Yn 'e fierrekiker:
In Memoriam mr. J.C. Bloem
‘Ik weet, dat alle mensen in hun wezen weerloos zijn’ skriuwt mr. Abel J. Herzberg yn it haedstik De Joden fan Visioen en Werkelijkheid (Bert Bakker/Daamen, 1963), in boek dêr't de idéalen fan de yllegale parse nochris yn hifke wurde. Herzberg freget himsels ôf: ‘Hoe kort is de weg van de weerloosheid naar de mystiek? Op een dag, vaker nog in de duistere beschutting van de nacht, krijgt de weerloze bezoek van zijn ziel, of hij heeft in een bont visioen de grens overschreden tussen leven en dood en ergens, zonder te weten waar, ontmoeten zij elkander. Dat alles verbeelding is, blijft hem wel bij, maar is niet van enig belang. Het is vitaal.’
Hwat Herzberg skriuwt oer de mystike erfaring fan de warleaze soe hast in omskriuwing wêze kinne fan it elegysk dichterskip fan mr. J.C. Bloem, dy't op 10 augustus, 79 jier âld, forstoar to Kalenberg yn de kop fan Oerisel. Bloem wist fan himsels dat hy in warleaze wie, dimmen en skruten, ‘een naamloze in de drom der namelozen / Aan de gelijken schijnbaar zeer gelijk’, mar vitael hat foar him west ‘de schaduw van twee vleugels, die hem joegen / De felle klauw in zijn gebogen nek.’
As hjir it wurd vitael falt moat men net tinke oan it vitalisme fan Marsman (‘groots en meeslepend wil ik leven’), mar oan Het Verlangen (1921), it langjen, it rikken nei it folsleine, dat bistiet yn de forbylding, werkliker as de nearzige, deistige werklikheit. Der is mear as ienris sein, dat Bloem bitsjoend wie troch in ‘visioen van het absolute’. Dat is in great wurd, útskaeijend nei it saneamde ‘diepe’, dêr't Menno ter Braak yn Politicus zonder partij sa ôfgryslik it mier oan hie. Yn de fersen fan Bloem, ienfâldich fan tael en perfeksionistysk, hwant elts wurd is in skot yn 'e roas, leit datjinge hwat vitael is biskûle yn de waernimming fan it net-vitale, fan it altiten ûntarikkende, fan it fielen dat it libben jin troch de fingers glydt as sân en dat it útrint op De Nederlaag (1937). En dat der allinne hwat Sintels (1945) fan oerbliuwe. Bloem, tawijd oan de muze, het him fornedere, mar noch mear foroatmoedige field troch ‘la condition humaine’.
It geheim fan syn great dichterskip is dêrmei net forklearre. Dat hinget nammentlik ek op 'en nausten gear mei syn wûnderlike macht oer de tael. De lyts twahûndert fersen, dy't er skreaun hat - foar in part yn de tiid dat er noch yn Sint Nyk wenne - biheine har, mei it kliuwen fan de jierren, ta it fundamintéle fan it minsklik bistean. Hwat hy skreaun hat bliuwt jin by as in bast net to forbetterjen werjefte fan de essinsje fan it libben, fan de Werklikheit efter hwat wy hâlde foar de werklikheit, mar dêr't wy fan witte dat it mar skyn is. Mei al ús skreppen kinne wy dat net fortsjustermoanje. Bloem is de dichter, dy't syn lêzers dat oan it forstân bringt. Syn ôfgryslike iensumens, syn gauris hast net to duldzjen lot, syn fatum, wurde dwers troch it persoanlike hinne algemien minsklik en jin ta treast.
Wie hy in somber man? Alderminst. Hy stie hwat frjemd yn it libben, mar hy wie fleurich fan aerd en in briljant causeur. Net sa'n ûnforhoedsenien, hy libbe stadich; hy neem foar alles de tiid. Yn 1946 siet ik mei Bloem yn de jury dy't Fokke Sierksma yn dat jier de essaypriis fan de stêd Amsterdam taskikte. In jier letter, yn 1947,