindeman en syn wiif wennen to Swol. Welstra hie yn jiërren nin biskied fen hjar hawn en der ek nin forlet fen. Do se widdou wier, wenne syn dochter by him yn 'e hûs as húshâldster, om 't syn wiif dea wier. Hja en hjar lytse Klaes, do twa jier âld, hieden it bêst. Dat dûrre in jier mannich en de âlde hear thocht, it scoe sa bliuwe. Dêr komt dy mynhear to Harns, nimmen wist hwêr wei of hwet er die. Hy makket kennis mei syn dochter; dy kennismakkinge laette ta forkearing, en it eintsjebislút wier: boaskjen. Hird om hird gong it mei Welstra en Lindeman. Pake woe syn bernsbern hâlde, dy him al aerdich yn 'e hannen kaem; dat like Lindeman neat, en sa wieren hja mei hjar thrijen nei Swol tein. ‘Gean mar!’ wier it lêste wird fen Welstra, ‘gean mar, en think mar dat ik for jimme dea bin; ik ha nin langst om jimme ea wer to sjeän.’ Dat sizzen fen Welstra wier wer al to.....It spiet him letter wol, mar it wier der út, en syn Frysce kop woe 't lang net lije, dat er syn wird werom nimme scoe. Sont hied er neat fen hjar fornomd as nou út 'e krante, en dat wier net folle gôeds. It makke him drôevich, nearslachtich en trurich. Klaes skriemde thige, do er mei syn mem en de frjemde man nei Swol moäst. Hy woe graech by pake bliuwe. En sont hied er pake ek net wer sjôen; hwent ho faken as er ek praette fen ris nei pakes út fen hûs, altiten wier 't né. Do syn dochter foärt wier, hie Welstra in húsfrousfaem krige, dy Antsje hjitte en mei de skiednis fen syn dochters boask wol bikend wier. Op in joun, dat Welstra fen syn wirk thús kaem, sei Antsje jin him: ‘Gean dalik net yn 'e hûs; jy mochten ris kel wirde.’ De âlde thocht, dat hja de gik mei him ha woe en gong hjar foärby. ‘Spôeket it yn 'e keamer of hest de dîvel der sjôen? For dy ha 'k nea bang wêzen.’ ‘Nou, sa slim is it net,’ sei Antsje, ‘mar dôchs....’ Welstra gong throch de doar yn 'e tsjernherneGa naar voetnoot(1). In jong manminske, dy mei de rêch nei de doar ta stie, draeide him om en seach Welstra | |
[pagina 63]
| |
oan; hy waerd read en wyt om 'e holle, stiek him de rjuchterhân ta en sei: ‘Joun, pake!’ Welstra waerd siker dôch kel, do er dy jongfeint seach; hy wist sels net ho it wier; hy wier nuverGa naar voetnoot(1) to môede, mar koe net bigripe as it fen blydskip of lilkens wier. Dat dûrre net lang. De fâlden yn 'e foärholle waerden djipper en yn pleats fen de jongfeint syn hân oan to nimmen, gong hy in trêd efterút. ‘Soa, mynhear Lindeman!’ seide er. ‘Och pake!’ sei Klaes - hwent dy wier it - ‘forjouw my dy gikheid, ik koe net oars, ik waerd thwongen om myn stiëfaers namme oan to nimmen. Hy skreau dy namme op al myn skoälboeken; hy praette, hy scoe my ienkear as syn bern oannimme, en nou koene de minsken op sa'n menear aerdich der oan wenne. Mem wier der ek thige foar; hja sei, it wier yn myn bilang, dat ik Lindeman hjitte, en myn egentlike namme dêr wisten de ljue to Swol dôch neat fen.’ De âlde hear wier sitten gien, mar nôege Klaes net om söks ek to dwaen, Dizze stoe yet altiten. ‘O! ik bigryp,’ sei de âlde, ‘dat died er om my to narjenGa naar voetnoot(2) en om de minsken to formalenGa naar voetnoot(3).’ Klaes sei neat, it lêste bigriep er net, hwet syn pake dêr mei miende. ‘Fen nou ôf hjit ik nin Lindeman mear,’ spriek er. ‘Dat wol ik wol leauwe!’ sei pake; ‘dat is nou ek nin saek mear.’ Klaes bigriep pake net. ‘Och,’ sei er, ‘ho faken thocht ik, wier ik yet by pake! Ik koe der yet mei sa'n wille om thinke, ho 't ik de hynzers ophelle en yn 't lân brochte; ho lokkich ik wier as ik ris ride en menne mocht; ho 'n nöftGa naar voetnoot(4) ik oan 't plôechdriuwen hie. Ik ha faek enôch jin heit en hjarre sein, dat ik ljeäver feint by pake wêze woe, as by hjarren bliuwe.’ ‘Nou, dou hast wol tiid ta birieGa naar voetnoot(5) nomd,’ sei Welstra, ‘eärste kaemste!’ ‘Ja, hja woene my net gean litte; ik bigriep earst net hwêrom, mar op it lêst gongen my de eagen iepen. Myn stiëfaer hie in wiif for my klear, ien út Amerika mei in bulte jild, sa 't hjitte. Hja hat in tiidlang by uzes út fen hûs wêst en myn stiëfaer wier great mei hjar: hy is in gemiene keardel. En mem, ôch, ik mei der net om thinke, mem rette my it boask ek oan. Do waerd it my to slim, ik pakte myn bôeltsje en gong by hjar wei. Och, pake, nim my as feint oan!’ ‘Mar dou hast my yet net alles forhelle,’ sei pake, ‘in heal fortrouwen is neat. Kinst my yet net mear fortelle?’ Do bigoun Klaes fen syn ûnk, fen syn bliuwen by Eelkje op Binnenrêst; fen hjar frijerij en ho dat útrekke wier. De âlde harke thige ta, syn gesicht stoe better as earst. Do Klaes dien hie, sei er: ‘Mar fen dyn âlden, kinst my dêr neat mear fen forhelje?’ ‘Né, pake,’ sei Klaes, ‘en, ôch, dat het ek de oarsaek wêst, dat Eelkje | |
[pagina 64]
| |
en ik ûnienich waerden. Koe ik hjar fortelle fen myn stiëfaer en fen myn mem, nei itjinge se fen my easken?’ ‘Earme jonge!’ sei pake. ‘Ik hie folle mei Eelkje op,’ sa forfölge Klaes; ‘hja seach der sa gnap út en wier sa'n baes yn 'e boërkerij; wol hwet batskGa naar voetnoot(1) en rûch, mar ik thocht, dat scil ik der wol út krije, as wy mar boaske binne. Mar nou is 't for altyd út. Lit my jou feint wirde, pake; nim my oan; lit Eelkje bliuwe hwet se is.’ ‘Myn soan scilste wirde en feintewirk scilste leare! Nim it my net kwea, dat ik earst sa nuver tsjin dy wier; ik bitroude dy net; ik thochte, dou woest my mei moaije praetsjes ynpakke, mar ik fiel wol oan dy, dou witste sels it slimste yet net. Kom ris mei yn 'e oare keamer, den scil ik dy dêr fen op 'e hichte bringe.’ Hja gongen mei hjar beiden yn 'e oare keamer, de âlde man naem Klaes by de eärmen, sette him yn de leningstôel dy dêr stoe, en die him alle frjeunlikheid oan. Dêrop helle er in krante, joech him Klaes ôer en sei, wylst er der mei de finger op wies, ‘lês dat dêr ris.’ Klaes lies: Swol. - Forliden wike fôel hjir eat foar, dêr gânsGa naar voetnoot(2) ôer praten wirdt. | |
[pagina 65]
| |
Sa wier dat stik yn 'e krante. Welstra siet ûnder 't lêzen ta 't finster út to sjeän. Do Klaes dien hie, wier er sa wyt om 'e holle as in deade; hy liet in swiere sucht, siet in hoärt to thinken, gong do opstean en sei: ‘Pake, ik moät dalik op reis!’ ‘Op reis! dou? hwer hinne? My thinkt dou heärste nou by my thús.’ ‘Mei ik mem hjir den helje?’ ‘Né, der scille wy neat fen ha,’ sei de âlde koärt ôf. ‘Lit hja rispjeGa naar voetnoot(1) hwet se siëddeGa naar voetnoot(2) het. Understân wol ik hjar wol jaen, as hja dat hôeft, siz hjar dat; fen hûnger omkomme scil se net, mar by my yn 'e hûs - dat net! Hwerom gyng se mei dy frjemde keardel? Nou stiet se der sûnder in cint yn 'e wrâld, hwent al hwet se bisieten, komt dy keäpman yn Amsterdam of syn erven ta.’ ‘In foärtroune skeardersjonge! in dief! It is al in hirde straffe for hjar ôerdwealskensGa naar voetnoot(3) en îdelheid!’ sei Klaes. ‘Ik ha sward, ik wol se net wer yn 'e hûs habbe, en myn eed scil ik hâlde!’ ‘Nou pake! den farwol! ik moät nei mem,’ sei Klaes; mar dat dat him swier fôel, om sa to skieden, dat wier wol to heärren. ‘Dou scitteGa naar voetnoot(4) hjar in ûnderdak bisoärgje en hjar gôed foärsjeän, en den komste wer, n't wier?’ Klaes skodholle. ‘Hja hat in gemiene dochter for my en in gemiene mem for dy wêst,’ sei Welstra. ‘It is myn mem,’ sei Klaes, ‘en hja het nimmen bûten my....Us beiden of nin ien, pake!’ ‘Reisgje den mar hinne en bliuw foärt,’ sei de âlde, al to skerp. Klaes gong sûnder in wird to sizzen út 'e keamer. Dat wier al to rimpenGa naar voetnoot(5) tsjin ôer syn pake. Al to....hie hjir pake en bernsbern skaet. In 'e tsjernherne stoe it iten klear. Antsje hie de tafel ditsen, mei in blier gesicht stoe se by it fjûr om 't iten op to dwaen. Me koe sjeän dat se thige bliid wier. Dêr waerd de doar oplitsen, en mei in bleek gesicht en triënnen yn 'e eagen kaem Klaes út 'e keamer. ‘Ik moät jou yet efkes joun sizze,’ sei Klaes; ‘mei myn bliuwen hjir is 't út, dêr komt neat fen. Freegje net hwerom. Fen herte it bêste, brave siel! As 't my gôed giet, scille jy fen my heärre, en heärre jy net fen my, forjit my den!’ Foärt wier er, eär 't Antsje in wird sizze koe. ‘Dêr mocht de deale wiis út wirde,’ sei de faem, ‘dy bêste feint foärtstjûre! Nou Welstra! jy scille lang wachtsje moätte, eär 't jy in frjeunlik gesicht fen my krije. Foärt mei de bôel!’ forfolge se, wylst se de hiele iterij | |
[pagina 66]
| |
oan 'e kant die, ‘joun opwaerme iërdappels en oars neat; as de gasten foar iten foärt geane, wirdt er nin feestmiel oanrjuchte.’ Do it iten klear wier, rôp Antsje it folts. En de âlde Welstra kaem en mompele: ‘As dyn rjuchter each dy ergernis jout, lûk it út en smyt it fen dy! seit de Heare.’ ‘N't wier?’ sei Antsje, ‘dêr miende de Heare fêst in each mei, dat de splinter yn 't each fen syn neiste wol en de balke yn syn egen each net sjocht? Scoe 't sa net wêze, Welstra?’
Dat Klaes sa hastich fen Binnenrêst forreisge wier, jôech gâns nijs yn 't doärp. Foäral de kastelein formakke him ta de teännen út. ‘Hy het Eelkje sitte litten!’ rôp er. En mannich jongfeint stimde him by. ‘Scoene de rapen for my nou ek ris gear wêze?’ thocht er. Hy nei Eelkje, en hy frege hjar op in nij; mar hy krige raer de wyn fen foaren. ‘Ljeäver wol ik Binnenrêst mei al hwet er yn is farre litte en as faem arbeidsje, ear't ik in keardel as dy ta myn man nim! Ho doarste it weagje werom to kommen! Sa'n sûplap, sa'n throchbringer! Foärt! skear dy wei, of scil ik myn folts roppe? Nin ien feint út 't doärp scil myn man wirde.’ ‘Ja,’ sei de hospes, ‘dou biste gôed fen de tongriem snijd, en dou witste alle mans lek en brek skoan oan to wîzen; mar siz ris, biste sels sûnder kwea? Bithink dy dêr ris op!’ Hjirop andere Eelkje neat, mar hja thocht: nou, dêr seiste eat, heite! ja, ik leau wol, dat ik lang net bin sa as ik heär to wêzen! De hospes hie in blauke rûn en kaem der roun for út: hy neamde Eelkje in greatske domme flarde en wist de saek sa moai út to lizzen, dat Eelkje op in thige minne namme kaem. ‘Lit se prateGa naar voetnoot(1)!’ sei Eelkje. ‘Ik scoe dôchs alle frijers net foärtstjûre,’ sei moike, ‘lyk as oan diss'tyd ta dyn brûkme is. Dou biste mei dyn great omslach nedich in keardel, dy hwet mans is en dy dyn saken bistjûre kin. In frommis is op it lêst mar in frommis.’ ‘Dat's allegeärre gòed en wol, mar ik ha net ljeafst dat jy dêr mear oer prate, moike!’ sei Eelkje. Eelkje boufeintGa naar voetnoot(2) krige en ûngelok mei de hynzers, rekke ûnder 'e wein, bisearde him fen binnen en stoar. Do wier se al hwet oanklandGa naar voetnoot(3). ‘Hiest mar sa'n gôeden wer!’ sei moike. ‘Ik wol net wer ien habbe,’ wier 't andert. | |
[pagina 67]
| |
It wier in minne winter dy fen '47. It heälbrea tsien stûren, it koërfol iërdappels thrije goune, egiptiske beänne mei krobbenGa naar voetnoot(1) der yn, achttsien cinten de köp, it kaem der for de lytse boärger en arbeider op oan om it libben to hâlden. Der waerd wol folle jown, en yn 'e stêdden en greate doärpen waerden kokens oprjuchte, dêr alle dagen sean en bretGa naar voetnoot(2) waerd en dêr de earme ljue for in bytsje, nei dy tiid, iten út helje koeden, mar der moäst ek fortsjinne wirde. Eelkje en hjar moike dieden ek hjar bêst, so folle dwaenlik om it lijen fen 'e earmen draechlik to meitsjen. Folle arbeiders wieren deis oan 't wirk, om nije wegen oan to lizzen. Lâns it doärp H., dêr Eelkje wenne, wieren de arbeiders ek mei in nije púnwei dwaende. Great tweintich man arbeiden der oan. Op in moärntiid, it wier in 't lêst fen SellemoänneGa naar voetnoot(3), ried Eelkje op in slide mei in hynzer der foar de diik lâns; bja scoe nei in doärp, dêr sa hwet in ûre fen dinne, om mei de skoälmaster it iene en oare, dat de earmen oangong, ôer to lizzen. Der laei aerdich snie, en it gong der flink ôer. Sa ried se de arbeiders foärby, dy drok oan 't stiënbikjen wieren. Do se njunkenGa naar voetnoot(4) dy ljuwe wier, rôp ien fen hjar, oft se efkes stil hâlde woe. Eelkje hâlde stil. ‘Ik woe jo wol eat freegje,’ seide er, for my en for myn makkers. Sjoch, bôerinne! wy binne oan 't wirk, en dat is thige bêst, mar ús fortsjinst is net great. Nou binne wy yn 'e kost by de kastelein yn it doärp, en dy het ús hwet yn 'e macht. Mear as twa thrêdde part fen it jinge wy fortsjinje moät hy habbe for kost en ûnder dak. Kinne jou ús net helpe, bôerinne?’ ‘Den wolle jimme,’ sei Eelkje, ‘dat ik mei de kastelein prate scil en him forsiikje, jimme hwet binliker to bihànneljen? Mar dat scil net in bult helpe!’ ‘Né, mei praten binne wy net to helpen,’ sei de arbeider, ‘praten wirdt der fiërst to folle, dat jout ús neat.’ ‘Moät ik jimme den yn 'e kost nimme? Miene jy dat?’ sei Eelkje. ‘Ja, krekt, bôerinne!’ ‘Dat scoe my to drok rinne,’ hja wer; ‘ik ha al sa folle to sieden en to birêdden.’ ‘Dat in oaren to folle is, dat kinne jou rêdde!’ sei de man mei in glimke. Hja woe graech in forlegen minske helpe, en den woe se de kastelein ek wol fiele litte, dat syn ôfsetterij jin ôerGa naar voetnoot(5) de abeiders hwet al to slim wier. Of der nin bytsje wraeksjuchte jin him mank rûnGa naar voetnoot(6), hwa scil 't sizze? Nei 't se in eagenblik stil wêst hie, sei se: ‘Ik wol 't ien wike bisiikjeGa naar voetnoot(7). Toalf ûre is 't iterstid, net letter. Ik scil jimme alles lieuwerje for hwet | |
[pagina 68]
| |
it my sels kostet, mar jimme moätte soärgje, om fix op 'e tiid, net nou de iene en hwet letter de oare, sa net; allegeärre tagelyk. En jimme moätte jimme gôed hâlde en drage. Dronkene ljue wiis ik it gat fen 'e doar. De arbeider doärst for syn makkers wol ynstean. ‘Ho machtich binne jimme?’ frege Eelkje. ‘Mei ús tweintigen, sûnder de nije, dy jister komd is, mar dy leit thús by de widdouGa naar voetnoot(1) fen de skroarGa naar voetnoot(2). Dêr scil er it ek net to rom habbe, hwent dat wiif dooch nin byt.’ ‘Nou, wy litte it sa,’ sei Eelke, ‘ôermoarn forwachtsje ik jimme!’ ‘God scil der jo for bileänje,’ sei de man en naem de pet ôf, as in teiken for de oaren, dat hjar forsiik tastien wier. Yn ien eagenblik fleagen alle petten en mûtsen ôf en songen se: ‘Lang scil se libje!’ wylst Eelkje fiërder ried. In fieling fen willeGa naar voetnoot(3) en njueGa naar voetnoot(4), mei in lyts bytsje bifredige wraeksjuchte, throchstreamde Eelkje bloed. Do se njunken de lêste arbeider wier, dy de foarige deis komd wier, hâlde se wer stil, liet in jonge it hynzer hâlde en gong nei him ta. Hja woe sjean him ûnder it each to bringen, dat er nou in gelegenheid wier om gôekeap yn 'e kost to kommen. Hy hie, lyk as de oare arbeiders, in reiden skudGa naar voetnoot(5) stean for de eastewyn, dy frij skerp wier. Hja gong efter it skud. De arbeider seach op. In bleek eärnstich gesicht, dat tsjûgeGa naar voetnoot(6) fen breklijen en krapteGa naar voetnoot(7) seach hjar oan. Hja die fen keltme in sprong efterbeks. As in wytlingGa naar voetnoot(8) bistoorGa naar voetnoot(9) de arbeider om 'e holle. Hwet ek in syn oänlit to lêzen stôe, skild en birou wier der net yn to finen. Eelkje stoe toär him mei de hannen yn enoär. ‘Púnweiarbeider!’ sei se mei in sêfte tean, ‘is it sa fier komd?’ ‘Ja, sa fier, om mei earlike arbeid fen foaren òf oan to bigjinnen,’ wier it andert. ‘Dat kin elts ôerkomme, in hoofmôedich minske ek,’ sei er kâld. ‘En dat just hjir, Klaes?’ sei se - hwent dy wier it - ‘just hjir? my ta hún en spot?’ ‘Ik hie nin kar,’ sei er, en it wier oan him to sjeän, dat er lilts waerd. ‘Is arbeid skande? En hwet leit dy dêr oan gelegen? wy binne frjemden for enoär.’ ‘Dêr hastou gelyk oan,’ sei Eelkje, skynber rêstich, mar it stoärme frij hwet yn hjar binnenste; ljeafde, meilijen, forhúnde greatskensGa naar voetnoot(10), fieling fen wrake, alles throch enoär wier dêr geande. ‘Ik miende datstou by dyn pake it boërkjen leare scoeste,’ sei se; ‘myn boufeint is dea, syn plak is yet iepen, as ik myn feint boufeint meitsje, wolstou den feint by my wirde? Hwa gôed oppast, het it gôed by my!’ ‘Ik thankje frjeunlik, sei Klaes, mar syn tean wier skerp as in els. ‘As ik plan ha om as feint to tsjinjen, den siikje ik in bôer. Frouljue, dy for | |
[pagina 69]
| |
man boärtsjeGa naar voetnoot(1) en net ienris baes oer hjar egen gemôet binne, sokke frouljue tsjinnet nimmen net, dy net folstrekt moät of dy nin keardel is; ik wyt net, ho jy my sa'n oanbod dwaen doare! Jy scoeden jo hwet skamje!’ ‘Me moät nin kwea mei kwea forjilde,’ sei se, ‘dêrom in oar oanbod. Ik ha strax tweintich arbeiders oannomd, om by my to iten; hwêr tweintich ite, is ek for de ien-en-tweintichste plak.’ Klaes seach hjar wer rêstich oan: ‘Oer dyn drompel as dyn man, en oars net,’ andere er. Dat wier twaris; Eelkje wier lilts, en dôch koe se net foärt gean en him sa swier arbeidsje litte. Klaes forfolge: ‘Ik wenje by de skroars widdou dêr jinsen en wol my net foroarje.’ ‘It is in ûndogensk wiif, nei 't se sizze,’ sei Eelkje. ‘Kwea laster hat ek in boas each, sa gôed as in skerpe tonge,’ andere hy. ‘Mar hja is earm en it is hjar om fortsjinst to dwaen,’ Eelkje wer. ‘Ja, hja moät ek libje,’ sei Klaes. Eelkje koe der neat oan dwaen. Lilts draeide Eelkje hjar om en sûnder bôe noch ba to sizzen, stapte se yn 'e slide en ried werom, nei hûs ta; de fiërdere reis bleau er by. Moike seach raer op, dat Eelkje sa gau werom kaem. Eelkje fortelde hjar hwet akkoart se mei de arbeiders oan 'e púnwei makke hie. ‘Dat is in wûnder plan, Eelkje,’ sei moike; ‘dat wôeste folts yn 'e hûs en nin man! In it is nin woldied; dy ljue wirde bêst bitelle. Dou binimste de kastelein syn fortsjinst.’ ‘Dat wol sizze,’ sei Eelkje, ‘ik hinderje him yn syn ôfsetterij, en dêr is it my om to dwaen. Jy moästen dy minsken ris heärd habbe, ho se klagen.’ ‘Nou, wy scille ris sjeän,’ sei moike, ‘as se ek kleije scille ôer dyn bihânling.’ ‘As se dat dogge, den scil ek der gau in ein oan meitsje,’ Eelkje wer. ‘It bigjin moäst net wêst ha,’ sei moike. De kastelein kaem sels, om hjar fen it plan ôf to bringen, mar Eelkje sei: ‘Ik hab it hjar ûnthjitten, en der bliuwt it by.’ Hy gong thige lilts foärt en sei. ‘Astou in bôerd úthingest as kastelein, den kin ik mines wol ynlûkeGa naar voetnoot(2).’ ‘Sa fier is it dochs gau mei dy hinne,’ ròp Eelkje. ‘Pas mar op dy sels! Hoofmôed komt licht to fallen,’ sei de kastelein; ‘mienstou dat ik net wyt, hwêr dy woldiedigens fen dy út foärt komt? Der is in arbeider ûnder hjar, dêrste yet kindeGa naar voetnoot(3) oan heste. It is sa, hy het dy sitte litten, mar frouljue is nuver gûd, dêr se ienris hjar sin op set habbe, dy kinne nin kwea dwaen; en om dy iene arbeider to lokjen, dêrom moät ik tweintich kwyt. Mar gean dyn gong; it ein scil de lêst drage!’ | |
[pagina 70]
| |
Eelkje gong yn 'e hûs. Hja wier ûntofreden ôer hjar sels en mei de hiele wrâld. De triënnen rôllen hjar by de wangen del. Hja fielde hjar ienlik en forlitten.
De arbeiders kamen op 'e fêststelde dei allegeärre opsetten. Alle tweintich wieren se der. De wike gong om, sûnder dat me kleijen heärde. Nou wier it oan biteljen ta; hwent dat wier it bithingst, hja scoeden by de wike bitelje. Do Eelkje hjar om jild frege, sei der ien mei in ûndogensk gesicht yn 'e holle: ‘Kom! kom! bôerinne! hjir falt neat to easkjen of to biteljen.’ ‘Net?’ sei Eelkje en seach frjemd op. ‘Ne,’ rôpen forskate rouwe manljue; ‘wy wite wol, dat de rike ljue for ús bitelje, nou alles sa djûr is. Hwet wy opiten ha, bitellet it bistjûr jy hôege it net twaris!’ ‘Soa, soa,’ sei Eelkje, ‘jimme binne al moai wiis. Hwa het jimme dy wysheid leard? Ha jimme dy yn 'e krôech krige? It jild forsûpt en sa 'n wysheid opdien....it is moai, dat moät ik sizze! Mar ik warskou jimme ien ding: nin jild, nin iten; hwa net bitellet, dy bliuwt bûten doar.’ ‘Us jild is ús jild, wy kinne slokjes keapje, sa folle as wy wolle, dêr het it bistjûr neat ôer to sizzen. It bistjûr bisoarget jo it iten; jou siede it en wy ite it op, dat is de hiele bôel.’ ‘En ik scoe mar net folle praetsjes habbe,’ sei in oaren ien, ‘wy binne mei ús tweintigen en thinke allyk; wy koeden jo wol ris in lôech ôfsjeän.’ Eelkje bleau allike bidaerd. Hja wier neat net bang. Hja wier allinne mei dat folkje yn 't waskhûs, dêr se ieten. Moike wier nei Harns, de iene feint nei de mùnleGa naar voetnoot(1) en de oare mei moike. ‘Ik think,’ sei wer in oaren, ‘de bôerinne scil hjar wol skikke wolle, wy kinne hjar skea genôch tabringe.’ ‘Dêr eangje ik net for,’ sei Eelkje, ‘ik wenje net sa fier bûten it doärp, of ik kin de minsken wol biroppe.’ ‘Mar den meij' jy earst wol freegje of se jo helpe wolle. Jy binne hjar to greathertich. Ien fen uzen, dêr ha jy it op forsjôen! hjir min bûrman het lêsten wol sjôen ho lang as jy yn 'e kjelt by dy feint, dy by de skroarsGa naar voetnoot(2) widdou thús leit, stien habbe!’ Eelkje liet him net útprate. Hja gong nei de doar ta, sette him wiid iepen en sei sa skerp as in breamês: ‘Nou der út! Yn ienen! En ik swar jimme, kom my net wer oer 'e drompel! Gean nei de griëtman en gean nei de rjuchter en freegje hjar of ik forplichte bin, om in finger for jimme út to stekken. Sa wirdt gôedens mei stank leänne! Jimme drigeminten geane my net oan; mar it kin wol wêze, dat ik ris op 't gôede plak fortel, ho jimme my troch geweld ôfset habbe!’ Of it de tean wier, hwêrop Eelkje spriek, of de dryste hâlding, dy se oannaem, dat wyt ik net; mar somlike arbeiders bigûnen al yn to binen en seijen, dat se it sa bot net miend hiene. Oaren flokten en seijen, dat se wol it rjucht hiene om frij fen biteljen to wêzen, en dat se it Eelkje yndroegjeGa naar voetnoot(3) scoeden. | |
[pagina 71]
| |
Sa gong de kliberGa naar voetnoot(1) foärt. Ien fen hjar kearde him yn 't foärtgean yet efkes om en frege, ho 't de bôerinne der ôer thocht, as dy jinge, dy wol bitelje woene, op in nij wer kamen. ‘Jimme binne allegeärre dogeneaten,’ sei Eelkje, ‘rin om myn part nei de divel! Lit dy for jimme siede en opdisse!’ ‘Thankje for dy gôede ried! As wy dy opfolgje, licht bringe wy jo den ek in hapke!’ waerd der röppen. Sa skaettenGa naar voetnoot(2) se. Eelkje fôel forbûkeGa naar voetnoot(3) op in stôel del en skriemde. Dat sizzen fen hjar wier wer al to....Oan 't wirk hie se nin noft. ‘Scoe moike gelyk habbe?’ sei se; ‘scoe ik it net allinne rêdde kinne? Ho folle yn 'e wrâld steane allinne en rêdde bjar fleurich throch 't libben; mar dôch.....’ Hja waerd bang. ‘Ik woe wol, dat Gauke fen 'e mûnle kaem; allinne mei frouljuefolts yn 'e hûs; me kin 't net wite se diene sokke rare drîgementen. Dy iene keardel mei syn biënbitige troänje stean ik nin byt. Mar hwet scoeden se ek, dy galgestroppen?’ Nou kaem it Eelkje yn 't sin, dat se de reis nei master skildich bleaun wier, en om 't it waer skiklik wier, thocht se, moäst it ôer dei mar wêze. De fammen retten it hjar ôf. Hja bitrouden hjar mei sa'n bytsje folts net yn 'e hûs; hja wieren bang for dy arbeiders. ‘Ei hwette!’ sei Eelkje, ‘it is ommers dei; by dei doare se net ynbrekke en stelle. As Gauke fen de mûnle komt, siz him den, dat ik sein hab, dat er thús bliuwe moät.’ Hja spande yn en ried foärt. For de arbeiders oan 'e pûndyk hie se nin freze, mar hja woe Klaes net foärby; it grize bjar to folle oan, dat hy, dy better dagen kend hie, dêr yn 'e kjelt sa arbeidsje moäst; dêrom ried se in binnendyk lâns en kaem ridlik gau by master de Jong, sa hjitte dizze. Hja waerd throch master en masterske frjeunlik ûntfinzen. Kwea biene dizze minsken yet nea fen hjar heärd, wol folle gôed, fen hjar skrippenGa naar voetnoot(4), om it lot fen hjar earme natûrgeneaten to forbetterjen. Do hja yn 'e keamer stapte, gong in frommis yn 't swart, dy by finster siet, opstean en slûpte stil ta de doar út. Eelkje seach bjar efkes oan. Hja wier net jong mear; dat se gnap wêst hie, wier yet wol to sjeän, mar hja like thige nearslachtich en 't lijen stoe op hjar oänlit teikene. Under 't praten mei master koe Eelkje it mar net litte om dat minske to thinken, en hieltyd hie se dat gesicht al wer foär hjar. Hja bleau langer by master as se earst thocht hie. Hja hie folle mei master to bipraten. It bigûn al to skimerjen. Eelkje forhelle oan master en masterske, ho se throch dy púnweiarbeiders bihânle wier en frege hwet hjar thocht, as se ek eat fen dy minsken to eangjen ha scoe. | |
[pagina 72]
| |
‘Fen de hiele bôel net,’ sei master, ‘mar fen inkelden, nou! dêr wol ik net for ynstean. Der binne nuvere feinten ûnder; jy meije wol foärsichtich wêze; me heärt hjir en dêr al fen stellen en ynbrekken.’ ‘Ja,’ sei masterske: ‘ik bin lêsten de púnwei ris lâns gien, mar der wieren gùds ûnder dy arbeiders mei sokke skarlunigeGa naar voetnoot(1) gesichten, dat ik se net graech allinne op 'e romte jinGa naar voetnoot(2) komme woe.’ ‘Mar der binne oars ek gûds ûnder,’ sei Eelkje, ‘dy fatsôenlik binne en better dagen kend habben.’ ‘O ja,’ sei master; ‘lijen en eärmoed makket in minkelik wèzen ek net moäijer.’ ‘Hwa wier dat minske,’ frege Eelkje, ‘dat, do ik bjir òerdei kaem, út 'e keamer gong?’ Master en masterske seagen elkoär oan. Master sei: ‘Dat is in ùnlokkich minske; hja het hjar taflecht ta ús nomd, myn wyf en hja binne yet âlde kinde. Hjar heit hat hjar forstaet, omdat se jin syn sin troud is; hja wist net dat dy keardel, dy se boaske, sa gemien wier as letter útkomd is. Hja hie eärder ek troud wêst en hie in bern, de ljeaveling fen hjar heit. Dy woe graech de jonge hâlde en dy woe ek graech by pake blîuwe, mar der wier neat oan to dwaen: hy moäst mei syn stjîffaer. Dêrthroch kaem it, dat se yn jiërren net fen elkoär heärden. Hjar boask wier net lökkich, en hjar soan, in bêste jonge út syn aerd, dêr hie se net folle oan, hwent hjar man liet him sa gôed as neat leare; it like hast wol, dat it er him om to dwaen wier om in dogeneat fen him to meitsjen, mar dat is him misleärre. Ha jy lêsten fen dat gefal to Swol net heärd, fen dy hear, dy as dief finzen nomd waerd en him sels to koärt dien het?’ Eelkje sei: ‘Né, neat er fen.’ ‘Nou,’ sa forfolge master, ‘dat wier dit minske hjar man. It jild, dat er by enoär stellen hie, is torêchGa naar voetnoot(3) jown wirden, en nou is de widdou deadearm. De soan wier net thús, do dat barde; de heit woe him oan in frommis keppelje, dêr er nin sin oan hie, en dêrom pakte er syn bôeltsje om pake op to siikjen. Hy woe sjeän om it iens mei pake to wirden en in nij libben bigjinne.’ Eelkje waerd read en bleek om 'e holle ûnder dat forhael. Hja bigûn nou to bigripen, hwa 't dat frouminske wier, dy hjar sa skouGa naar voetnoot(4) oansjôen hie. ‘By syn pake heärde er, hwet er to Swol bard wier,’ sei master; ‘ik wit dat allegeärre, troch dat de mem my dat forhelle het. De âlde Welstra is in bêste keardel, mar hwet al to sinnich. Hy koe syn dochter net forjaen, en woe se net yn 'e hûs nimme, al ho 't de soan der ek op oan stoe. Hy woe hjar wol ûnderhâlde, mar yn 'e hûs, né! Do gong de soan wer by him wei, om syn mem to helpen.’ ‘Dat wier thige braef fen dy feint,’ sei Eelkje, ‘dêr hied er gelyk oan, om syn mem yn 't ûnk to forlitten, dat scoe skande wêst ha.’ ‘De mem wier throch lijen, skamte en forthriet hast gik; de soan brocht hjar hjir en bitellet hwet kostjild for hjar. Alles hwet er bisiet het er my | |
[pagina 73]
| |
jown as foärútbitelling fen it kostjild. Nou woed er in plak siikje, om it boërkjen fiërder to learen; mar syn mem bibeaGa naar voetnoot(1) en bismeekte him, om net fier fen hjar ôf to gean, en hjir om hinne is nin plak for him; dêrom het er de earste gelegenheid de bêste om eat to fortsjinjen mar oanpakt en arbeidet nou oan 'e wei hjir thichte by. It griist ús ta de teännen út, dat er sa swier arbeidsje moät; mar hwet scille wy? Sels in hûsfol bern, kinne wy yn dizze djûre tiid ek net sa as wy wolle! Nou hab ik skreaun oan dominy S. to Harns, dy yet al hwet ynflôed op Welstra het. Wy hoopje, dat wy dêr skielik hwet gôeds fen fornimme scille. As de âlde hear nou yet nin meilijen mei dy twa het den het er fêst in hert fen stien.’ De triënnen rûnen Eelkje by de wangen del; suchtsjende stoe se op. ‘Ik moät foärt!’ sei se, jôech master en masterske de hân en forliet it skoällehûs. Yn 't foärtgean sei se yet: ‘Ik bithankje jimme wol for de skiednis dy jimme my forteld habbe. God scil de ûnlokkige minsken wis helpe.’ It hynzer waerd ynspand en Eelkje wier op reis nei hûs ta. De sinne wier al lang ûnder, mar throch dat er gâns snie laeiGa naar voetnoot(2) wier it net tsjuster. Do se in böcht fen de wei om rieden en in frij gesicht om hjar hinne hieden, rôp de jonge, dy mei Eelkje wier: ‘Der is brân! - En dat is by ús yn 't doärp!’ sei er der op. Hja seagen de flammen en de reek omhegens stîgen. ‘Dat is Binnenrêst!’ sei Eelkje en jage it hynzer hirder oan. ‘As 't by uzes is, ho scil 't komme? De grêft is tafêrzen, de pomp leech; ho wetter to krijen?’ ‘Ik leau, dat it de herberch is,’ seî de jonge. ‘Dy leit yn 'e selde streek,’ sei Eelkje. Throch dat se sa stiif nei de brân seagen, hieden se in man net mirken, dy se foärby rieden. ‘Hou!’ rôp dizze, ‘nim my mei! den kom ik gauwer to plak!’ It wier Klaes. Eelkje seach it dalik. Hja hâlde efkes stil en hy sprong yn 't rydtúch. ‘Nim de leije!’ sei se sêft; ‘ik wyt, dou wolst net ride, as in frommis ment.’ Hy seach hjar oan, mar sei neat, naem de leije en flink gong it ôer 'e wei. ‘Hwêr is de brân nei jou thinsen?’ frege Eelkje. ‘It is op jou pleats,’ andere Klaes. ‘Den het de kastelein him oanstitsen,’ sei Eelkje. ‘Dat is ek hwet to foärbarich, scoe 'k sizze; jy kinne soks net bêst sizze, as jy der neat fen wite.’ Hja swijde biskamme stil. Do se neijer by kamen, seagen se hwet sa barnde. It wier in heaberch en it lytshûsGa naar voetnoot(3) op it hiem fen Binnenrêst. Lokkich wier de wyn draeid en waeide fen 'e pleats ôf. Oars wier de hiele bôel foärt gien. Do se oankamen wier in smite folts al dwaende mei amers om de brân út to eazenGa naar voetnoot(4). Mar der wier nin kearen oan; de heaberch en 't lytshûs barnden ôf, mar de huzinge bleau bihâlden. | |
[pagina 74]
| |
Nimmen wist, ho 't de bôel yn 'e brân komd wier. It wier yn 'e heaberch bigûn en al moai oan 'e gong, eär 't de fammen it mirken. Gauke wier al thús komd fen de mûnle mar do nei de herberch gien. 't Hiele doärp wier hast byien om to helpen, ek it jongfolts; mei it útbarsten fen it fjûr wier de haet jin Eelkje ôerbettereGa naar voetnoot(1). De kastelein sei: ‘Ik ha dy yn lilkens wol ris tawinske, dat de bôel ris yn 'e brân fleach, mar do ik it fjûr seach, thocht ik: hwet kin me al sounige winsken dwaen!’ ‘Hestou den ek skild der oan?’ sei Eelkje! ‘Né, wrychtich net!’ sei de kastelein; ‘mar dou heste de arbeiders nei de dîvel winske! Hja wieren hjôed by my yn 'e herberch, en ien fen hjar swarde mei in hiele bôel flokwirden, dat scoed er dy yndruijeGa naar voetnoot(2). Dy het it grif dien. Mar ik ha der fen leard,’ sei er fiërder, ‘en scil der myn foärdiel mei dwaen.’ ‘En ik,’ sei Eelkje, en hja joegen elkoär de han. Sa kaem Klaes der oan, en de kastelein gong foärt. De brân wier út en it gefaer ôer. ‘Jy habbe yet al gäns skea,’ sei Klaes, ‘doch mar wer mei îver der op ta.’ ‘Dat wol ik ek,’ sei Eelkje, ‘mar net allinne; it manljueswirk is nin frouljueswirk; ik ha 't ûnderfoun. Nim my ta wiif, Klaes! op gôed gelök en fortrouwen, en hâld dyn wird better as ik it dien hab.’ Dat sizzen fen Eelkje die Klaes oan. De triënnen stoene him yn 'e eagen; drôefheid en blydskip, takomstich lök en de forsiking dêrta ôfwîze, alles rûn throch enoär. ‘Né, Eelkje,’ sei er op 't lêst, ‘dêrta is der yn 'e lêste tiid to folle bard: wy rinne nou to fier út enoär. Skande en eärmôede is alles hwet ik jinwirdich bisit; fen myn mem kin ik net skiede, en hwet scoene de minsken sizze, datstou ien fen 'e strjitte opnomd en ta dyn man nomd hieste!’ ‘Ik siikje in man, dy my ljeaf het en dy ik mien dat my fôeget. Dyn mem komt mei dy hjir op 'e pleats.’ ‘Mar jy wite net ho 't mei ús stiet,’ sei Klaes. ‘Myn stjiffaer.....’ ‘Dy saek giet my neat oan!’ foel hja him yn syn reden. ‘Myn pake het my forstaet!’ Klaes wer. ‘Dat is syn skande, dines net!’ sei Eelkje. ‘Ik bin deadearm!’ sei Klaes. ‘Ik net, dat treft den yet al gôed,’ Eelkje wer. En sa dûrre dat petear yet al hwet; mar op it lêst fôelen se elkoär yn 'e eärmen en skriemden en laken tagelyk ôer hjar lök. Hja hieden net sjôen, dat er minsken by hjar yn 'e keamer kamen. ‘Wolstou de tastimminge fen dyn mem wol freegje, eärstou dy forloveste?’ sei in swiere stim; ‘hja is hjir by my!’ en Welstra stoe foär de jonge ljuwe, mei in gesicht dêr de blydskip op to lêzen stoe. De jongeljue wieren by elkoär wei spat. | |
[pagina 75]
| |
Dat wier in wolkom op nij, bitwiske de âlde ljue en it jonge pear. Mem hinge Klaes om 'e hals. ‘Pake het my alles forjown om dyn wille,’ lústere se him sunichGa naar voetnoot(1), ‘ik moät by him wenje. - O, myn soan, it scil allegeärre oars en better wirde!’ sei se, en hja skriemde as in bern. Klaes en Eelkje trouden, boërken op Binnenrêst en hieden lök yn romme miëtte. En nou is myn forhael út. Ien wirdtsje yet. Wy Friezen ha de namme fen stiifkoppen, en ik leau, alhiel net sûnder reden. Op syn stik stean, is bêst, mar al to, dat giet net. Yn 'e minskemaetskippij komt alles net altiid sa gôed yn oärder as yn dit forhael.
Bleeksma. |
|