De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 370] [p. 370] Wibe Bergsma: Reaksje Ik jei de boel yn wyld trewyn hwant alle fammen binne mynt de leafde dy't Barst fêstroun wie rint troch myn libben as in tried fan sulver, âlde leafdereagen fordriuw ik mei de hjitste weagen ritmysk is de bloedbûns yn myn ieren it hjoed is nou in feest, ja wier en 'k fiel my as de wrâldnatûr yn maitiid - alles streamt my oer kréaesje en kréator beide hwa giet der mei my nei de djipste kearn fan dit bistean hwa hat de moed om mei to gean. Vorige Volgende