1. | De manuskripten moatte, typt yn trijefâld, foar 1 febrewaris 1967 ynstjûrd wurde by de redaksje fan De Tsjerne. |
2. | It stik moat likernôch 50 minuten yn bislach nimme; omrekkene yn it tal worden leit dat tusken 4500 en 4700. |
3. | It Frysk modi geef wêze; it ‘forhael’ moat in goede plot hawwe en mei net to sketsmjittich bliuwe. Yn de fierdere foarmjowing, tradisioneel of eksperiminteel, is de skriuwer folslein frij. |
4. | Om in gaedlike útfiering mooglik to meitsjen is it riedsum it tal spylders to biheinen ta fiif of seis. |
5. | De skriuwer is frij om oer de opset fan syn wurkstik oer to lizzen mei in radioregisseur, mits dy net komt út de rounte fan de juryleden. |
6. | De jury sil foar it neist bistean út de hearen Pyt van der Zee (toanieladviseur NATU), Jo Smit (auteur) en dr. L.W. Nauta (redakteur De Tsjerne. |
7. | Foar in to bikroanen stik is in priis biskikber steld fan f 1500, -. It stik bliuwt it eigendom fan de auteur, mar wol hat de redaksje fan De Tsjerne it rjocht op publikaesje yn it tydskrift tsjin it gebrûklike honorarium toer de auteur. |
8. | Mei de direksje fan de RONO sil oerlein wurde it stik út to fieren yn it Frysk Programma. De RONO is forplichte de auteur-priiswinner hjirfoar in normael honorarium út to kearen, evt. de auteursrjochten by herhelling fan opfiering fan de auteur to keapjen. |
9. | De jury hat it frij om eventueel gjin inkelde ynstjûring foar de neamde priis yn 'e bineaming to liften. |
10. | Oer it net takennen fan de priis wurdt oan alle dérfoar yn oanmerking kommende ynstjûrders meidieling dien, mar oer de bislissing fan de jury kin net neijer korrespondearre warde. |