| |
| |
| |
Tr. Riemersma:
Hessel Miedema's forhalen, in terreinforkenning
Doe't ik my mids '60 op quatrebras abonnearre, wie ik net fuortdaliks oertsjûge fan 'e wearde fan 'e forhalen dy't Hessel Miedema yn dy sekste en de folgjende jiergongen publisearre. It weilitten fan haedletters en lêstekens yn proaza skynde my sa frjemd yn 'e eagen dat ik de yndruk krige to dwaen to hawwen mei immen dy't de lêzer troch in sabeare moderniteit bisocht to forbjusterjen. Ik sette my dus toskoar, alhoewol, dy forhalen diène my hwat. Earst nei it lêzen fan de stêd, in lêste oardiel moast ik tajaen dat Hessel Miedema in great skriuwer wie.
Ik haw my forkillende kearen oan de stêd bidronken - hwant lêze docht men it net, it forhael sit yn jin foar't men der aen fan hat - sûnder ûntkomme to kinnen oan dy eangstige birûzing en ek sûnder forklearje to kinnen hoe't dy ûnwjersteanberens troch de skriuwer birikt is.
Op 'en dûr hâldt men der lykwols gjin frede mei in mannich forhalen dy't men biwûnderet, net pleatse to kinnen, en likefolle yntrigearret it my, dat de skriuwer him sa't it like, neat fan 'e regels fan it koarte forhael oanloek.
Ynearsten ôfsjoen fan 'e ynterpunksje, binne de opfallendheden yn Miedema's proaza it rjochtstreeks oansprekken fan 'e lêzer, it biskriuwen fan gedachten dy't de haedpersoan perfoarst net tinke kin (mar dy't men akseptearret), en it loslitten fan 'e tried fan it forhael (hwat jin net steurt). Dat lêste is ek fan Jo Smit sein en dêrom - hoewol't ik it der net mei iens bin, mar likegoed - hat it sin to bisjen hoe't dat by dy skriuwer leit.
Jelle de Jong forgeliket yn syn bisprek fan Bisten en boargers (forhael en eksperimint, quatrebras jg. 6, nr. 2) it wurk fan Wadman en Smit. Oer de lêste skriuwt er û.o.: ‘By Jo Smit is dat oars: hy wit dy algemiene kritearia wol, mar hy leaut der net yn. Hy eksperiminteart, hy lit ris ien kritearium falle, oer in oar nimt hy kontakt op mei de lêzer, bygelyks yn Detective-story, dêr't hy earst de gek hat mei it kritearium fan 'e ‘logyske gearhing’ (‘mei it bitinken fan skûlnammen hâld ik my net op. Hwat hat dat ek foar doel? It giet ús ommers om de feiten yn har logyske gearhing en nearne oars om’) en mei it kritearium, dat de bykomstichheden weilitten wurde moatte. (‘It wie op in freedtojoun. Ik moat der even
| |
| |
op wize dat ik alles fortel hwat my wichtich foarkomt, mar ik wol der net op ferge wurde, dat alles like wichtich is. Faeks dat it soun forstân oan 'e ein ta de konklúzje komt, dat it fan gjin bitang wie mei to dielen, dat it freed wie en dat it ek op eltse oare dei barre kinnen hie.’) Itselde bart yn De bêdkwast. Koartsein: Anne Wadman eksperiminteart om bygelyks troch it kiezen fan in oar wurd to foldwaen oan algemiene kritearia, dy't hy himsels opleit; Jo Smit eksperiminteart mei de algemiene kritearia sels.’ ‘De wjeraksel, dy't elts hat tsjin eksperiminten yn tael en styl, dus ek tsjin Bisten en boargers fan Jo Smit, is, dat nou alles op losse skroeven komt to stean. De lêzer en de kritikus sitte mei de hannen yn 't hier.’
De Jong kriget stipe fan Lolle Nauta (Eksperiminten yn skuld, De Tsjerne 1960, bls. 149) hwer't dy fan deselde passaezje yn Detective-story seit:... ‘dat jo smit himsels al skriuwende rêstich ynterrumpearje kin, sûnder dat dit de gong fan it forhael forsteurt.’
Ik bin it hjir net mei iens, sei ik al. Steure is in great wurd, mar lit ús sizze dat de útwreiding oer it feit dat it forhael op in freedtojoun spilet oerstallich is en der dus net yn thúsheart. Ik bin bang dat De Jong en Nauta har forrifelje litten ha troch de yntellektuéle ynklaeijing fan Smits filosofy, dy't by neijer ynsjen geâldehoer is. (Wol nijsgjirrich, sa net).
De Jong neamt ek De bêdkwast, hweryn't de ‘ik’ syn forhael foarôfgean lit troch in petear mei syn freon. Dat petear keart de gong fan it forhael op, tinkt my. (Forgelykje ek: Wadman, Literair leven, Rono 4-11-'59).
Nauta forfolget syn opmerkingen oer Detective-story mei: ‘Tige opfallend en oertsjûgjend is dit “procedé” yn mingd birjocht...’ Ik diel syn wurdearring foar dat forhael, mar it prosedé derfan is net itselde as dat fan Detective-story. Dêrre ûnderbrekt de auteur syn forhael foar in opmerking bûten de skiednis om, yn Mingd birjocht sit de skriuwer yn it forhael (of: hy stapt deryn) en sprekt derútwei.
Mingd birjocht is technysk sjoen it meast nijsgjirrice forhael út 'e bondel troch it ynfieren fan 'e skriuwer as skuldige skepper. It is as sadanich hwat nijs yn 'e Fryske literatuer. It forhael is ek it oannimlikste, mar dat hinget net fuortdaliks gear mei de technyske prestaesje as wol mei it sympathike hâlden en dragen fan 'e auteur.
Lykwols is der nei myn sin troch Bisten en boargers neat - alteast gjin literaire kritearia - op losse skroeven kommen to stean.
It prosedé fan Mingd birjocht is by Hessel Miedema net
| |
| |
oanwêzich. Wol komt yn de cello de auteur as skepper, of platter sein: optinker, even heel dúdlik om 'e hoeke: ‘it famke wie tige jong, bijgelyks 17.’ Dit bygelyks, ynsté fan: likernôch, tsjut op in saek dy't net fêststiet, dêr't de skriuwer him noch oer biriede moat. It seit ek dat dit detail foar de skriuwer net sa tige wichtich is.
It oansprekken fan 'e lêzer, al bikend út de Hollânske histoaryske romans fan 'e foarige ieu (en tsjintwurdich út Bearend Barebyt), komt by Hessel Miedema foar yn de sémearmin. Hy docht dit net as forklearring fan in technysk detail, mar as taljochting by syn forhael, dat op himsels kant en klear is, to'n gerive fan syn lêzers yn hwa har réaksjes hy him forpleatst.
It forhael is skreaun yn in typyske forteltrant. It bigjint mei in ynlieding om it omtinken fan it publyk to lûken en it gehoar ta to rieden op it eigentlike ‘nijs’: ‘hoe libje sémearminnen eins? heukerje se bij de steile roatsige eilantsjes om...’ By de tredde alinéa bigjint it forhael: ‘sa moat it dan de bimanning fan 'e frachtboat de frou jabikje ek gien wêze...’ Njonkenlytsen komme de dúdlike taljochtingen: ‘men kin fan tinken hawwe hwat der yn 'e mannen omgie bij dit skouspul. wij moatte bitinke dat der, oars as de term “wylde feart” tinke litte soe, net folle fordivedaesje wie op 'e frou jabikje’; ‘nou wit ik likegoed as de lêzer dat der sûnt 1403 nea in sémearmin fongen is’; ‘de fryske lêzers dy't nou de bril fêster op 'e noas sette om fol forûntweardiging to lêzen hwat de manskippen mei harren earme finzene útheefden komme, it muoit my tige, like bidragen út as dy manskippen sels’; ‘de toloarstelde lêzer dy't nou noch folhâldt sizzende dat in séman dochs wol hwat wend is moat ik oanriede in encyclopaedy op to slaen (net de fryske mar der binne oaren) en op to sykjen hwat in cloaca is.’
Men freget jin ôf: hie dit typyske ‘harkforhael’ - ek it lûken fan 'e morael wiist dêrop - net gever wurden as konsekwint it oansprekkende ‘jimme’ brûkt wie ynsté fan ‘de lêzer’, hwat dit forhael hwat twaslachtichs jowt?
(Yn dit forhael - in opmerking dertuskentroch - stiet de iennige ironyske noat yn it tige earnstige oeuvre fan Miedema: ‘hoe en hwat, ik wit it net, faeks dat ien fan 'e maten earder cowboy west hie en ôfgryslike bêst mei de lasso oerwei koe, mar it feit leit der dat op dy joun in fris en sterk exemplaer op it foardek fan 'e frou jabikje lei.’)
Ek yn de cello nimt de auteur kontakt op mei de lêzer, mar op in justjes oare wize: ‘wij moatte hjirbij fuortdaelk fêststelle
| |
| |
dat dizze yndruk alhiel falsk wie en wierskynlik op folslein tafallige omstannichheden birêstte.’ De skriuwer lit hjir trochskimerje dat er mear fan it forhael wit as er fortelt, sûnder lykwols to forklearjen hwer't er dy kennis weihellet. Syn doel hjirmei is nei alle gedachten foar to kommen dat de tinzen fan 'e lêzer yn in forkearde rjochting geane. Dat er sadwaende de forrassing oan 'e ein fan it forhael ôfswakket sil Miedema net slim fine: hy bikroadet him net om de pointe.
Of it moest wêze en doch net sa flau binne twa forhalen dy't gâns faninoar hawwe. Yn beide is sprake fan in spultsje dat de ‘hy’ oan soldaterij tinken docht, fan in aktyf famke en fan religieuze eksklamaesjes, fan in sterke identifikaesje mei de ‘hy’ dy't laet ta it brûken fan it persoanlik foarnamwurd ‘men’.
Yn beide forhalen ek lit de auteur de haedpersoan dingen biprakkesearje dy't er net witte kin. Yn doch net sa flau bygelyks: ‘hja neame dit in oefening hja boartsje dat it earnst is of faeks is it gjin spul hja oefenje al foar letter de sergeant hat him forstoppe hij moat opspeurd wurde en ûnskealik makke hij hat him yn 'e modder groeven hij hat wer tûken ôfsnien en him der mei bidutsen faeks hat er ús oankommen heard en sit er al to loeren om de earste biweging to folgjen yn syn vizier in lichte druk fan syn finger sil him de foldwaning jaen fan de klap dy't it gewear him yn 'e skouderholte jaen sil mannen dit is in gefaerlike patrouille seit de kolonel tsjin 'e lytse groep frijwilligers hja steane swijend de ynstruksjes oan to hearren.’ Noch dúdliker is de persiflaezje op de tsjinst dy't allinne immen skriuwe kin dy't sels militair west hat. It liket oft de auteur by it skriuwen fan dit forhael syn eigen tsjinsttiid yn it sin kaem en dat er dy oantinkens oerdrage woe op syn haedpersoan, itjinge yn dit gefal, it giet om in jonkje fan trettjin jier, ûnmooglik is - alteast neffens de regels.
Hwat hjir pleats hat is winliken it tsjinoerstelde fan in flash-back: de haedpersoan tinkt nei oanlieding fan dizze situaesje oan ien dêr't er letter yn forkeare sil, of: ynsté fan ‘it nou’ út in earder barren to forklearjen wurdt ‘it nou’ yntensivearre troch it to projektearjen tsjin de takomst.
It is hwat nijs by myn witten, dizze ‘biljochting fan 'e takomst’, en yn 'e praktyk ûnmooglik, mar it docht it by my wol. Ik fyn dizze fragminten tige suggestyf. (Fuort moat men hjirby oantekenje dat in forhael nea neffens it libben is, kunst is altyd stilearring).
| |
| |
Der komme yn 'e beide forhalen noch in pear ûnbernlike tinzen foar dy't net de boppe-oantsjutte funksje hawwe: ‘it lichem réagearre op it ûnderwerp der moatte stoffen ôfskaet wurde dy't ynfloed hawwe op it sintrale senuwstelsel sadat de sfear oantaest wurdt en bidjert’ (of it moast wêze). In útdrukking as ‘resinte oanwinst’, yn itselde forhael, leit ek net fuortdaliks yn 'e bernesfear, wylst ik my ek ôffreegje oft in trettjinjierrige sa messiaseftich tinkt: ‘Jov pater sjoch op my del ik haw mij út myn djippe rêst yn dizze wrâld bijown ik haw ik bisocht mar hja hawwe mij húnd en de hûd iepenskuord en hja hat mij bikoard troch myn lichem to streakjen kyrie eleison ik haw myn goede wol toand en hja hawwe mij útskolden’ (doch net sa flau).
Winliken mjit ik mei twa mjitten, hwant de groun dêr't ik dizze passaezjes op ôfwiis, jildt ek foar hwat ik oantsjut haw mei ‘biljochting fan 'e takomst’. Formeel is der gjin forskil, it forskil sit him yn myn ynterpretearring dy't oan 'e iene sûnde tsjin de regels fan it koarte forhael in nije funksje jowt dy't him foar my akseptabel makket, wylst ik dat by de oare net doch (net dwaen kin). Mar dan riist de fraech: is it wol earlik en ôfdwaende om in forhael of in part derfan dat men net slagge fynt (hwant de positieve of negative wurdearring komt earst) op groun fan regels ôf to wizen?
It is my al earder opfallen dat men soms tige ûngelyk kritisearret. In min forhael wiist men ôf om't dit en dat net doocht, of om't it jins moréle of religieuze forûntweardiging opropt, of om't it neffens jins miening deagewoan in draek is. Siket men yn in goed forhael om hwat it goed makket, dan is dat mar min ûnder wurden to bringen en komt men faek net fierder as it jaen fan in mannich sitaten, wylst men fan 'e swakke plakken en ‘flaters’, dêr't men analisearjendewei op stuitet, seit (às men it seit): it steurt hjir net.
It is in ‘ûnearlikheit’ yn 'e bioardieling dêr't ik fuortdaliks gjin bettere oplossing foar wit. Hwant it is fansels to healwiis om in forhael to wurdearjen neffens it forskil fan de plus- en minpunten. It giet yn literatuer ommers minder om it tapassen fan regels as wol om ‘goed’ skriuwen. En it oardiel dat eat ‘goed’ skreaun is, tsjut net allinne - soms hielendal net - op technyske wurdearring mar ek - of hielendal - op it feit dat it skreaune bysteat is sympathy (of meilijen of selsbigreatsjen) op to roppen.
(Om't elk minske hwat oars fan in boek bigeart, is it in yllúzje to mienen dat men troch technysk tige goed to skriuwen alle bifolkingsgroepen op 'e knibbels twinge kin, al is it
| |
| |
foar de auteur it bêste om wòl fan dy yllúzje út to gean...).
Dizze sydlingse oertinkingen bidoele dúdlik to meitsjen dat ik my dochs net hielendal lokkich fiel mei it ôfwizen fan 'e lêst sitearre passaezje út Miedema's forhael, hoewol't se miskien fierdergeande konsekwinsjes hawwe.
It loslitten fan 'e tried fan it forhael om bûten syn haedfigueren om hwat mei to dielen, docht Hessel Miedema it opfallendst yn de stêd. It binne trije, nochal lange fragminten - oer de thússittende âlden, oer de weirotsjende stêd en ien oer in religieuze gearkomst - dy't net fan ien fan 'e beide haedpersoanen út wei bitocht en biskreaun wurde. Wol wurde dy persoanen, reggie en maja, op de bledsiden dy't in forslach jowe fan 'e religieuze happening neamd, mar forslachjowers kinne sy net wêze, om't de sin fan it barren har ûntgiet en se har gedachten by hiel oare dingen hawwe: ‘reggie wraksele him troch in trijdûbel haech fan giel sidene muontsepijen hinne om bij maja to kommen dy't in ein fierderop stie to sjen hij bigearde har fûl hja wie prachtich, har uterst wide rôk tilde even op yn 'e wyn en liet de kleurde petticoats sjen.’
Om't dy fragminten ridlik lang binne en nijsgjirrich (d.w.s. goed skreaun), wol it jin net oan har as steurende bykomstichheden to forsmiten. Steure dogge se net, en bykomstich binne se perfoarst net. Men krijt nammentlik hwat langer hwat mear de yndruk dat foar de auteur de ‘eftergroun’ (de stêd, it milieu) folle wichtiger is as hwat op 'e ‘foargroun’ pleats hat (de frijerij fan reggie en maja). Dy yndruk wurdt noch bisterke hwannear't de haedpersoanen tsjin 'e ein fan it forhael troch de skriuwer lytsachtsjend ûnder de tafel fage wurde: ‘it forhael och ja fan twa bern yn in wrâld fan minsken dy't noch miene dat der in lêste oardiel mei bazunen foar harren opfierd wurde sil se witte net dat de goeden al lang yn alle stiltme oan 't fordwinen binne it kin noch ieuwen oanhâlde, tsieners en twennen de krupsje sille har hwat langer hwat earder iepenbierje de lêste forskronfele liven sille blaffend yn har hoalen weikrûpe.’
Hwat my earst oanstellerij like, it foar in part weilitten fan haedletters en lêstekens, is yn Miedema's proaza grif in funksioneel elemint. Lêstekens knippe de meidieling yn stikken en meitsje sadwaende it opnimmen en forwurkjen makliker, se jowe de lêzer gelegenheit om efkes to pauzearjen en it lêzene bisinke to litten. Untbrekke de lêstekens, dan kin de lêzer de stream net forwurkje en gappet er op 't lêst nei de siken.
| |
| |
Nuver genôch bin ik op dat idé kommen net troch Miedema's forhalen, mar nei oanlieding fan in fragmint út Orwell's 1984 (oerset fia it Hollânsk fan Halbo C. Kool): ‘doe wie der in prachtige opname fan in berne-earmke dat omheech skeat omheech omheech rjocht omheech yn 'e loft in helikopter mei in kamera yn 'e snút moat it efternei flein wêze nei boppen en der waerd lûd applaudisearre yn 'e partijrigen mar in frommis ûnder yn it prole-diel fan 'e seal bigoun ynienen heibel to meitsjen en to skreauwen dat it gjin manier wie soks to fortoanen foar bern gjin manier dat koe dochs net foar bern dat koe net oant de polysje har fuortbrocht de seal útbrocht ik leau net dat der hwat mei bard is it kin nimmen eat skele hwat de proles sizze typyske prole-réaksje noait kinne sij -’
It ûntbrekken fan lêstekens jowt oan dit op himsels al hurdrôljend proaza noch in ekstra forhastiging. Mar boppe-al: trochdat de lêstekens misse wurdt it jin ûnmooglik makke de oerinoar hinne tûmeljende bylden en tinzen faninoar to skieden en to oarderjen. Men kriget ynsté fan in skerp byld in chaotyske yndruk en - dat is de winst - dy yndruk is tige suggestyf.
In pear foarbylden út Miedema's of it moast wêze: ‘Hij moat in pear skeetsjes litte fan 'e opwining hwant de sinne stiet al heel leech sadat it eins al gjin dei mear is dit is it yn 'e kunde kommen mei in oar soarte fan wrâld nei iten as de folwoeksenen de bern op bêd stjûre omdat hja nou bigjinne mei harren strang partikuliere beuzichheden KEEP OUT.’ ‘Hja steane dan each yn each sadat de tiid efkes forlammet it kostet in ôfgrysliken energy om dizze ban to brekken en it moat him altyd ûntlade trochdat ien bigjint to laitsjen wylst de oare it earst slacht of sjit of syn bajonet fordwine lit yn syn tsjinstanner.’ It is ek to finen yn it fragmint út doch net sa flau dat ik yn oar forbân sitearre haw.
It is net sa dat it weilitten fan punten en komma's oeral dy suggestiviteit biwurket. It moat psychologysk klopje, soe men sizze kinne, der moat reden wêze om de tinzen sa hastich op papier to setten. De persoan moat yn in emosionearre tastân forkeare of op 'en minsten meisleept wurde troch syn ûnderwerp.
It weilitten fan 'e lêstekens yn it neikommende eintsje proaza út fader is overleden: ‘it wie in arbeidersmantsje syn hân fielde klam oan it hier wie switterich en plette fan ûnder de pet wei en ek it troanje wie oerpearele en geizich’ wurket by my dan ek neat út. Ik nim oan dat Miedema der troch út komme litte wol dat de ‘ik’ dy forskillende yndrukken fia each
| |
| |
en hân yn ien kear registrearret, mar, en dat jowt de trochslach, der is hjir net sprake fan in gefoelsmjittich waernimmen.
Mar oer it generael is de ynterpunksje tige ynoarder en by de stof oanpast. Krekt dy fragminten hweryn't de tinzen op 'e rin geane binne earm oan lêstekens. Men forgelykje ek it rêstich fortelde forhael de cello mei it spande proaza fan jok, in ûngelok. Komma's en punten komme yn dat forhael selden foar. Sels bynwurden en bitreklike foarnamwurden as doet, hoe't, dêr't en dy't forlieze har komma en wurde skreaun as doet, hoet, dért, dyt. Ik leau nammentlik dat dat net tafallich is: ek de komma's dy't wy ornaris yn dy wurdtsjes skriuwe knippe de sin, al is dat suver fizueel, yn stikken.
Om noch even nei de stêd werom to kearen, it knappe fan dat forhael is de suver net to kontrolearjen manier hwerop't men it yn jin opnimt. Ik haw dat yn 'e ynlieding al neamd. It giet de lêzer as de bifolking fan de stêd dy't ûnbiwitten, troch in systematyske forburgen forlieding brocht wurdt dêr't - ja hwa? - him ha wol.
Dit effekt wurdt, leau 'k, bihalven troch de ynterpunksje birikt troch de slachsinnen en reklames dy't tusken de tekst ynfoege wurde: ‘lofts en jochts wienen de romme etalaezjes de portieken wienen breed en giene ûngemurken fan 'e strjitte yn 'e winkel oer, fan 'e etalaezjes yn 'e forkeapôfdielingen, mei lokjende attributen hast allegear oan 'e jeugd wijd, âlde koperne trompetten en jugendstilaffiches, heal-antike kraften op guéridons it fage langstme komt stadich werom (Doch Jou Eigen Kar) it jowt in lichte plesierige spanning men wit dat it opslach to bifredigjen is (Is It Dangerous?) de artikels yn HONEY binne gerêststellend (advys fan it kommersjeel laboratorium: soargje der foar dat se krekt genôch krije hja moatte altyd yn in folgjend nûmer mear sykje).’
De opskriften (foar in part reklames) dy't yn alle lettertypen en talen tusken, boppe, ûnder en njonken de tekst printe steane, hâlde, mei in pear útsûnderingen, net direkt forbân mei in biskaet part út it forhael, mar forsterkje wol de yndruk fan it forkommersialisearre tiidsbyld dat hjir tekene wurdt en binne dêrom funksioneel. De beide tekeningen fan Jerre Hakse binne dat foar my net.
De pear gefallen dat der wòl forbân is tusken tekst en opskrift binne: hwer't boppe in stripteasescène stiet ‘noch gefaerliker’; boppe de passaezje hweryn't in heilssoldate mei har krantsjes de sfear bidjert ‘religion, it wurd fan God’ en derneist ‘The Cooling System’; boppe de fraech fan reggie oan
| |
| |
maja oft se meigiet nei syn keamer ‘uniek aanbod’; wylst ‘Brillen en Lorgnetten’ yn krekt dat lettertype ek net tafallich njonken de tirade oer de âlden stean sil - miskien binne der mear, myn talekennis is biheind.
Niis haw ik sein dat Miedema him net om de pointe bikroadet. Dêrmei bidoel ik net dat er de ein fan it forhael ôfbroddelt - men krijt de yndruk dat er elk wurd wol tsien kear omdraeit foar't er it opskriuwt - mar dat de sturt fan it forhael nea in forrassing yn petto hat. De iennige kear dat dat wol it gefal is (de cello), forret er de ûntknoping noch ta in hichte.
De cello is oars (neist de sémearmin) it meast fortellende, him ûntwikkeljende, logysk opboude forhael, it type fan de novelle. Om dat to ûntdekken hat men genôch oan it lêzen fan 'e earste sin, of in part derfan, fan elke alinéa: ‘it houlik fan 'e man Hinne en syn jonge frou dy't fan Keeke hiet mar dy't er Pop neamde; by harren yn wenne it tsjinstfamke; hja wiene gjin frekwinte en passionearre minvers; lykwols harde it dat de frou...; wij moatte hjirbij fuortdaelk fêststelle...; hoe't dit wêze mei... ;’ ensfh.
De oare forhalen binne skets-mjittich. Ik twivelje oft ik se planút ‘sketsen’ neame sil, dat ropt al gau bylden as ûndergeande sinnen en krûme leantsjes en sokke âldfrinzichheden op, wylst Miedema's forhalen tige modern binne. Mar se hawwe mei de skets mien dat se min of mear tafallich bigrinzge binne en dat se gjin ‘bonkerak’ hawwe lykas de novelle: de ûntwikkeling fan it barren nei de klimaks en de dêrop folgjende ûntknoping. Short-story foldocht ek net, om't dat bigryp like rûm is as koartforhael. Miskien kin men se it bêste bineame as: short-stories yn 'e tradysje fan 'e skets.
Foar jok leit lykwols noch in kreaze Dútske namme ré: Kurzgeschichte. Dit forhael foldocht nammentlik krekt oan de karakteristyk dy't Klaus Doderer der yn syn boekje Die Kurzgeschichte in Deutschland fan jowt: ‘in biskate perioade út it libben fan in minske hweryn't de wetmjittige ôfrin fan dit libben troch in ûnforhope barren steurd wurdt. Dy forsteuring (taslaen fan it needlot) pleatst de helt yn in bûtenwenstige situaesje dêr't er op réagearje moat.’ En: ‘Der is gjin literair genre hweryn't it taslaen fan it lot en de réaksje fan it slachtoffer dêrop sa suver ta iennichst motyf keazen is as by de Kurzgeschichte.’
It typyske fan jok is dat net de haedpersoan sels mar de freon op it ûngelok réagearret. De forteller, de ‘ik’ is him
| |
| |
nammers yn dit forhael biwust dat er de réaksjes as plakforfanger opbringt: ‘it gekste wie dus dat jok oan dat kykkastje siet to knippen wylst ik de plaetsjes dert ik op foarkaem allegear letter bitinke moast.’
Ik haw my biheind ta de technyske bysûnderheden yn it wurk fan Hessel Miedema om't dy yn earste ynstânsje it meast nijsgjirrich binne. In allround skôging kin tinkt my wachtsje oant de forhalen bondele foar ús lizze. Ik hoopje nammentlik dat yn alle gefallen dúdlik wurden is dat de forhalen fan Hessel Miedema - wy hoege dochs net to tidigjen op mear - fortsjinje sa gau mooglik yn boekfoarm to forskinen. Yn 'e paperbackrige foar takom jier sit fêst noch wol in gatsje.
|
|