Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijOebele glûperGa naar voetnoot*).Jelmer (zoon van Tsjalke Pau). Sibbel (huishoudster). Jelmer. Dêr scil de dîvel yn slaen! Ik scil ús heit ris gôed it lexum lêze oer syn mâlle bithinksels. En dy Oebele Glûper doarGa naar voetnoot(1) ik ek wol oan; dy scil 'k ek in ourekkenGa naar voetnoot(2) jaen. Sibbel. Dou mast dy bidarje, Jelmer, en döch mei de dölle hölle gjin forkearde setten. Jimme heit het der al oer praet, mar dêrom is 't yet sa fier net. Der wirde sa faek ris plannen makke, dy 't net ta'n útdragen saek komme. Der ken sa gau ris hwet ûnder komme, dat it spil omfier smyt. Jelmer. Nou, mar ik wol dôch ús heit myn miening der ris gôed oer sizze. Sibbel. Bithink dy earst ris efkes. Wy matte stadich oan, den brekt de line net. Wy matte de âlde mei de sêfte teugel ride, den is er bêst to brûken. En ik wol leauwe, dat 'k mei Oebele Glûper wol hwet wirde ken. As ik mar ris mei him ûnder fjouwer eagen komme ken, den scil 'k him ris hifkjeGa naar voetnoot(3) om wys to wirden hwet er yn syn skild fiert. 't Ken wêze, dat er hjir dalik wol ris komt. Hy wier niis oan 't bidden, ha 'k wol hjerd. Jelmer. Dat scoe 'k wol graech ris oanhjerre wolle. To sizzen, syn bidden net, mar ho 't gyng astou hjir allinne mei dy kearel oan 'e slach wierste. Sibbel. Ja, mar wy matte just ûnder fjouwer eagen wêze; der mei gjin thrêddeGa naar voetnoot(4) by. Jelmer. Ik scoe my wol kûsGa naar voetnoot(5) hâlde. Sibbel. Dat kenst ommers net dwaen, mei dyn bluisterigeGa naar voetnoot(6) hölle. Dou bist altiid sa gau op 't einGa naar voetnoot(7), en den sjuchst neat oan. Sa scoest ús in heel ein efterút arbeidsje kenne. Jelmer. Né, der scil 'k wol op passe. Ik mat dat oanhjerre en ek oansjeän, as 't ken. Sibbel. Ei, hwet hest mâlle bigripen! - Hark! dêr komt er wrachtich oan yn 'e gong. Meitse nou datst út 'e wei komste. (Jelmer giet yn 't sydkeämmerke. Sibbel giet by de tafel sitten to breidsjen en sjongt.) | |
[pagina 36]
| |
It libben lêstGa naar voetnoot(1) my wûnder skoan;
Ik wit fen gjin forthriet;
En fen de moärne ta de joun
Sjong ik altiid myn liet.
En komme soärgen my bynei,
Den dûnsjeGa naar voetnoot(2) 'k dy mar út 'e wei.
Ja, 't libben lêst my wûnder skoan.
Ik sjong altiid myn liet.
Oebele Glûper, (een schijnheilige deugniet, die zich bij den eenvoudigen, goedgeloovigen Tsjalke Pau, boer-rentenier, heeft ingedrongen,) ynkommende. Fij, Sibbeltsje! sjonge jy al wer sa'n îdel lössinnich lietsje? Sibbel. Ja, Salveda, as my neat yn 'e wei is, mei 'k graech ris sjonge. Oebele (giet by hjar sitten). Och, myn ljeave sloof! hwet prate jy fen neat yn 'e wei? As jy ris ta 't ynsjeän komme mochten fen jou geastelike ellindichheid, den scôe der jo sök sjongen net om 't hert wêze. Sibbel. Ik bin sa moai fleurich útfallen, dêr ken 'k neat oan dwaen. Dat mei ek sa fölle kwea net, scoe 'k sizze. Oebele. Och, Sibbeltsje, jy witte net hwet jy sizze. Hwet scoe 't my in hearlike forkwikkinge for de siele wêze, as jy ris thröch genade tabrocht wirde mochten ta dat kleine kuddeke fen des Hearen útforkoren fölk. Dat is myn winskjen en myn bidden, sa lang as 'k yn dit hûs wêst habGa naar voetnoot(3). Sibbel. Bidde jy for my, Salveda? Oebele. Jaaa! alle dagen en alle nachten. Sibbel. Ik hie net thocht, dat jy safölle drökte om my makken. Oebele. Jaaa! Ik stel in bôel bilang yn jo, Sibbeltsje. Yn 't natuerlike binne jy, yn myn eagen, in fix frouminskeGa naar voetnoot(4). Den hâld ik wezentlik fölle fen jo. As wy nou yn 't geastelike ek mei 'noar ynstimme koene, dat scoe my in dierbere sake wêze. (Hy pakt hjar hân mei syn beide hannen beet.) Sibbel. Hou man! jy knipe my. Dat döcht my sear. Oebele. Och heden! dat wier myn dôel net. Mar ik kaem sa yn in sielsforrukkinge. (Hy leit syn hân op hjar earm.) Sibbel. Hwet mat dy hân dêr? (Jelmer kipet nou en den om 't hoekje fen de doar.) Oebele. Myn oandacht fôel sa op it gûd dat jy dêr oan ha, - hwet der al net útfoun wirdt om de îdele sinnen fen de wereldse minske to strelen! (Hja skikt hwet fen him ou; hy skikt wer neijer by hjar.) Sibbel. My thinkt oars, wy matte mar prate mei de mûle en de hannen thús hâlde. Oebele. Jaaa. Mar ik sjuch der noait net fölle fen, hwent ik think der noait om. Mar as 'k jo sa op en del sjuch, den stean 'k forsteld, hwet nuvere optoaisels as jimme langerGa naar voetnoot(5) habbe. (Hy leit hjar de hân op 't skouder; hja wartGa naar voetnoot(6) him ou.) Sibbel. Hark ris, Salveda! ik wol wol ris mei jo prate ôer hwet oars. | |
[pagina 37]
| |
Scoe Tsjalke Pau nou in man wirde wolle fen twa wirdenGa naar voetnoot(1)? It wier al fêst, en de bôer hie syn tawirdGa naar voetnoot(2) jown, dat it mei Halbe Doaitses en Gelske trouwen wirde scoe. En nou is sa mar yn ienen it praet opkomd, dat jou hjar habbe scille. Ho sit it dêr mei? Oebele. Jaaa. Hwet scil 'k dêr fen sizze? Tsjalke het der al tsjin my oer praten. Hy scoe dat wol graech sjeän. Mar dat famke is yet hwet jong en nöchteren. Ik for my scoe den eigentlik my ljeäver forbine wolle oan in frouminske dy hwet mear jiërren hie, dy 't hwet bigearderGa naar voetnoot(3) wier en hwet mear ûnderfining hie. Ik for my hie den oars by my sels al in oare keuze dien. Dat siz ik tsjin jo, Sibbeltsje; dat mei oars gjin ien witte. Sibbel. Jy nimme fen sels ljeäver ien, dy 'tGa naar voetnoot(4) ta dat lytse kuddeke bihjert. Oebele. Jaaa. As 't sa wêze koe en woe en mochte! ôch heden jaaa, den scoe my dat in dierbere sake wêze. Mar min is den oan de oare kant ek al wer in minske fen flesk en blôed. It moaije, dat út de natuer foärtkomt is ommers ek it wirk fen de Skepper. Dêr bin ik net ûngefôelich for. Sibbel. As ik dat nou gòed begryp, Salveda, den wolle jy sizze, dat jy in moai jong frouminske lang net mei ûnforskillige eagen oansjugge. En nou mat ik jo earlik forkleärje, dat hie 'k foär jou doar net socht. Ik hie my altiid foärsteld, dat sa'n man as jou der suver neatGa naar voetnoot(5) ûnder to dwaen hie. Ik thocht dat jy altiid oer geastelike saken mimeren. Oebele. Al het min jimmer yens oandacht festige op de geastelike dingen, dêrom hôeft min net blyn to wêzen for it moaije dat min alle dagen om yen hinne sjucht. Al is dat îdel en forgonkelik, it is dôch in biwiis fen de greate gôedheid en wysheid, dy 't altiid thröch for 't minskdom soärget; for de boazen allike fölle as for de gôeden. De hele skeppinge is in kostlik stik wirk, en it pronkstik fen de skeppinge is in moai jong frouminske. En om jo nou mar de rjuchte wiërheid to sizzen, ik hab noait in jong frouminske kennen leard, dat safölle oantrekkeliks for my hie as jou, Sibbeltsje. Mei jo scoe 'k graech myn fiërdere libbensweiGa naar voetnoot(6) biwânnelje wolle. En as ik nou út jou mûle de forkleärringe hjerre mochte, dat jy my ek tagenegen binne, dat scoe in bysûndere forrûminge wêze for myn gemôet. Hwent ik pak der alle dagen freeslik mei om. Sibbel. Dêr harkje 'k mâl fen op! Sa'n from man as jou! Oebele. 't Kin wol wêze, dat ik in from man bin, mar ik bin dôch ek in man fen flesk en blôed - en gjin ingel. Sibbel. Sa wiis bin 'k wol. Mar de bôer en jou habbe 't ommers al klear, dat jy mei Gelske trouwe scille. Dêrom harkje 'k der mâl fen op, dat jy my mei sökke praetsjes oankomme. Jy wolle fêst gjin twa frouljue ha. Oebele. Twa frouljue trouwe ken ik net, dat forhindert ús lâns-wet. Mar yn ús lâns-wetten is tsjinwirdich in hele bulte, Sibbeltsje, dat yn striid is mei de wiërheid fölgens de SkriftGa naar voetnoot(7). Dat komt omdat it moderne | |
[pagina 38]
| |
ûngelove, thröch de talittinge des Hearen, for in tiidlang de oerhân het yn ús lân. Al hwet oerienkomt mei de Skrift, dat is for my heilige wiërheid. En as 't der nou op oan komt, Sibbeltsje, hâld ik my oan de Skrift en net oan de lâns-wetten, as dy nammentlik yn striid binne mei de Skrift. Ut de Skrift witte wy dat de aartsfaders en oare heilige mannen yn de âlde tiid mear frouljue hawn habbe as ien. - Dêrom sjuch ik der for my ek gjin sonde yn, as 'k mear frouljue nim as ien. Sibbel. It liket my raer ta. Oebele. As jy der ris in geastlik ynsjeän yn krije mochten, den scoe 't jo net mear raer talykje. Sibbel. Ik begryp ek net, ho 't jy dat ûnderlizzeGa naar voetnoot(1) scòene. Oebele. Sjuch, Sibbeltsje, ik hab in geastelike roepinge om mei to wirkjen oan de útbreidinge fen it koninkryk Gôds op ierde, en om de wiërheid fölgens de Skrift ûnder it fölk to forsprieden. Ik mat it stichtsjen fen kristelike skoällen mei foärthelpe en ik wol hjir yn 't doärp in spreklokael bouwe, dêr 't ik it woord yn forkindigje ken. Mar dêr mat jild ta wêze en dat hab ik net. En nou het de Heare my de wei oanwiisd, dy 'k gean mat om jild to krijen. Ik mat mei Tsjalke Pau syn dochter trouwe. As 'k mei Gelske troud bin, den easkje hjar memme kaptael op. Den bou ik hjir in nij hûs, dêr 't wy yn gean to wenjen, en in spreklokael, dêr 'k sneins yn preekje ken. En den, thocht my, moästen jou by ús wenje for faem, Sibbeltsje. En as jou en ik den yn de geast des Hearen mei 'noar forienige binne, den scil ús forieninge net sondich wêze. Sibbel. O jawol! den wolle jy my habbe ta jou bywiif. Oebele. Jaaa, - dat is eigentlik de rjuchte namme der for, Sibbeltsje. Ik hab der in lange tiid in freeslike striid ôer hawn yn myn binnenste, mei suchtsjen en bidden. En op 't lêst hab ik ljocht krige; do is 't my sa klear wirden as de dei, dat it my allike frij stiet as de aartsfaders by âlds, om in bywiif to habben. Tsjalke syn dochter, dat jonge bernhaftige fanke, het for my neat gjin oantrekkeliks; ik mat hjar nimme om oan jild to kommen. Mar jou binne de útforkorene fen myn hert, Sibbeltsje. Hwa wit, asGa naar voetnoot(2) de Heare 't sa net biskikt, dat Gelske gau komt to stjerren, as ik mei hjar troud bin. (Hy skikt ûnder 't praten yette neijer by hjar en leit hjar de hán op 't skouder. Jelmer komt út it keämmerke wei setten en pakt him by de krage en skûrt him fen 'e stôel.) Jelmer. Nou is 't moäijernôch, falske snaek aste biste! (Oebele skûrt him lös en makket dat er foärt komt.) Jelmer röpt him nei. Ik scil ús heit for dy warskouwe; dou krigest myn sister, by wolwêzen, net, gemiene rakkert! Sibbel. Ik hie der al soärch for, datstou wer to foarbarich wêze scoeste. Dou hest my 't gêrsGa naar voetnoot(3) foär de foëtten wei meand; ik wier der krekt oan ta om him in fixe ourekken to jaen. Jelmer. Nou, hwet divel! hwa scoe sa'n tael as dy kearel der út sköpte, langer kôelblôedich oanhjerre kenne? Unbisköfter ha 'k it yn lang net hjerd. | |
[pagina 39]
| |
Och! ôch! Mar ik bin dôch bliid, dat 'k it oanhjerd hab; nou wit ik den for gôed, hwet er yn syn skild fiert, dy skynheilige dîvel! Hy mat foärt, ho eärder ho better. Wist ik nou mar in middel om ús heit yn 't gelove to krijen. Dat wirdt in taeije sneedGa naar voetnoot(1). De âlde het tsjûke skilenGa naar voetnoot(2) oer de eagen. Koene wy dy der mar ou lichte. Sibbel. Dêr scil ik wol mei ta helpe matte, wol 'k leauwe. Mar hark! dêr komme jimme heit en hy togeärre oan. Jelmer. Dat 's gôed. Den ha wy de libbene by de deade. Tsjalke en Oebele komme yn. Tsjalke. Jelmer! Salveda fortelt my, datstou him op in skandlike menaer biledige heste. Jelmer. Ik wit net, ho 't dy kearel hjir wer komme doar. Hy het jo fölle skandliker biledige as ik him. Hy wier my niisGa naar voetnoot(3) efkes to gau. Ik hie him graech thige hwet op syn baitsje jaen wold, hwent dat hied er fortsjinne. (Sibbel giet foärt. Oebele stiet, wylst Jelmer praet, mei de eagen foärdelGa naar voetnoot(4) to sködhöljenGa naar voetnoot(5). Tsjalke. Kom, kom! ik scoe mar hwet ynbineGa naar voetnoot(6), as 'k dy wier. Jelmer. Heit, ik woe wol om fiifentweintich goune, dat jy niis op 't plakGa naar voetnoot(7) wêst hiene, dêr 't ik wêst ha. Hwent ik ha soärch, jy scille my lang net leauwe wolle. Jy sjugge dy ûndogensce stjonkert oan for in heilige, in ingel, dy 't jo fen heger hân tastjûrd is. Hy kaem hjir in poas lyn yn 'e keamer, do foun er Sibbel hjir allinne, en by wist net, dat ik dêr yn 't sydkeämmerke wier. En do hied er in hele bulte sleauwe praetsjes mei dy faem en hy koe de hannen ek net fen hjar ou hâlde. Hy woe wol mei hjar frije, mar bja warde him ou. NammersGa naar voetnoot(8) to hjitterGa naar voetnoot(9) waerd hy. En op 't lêst het er forkleärre, Sibbel wier de útforkorene fen syn hert, en Gelske scoed er nimme om oan jild to kommen; mar as er mei hjar troud wier, hope er, dat se gau stoarGa naar voetnoot(10). Oebele (sködhöljende mei de eagen foärdel.) Hwet ken de godloasheid al hwet opthinke om in gesalfde des Hearen to lasterjen. Tsjalke. It is freeslik Jelmer, hostou yn de ûndogenskheid foärtgietste. Jimme binne mar lilk omdat ik dizze man yn 'e hûs nomdGa naar voetnoot(11) ha, en nou fitertGa naar voetnoot(12) de satan jimme mar oan om him to bikladsjen. Jelmer. Ik thocht wol, jy scoene my net leauwe wolle. Mar ik wit net, ho 't dy kearel hjir wer komme doar, wylst er wit, dat ik alles hwet er foärfallen is, oanhjerd en oansjôen hab. Ik ken mar just myn hannen fen dy skobbert ou hâlde. Tsjalke. Jelmer, dou mast ophâlde, en oars wirdt it minder. Oebele. Brôeder, meitse jo mar net hjit. Jou soan seit, hy wit net, ho 't ik hjir wer komme doar, - krekt as ik bang fen him wêze scoe. Ja, jongkearel, ik moäst hjir wer hinne, hwent ik hab dy hwet to sizzen. | |
[pagina 40]
| |
Dou kenst my bilasterje en bilîge safölle ast' mar wotte. Dou kenst my biskimpe en rare nammen jaen en ûtskelde for alles hwet gemien en úndogensk is. Dat komt my net oan 'e kâlde klean, hwent ik bin in útforkoren fet. Mar dy selsGa naar voetnoot(1) steapelste in fracht fen ûngerjuchtichheid op dyn konsjensje, dy 't freeslik is. En dy scil dy ienkear op dyn siele komme to barnen. Och! ôch! As 'k der gôed om think, giet it my thröch ieren en sinenGa naar voetnoot(2). Jelmer. Forrek om myn part! Tsjalke. Jelmer! Jelmer! bist nou alhiel thröch alles hinne? Hest dyn geweten mei in barn-îzer taskroeid? Brôeder, siz mar neat mear tsjin him, hwent it stuitet dôch op him ou, as in drip kâld wetter op in gleanhjitte stien. Oebele. Ik scil for him bidde yn myn iënlikheid. Jelmer. Dat hôeft net, mislike birôerdling! Tsjalke. Jelmer, wost nou ek ris ynbine? Jelmer. Ik scil him yet wol ris.... Tsjalke. Dou mast dy stil hâlde, siz ik dy! Jelmer. Ik my stil hâlde? En dat om dy smoärge kearel? Tsjalke. Ast' nou yet ien wird seiste, den smyt ik dy hjir fjouwerkantich ta de keamer út. Oebele. Och, brôeder, bidarje jo mar en bigean gjin ûngelökken. Ik ken wol hwet fordrage, en hy scil 't wol swier genôch to forandwirdsjen krije. Tsjalke (tsjin Jelmer.) OerkomlingGa naar voetnoot(3) aste biste! Oebele (tsjin Tsjalke.) Stil mar! wy matte yn ús iënlikheid for him bidde. Tsjalke (tsjin Jelmer.) Mat sa'n tael fen sa'n man dy nou net by 't hert krije, greate dogeneat? Jelmer. In greate dogeneat is hy. Tsjalke. Stil, siz ik dy! Jelmer. Ik hâld my net stil! Tsjalke. Dou komst dôch net ta dyn dôel; hwent ik wit heel wol, hwêr 't om is to dwaen. Jimme wolle Salveda der út wrotte, dêrta spanne jimme allegearre mei enoar yn. Myn bern en myn faem en myn sweager binne allegeärre fûlGa naar voetnoot(4) op dizze man, en den scil dy frijer, dy Halbe, der sines ek wol by dwaen. Jimme scoene my de hölle wol föl blaze wolle fen alderhânne rarichheden, om my sa fier to krijen, dat ik Salveda foärt stjûrde. Mar dat scil jimme net lökke. Sa fûl as jimme op de man binne, sa stiif stean ik der op, dat er hjir bljuwe scil. Ik scil der hird mei skrippe om de trouwerije fen Salveda en dyn sister mar gau klear to krijen, om jimme allegeärre in bril op 'e noas to setten. Jelmer. Mien' jy den, dat jy Gelske dêr ta thwinge kenne? Tsjalke. Ja dogeneat! dat scil 'k dy sjeän litte. Hjúd de deiGa naar voetnoot(5) scil 't spil yet yn wirking. Ik jouw om jimme allegeärre neat; ik bin hjir de baes fen 't hûs, dat scil 'k jimme wys meitse. Ik mien it net forkeard | |
[pagina 41]
| |
en dêrom kin 'k gjin dwersdrjuwery fele. As jimme gôed wêze wolle, bin ik ek gôed, mar oars bin 'k lang net mak. Dou meist Salveda wol forjeffenisse freegje for de biledigingen, dyst' him oandien heste. Jelmer. Dy úndogensce snaek forjeffenisse freegje? Ik woe ljeäver, dat 'k fleach. Tsjalke (wirdt springende lilk). BihirdestGa naar voetnoot(1) mar alheel yn 't kwea, stiifkop? Jouw dy hjir weiGa naar voetnoot(2) of dou krigest in pak bruijenGa naar voetnoot(3). Jelmer foärt geande. Ik scil tsjin jo gjin hannen útstekke; mar him hâld ik yn 't each. Tsjalke. Ja, swets mar op! ik scil dy wol fine. Ik scil testamintsje en dy ûntmeitse safölle as de wet my mar talit. 't Ken my neat skele al sjuch ik dy noait wer. Tsjalke. Oebele. Tsjalke. Is 't net thröch alles freeslik, dat sa'n greate jonge jo sa'n smaed oandwaen mat? Oebele. Wy matte de wrake mar oan de Heare oerlitte. Mar 't is my wol freeslike binaud en pynlik for de siele, to fornimmen ho 't se my hjir by jo siikje to bilasterjen. Tsjalke. Ja, dat is binaud. Oebele. As ik bithink ho 't de satan hjar brûkt ta syn wirktugen om my to bistrîden en to kear to gean yn myn heilich wirk, den wirdt it my sa binyptGa naar voetnoot(4) om 'e siele, dat ik der hast ûnder biswyk. Och heden! de sprake bijoutGa naar voetnoot(5) my.....(Hy falt op in stôel del en skriemt.) Tsjalke (rint nei de keamersdoar en stekt de fûst út en röpt Jelmer efternei.) O, dou ôerkomling! dou dogeneat! dou bist efkes to gau foart. Hwet moeitGa naar voetnoot(6) it my, dat ik dy niis net lam en krûm sleinGa naar voetnoot(7) ha. (Tsjin Oebele.) Nou, brôeder, bidarje jo mar, hja scille hjar sin net krije. Oebele (wer hwet bikomd.) Jaaa brôeder, mar ôch heden! ik bin hjir de oanlieding ta in hele bulte twadracht en deilisskipGa naar voetnoot(8) twisken jo en jou fölk. Ik bithink dêr sa by my sels: scoe dat ek ris in oanwîzinge for my wêze kenne, om de striid mar op to jaen? Scoe 't net best wêze, dat ik hjir mar wer wei gean? Tsjalke. Dat mien' jy fêst net. Oebele. Hja kinne hjir yn 't doärp wol safölle kwea fen my útstruije, dat ik hjir net mear mei frucht wirksum wêze kin. Tsjalke. Ei kom, kom! dat scil ik de gôedmienende minsken wol oars bitsjutte. Oebele. Ja, mar ôch heden! de laster wol sa graech wirtel scjitte yn 't bidoarneGa naar voetnoot(9) minskehert. As in ding hjûd forteld wirdt en moarn ris wer en ôermoarn al ris wer, - den wirdt it op 't lêst al leaudGa naar voetnoot(10). Tsjalke. De wiërheid scil de ljeagen op 't lêst altiid ôerwinne. Oebele. En mogelik leauwe jy sels op 't lêst dy praetsjes ek. | |
[pagina 42]
| |
Tsjalke. Né, noait myn gôede man! Oebele. 't Liket my bêst ta, dat 'k mar foärt gean; den is de praterij út. Tsjalke. Nou, mar dat wol ik net lije. Jy matte hjir bljuwe. Oebele. As 'k fêst op jo fortrouwe kin, den wol 'k hjir ek wol bljuwe. Den mat ik de laster de hölle mar biede. Tsjalke. Wel wis kenne jy fêst op my fortrouwe. Oebele. Den is 't gôed. Mar nou mat ik foärt-oan mar hwet op myn hôede wêze for jou faem. Paulus seit net forgees, min mat yen wachtsje for 't kwea net allinne, mar ek for de skyn fen 't kwea. Sjuch, ik gyng de gong lâns, do hjerde 'k de faem hjir yn 'e keamer sa 'n îdel wereldsk sankje sjongen. Do fielde 'k my geroepen om ris nei hjar ta to gean en ris mei hjar to praten ôer 't greate bilang fen hjar ûnsterflike siele. Mar dêr wier se net ûntfankelik for, hja bislôech it mei de gikGa naar voetnoot(1). Do sei 'k der yette mear fen en 'k pakte hjar mar ris gôed oan, mar it foun gjin yngong. Hja hie mar mâllichheid en laffe praetsjes. Do waerd ik op 't lêst ek al hwet skerp. En dêr habbe se nou oanlieding yn foun om my sa to bilasterjen. Dêrom siz ik, ik mat my for jou faem mar hwet mije. Tsjalke. Dat hôeft net. As jy gelegenheid fine om hjar ris to formoänjen, den matte jy 't net litte. De laster ken dôch altiid hwet bithinke; dêr is net for op to passen. Oebele. Hwet ik nou yette sizze woe. It spreeklokael dat 'k hjir winskje to bouwen, dêr wol 'k graech earstdeis mei bigjinne. Jy habbe my fiifthûzen gouneGa naar voetnoot(2) taseinGa naar voetnoot(3) en dit hûs mei 't plak groun dêr 't op stiet, - oars net? Tsjalke. Ja, dat hab ik jo tasein en dat scil ek thröchgean. Yn ienen mar. Jy krije in skildbikentenisse fen my, dat jy fiithûzen goune fen my to foärderjen habbe, en 't eigendomsrjucht fen dit hûs mei 't plak groun scil op jou namme ôerskreaunGa naar voetnoot(4) wirde. Kom, wy matte dalik mar nei notaris ta; as 't yn oärder is den is 't yn oarder. Den ken gjin ien jo mear hwet leare. Oebele. Och, myn ljeave brôeder yn de Heare! Nou sjuch ik dôch, dat ik wol op jo fortrouwe ken. Tsjalke. Ja, brôeder! wy binne oan elkoär forboun mei bànnen, dy thröch ierdsce machten net forbritsen wirde kenne. Waling Dykstra. |
|