Meindert Bylsma:
In brief?
As jo nou ris Jan hieten. Gewoan Jan, minhear. Jan Boersma, mar de minsken neamden jo Jan Kreupel. Gjinien wol jo mei hawwe, minhear. Hwa giet nou mei in kreupele fint op stap! En as jo al ris mei mochten, wie it om har bier to biteljen, om har fratsen út to fieren: hwa jowt nou in kreupele fint in pak op 'e hûd! Jo spilen de kluchtemakker, de sûper, de swankebast. Jo moasten wol!
As jo nou ris op in joun yn 'e stêd rounen, minhear. In stêd fol minsken. Tûzenen minsken. Mar net ien sei: hoi, net ien sei: giest mei. Al dy tûzenen seagen jo gnyskjend efternei, minhear, hwant jo rounen sa raer. Ik wit wol, jo wienen noait sa'n kroechje ynstapt. Mar jo moasten dochs earne hinne, doe't it bigoun to reinen! Ik wit it wol, minhear, mar as jo der nou dochs ris ynstapt wiene, en by de bar sitten gien. As jo op in kruk sitte sjocht net ien dat jo kreupel binne! Op in stoel wol: ‘Lûk dyn poaten ris hwat yn’.
Nêst jo sitte twa mannen. Hja sizze neat tsjin jo, mar lústerje hwat tsjin elkoar. Dan ynienen: ‘Dou komst net út 'e stêd!’ Jo wolle fuortgean: dy twa wolle grif rûzje. Mar de man nêst jo seit: ‘Willum, skink him ris in pilske yn’. Ik wit wol, minhear, jo hiene fuortdaliks tocht: ‘Dit doocht net’. Mar as jo dat nou ris net tocht hiene: ‘Hy wit net dat ik kreupel bin’. Jo litte jo fan 'e kruk ôfgliidzje. Elkenien sjocht jo rinnen. Op it toilet is it koel.
Jo komme werom, der wurdt net gniisd. ‘Ik haw in omke, dy is ek kreupel.’ Syn maet hat grif wolris mei west nei dy omke. Jo drinke it pilske, de oare biedt ek ien oan. ‘Sille wy dêr efter yn 'e hoeke sitten gean?’ En, minhear, dan rinne jo tusken har yn nei dat taffeltsje. Se wolle jo mei hawwe nei in hoekje om't it dêr hwat nofliker praet. Se wolle jo, Jan Kreupel, mei hawwe to praten. Né, net to healwiizjen, mar to praten.
It binne artistike lju: de iene hat in swarte snor, de oare in ruch read burd. It binne kunstners. Jo hawwe altyd al graech ris mei kunstners prate wollen, mar Jan Kreupel kin gjin easken stelle. Hja hawwe allebeide in sinnebril op. ‘Mar, minhear, jo witte ek wol dat sokke lju wol sinnebrillen op hawwe as de sinne net skynt’.
Letter komt der noch in frommiske by. In moai frommiske,