Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijGreate PierGa naar voetnoot(*).Ha je wol ris heard fen dy greate Pier?
To KimswertGa naar voetnoot(4) dêr het er wenneGa naar voetnoot(5);
Mar as er gjin krychsman fen bôer wirden wier,
Wy scoene syn namme net kenne.
Dy Pier dat wier
In kearel great en swier;
Hwet rûch fen hier en bird,
Hy lôek for Fryslân en frijdom it swird.
Hongerige pôepen dy swalken thröch 't lân
To barnen, to rôven en stellen;
Dy stieken ek Pier syn huzing yn 'e brân,
Hwêrby se him alles ûnthellen.
Do wier ús Pier
Hast kôegelsGa naar voetnoot(6), siker wier:
Hwa helpt in hantsje mei,
Dat ik dy pôepen ta Fryslân út jei?
| |
[pagina 47]
| |
Do wieren dêr to Kimswert en Arum wol mear
Mishânle, grimmitige bôeren;
Dy seijen: Wy stappe mei elkoärren gearGa naar voetnoot(1)
En Pier hie dy heap to bistjûren.
Hwent Pier dy wier
Ysbaerlik great en swier,
In kearel fen syn wird,
Elk hie ûntsach for syn stimme en syn swird.
Do gyng it der op lös op 'e Sudersé,
Dêr kaepten se hwet se mar founen.
En de Hollânners, dy 't se dêr krigen, o wé!
Forsûpten se as katten en hounen;
Hwent Pier dy wier
Hwet bötGa naar voetnoot(2) en rou, dat 's wier!
Hy makke rûme baen,
It wier om frijdom for Fryslân to dwaen.
De hêrtoch fen Gelder sei: Ik hab it plan,
De Friezen dy wol ik bifrije.
Do sei greate Pier: Wel, den binn' jy myn man,
Der mei ik jo ljeäver om lije.
Do wier ús Pier
Oan 't fjuchtsjenGa naar voetnoot(3) let en ier.
Hy holp de hertôch mei,
En jage Pôepen en Hollânners wei.
Mar de Gelderskman wier in falske skarlúnGa naar voetnoot(4),
Dy hie 't sels op Fryslân bigrepen.
Hy laetteGa naar voetnoot(5) de Kimswerter bôer om 'e tún,
Mar dy kaem al efter syn knepen.
Do wier ús Pier,
Net mâlle mak, dat 's wier:
Dy kearel brekt syn wird,
Ik lit him strike; der hinget myn swird!
Hy wier fen dat fjuchtsjen en rôven gjin frjeun;
Hy die 't om de frijdom to tsjinjen.
Hy wier by de plôege en syn fé ljeäver bleaun.
Nou gyng er nei SnitsGa naar voetnoot(6) ta to wenjen.
't Is wier, dat Pier
Hwet ûnbihouwen wier;
Mar earlik by syn wird.
Hy lòek for Fryslân en frijdom it swird.
Waling Dykstra.
|
|