Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijDe toalfte maeije.As er ien dei yn 't jier is fen onrêst, den is 't de toalfte maeije. Den wirdt, om sa to sizzen, de wrâldGa naar voetnoot(3) ris throch enoär sködde. Mannich hear lit in feintGa naar voetnoot(4) gean en mannich frou in faem, dêr se tsjin wille en thank in jier mei oanhoaidGa naar voetnoot(5) habbe; mar ek mannich feint en faem forlitte hjar tsjinst mei de hope, dat se 't yn de nije better krije scille, dat se net mear alle dagen hjar útflökkeGa naar voetnoot(6) hôeve to litten of mei in skrale kost ta matte. Wer oaren smite de lappen by enoär en wirde man en wiif, om yn pleats fen altiid for in oar to ezeljen en forgraud en forsnaud to wirden, dagen fen lökGa naar voetnoot(7) en wille mei enoär to sliten, of - om mei in koärte tiid tobekGa naar voetnoot(8) to thinken oan de fette tafel, dy se môedwillich farwol sein habbe, en de dei to forwinskjen dy hjar forboun. De toalfte maeije is in dei dy fen de iene mei blydskip tomiëtteGa naar voetnoot(9) sjôen wirdt en fen de oare mei nôed en soärch forwachte. Hjir mat ien, throch syn eigen wanoppassen of throch tsjinrinGa naar voetnoot(10) yn syn saken, in hûs forlitte, dêr er to wrâld komd en opwoechsen is; dêr is ien der ôer bikommere, hwêr 't er, as er syn tsjinwirdige wentGa naar voetnoot(11) romje mat, in hinnekommen fine scil. Onder dizze lêste heärde ienkear Wigle Kwanseler, keäpman yn hinnen en hoännen, fellen, bonken, fodden, âld îzer en al sök spil. Dy man biwenne, mei syn dochter, dy syn húshâldster wier, en in mânljuesskroarGa naar voetnoot(12), dy by him yn de kost lei, it iene ein fen in hús, dat taheärde oan in pear bijiërre minsken, dy fen de rinten libben en sels de oare ein biwennen, dy gâns oansjeänliker wier as Wigle en hjarsGa naar voetnoot(13) went, dat to foaren in bûthús wêst hie. De ljue hiene der wol ris nîget oan, dat Melle en Gelbrich sa'n húshâlding onder hjar dak ha woene, hwent it wier dêr by Wigle en hjars in thige rûzige bôel. As min yn de gong kaem, | |
[pagina 23]
| |
moäst min mar om yen hinneGa naar voetnoot(1) sjeän hwêr min stapte. Dêr stie foärearst in keninehok, mei in heap gêrsGa naar voetnoot(2) er böppe op, en in âld kôer mei raepskrûd, koälsblêdden en îër'appelskilen der by; hwet fiërder stie in greate boaits mei bonken, dy net in al to bêste rook fen hjar gean lieten; en dêr hingen in pear skealjen by, om de bytsjes, dy sa by de dei lâns fen de bidlers ynkocht waerden, dêr op to weagen. Wigle like moai gôed op de bakker syn earlikens to bitrouwen, hwent by gebrek fen in fiifpounswicht brûkte en follentiids in heäl brea; mar as dat ek al ris hwet to licht wier, dat wier for Wigle yn 't bonk-weagen gjin skea. Yet hwet fiërder, yn in hoeke efter de keamersdoar, lei in heap âld izer, dêr fen alles by to finen wier, hwet in smid hy enoär wit to meitsen. Hjir en dèr oan de mûrre hinge in stik fen in âld gereid, in sek mei feärrenGa naar voetnoot(3), in bosk âld tou en al sa hwet. Kaem min yn de keamer, dêr wier 't ien tôet memGa naar voetnoot(4)! Dêr hingen koërren mei fûgels oan de souder; skiëppefellen en keällepoaten leine er onder 't kaminet; efter de skerm stie follentiids in pôt mei hyngstefet, dêr de houn, sa faek as 't him yn 't sin kaem, in hipe út helle, en 't hele hûs throch tôge. Koärt-om: as min âld gûd en smoärch gûd sjeän woe, den moäst min by Wigle Kwanseler wêze. Dêr siet Eabe skroar deis midden yn, mei in ring fen lappen en knipsels om him hinne, om de bôerefeinten hjar nije klean by enoär to rippen; en Hoätske, in frouminskeGa naar voetnoot(5), dat net folle skreauGa naar voetnoot(6) hie, grûze dêr yn om. As hja 't hûs ris opskrobje scoe, den bleau alles stean dêr 't stie en dêr striek hja mar hwet mei de luiwagen en de dweil omhinne. Nou, sa'n spil yn yens hûs to habben, min scoe sizze, dat scoe Melle en hjar to min wêst habbe, en bûten dat, it hûs woun er ek net fen ôerGa naar voetnoot(7). Hja hiene der oars sa sonders gjin lêst fen, hwent hja wieren alheel fen enoär skaetGa naar voetnoot(8), throch dat se foar en efter elk in útdoarGa naar voetnoot(9) hiene, en de doar, hwêrthroch se fen binnen ta 'noär rinne koene, siet altiid ta; dêr hiene Melle en hjar oan hjar kant in thige kileGa naar voetnoot(10) op. Mar dôch it wier net aerdich, sa thichte by enoär. Melle hie der ek wol ris fen praten om Wigle de went op to sizzen; mar as 't er op oan kaem, wier hy gjin heal baes; syn âld wiif hie de brôek oan. Foär 't er troude hied er neatGa naar voetnoot(11) yn 'e wrâld, en hja hie in skoan kaptael. Gelbrich hie op hjar âlde dei yet sin oan in man, en Melle wier forlegen om in gôed hinnekommen, sadwaende wieren se mei enoâr rêddenGa naar voetnoot(12); alteast min moäst hast wol thinke, dat it him allinne om 't jild to dwaen wier, hwent hja wier al in great sechstich jier en hy yet gâns onder de fyftich do se trouden. Nou waerd er wol sein, dat Melle ek wol graech ris in grien blêdtsje slineGa naar voetnoot(13) woe, as er gelegenheid hie; mar licht kaem dat praet ek wol meast út Gelbrich sels foärt, hwent hja wier alderheislikste jalôersk; as hy mar ris in jong frouminske rjucht op en del oanseach, den wier 't al | |
[pagina 24]
| |
pik yn 't fjûr. It wier in thige boaze fekkeGa naar voetnoot(1); om him gôed onder de plak to hálden, hie se 't mar by hjar sels fêststeld om alles hwet hy foärstelde mei geweld tsjin to kearen, en dêr hie Wigle Kwanseler it den ek oan to thankjen, dat er yet altiid yn de went bleaun wier. Mar hy wenne ek net forgees; fjirtich goune hier fen in fôechGa naar voetnoot(2) keamer en in eintsje gong, dat wier yet al hwet. It hierjaenGa naar voetnoot(3) gyng ek altiid net allike flot, mar hy skeukte 't den dôch mei de tiid al wer klear; hy fortsjinne yet al in hopen jild mei syn kwanseljen. It roän wer tsjin maeije, en Wigle sette him wer nei bliuwen; de went wier him net opsein en 't stie allegeärre gôed twisken de húsheärre en him. Eabe skroar en Hoätske scoene de maeijes trouwe, en dy scoene den sa mar by him wenjen bliuwe. Mar in wike mannich foar maeije barde er in set, hwêrthroch it blêd alheel omkearde. Wigle hie der gau ris lêst fen, dat er nachts fen de nachtmêrje pleage waerd. Dat wier bare lêstich en al hwet er dêr tsjin die, holp him neat. Hy sette jouns de töffels al mei de hakken nei 't bêd en lei de hoäzzenGa naar voetnoot(4) mei de foëtlingen op 'e stôel; mar dat wier allegeärre allike folle. Hja joegen him ek to rieden, hy moäst moal op 'e stôel struije, dy foar syn bêd stie, den koe de nachtmêrje net wer fen dy stôel ôf komme, en den koe hy hjar winskje hwèr er hjar habbe woe. Dat doärst er yn 't earst net rjucht weagje, mar op 't lêst gyng er der dôch ta oer. It die lykwol ek al gjin fortutenGa naar voetnoot(5); de nachtmêrje kaem as 't hjar paste, pleage him sa lang as 't hjar gôed thocht, en den striek se wer ôf. Eabe skroar sliëpte by Wigle yn de keamer en Hoätske hie hjar sliëpsté yn de gong; mar dy fornamen allebeide neat fen de nachtmêrje, dat Wigle danige màl talike; hwent hy heärd' se soms wol yn de gong oankommen, as se dèr yn 't âld gûd omskommele. Hoätske hie lykwol nea hwet heärd, sei se. Nou barde 't ris dat Elske, Hoätske hjar spylfaem, dy by keäpman Sweitse wenne, op in joun by Wigle en hjars kaem en frege as Hoätske dy nacbts net by hjar sliepe woe; de keäpman en de frou wieren út fen hûs, en hja woe net ljeäfst de hele nacht yn dat greate hûs allinne wêze. Nou, dêr hie Hoätske wol sin oan. Do sei Wigle de jouns tsjin Eabe: ‘Hwet thinkt dy, scoe min sa 'n nachtmêrje ek forbjusterje kinne? As ik to nacht ris op Hoätske bêd lizzen gyng, scoe se my den foärby rinne scille?’ ‘'k Wit net,’ sei Eabe, ‘dat slaen 'k net folle achtGa naar voetnoot(6); mar as 't sa gong, den scoe 't sa wol útkomme, dat ik se krige; dêr hie 'k it net böt op stean.’ ‘Nou, ik woe 't dôch wol ris bisiikjeGa naar voetnoot(7),’ sei Wigle, ‘lit ús den beide yn de gong sliepe.’ Dat like Eabe better ta en dat gyng den ek oan. Eabe sliëpte mei gauwens, dat er snoärke, mar Wigle net; hy wier al to nijsgiërrich om to witten, ho 't do ris mei de nachtmêrje gean scoe. It wier in bytsje nei | |
[pagina 25]
| |
middennacht, do heärde er geskeuk yn 'e gong. ‘Dêr is 't al wer sa,’ thocht er, ‘nou scil ik ris op myn iepenstGa naar voetnoot(1) wêze.’ Hy gyng oerein sitten; de nachtmêrje trape heel foärsichtich de gong lâns. ‘Der binne den ljue,’ thocht Wigle, ‘dy sizze, dat de nachtmêrje oars neat is as dromerij; mar ik bin nou to minsten wol gôed wekker.’ De nachtmêrje kaem neijer en gyng wol bêst de keamersdoar foärby. Wigle switte fen binaudheid en doärst gjin lid forreppe; de nachtmêrje kaem op 't bankje, dat foär 't bêd stie, lei de hannen op 'e bêdsplanke en sei sunich: ‘Hoätske, bist wekker?’ Do wist Wigle net hwet him ôerkaem; dat de nachtmêrje lûdGa naar voetnoot(2) jaen scoe, dat hie er net forwachte, om 't se oars altiid swei as in pôep. Hy hie oars it plan makke om 't ris op 't naedtsje ôf to weagjen, en den oan Eabe to röppen. Mar nou waerd er sa kjelGa naar voetnoot(3), dat hy wist net hwet er die. ‘Eabe! Eabe!’ rôp er, en hast onwillich onderhelle er de hân en die in slach fen siden; dy tröf de nachtmêrje; dy truzele by 't bankje del en kaem yn de âld-îzer-heap to lânne. Dat jôech spil út! dat rottele en dat raesde, as 't hûs yn touwen hinge. Dêr gyng it stinnen en kreunen fen de nachtmêrje mei mankGa naar voetnoot(4). ‘O, myn earm! myn earm!’ heärde Wigle mei in binaude stimme kreunen. Hy kaem wer hwet ta him sels en thocht: ‘Mar dat is gjin nachtmêrje; it is in mânljues lûd; dit is om myn dochter to dwaen.’ Hy grypte môed, sprong, ien, twa, thrije, fen 't bêd, naem dy frjemde nachtraver to pakken en sei: ‘Hwet woestou mei Hoätske?’ ‘Hwet is der? hwet is der?’ rôp Eabe, dy danige kjel to wekker waerd; ‘binn' der dieven?!’ ‘Né, gjin dieven, it is om Hoäts to dwaen!’ sei Wigle. Dat sizzen makke Eabe 't blôed yn ienen hjit. ‘Hwa is dat?’ rôp er. ‘Ja, ik hab him by de flarden, mar hwa 't is, dat wit ik net.’ ‘'t Kin my ek net skele, ik scil him wol op syn kop touwe.’ De frjemde joech gjin lûd mear, mar wardeGa naar voetnoot(5) him wakker om lös to kommen; lykwol hy siet yn Wigle syn hannen wol fêst, en do Eabe der ek yet by kaem, waerd er alheel onderlizzende partij. ‘Stil, stil! ik bin Melle, jimme húsheärre,’ sei er do; ‘lit my gean! ik scil 't gôed mei jimme meitse.’ Hja heärden beide allike nij op. Wigle liet him gau lös; syn húsheärre moäst er wol hwet ontsjeän; mar Eabe wier sa mâl, dy seach neat oan. ‘Al wierst de grytman,’ sei er, ‘dat rekket my net,’ en hy joech Melle in trewinkel om reitsen. Hie dy grap safolle in poas nei Eabe troudei pleats hawn, licht hied er den wol hwet ynskikliker wêst; non woed er syn parrenGa naar voetnoot(6) net fen in oar bithomkjeGa naar voetnoot(7) litte. Do Eabe sa bigoun, feegde Melle ek om him hinne, en Eabe hie wol | |
[pagina 26]
| |
lêst rekke, hwent hy koe Melle lang net ha, en Wigle die der net mear oan. Mar dêr kaem ljocht yn 'e gong, en - o deale! dêr kaem Melle syn âld wiif oan setten mei de lampe yn de hân, en seach as in lieu. ‘Hwet is hjir to rêdden?’ sei se. Dêrop lieten de beide fjuchters de hannen slop by 't liif del hingje; mar nimmen spriek in wird, in Melle wier sa wyt as in deade. ‘Ik siz, hwet is hjir to rêdden?’ sei dat âlde teapertseinGa naar voetnoot(1) wer, en seach Melle oan krekt as se him er throch nimme woe. ‘Och, ik moäst efkes efterút,’ stammere Melle, en do wier 'k sa sliepdronken, dat ik die in forkearde doar op en do kaem ik hjir!’ ‘Ja, lied dou my mar bline hynzersGa naar voetnoot(2) foär de doar! Ik ha 't wol heärd, dat Wigle rôp: ‘Hwet woestou mei Hoäts?’ ‘Ja frou,’ sei Wigle, ‘ik waerd sa kjel to wekker, dat ik hast net wist hwet ik die. Hoätske is net ienris thús.’ ‘Dat het dy dîvel net witten; mar dy gongsdoar dèr het hy wol mear throch wêst, dat ha 'k nou wol yn 'e rekken. Ho scoe hy dêr by forsin throch gean? Der sit altiid in grouwe kile op.’ Melle praette dêr al wer tsjin, mar hja forstie gjin reden. ‘Foärt mar! yn 'e hûs?’ sei se en hja naem him by 't ribstik, threau him foärút en gyng sels him efternei. ‘Dou smoärge loebis! dou hest my mar nomd om dyn gôede dagen; om my joust neat, en den mat er in klearbiezemGa naar voetnoot(3) wêze.’ ‘Den scoene jy miene,’ rôp Eabe hjar efternei, ‘dat Hoätske hjar dêr ta brûke lit? Jy thinke fêst, dat hja sa 'n gekke melappe is as jou, do jy widdou wieren.’ Dat wier pik in 't fjûr. Hja scoe werom, mar Wigle lôekGa naar voetnoot(4) de gongsdoar ta; do raesde 't âld wiif yet al wakker, mar dat hâlde gau op. Melle en hja rekken ek yet ris fjuchtslach deilisGa naar voetnoot(5), en hy kaem net ienris wer op bêd; hy gyng mar hwet op 'e matte lizzen. Mar hwet yet it slimste wier, hy hie syn earm gâns biseard yn 't âld îzer, dêr hied er mei tsjin Eabe wraxele en dêr lei er de nachts sa mar mei ôer 't hûs; dat de oare moärns wier dy earm jimme sa tsjök as in pôt. Syn himds- en onderbaitsjemouwenGa naar voetnoot(6) moästen opsnijd wirde, hy koe gjin böppedingGa naar voetnoot(7) oan ha en hy moäst mei de earm yn 'e dôek rinne. Do hied er in minne tiid; hy doärst út skeämte net op in baen komme en yn 'e hûs hied er it onophâldelik gekeakel fen syn wiif to fordûrjen. Ta syn gelök kamen de pillen en salve fen Holloway do krekt yn de swang; dêr liet Melle fen meinimme, en dy holpen sa thige, dat syn earm gau wer yn oärder wier. Mar dat foärfal fen dy nachts dêr by Wigle Kwanseler wier gau oeral bikend. Hoätske, om hjar sels skjin to meitsen, forhelle 't oan elk en ien - wol to forstean, yn 't geheim! - en sei er yet by, dat Melle hjar wol mear ta onskiklike dingen oansocht hie, mar hja hie him altiid | |
[pagina 27]
| |
skoudereGa naar voetnoot(1) en út spitigens dêroer hied er hjar ek út it hûs ha wollen. Gelbrich lei it ding gâns oars út. Hja thochte: dat hy soms Wigle en hjar út de went ha woe, dat het syn slimmens wêst. Hy het yn 'e noas krige, dat ik altiid oars woe as hy en dêrom het er my dat foärsteld, just om dy bôel der mar yn to hâlden. Hwet dêr nou fen oan wier, dat lit ik bliuwe for 't jingeGa naar voetnoot(2) 't is; mar dit kin 'k jimme sizze: dy gongsdoar waerd handich thicht mitsele, en hwet yet tsienkear slimmer wier, Wigle krige tîding, dat er him de maeijes nei forfarren sette moäst. Dat wier net bêst for de man; it wier sa thicht oan maeije, dat er wieren gjin wenten mear to krijen, en ek net folle kâns, dat er yet ien lös komme scoe, dy Wigle paste. | |
II.It wier de deis foär maeije, de neimiddeis om thrije en fjouweren, do kaem Levie de Joad, dy de selde handel die als Wigle, de bûrrenGa naar voetnoot(3) ynsjaggeljenGa naar voetnoot(4) mei in âlde readtripen reissek op 'e rêch, en gyng rigelrjucht nei Wigle Kwanselers. Hy rôp net by de doar fen ‘folk!’ hy strampele de tsjustere gong lâns, nei binnen; ôer en throch al dy spillen hinne, dy dêr leine: hy hie dêr wol eärder wêst. Wigle en Eabe sieten by de tafel mei in thige slök, en Hoätske siet to skriemen. ‘Ghoeje dach shaam!’ sei Levie. ‘Hé, Wichle, wat scheelt Hotske?’ ‘Ei,’ sei Wigle laeitsende, ‘dy skriemt breidstriënnen. Eabe en bja scille ommers oan enoär keppele wirde, dat witte jy fêst wol. Nou ha wy hjûd tîding krige, dat se moarn op 't gritenijhûs klear wirde kinne. - Nou Levie, gean sitten!’ ‘Sho, sho!’ sei Levie, wylst er op in stôel del fôel, ‘en het se nou berou, of schreit se fan blijdschap?’ ‘Né, dêr ha 'k de gek mei,’ sei Wigle, ‘mar 't is oars gjin gekheid mei ús. Hja skriemt en wy sûpe om de mòed yn it liif to hâlden. Hawar Levie, meitse 't hert ek ris kjel! (Hy bringt de joad de romer ta.) - Nou scil ik jo sizze hwêr de oastGa naar voetnoot(5) sit. Moarn is 't maeije, de húsheärre wol ús út de went habbe, en wy witte net, hwêr wy hinne scille.’ ‘Nou, dat heb je toch wel eerder ghewete.’ ‘Yet net mâlle lang. Hy koe ús oars neat leare, hwent hy het ús foär nijjier gjin opsizzing dien, nei de wet; as ik nou mar mei moppen oer de brêge komme koe. Mar ik mat jo mar sizze sa 't is: it het fen 't jier minGa naar voetnoot(6) handele, lyk as jy wol witte; de bonkmerkGa naar voetnoot(7) roän altiid ôf, de fellen dêr is jild oan forlern, en mei 't fûgelgûd ha 'k ek net fortúnlik wêst.’ ‘Nou ja, dat weet ik alleghaar wel.’ ‘Nou, dêr sit him nou just de oast: ik ha yet gjîn hier jown.’ ‘Bah! wat is dat nou? Blijf jy in je hijs, als je gheen ghelt hebt, wat sal de kerel je leere?’ | |
[pagina 28]
| |
‘Sa think ik ek,’ sei Eabe skroar. ‘It wiërret yn ús kaert, dat wy moarn krekt trouwe kinne. Wy dogge moarnier doärren en finsters ta en gean nei stêd to trouwen, en as wy dêr fen werom komme, geane wy nei ús omkes oan 'e skiëppeleane, om dêr bötsen by bötsen hwet to iten en to drinken. Den geane wy moarntojoun wer nei hûs en den glydt alles stil yn 'e hoas gear.’ ‘En dou hest it ommers heärd,’ sei Wigle wer, ‘hwet Melle jisterjoun yet tsjin my sei, hjir op 'e strijitte. Ik thocht him yet to bipraten, mar hy sei: “Jimme scille maeije de went romje, 't komt sa mâl as 't komt. As jimme er net út geane, lit ik de skoärstien der ôf bruije en de doärren en finsters der út slaen. Ik scil 't jimme sa bang wol meitse, dat jimme er net yn bankje kinne.” Sjugge jy, Levie, dêr sit nou de oast.’ ‘Ho! je mot je so ghau niet bang late prate; hy sel 't so hard niet dhoen.’ ‘Praet jy fen dingen? Hy docht it grif! Ik ken him, man! hy is in earste dwarskop; dat er bigrypt, dat giet throch.’ ‘Hy scoe oars út syn aerd, leau 'k, sa shm net wêze,’ sei Eabe skroar; ‘mar dat âld spooks-yntaest fen in wiif, dat fitert him oan.’ ‘Mar as ik nou by moarnier âlve ûre,’ sa praette Wigle fiërder, ‘fjirtich goune skikke koe, den koe Melle my neat leare, den wier hy syn rjucht kwyt, omdat ik oan de bithingsten foldien hie. Mar dat kin ik net, man! dat kin ik net; dêr sit him nou de oast. Ik ha gjin twa dûkaten yn 'e hûs.’ ‘Nah! je hebt ommers wel ghoed; waarom heb je dat nie ferkocht?’ ‘Dat jildt my fen de hele tiid net nôch, en ik miende ek net, dat Melle 't yet sa hird bigrepen hie. Mar jisterjoun ha 'k it wol fornomd, ophimmeljeGa naar voetnoot(1), dat is ús foarlân. Mar wrychtich, Levie, dêr komt my hwet yn 't sin: keapje jou for fjirtich goune gûd fen my! Mits, den mat ik jounGa naar voetnoot(2) jild habbe.’ ‘Men ghoeje man! hik heb gheen fheertig ghulde bij me.’ ‘Ik wol yn ienen wol mei jo nei stêd gean, as jy my den fjirtich goune foarscjitte woene, dêr koene jy my in hele doarn mei út de fòet lûke. Wy handelje ommers safolle mei enoär.’ Dêr wier de joad earst lang net swiet oan; hy praette fen pânGa naar voetnoot(3) to habben. Nou hie Hoätske wol hwet goud en silver, mar hja woe sa graech de oare deis trouwe, dus den moäst se dat gûd ek ha, en oars moästen se al wer in wike wachtsje, en dat wier sök slim wirk. Op 't lêst kaem it sa fier, dat Wigle en Levie rekken togeärre nei de souder. Dêr wier Wigle syn magasyn, en dêr haspelen se sa lang, dat er einlings in heap âld îzer, koper, tin, lead en al sök spil apart op in plak smiten waerd. Dêr scoe de joad fjirtich goune op foarscjitte en den scoed er de oare deis mei sekken komme om 't dêr yn to pakken en by de skippers to bringen, dat dy it for him mei nei Leauwert namen. Do namen Wigle en Levie elk in pear skiëppefellen op 'e skots, dy ek mei yn 't akkoart wieren, en dêr mei stapten se togeärre nei stêd. | |
[pagina 29]
| |
Do wier 't Hoätske ek wer rommer om 't hert, en hja bigoun wer mei îver to skrippen om hjar troupak yn oärder to skikken, en Eabe fette ek mei nije môed de nidle wer op. Wiles keuvelen se hwet oer 't swiete dat se beide yn de houliksteat to miëtte seagen. It wier de jouns al let, do Wigle wer thús kaem. Do er ta de keamer yn kaem helle er in geartearde pompieren pûde út de bûse, dêr hie er fjouwer muntbriëfkes yn, elkmes fen tsien goune; dy liet er syn bern bisjeän. ‘Nou binne wy klear,’ sei er, en hy wier sa út de skrôeven, hy sprong as in kenyn for in braspinning. ‘Moarnier, sa gau as de âld houn út it bêd is, scil ik by him wêze, den het er 't pleagjen dien. Nou krije wy moarn in fleurige dei yn pleats fen in trurigen. Kom, Eabe, lit ús yet in sûpke nimme!’ Dêr wier Eabe net fij fen. Wigle lei de pûde mei muntbriëfkes yn 't tafelslaed en sette de flesse op 'e tafel. Dêr forgeaten se hjar yet in aerdich poaske by, en do gyngen se nei bêd. | |
III.De oare moärns om saun en achten wier de hele bûrren al yn rep en rôer. Manljue, frouljue en bern roännen en draefden hinne en wer, en sjouden allerhande húsrie fen 't iene hûs yn 't oare. Hjir stie in haiweinGa naar voetnoot(1) foär de doar, dêr lei in preamGa naar voetnoot(2) foär 't stalt, dy fol tòge waerd. Ljue mei kroaden, draechbêrje of berneweinenGa naar voetnoot(3), biladen mei turf en hout, potten en pannen of allerhande rommelerijen út it jiërfek, - fiteren mei thûzen haesten elkoar foärby en efternei. Hjir roän in man mei in bêd op 'e nekke, dêr in wiif mei in widzeGa naar voetnoot(4) foär 't liif; hjir in jonge mei in stôel op 'e hölle, dêr in fanke mei in ein matte om 'e skouders. Griet Lears, in rjuchte manshelt, dy er altiid op út wier om 't bryk to krijen, sjoude mei in tobbe omkeard op 'e hölle, onder de iene earm in spinwiele, oan de oare in earmkôer mei thégûd en yn de iene hân in àld stippantsje mei skoënsmarsel. Dêr kaem Oeds Flipper oan dribbeljen mei in kakstôel op 't skouder; rimpen en haestich, lyk as dy man altiid wier, seach er net nôch om him hinne, en pompte sadwaende mei 't iene tsjil fen de kakstôel tsjin Griet hjar tobbe oan. Griet, dêr net op forfhocht, waerd mei hjar greate böppelêstGa naar voetnoot(5) oerwichtich en rôlle oer 't ein, mei 't lichem op 't skoënsmarselpantsje; de kôer mei köpkes en pantsjes it onderst boppe en de spinwiele briek in poat. Dat dêr in onwaer opkaem kin elk licht bigripe. Sape théman en syn wiif fordrôegen in kleankiste, dêr fôel sa mar stiltsjes wei de boäijem onder wei; der kaem in wynpûst, dy struide hjar sneinsce klean en Sape syn âlde patinten hwet út enoär, en liet it wiifs nije kypsGa naar voetnoot(6) de bûrren ôer dûnsje. Hessel timmerman en Jelle hinnebôer rekken deilis om de keldersboërden en de spyskeamersplanken; | |
[pagina 30]
| |
de iene woe se meinimme en de oare sei, hja heärden by 't hûs en moästen dus lizzen bliuwe. En den setten de greate jonges oan dat alles fleur by mei gûlenGa naar voetnoot(1) en razen. Mar Wigle Kwanseler en hjarGa naar voetnoot(2) thochten om gjin forfarren; hja makken tarissing ta de reis nei stêd. De bêste klean waerden klear socht en de skoën waerden smard; Hoätske binaeide in stik pompier yn Eabe syn hôed, omdat dy him oars hwet to wiid wier, en gnisteGa naar voetnoot(3) 'm do ek yet hwet op mei théwetter, om 't er al hwet feal bigoun to wirden. ‘Nou klaeije wy ús mar oan,’ sei Wigle, ‘den geane wy mei enoär ta de doar út, en den gean ik mar gau efkes by Melle oan en bring him dy pompiërkes. Ik kin nou dôch yet net rêdden wirde, om 't hy komt foar acht en njuggenen meast net fen 't bêd.’ ‘Jy matte foaral oppasse,’ sei Eabe, ‘dat jy dalik in gôed biwiis fen him krije; oars koe 't yet mâlder bôel wirde.’ ‘Jawis!’ sei Wigle, ‘bitrou my dat mar ta. Hy scil wol nuver op sjeän, dat ik dêr nou yet krekt eärder nôch oan kom; hwent witste Eabe, hwet de oast is? Hy mient dat wy gjin jild ha, dêr giët er op to foaren.’ Onderwiles ieten en dronken se hwet en klaeiden hjar oan. ‘Nou is 't njuggen ûre,’ sei Wigle, ‘nou is 't ús tiid ek om foärt to gean; âlve ûre matte wy der wêze, in grouGa naar voetnoot(4) ûre ha wy rinnen, den kinne wy yn de stêd earst yet in bytsje bikomme.’ Do waerden de doärren en finsters sletten. Wigle gyng nei Melles en de jonge ljue stapten der op ôf. Hja scoene swietsjes foärt kuijere, den koe Wigle hjar wol ynhelje. Melle en Gelbrich sieten by de thétafel, do Wigle dêr yn kaem. ‘Goê moarn!’ sei er. ‘Moarn!’ sei Melle, mar sa lûd, dat it just to heärren wier, en Gelbrich sei nin byt. ‘Ik scoe jo de húshier bringe,’ sei Wigle. ‘Ei!’ sei Melle; mar hy bleau allyk sitten en liet Wigle stean. ‘Wolle jy mar in briëfke skriuwe? Ik bin hwet haestich,’ sei Wigle wer. Wiles helle er syn geartearde pûde út de bûse. Do gyng Melle oerlangsum oer-ein en nei de secretaire. ‘Ha jy 't allegeärre?’ frege er. ‘Ja,’ sei Wigle, ‘'k ha fjouwer muntbriëfkes, elkmes fen tsien goune.’ Dêrop skreau Melle in letterke, dat er fjirtich goune húshier fen Wigle bard hie, en sette syn namme dêr onder. Hy hie oars ljeäver hawn, dat Wigle do net komd wier, hwent hy bigriep wol, nou hied er frij hwet minder rjucht om Wigle út de went to krijen. Mar hy thochte by him sels: ik scil dôch yet sjeän, hwet ik kin. Hy gyng nei Wigle ta mei 't pompierke yn 'e hân en sei: ‘Nou lit ris sjeän, dy muntbiljetten!’ Wigle jôech him de pûde ôer; mar ek, eär 't Melle der op forthocht wier, naem er dy it briëfke út de hân en sei: | |
[pagina 31]
| |
‘Nou, ik wol graech foärt; ik siz jimme goê moarn!’ En hy woe de keamer út gean. ‘Dy dîvels kearel!’ rôp Melle, do hy yn de pûde seach, en hy waerd pûr. Hy sette Wigle yn de gong nei, dy hie 't briëfke yet yn 'e hân, Melle pakte him by de earm en ontskûrde him dat ding wer. ‘Hwa scoestou hjir biskite?’ Wigle wist net hwet him ôerkaem; mar yn ienen, as throch in natuerlike oandrang stjûrd, grypte er wer nei 't briëfke; hy kaem lykwols to let, Melle hie 't al toskûrd. ‘O, dou greate skurk!’ rôp er út, hwent hy thochte net oars, as Melle scoe 't barren fen de hier ontkenne wolle, om him mar út de went to krijen. ‘In greate skurk bistou!’ bromde Melle; ‘dou thriuwst my hjir in lege pûde yn de hân!’ ‘In lege pûde?!’ ‘Ja, in lege pûde! Mar astou sokke stikken útfiere wo'ste, den maste gauwer wêze!’ ‘Dy pûde dêr sitte fjouwer muntbriëfkes yn.’ ‘Krij dou dy der den ris út!’ gûlde Melle, en hy threau Wigle de iepene pûde onder de noas. ‘Sa scoest my de kwitansje ôfsette, dou loebis!’ Wigle wier forbûkeGa naar voetnoot(1); hwent it âld wiif bigoun al sa út de koker to spyljen; it skriemen stie him neijer as 't laeitsen. ‘Den ha 'k fêst in forkearde pûde krige,’ sei er. ‘Dy oare scil den yet wol yn 't tafelslaed lizze.’ ‘Nou, aste nou mei de klokslach fen âlven dyn rêddingGa naar voetnoot(2) net ta de doar út heste, den lit ik it er fen de doärprjuchter út sette,’ sei Melle. ‘En ast' de hier net skikste,’ fôege Gelbrich er by, ‘den litte wy dyn bôel biskriuwe en forkeapje.’ Yn de stille hope, dat er de rjuchte pûde yet fine scoe, gyng Wigle wer nei syn went. Hy lôek it tafelslaed iepen, mar mis wier 't! Hy foun dêr wol in rêst lappen en leuren fen Hoätskes, dy er al throch ende wer throch eideGa naar voetnoot(3); mar gjin pûde mei muntbiljetten. Hy bigoun to skriemen. ‘En ik wit dôch klear, dat ik se dêr delleinGa naar voetnoot(4) ha!’ sei er, wylst er mei de finger yn 't laed pompte. ‘As Hoätske se op in oar plak lein hie, scoe se 't wol sein ha; wy habbe er fen 'e moarn yet ôer praet.’ Hy socht yn 't kaminet, efter de spegel, op 'e skoärstiënmantel; mar allegeärre forgees. Den waerd er wer grimmitichGa naar voetnoot(5) en skûrde alles it onderst böppe en fen 't plak; dat net bûge woe moäst barste; mar 't wier allegeärre allike folle. Mismôedich fôel er op in stôel del en skriemde as in bern. Melle, dy net oars thochte, as Wigle hie mei in ondogensce streek him in kwitansje onttroggelje wollen, wier thige nidich en waerd fen syn wiif yet oanfjûrre. Wigle moäst op 't alderstrangst bihandele wirde. Earst, hie Melle bigrepen, moäst de bôel ta de doärren út, en den biskreaun | |
[pagina 32]
| |
wirde; hwent lieten se 't er yn bliuwe en Wigle skikte de hier yette ris, den siet er ek wer for in jier fêst. Hy gyng nei de doärprjuchter en jôech dy oärders, hwet er dwaen moäst; do naem er de stap nei stêd om in doarwaerder to heljen. Do âlve ûre de klok kâld wier, kaem de doärprjuchter (yn grand tenu) mei twa arbeidersmannen by Wigle yn de keamer stappen. De gôede man wier al wer oan 't siikjen gien om de forlerne pûde; mar 't wier om 'e nöcht. ‘Wigle!’ sei de doärprjuchter parmantich, ‘binne jy ek fen sins om yn ienen jou spillen út dit hûs to romjen?’ ‘Och!’ kjirme Wigle, ‘ik bin skjin forlegen. Döch mar hwet jimme wolle.’ ‘Nou mannen! pak den mar oan,’ sei de doärprjuchter tsjin de arbeiders. ‘Bring de bôel mar foar op 'e strjitte.’ Dêrop bigounen dy twa mannen tafels, stoëllen en al hwet mar spikerlös wier, bûten doar to dragen. Dat hàlde yet al hwet foar. It húsrie wier der ridlik gau út, mar al dat âld reau dêr Wigle yn handele, en dat min yn alle hoeken en harnen oantröf, dêr wier frij hwet drökte mei. Der kamen by koërfollen fen de souder, dat waerd dêr allegeärre mar op in heap bûten doar del bruid, mar bûten 't jinge de joad de foarige jouns útsocht hie, wier der net folle fen wearde by. Wigle liet alles mar rûze en waeije; hy roän fen 't iene plak op 't oar, den wer bûten doar en den wer yn 'e hûs, en den die er oars neat as jammerjen. ‘Dy skoander fjirtich goune! - Ik bin om 'e hals! - Hwêr scil ik in hinnekommen fine?’ Dêr roännen in rêst minsken om hinne; de iene lake om Wigle, de oare makke Melle thige út. ‘Ik think, Wigle,’ sei er ien, ‘dat de nachtmêrje jou fjirtich goune meinomd het.’ Dèrop bigoun de hele kliber to laeitsen en to skatterjen. Dêr kaem Levie de joad throch 't fòlk hinne kringen; en òch, hwet sette dy in pear gleaune eagen op! Al dat gûd dêr op 'e strjitte; dêr stapte de doärprjuchter by om en dêr roän Wigle òf en oan, en tjirreGa naar voetnoot(1) him as in gek minske. Dat wier for Levie, op 't earste sjeän, onbigripelik. ‘Nah, Whigle, hoe ghaat et nou?’ sei er. ‘Och heden, Levie! binne jy dêr? Myn ljeave man! hwet stjit it nou slim. De fjirtich goune is wei, en hwêr 't bidarreGa naar voetnoot(2) is, ik wit it net! - En nou mat ik de went forlitte. Ik hie in forkearde pûde krige, en do miende Melle dat ik him bidrage woe. Mar dy rjuchte pûde! hwêr dy sitte mei! dat kin 'k my mar suver net bigripe.’ ‘Nah, dat ghaat mijn niemendal an. Segh maer es, Whigle, waer is men ghoed?’ ‘Jou gûd, man? Jou gûd? - Jy kinne sjeän ho 't hjir leit; siikje jou gading er mar út; it kin my neat mear skele ho 't giet.’ De joad sei neat mear, mar sködde syn reissek leech, dêr in mannich | |
[pagina 33]
| |
alde baelsekken út kamen. Do bigoun er yn 't âld gûd om to skûrren, om syn sekken dêr mei to follen. Dêr kaem de doärprjuchter oan setten. ‘Frjeun! wolle jy, as 't jo biljeaft, dat gûd mar lizze litte!’ ‘What! Ik heb foor feertich ghulde ghoed fen Whigle gekocht!’ ‘It is Wigle syn gûd net mear; de húsheärre nimt it yn bislach for de onbitelle húshier.’ ‘Maar wat ik ghekocht heb, dat is mijn eighedom, dhaar heeft de hijsheer gheen recht op.’ ‘Kom! kom! gjin praetsjes mear. Dêr wei, siz ik dy!’ Mei dy wirden onderhelle de doärprjuchter de stôk en Levie moäst wykje. Do bigoun er earst to bearen. ‘Ben ik dan men arme feertich ghulde kwijt?! - Nah, waarom heb ik et gelt ook fooruit gheghefe? Whigle, jy bent er ferantwoordelik foor, man! jy mot make dat ik men ghelt weerom krijch. En anders sal ik je sette late.’ ‘Doch mar hwet jy net litte kinne,’ sei Wigle, ‘'t mat dôch allegeärre op 't mâlst mei my, sa 't liket. It jild werom jaen, dat kin ik net; ik kin 't net út de stiënnen skûrre. De muntbriëfkes binne wei, en myn gûd dêr bin 'k gjin master fen.’ ‘En mooye behandeling! en dat teghen 'en man die je met sen ghoeje ghelt uit de brant gheholpe het! Ik sel je sette late, hoor! so lang als je famielje foor je betaalt. Wat sech ik, je famielje! je sjofele famielje! dhaer is ommers ook niks fan te hale. Ik ghaan liefer na de ghrietman, en sien eens, als er ook noch recht is in de wherelt, om men ghoed te krijghe, dat ik eerlik ghekocht en betaalt heb. Want ik gheloof, dat de neete slimmer sijn als de lijze.’ ‘Dat hôeve jy net to dwaen,’ waerd him taröppen, ‘de grytman is hjûd yn de stèd om Eabe en Hoätske to trouwen.’ Dèr waerd wer thige om lake, mar de joad sei: ‘Dat raakt me niet; as hy niet thijs is, soek ik hem in de stad.’ Hy sette mei syn stikelige hölle de bûrren út nei de grytman syn slot, en grommele 't hele paed lâns yn him sels. De grytman syn slot stie in great ketier geans bûten 't doärp; om dêr to kommen moäst er in oar paed lâns as nei stêd, dêrtroch mette er Eabe en Hoätske net, dy koärt dêrop, hymjende en swittende en omtrint onder de moude biside de bûrren ynsetten kamen, en ek net in bytsje forheard seagen, dat it er by hjarres sa om wei gyng. ‘Hwêr bliuwt heit?’ sei Hoätske, do se Wigle seach, en hja wier sa lilkGa naar voetnoot(1)! ‘Wy sieten dêr al ien lang en twa breed yn de herberge to wachtsjen, en op 't lêst koene wy werom poatsje. Wy koene net troud wirde, omdat heit er net by wier.’ ‘Och fanke, wês net lilk!’ sei Wigle, ‘de fjouwer muntbriëfkes binne wei; witstou ek hwêr se binne?’ ‘Ho scoe ik dat witte? Heit het se sels birgen.’ | |
[pagina 34]
| |
‘In bitsje rúmte, mannen!’ waerd er röppen, en dêr kamen in pear stêdljue thröch 't fölk arbeidsjen. Dat wier in doarwaerder mei in klerk. ‘Binn' jy Wigle Bokkes?’ ‘Ja, mynhear!’ ‘Ik bin de deurwaerder Hanepoot en kom op order van Melle Jasperda om jou inboedel op te skriven en binnen kort te verkoopen, as je geen húshuur skikke.’ ‘Sjugge jimme!’ sei Wigle tsjin syn bern, ‘sa giet it nou mei ús.’ Eabe skroar bigoun al op to spinnen tsjin dy doarwaerder, mar de doärprjuchter sei: ‘Gau stil! en oars scil ik ris sjeän, hwet ik mei dy to dwaen hab.’ ‘Hwêr scille wy nou bidarje,’ sei Hoätske. ‘Ja, dat ken 'k ek wol freegje,’ sei Wigle. ‘Ik bin myn rie to 'n ein.’ ‘Mar ik yet net,’ sei Eabe. ‘Elk ken mar net dwaen hwet er wol. De went is jo net opsein, ik flean nei de grytman.’ En dy ek mei 't steande seil op de grytman ta; dy wier al thús, dat wist Eabe wol. De grytman wier in man, dy elk wol to reden stean woe; do Eabe dêr kaem, wier mynhear yet mei de joad to set, mar út Levie syn getsjaffel koed er net rjucht wiis wirde. Eabe forhelle him nou ho 't allegeärre siet en do sei mynhear: ‘Kom, dêr mei 'k sels wol ris nei sjeän.’ Hy gyng mei Eabe en Levie nei bûrren. Do se dêr oankamen wier Wigle wer alheel út de skrôeven. ‘Eabe jonge!’ rôp er, ‘jouw gau dyn hôed ris op! Der is Hoätske hwet yn 't sin kommen: hja het fen 'e moarn in geartearde pûde út it laed krige en yn dyn hôed binaeid; dou hest grif de fjirtich goune yn de hôed!’ Wylst er dat sei, pakte er Eabe syn hôed fen de hölle en helle 't mês út de búse. ‘Nou, hou ris hwet!’ sei Eabe; ‘snij myn nije hôed alheel net to skande!’ ‘Och, hwet is dat om sa 'n fiifköp?!’ En dat wier mar yn ienen, ritsdy! it fôer der út, en jawol man! dêr kaem de pûde al foär 't ljocht mei de fjouwer muntbriëfkes der yet yn. Wigle tjirge him as in gek, fen blydskip. De grytman lake, dat er sködde. Do er gôed mei alle saken bikend wier, gyng er nei Melle ta en rette dy om hwet yn to skikken. In minske sa mar op 'e dyk to setten, sonder to witten hwêr er hinne scoe, dat wier hwet to slim. Nou, de rie fen de grytman hie gâns ynflôed op Melle; it kaem sa fier dat hy sei, as Wigle de hier fen 't forroane jier bitelle, den moäst er ljeäver mar wer yn de went bliuwe. De doärprjuchter krige yet in fôege biskrobbing, omdat er earst net ris by mynhear komd wier, yn pleats fen mar op eigen mannebôet foärt to farren. Do gyng de grytman wer nei syn slot. Do wier 't allegeärre gau wer to rjuchte. Melle krige de fjouwer muntbriëfkes en Levie krige 't gûd dat er kocht hie. It slimste dat er fen kaem, wier, dat de jonge ljue yet in wike wachtsje moästen mei trouwen; | |
[pagina 35]
| |
dat wier wol in hird gelach, mar dôch sa slim net of 't koe yet wol gâns slimmer. Melle koe de doarwaerder en de doärprjuchter leänje en de twa arbeiders in gôed deihier jaen. En hy hâlde nei dy tiid altiid de namme fen Melle Nachtmêrje; dat hie hy er fen. Waling Dykstra. |
|