mem sei, moast omke it fansels krekt wer hearre. Dou bist in dôfhûdige en ûnearbiedige snotbongel, sei er, dou bist noch net iens droech efter de earen. De Heare hoecht dy gjin tekst en útliz to dwaen. Nou, dat mocht sa wêze, mar droech efter de earen wie ik al, doe't ik mysels bifielde. Dou witst noch fan neat, dou moatst earst mar ris hwat âlder wêze om oer sokke dingen to tinken, sei er.
O ja? sei ik. Op bêd dou, ûnearbiedige lummel! rôp er lilk.
Nou, God wie der earst en alles is út God, de duvel ek, sei ik. Hy soe op my tastouwe, mar doe bigoun Janny ynienen lûd to gûlen, dat it bitearde noch krekt goed.
Omke wist altyd moai krekt hwat de Heare woe, krekt as dûmny Okke de Jager foar de radio. En miskien ek wol foar de televisy, mar dan wie ik al op bêd. God woe ek dat wy de snein hilligen en as rêstdei oan Him wijden, neffens omke. Mar op ús kalinder wie de snein de earste dei en God rêstte op de sawnde dei. Ik haw mar net frege hwerom't wy bigjinne moasten mei rêst, hwant dêr wie ik noch fiersto jong foar. Ik wie altyd to jong. As ik witte woe hwerom't de minsken de Dútskers net keard hiene doe't dy de Joaden oppakten, wie ik alwer to jong om dat to bigripen.
En doe ynienen wie omke sels to jong. To jong noch om to stjerren, seine de minsken, doe't er dea wie. Mem knikte gûlend en suchte: fiersto jong. Noch mar fiif en fyftich jier. Nou, dan wie mem alhiel to jong, dy wie noch mar seis-en-tritich. Mar mem wie dan ek noch net dea. Omke al. Doe't syn kiste yn 'e tsjerke stie, waerden der in protte moaije dingen oer omke sein. Ik koe 't my hast net yntinke dat it allegearre wier wie, mar de dûmny en de oaren seagen tige earnstich, dat ik waerd suver hast greatsk op omke. Mar ûnderweis, troch de Bagine en op 't Noard, waerd ik noch greatsker, hwant elk bleau stean en dy't in hoed of pet op hie, naem him ôf. It spiet my suver dat der safolle minsken mei de bleate holle rounen. Ik seach Jouke Runia, de takseteur, ek oan 'e kant stean, it gat tsjin 'e stange fan de fyts. En efter him stie Melle Jansonius. Se seagen o sa earbiedich, mar ik wie der wis fan dat se stikum wille hiene, om't Bartle Hiemstra, Bartle Bargesnút sa to sizzen, altyd knypeage tsjin goekunde, as er plechtich foar de lykwein útstapte. Ik hie sels ek wol hwat wille. Ik roun nêst mynhear Jitse, de broer fan omke, dy't learaer wie yn Grins. En yn it roune efterein fan de auto, dêr't froulju yn sieten, wiene wy hiel breed en plat en hiene wy koarte krûme skonkjes. En as de auto troch in gat ried, groeiden mynhear Jitse en ik ynienen oanelkoar fêst. Janny