De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 381]
| |
Marten Sikkema:
| |
Wize fraech
Koart is it minskelot, in wjerljochtsstriel by nacht,
hy skimert efkes op, wurdt wei, en nimmen slacht him acht.
De himel spant oer d' ierde, dy foroarje nea,
it hastich hymjen fan de tiid docht harren neat gjin skea.
De minske freget hwat de takomst bringe kin:
lijen en lok en leafde en haet, dêrop is gjin forwin.
Hat it dan doel, myn freon, dêr fierder oer to stinnen?
Us jaden tsjelk is fol, hwat let ús to bigjinnen?
(Li T'ai Po)
| |
[pagina 382]
| |
Sjongende skimen
Nim út de jaden tsjelk, it is dyn rjocht
en iepenje de boarnen fan it ljocht.
De toarst is einleas, altyd ha 'k to min,
hwant ljocht wol 'k ha safolle as 't mar kin.
Ik, wite wolken, syl oer blauwe loft,
ik, ploege, snij troch blanke blommekloft.
'k Drink ta: myn jaden tsjelk si] nea net leech.
'k Sjoch blide bylden yn in bûnt biweech,
'k siz wize wurden, 'k ha 't noch nea sa dien.
In finster slacht, jawis, dêr laket ien.
Ik sjoch omheech: in keppel fûgels giet
wémoedich sjongend, skimich troch de nacht.
Sa'n nacht is 't yn myn hert, salang as 't slacht:
dêr swalkje skimen, sjonge tryst har liet.
(Li Tai Po)
| |
Moeting
Yn 't west fan Omi, út 'e hichten wei
trêddet in Szetsjwan-preester my binei.
Hy slacht de snaren fan syn lute: in liet
sêft as de wyn dy't troch de spjirren giet.
Fan swalkers-ûnrêst is my neat mear bleaun,
ûnsuverheit is út myn hert fordreaun.
Hy spilet la, de kleare echo's trilje
as fyn kristal, oant timpelklokjes skilje.
'k Bispeur net, dat oer klingen sinkt de nacht
wylst hjerstdamp kladen om my hinne slacht.
(Li Tai Po)
| |
[pagina 383]
| |
Oarlochsflok
In bonkich hynder weidet oer 't sniefjild fan Tientsjan.
Hjir binne trije legers toneate gien, dêrfan
tsjûgje rounom yn 't gea de steapels bleke bonken.
't Skril wrinzgjen fan de hynders hal as skriemen klonken.
As feestguirlandes hingje nou de terms fan strûk la strûk,
de ravens laitsje kreakjend by 't nimmen fan har dûk.
Op moarmertrimen fan 't paleis lizze soldateliken:
har sjef, de deade generael, hal opdracht net to wiken.
Forflokt it kriichsgewelt, forflokt it kriichsgegei,
de wiere wize hal der gjin gedoente mei,
hy wiist de oarloch ôf, hy fiert de wapens nea
as inkeld om 't bistean to hoedzjen bar de dea!
(Li T'ai Po)
| |
Hja stiet to stoarjen
Hja stiet to stoarjen op 'e útkyktoer.
Oer Jentsji's klingen twirje barre blêdden
en wolkens skouwe leech de himel oer:
de simmergloede is folslein forrêdden.
It stjalpich reinen dat it jier bislút
driuwt mânske keppels fjochters út har hernen.
Nou jaget la de Rende Poarte út
Han syn gesantskip. Mar in ploech forlernen
stiet op it fjild de deadswjirms al to reden.
De bloeiselrook is fuort, de lêste beam
forspile al syn blêdden. Hope op frede
is as in fiere frjemde dream.
Hja stiet to stoarjen op 'e útkyktoer.
(Li T'ai Po)
| |
[pagina 384]
| |
Bigjin fan de oarloch
Fier tsjin de bergen lôgje op 'e joun
de hege fjûren op, de loften bliede.
Dit is it sein: de oarloch is bigoun.
De hege hearen dy't it fjochtsjen liede
seine har keizer nederich goendei
en hawwe 't moarmeren paleis forlitten.
En fuortynienen, nimmen wit hwerwei,
giet spoarslachs ruterfolk troch alle strjitten.
De snie komt del mei flymjend skerpe wyn.
Oer alle dakken leit in wite tekken,
hja pakt de findels mei de draken yn,
bigjint de moarmren liuwen to oerdekken.
Yn dizze tiid is de genede djûr,
gâns bidlers sille fan 'e honger stjerre,
gâns memmeherten binne slim oerstjûr.
Swier droanend lit de oarlochstrom him hearre.
Nou swetse en flokke generaels har read.
Learden en dichters sizze neat. -
(Yang Khiong)
| |
[pagina 385]
| |
Tryst paviljoen
It dounsjen giet by nacht en dei syn gong,
dêrboppe boldert rûch en wyld gesjong,
oant yn 'e sûs de mûlen falle yn 't tsier
en d' ien nei d' oare rûgelt oer de flier.
Myn tsjelk bliuwt stean, 'k lit my op stilte driuwe,
mei blinkende inket si] ik rigels skriuwe,
mar 'k sjoch hoe't hja as sleauwe triennen rinne:
'k bin slim wémoedich, ik bin slim allinne.
Lykwols, de linen, lutsen fan myn hân,
bringe in núvre likenis ta stân:
blinkende wêzens, sûzerich en swier
forsille oer in glêdde moarmerflier.
(Tsjang Woe-Kjen)
| |
Biresting
Stin net mear oer hwat west hat, dat hat slot noch sin,
sok tinken oer 't forline jowt gâns smerte en lijen.
En hwat ús moarn of takom jier noch barre kin
bliuwt in to dreech probleem, bar ús net út to krijen.
Wês wils en hingje as in sâltsek yn 'e stoel,
en wurdt der iten brocht, hâld wild de mûle iepen.
Dêrnei, myn soan, is 't nacht, dan hast noch heger doel:
liz as in stien op bêd, dyn lok fynst yn it sliepen!
(Po Tsjioe-I)
|