Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 48]
| |
Ald en nij.Do 't pakeGa naar voetnoot(1) yet feintGa naar voetnoot(2) wier en beppeGa naar voetnoot(3) yet faem,
Do wier 't allegeärre net heal sa foärnaem
En deftich as nou.
Men neamde elkoar dou;
Gòed dei en gôed weiGa naar voetnoot(4), en dêr gyng it mei ou.
Do wieren de minsken rounboärstich en plat,
Hja neamden ienfâldich in kat mar in kat.
Nou wirde se boas
En lûke oan'e noasGa naar voetnoot(5)
Oer echtfrysce wirden, - mar net ôer hwet oars.
Do gyng ek in bôer yette klaeid as in bôer,
En stedskompliminten der mocht er net ôer.
Hwet röppe se nou?
Mynhear en jiffrou!
Tsjin bôer en bôerinne, ho lompen en grou.
Do bleauwen de bôer en bôerinne by honk
En soärgen dat thiisdeis de bûter net stonk.
Hja wieren yn 't spierGa naar voetnoot(6)
Jouns let en moärns ier,
En rieden mar inkeld ris út for plezier.
Do wieren de frouljue for 't wirk net to swak;
De bôerebern stiene for boaden yn 't plak.
Nou pronkje se swiid
En slite de tiid
Mei sjongen en spyljen, gejei en geryd.
Do spilen gjin klútsköppersGa naar voetnoot(7) op it toaneel
For greef of baron yn in slot of kasteel,
Mar do waerden se ek
Fen wîzensGa naar voetnoot(8) net gek,
Mar hâlden de pîpen hwet mear yn 'e sek.
Do stelde de Fries yn syn tael yet in ear;
Dêr kaem er mei del by de greatste mynhear.
Dat liket nou neat!
Nou binne se great
Op healbakken hollânsk, ho bryk en forkeard.
| |
[pagina 49]
| |
Ei Friezen, bljuw Friezen! brûk jimme forstân,
En helje dat frjemde lawaei net yn 't lân;
Oars komt it, sa wier!
Thröch jimme sa fier,
Dat ik leau, de leare fen Darwin is wier.
Do 't pake yet feint wier en beppe yet faem,
Do wier 't allegeärre net heal sa foärnaem.
Foarútgong! is nou
It röppen al gau,
Mar 't falt yn in hele bôel dingen hwet ou.
Waling Dykstra.
|
|