Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijMyn tsjamke.Op in winter-sneintojounGa naar voetnoot(1)
Hie 'k de redens ûnder boun,
'k Ried yn ien minút of twa,
Nei 't Wölsmer keätting ta.
Dêr seach ik lytse Tsjamke,
Myn Tsjamke, myn Tsjamke;
Dêr seach ik 't ljeafste famke,
Dat ik oait kennen ha.
'k Tröf hjar oan dêr op 'e baen.
'k Seach hwêr 't hjar om wier to dwaen,
En ik wier ek net sa slûchGa naar voetnoot(2),
Dat 'k hjar myn hân net jôech.
Do ried ik hwet mei Tsjamke,
Myn Tsjamke, myn Tsjamke;
't Wier swiid, ho ljeaf dat famke
Hjar hân yn mines slôech.
Mannich feint ried mei in faem;
Mar as 't yn 'e hölle 'm kaem,
Ried er wer by de iene wei
En naem in oaren mei.
Mar ik ried mei myn Tsjamke,
Myn Tsjamke, myn Tsjamke,
En mannich aerdich famke
Wier dat sa yn 'e wei.
'k Gyng mei hjar de herberge yn,
'k Easke dêr hwet brândewyn.
Mar do 'k mei nei hjarresGa naar voetnoot(3) ried,
Do wier se earst op 'e thriedGa naar voetnoot(4).
Do frijde 'k hwet mei Tsjamke,
Myn Tsjamke, myn Tsjamke,
Sêftsedich as in lamke;
Hwet praetten wy do swiet.
Talsma, Vös en Kastelein
Woanen prîzen fier en hein;
Mar hwa riedtGa naar voetnoot(5) hwet ik wol woan,
Dy selde sneintojoun?
Ik woan it hert fen Tsjamke,
Myn Tsjamke, myn Tsjamke,
Ik woan it ljeafste famke
Fen heel de frysce groun.
Hja naem my böppe al for karGa naar voetnoot(6).
'k Hab it nou al klear mei hjar;
As de maitiid komt yn 't lân
Forbynt ús de echtebân.
Den trou ik mei myn Tsjamke,
Myn Tsjamke, myn Tsjamke;
Den trou ik 't ljeafste famke
Fen 't hele frysce lân.
Waling Dykstra.
|
|