In pear sitaten (it earste fan P. Akkerman, De Stim, 5 aug. 1966; it twadde fan Freark Dam, De Strikel nr. 5 en 7 1966): ‘De ynfiering fan de nije stavering is ynearsten útsteld, wy kinne der oars net as bliid om wêze. Dy foroaring sels wol ik hjir noch net iens op yngean mar as dit sa trochset wie, hwat in earmelijen en illinde soe der efterwei komd wêze. Tsierderij, kreauwerij, ynstjûrde stikken sûnder ein yn âlde en nije stavering, bitizing en in warreboel, in reboelje dy't wy út noch yn net mear forneare kinne. As dy stavering sa ynfierd wie hiene der opslach 2 fronten west, wylst wy it sa jammerdearlike nedich ha om yn it stik fan 'e tael ien front to foarmjen, in oanslettend gehiel dêr't wy mei de mannemacht efter stean, sels dan stiet it to bisjen oft wy it mei ús tael oprêdde sille, mar wy hawwe in kâns, al sil de sile swier genôch wurde. (...) As der in nije stavering komme moet, kin er, by wize fan sprekken, better fiif jier to let komme as in fearnsjier to gau.’
‘Men is yn 'e wille en siz: de koarte tiid dy't ús noch jown is moast men, as der Frysk skreaun wurde moat, dochs net forgrieme mei om de safolle jierren in nije stavering.’ ‘Hwant fansels is it útstel en gjin ôfstel: ienkear sille wy fan dizze sûre appel bite moatte. En it Fryske gebit sil der mei de jierren grif net gever op wurde.’
Men sjocht de oerienkomst: it moast winliken net moatte, mar as it moat, nou dan moat it mar... Krassy, hwat in mentaliteit! Men freget jin ôf: sil der, as de stavering fiif jier letter ynfierd wurdt, gjìn kreauwerij, reboelje, moard, brânstifting, forkrêfting etcetera etcetera út fuortkomme, kinne wy it dan wòl forneare? En: as wy fan de sûre appel bite moatte, is it dan net better om it nóú to dwaen mei in noch geef gebyt?
Men soe de mismoedigen freegje wolle: as ús werklik wier noch sa'n koarte tiid jown is, is it dan noch forantwurde om twatalige skoallen to stiftsjen, kursussen Frysk foar net-Friezen to organisearjen, f 30.000, - to forgriemen, in taelmanager oan to stellen, mei gauwens ûnlêsbere paperbacks út to jaen; is it forantwurde de dea fan it Frysk lit ús sizze fiif jier to forstellen to'n koste fan safolle jild en energy? Saken dy't har tiid hawn hawwe moat men opromje - in tael is optlêst gjin minske.
Ut 'e antwurden soe men nei alle wierskyn opmeitsje kinne dat de fatalisten de takomst lang sa tsjuster net sjogge as har uteringen tinke litte. Har kankerjen en kliemen is foar in great part gewoante. Mar in gefaerliken! Hwant troch Fryslân healdea to forklearjen makket men it kroandea. Dy stjerkeamersfear fan konservearjen, fan rêdden hwat der noch to rêdden falt, fan kwaksalverjen en forsearre ienriedichheit om it sykbêd (binammen gjìn kreauwerij) leit it neer op elke soune manifestearring.
As ik gjin stavering foroarje mei om't de pasjint it net forneare kin, gjin FNP oprjochtsje om't dat skeel towei bringt, gjin eksperimintéle fersen dichtsje mei om't de gewoane minsken dy net neikomme kinne, gjin moderne romans skriuwe om't dy ús âlde trouwe lêzers fan it Frysk forfrjemdzje, it boek fan A net ôfwize mei om't elke klúnder sa noadich aktivearre wurde moet, B it mannewaer net opsizze mei om't er donateur is fan it Striidboun, en rottige sinesappels ite moet om't de grienteman tafallich frysksinnich is, dan krij ik oanstriid om to roppen: man Gods, de dea is yn 'e pôt!
TR. R.