De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 363] [p. 363] [Nummer 10] Durk van der Ploeg: Oer de minsken By it yn kaert bringen fan de wrâld Ik sil fordwale yn de stilte fan de wâlden Foriensumje yn it lawaei fan de stêdden De bloedieren yn it flesk fan de minsken Rivieren om yn to fordrinken Gjin freonen gjin fijannen Sille der wêze Bloedbannen as fan dieren Sille ús formannichfâldigje Oant yn in ûneindige forfrjemding. Planetarium Yn in Planetarium kin ik in romte- Sprong meitsje mar de tour- Isten stean oan elkoar forkleefd Mei it hier oan 'e souder Wije har yn platonyske leafde oan Al it ierdske it bêdsté Fan Eise Eisinga mei de keakel- Bûnte rabatsjes en op 'e souder Gjin flecht mei de Greate Klok Fan It Hielal. [pagina 364] [p. 364] Gedicht foar de moraeltheologen I De Moraeltheologen Glêdder as spek Hawwe greater formogen As hwa dan ek Se kenne it libben Se kenne de leare Se witte hwa't etter de ribben Noch leaut yn 'e Heare Se hawwe de rede Se hawwe de sede En omdat it rymt Noch it wurdtsje genede Mar dat lêste docht er net ta yn praktyk Fan 't kommende heil en himelryk De systemen komme ivich tokoart Der bin altyd wer oaren dy't witte hoe 't moat Se hjitte it ligen en krije in kaem Fan Bloedtheologen mei it Laem Wer oaren tinke om tittel en jota En driigje oanienwei fan hwatsilwynouha De romsten nimme it net mear sa krekt Omdat it yn de tsjerke sa lekt Dit lêste wurdt foar de forûntrêstige Troch Monumintesoarch bifêstige. II Hwa frette de wrâld leech Hwa frette de strôt leech Hwa skyt op 'e klyk En it lytse gedoch Fan de earme skiter syn ryk Hwat bleek en ûnsjoch We komme mei de morael net sa fier De skiters wurde kiezzich krij tosken mei hier. [pagina 365] [p. 365] III It kommende heil sieddet al oer de wrâld Hwa't op it hielal mar de eagen hâldt En bidde nei boppen of hwerre dan ek Dy stean net to roppen oer buorman syn stek Dat gnuven en gouwen oer oarmans kwea Dat docht ús de das om, dat docht ús de dea En dit is de morael fan 't liet De wiisheit fan de theology Is earst de profeet en dan it geny. Vorige Volgende