De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 352]
| |
T.S. Eliot:
| |
[pagina 353]
| |
Dy't ek baensein bitsjutte, guont by de sé syn bek
Of oer in donkre mar, yn in woastine of in stêd -
Mar dut is it neiste yn romte en tiid
Nou en yn Inglân.
Kamen jo dêr lâns,
Kiezend hokfoar paed, hwêrsann' ek bigjinnend,
Yn hokker tiid yn elk seizoen,
Altiid soe 't itselde wêze: jo moasten oerjaen
Sin en merkbyt. Jo bin dêr net om nei to riden,
Hwat op to dwaen, of nijsgjirgens to bifreedgjen
Of foar in forslach. Jo knibbelje dêr,
Dêr 't de bea gou. En in bea is mear
As in rige fan wurden, biwitten aktivens
Fan 'e geast dy 't bidt, of it lûd fan in biddende stim.
En hwat de deaden, by har libben, net útrje koene
Kin se, dea, jo bitsjûgje: it boadskip
Fan deaden hat tongen fan fjûr boppe 't praet fan 'e libnen.
Dêr is it krúspunt fan it tiidleaze stuit
Inglân en nearne. Nimmer en altiid.
| |
II
Jiske op âldmans mouw'
Dat bleau fan 'e brân yn 't roazehou.
Stofkes sweevjend yn 'e loft
Merke it stjerplak fan in geroft.
Ynaesme stof wie in hûs -
De muorre, 't houtwurk en de mûs.
De dea fan hope en wea,
Dat is de loft syn dea.
Hearsket droechtme, wetterfloed
Yn mûl', yn eagen, nimmens noed:
Dea wetter en dea sân
Bikreauw' inoar de sterkste hân.
De skrokke, útboude groun
Bigappet it bodzjen - neat bispoun,
Glimket tryst biskied.
Dat is de dea fan d' ierd.
Wetter en fjûr komme nei
As stêd en greid' en krûd bin wei.
Wetter en fjûr ha de gek
Mei ús offer - wy klauden tobek.
| |
[pagina 354]
| |
Wetter en fjûr meitsje toneat
De wrakke grounslach dy't men forgeat,
Fan 'e tsjerk' en fan 'e toer.
Dat is de dea fan wetter en fjûr.
Yn 'e skierûre foar it moarntiidsreadzjen
Nei oan d' ein fan in einleaze nacht
Tsjin de weromkommend' ein fan d' ûneinge
Nei't 'e donkre dou mei de sprille tong'
Forfearn wie ûndre kimen fan syn thúsreis
Wyls it dea leaf mar al oan risl' as blik
Oer d' asfaltdyk - der wien gjin oare lûden -
Tusken trije kriten dêr 't reek stiigd' op
Mette ik ien dy't roun, dangljend èn hastich
As waerd er, blikken blêd, my tomjitte bliesd
Oan d' iere stedswyn gjin tsjinwar biedend,
De holle foardel. Doe seach ik him oan
Mei dat skerpe tantsjen dêr 't wy mei fergje
D' earst metten frjemd' yn 't lêst fan d' ûleflecht.
Ynienen moast ik tink' oan in âld master
Dy 'k kend hie, forgetten, heal foor de geast
Beid', ien en mear; yn brúnforbarnde trekkens
De eagen fan in eigen gearstald spoek
Bitroud en tagelyk net thús to bringen.
Dos nacm ik ek syn rol op my en rôp
En heard' in oare slim roppen: ‘Hwat! Jo hjir?’
Al wien wy dêr net. 'k Wie deselde noch,
Ik koe mysels mar wie lykwols in oaren -
En hy in dizich antlit; dochs wie dy rop genôch
En twing it werkennen ôf dêrmei al ûtre.
En sa, ús foegjend nel de miene wyn,
Inoarren fiersto frjemd foor misbigripen,
Ienmoedich op dut krúspunt yn 'e tiid
Fan moetsjen nearne, gjin foartiid noch neitiid,
Trapen w' oer 't sljucht, patroelje fan 'e dea.
Ik sei: ‘It wûnder dat ik hel is rêstich
Mar rêst is groun foor wûnder. Dêrom sprek:
Ik soe 't net fetsje, net mear witte kinne’.
En hy: ‘'t Wol my net oan en eidzje oer
Myn téoaryen dy 't jo trochgien binne.
Se heww' oan 't doel biandre: jow se lins.
Ek jouwes, dat oaren se jo forjowe
Sa 't ik jo freegje to forjaen sawol
De minn' as goede. Op bin lêstjiers fruchten
En 't sêdde bist skopt fuort de lege trôch.
| |
[pagina 355]
| |
Hwant lêstjiers wurd komt ta oan lêstjiers ongslach
En oarjiers wurd tidet op in oare stim.
Mar, nou 't de oergong gjin bihindring opsmyt
Foar in geast dy't fréleas doarmet hinn' en wer
Tusken twa wrâlden dy 't al liker wurde,
Nou fyn ik wurden dy't ik nea sa tocht
Yn strjitten dy'k nea tocht wer op to sykjen
Doe 't myn lichem efterliet oan't fiere strân.
Mei't tael ús niget hie en 't praet ús prygle
En suverje de tongslach fan ús stam
Driuw oan de geast ta tobek - en foarútsjuch,
Dêrom wol harkje hokker jeften jeld
Biwarr' om 't libbenslang geskrep to kroanen.
Foarst: de kâldwriuw fan sinnen oan reapsein
Dy't sûnder tsjoen bin, nea in ûnthjit yn ha,
Mar 't sûre rook noch smaek fan frucht yn 't skâd
At 'e lea bigjinne net mear mei to wollen.
Oard: de woed' om minske dwazens, dy 't him
Unmachtich wit; en laitsjen los to skuorren
Om hwat allinken gjin wille mear skaft.
En lêst: de wrytne pine fan 't wjerkôgjen
Fan al dat jo dien' en wiene; de skamt
Oer 't wier moatyf langlêsten bleatlein, en 't witten
Fan min diene dingen, dien ta oarlju skea
Dat m' ienris biskôg' as oefning yn gevens.
Dan stekt healwiislings lof en eare smet.
Fan mis ta mis giet 'e geast grimmitich fierder
As er net skjinne wurdt troch 't lotterjende fjûr
Dêr 't men rútmysk roere moot allyk in dounser'.
De dei briek oan. En mei in loech farwol
Liet er my efter yn dy skeinde strjitte,
En waerd er wei mei 't bliezen fan 'e hoarn.
| |
III
Der bin trije kondysjes dy't gauris lykj' allyk
Mar dochs folslein forskele al dije s' yn 'e selde hage:
Bining oan 't ik en oan saken en minsken, en lossing
Fan 't ik en fan saken en minsken; en dêr tusken yn ûnforskilgens
Dy't op d' oaren liket as de dea op it libben,
Tahâldend tusken twa libbens - sûnder to blomkjen, tusken
Brân - en dôvenettel. Dut is de funksje fan 't ûnthâld:
| |
[pagina 356]
| |
It bifrijt ús - gjin bihúnjen fan leafde, mar it tinen
Fan leafde boppe langstme út en sa bifrijing
Fan 'e takomst èn fan 't forline. Sa set heitlânsleafde útein
As bining oan ús eigen mêd fan aksje, mar fynt allinken
Dy aksje net wakker wichtich mear, hoewol ek nea net
Sûnder bilang. Altomets kin skiednis slavernij bitsjutte,
Skiednis kin ek frijdom wêze. Sjoch, hoe 't se dan fordwine,
Gesichten, hichten en lichten, mei 't ik, dat as 't koe, fan se hold,
Om nij to wurden, werskepen, yn in oar patroan.
Sûnd' is needwindich, mar
Alles komt goed en
Allerhanne ding komt yn oarder.
At ik weromtink oan dat plak
En oan minsken, net alhelendal pryslik,
Net fan 't sibste folk of freonskip,
Mar guont fan singulier geny,
Algear oanroerd fan in mien geny,
Forien' yn in striid dy't har fordielde;
At it tink oan in kening by jountiid,
Oan trije man, en mear, op 't skafot
En guonlju, dy 't, forgetten, stoaren
Op oare plakken, hjir en om utens
En oan ien dy 't blyn en fredich stoar,
Hwêrom soen wy dan dy manlju
Mear hulde dwaen as dy 't nou stjerre?
In kloklet tobek is 't net om to rêdden
Noch om biswarrend op to roppen
It spoekbyld fan in Roas.
Ald partijstrip kin men net wer libje litte
Alde poalityk net restoarearje,
Net folgje in âldstylske trom.
Dy manlju en dy 't tsjin har stiene
En dy 't har wer tsjinwar diene
Nimm' oan de grounwet fan it swijen,
Hja bin fandle ta ien inkelde partij.
Hwat wy ek ervje fan 'e fortúnliken
Wy ha 't de forsleinen ûntnaedre
Hwat se hien om ús to litten - in súmboal:
In súmboal foltôg' yn 'e dea.
En alles komt goed en
Allerhanne ding komt yn oarder
Troch de lottring fan it moatyf
Dy't de groun is bar ús smeekjen.
| |
[pagina 357]
| |
IV
De dou saeit del en spjalt de loft
Mei gleone lôge wyt fan grizing
Syn fjûrtong ús to witten docht
It ien ûntslach fan sûnd' en tizing.
De ienn'ge hoop of oars om nocht:
Kar út twa brânskûnen bliuwt ús oer
Sadwaende Prij fan fjûr troch fjûr.
Hwa ornearre ús dy pleage? Leafde.
Leafd' is d' ûngewoane Namme
Bineftre hân dy 't weeft
It net to daeijen himd fan flamme
Dat ûnlosber ús oan 't lichem kleeft.
Wy libj' en suchtsje inkeld, op in dûr,
Fortard troch ien fan beide, fjûr of fjûr.
| |
V
Dat wy neame 't bigjin is alfaken de ein
En ophâlde is fannijs to bigjinnen.
By d' ein sette w' út ein. En eltse útspraek
En sin dy 't goed is (dêr't elts wurd thús is,
Syn plak biset om d' oare to stypjen,
It wurd dat net skrutel is noch bylket,
In noflike kommersy tusken âld en nij,
't Gewoane wurd dat eptich is sûnder banalens
't Biskierlike wurd persiis mar net skoalmastrich,
It hele konsortium mei inoar dounsjend)
Eltse útspraek en eltse sin is ein en bigjin,
Elk gedicht in grêlskrift. En elke hanling
Is in stap nei 't skafot, nei it fjûr, de strôt fan 'e sé del
Of nei in ûnlêsbere scien: en dêr sette w' út ein.
Wy stjerre mei dy't stjerre:
Sjoch, hja bin tein, en wy gongen mei har.
Wy wurde berne mei de deaden:
Sjoch, hja komme werom en nimme ús mei.
It stuit fan 'e roas en it stuit fan 'e taksis
Bin allikens fan dûr. In folk sûnder skiednis
Wurdt net losse fan 'e tiid, hwant skiednis is in patroan
Fan tiidleaze stuiten. Sa, wylst it ljacht swynt
Op in wintermiddei yn in ôfhandge kapel
Is skiednis nou en Inglân.
| |
[pagina 358]
| |
Mei it lûken fan dy Leafd' en 'e stim fan dy Ropping
Mei ûndersiik do' wy gjin lichten
En oan d' ein fan 't ûndersiikjen
Bidarje wy dêr't wy bigounen
En witte fan dat plak foar d' earste reis.
De frjemde hikke troch dy 't jin noch by stiet
As 't lêste stik wrâld, oer om t' ûntdekken,
It stik is dat it bigjin wie;
By de welle fan 'e langste stream
De stim fan 'e biskûle wetterfal
En de bern yn 'e apelbeam
Net kind, hwant men socht harren net,
Mar heard, heal heard, yn 'e stillens
Tusken twa weagen fan 'e sé.
Kwyk nou, hjirre, nou, altiid -
In steat fan folsleine ienfâldgens
(It kostet net minder as alles)
En alles komt goed en
Allerhanne ding komt yn oarder
At 'e lôgetongen nei binnen teare
Yn 'e fiskersknoop fan fjûr
En fjûr en roas wurd' ien.
Oersetting H.Tj. Piebinga, april-july 1966. |