Krityk yn it koart:
Utnoeging ta lezen
Skriuwers yn byld nr. 1. Gysbert Japicx. Utjefte fan it Gysbert Japicx Komité 1666-1966 en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum.
Yn 'e hannel brocht troch útjowerij De Bezige Bij, Amsterdam, 1966.
Al hat Meinte Walta der gjin finger oan hawn en al is dit boek printe yn Den Haech en útjown yn Amsterdam, lykwols is it in kostlike publikaesje wurden, dêr't wy wiis mei wêze kinne en dêr't de gearstallers (Gerrit Borgers, M.K. Scholten, Jurriaan Schrofer en D.A. Tamminga) en de forsoargers (Jurriaan Schrofer en Ko Feekman) ús tank foar hawwe moatte. Troch de stipe fan it Prins Bernhard Fonds is it ek noch in goedkeape útjefte wurden (f 3,90), dat hwat wol men mear.
Gysbert Japicx is oars net de gaedlikste skriuwer om der in rige Skriuwers yn byld mei to bigjinnen, hwant der is o sa'n bytsje hânskriftmateriael en wy hawwe eins mar ien ôfbylding fan him (it portret, dat Mattijs Harings fan him skildere). Namsto mear respekt haw ik foar hwat hjir oan yllustraesjes byinoar brocht is, printen dy't jin sa goed yn de sfear fan syn tiid, fan syn berte- en wenplak Boalsert en fan syn wurk sette. De ynlieding (yn it Nederlânsk en yn it Frysk) is koart, mar jowt yn dat bistek dochs alles, hwat men as ynlieding ta Gysbert Japicx witte moat oer libben, formidden en wurk fan de dichter. Nuttich is ek in oersjoch fan syn libben yn jiertallen mei in koarte pantekening oer hwat der yn dy jierren barde.
Sa blêddet men fierder: it is allegearre like nijsgjirrich en hwa't byld en tekst goed yn him opnimt wit, as er oan 'e lêste side takommen is, hiel hwat fan Gysbert Japicx en fan de Gysbert Japicx-stúdzje. Dit boekje noeget der ta út, om it wurk fan de skriuwer út 'e kast to krijen.
Wy hoopje, dat nr. 1 fan Skriuwers yn byld gau útforkoft wêze sil en dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum dêrtroch oantrune wurde sil om fuort mar mei de tarissing fan nr. 2 útein to setten. Stof is der by de rûs; faeks wie it wol goed, om nouris in byld to jaen fan in skriuwer út ús tiid.
J.H. BROUWER