De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 345]
| |
De sundefal
't Is feitlik suver 't selde foar de learde bol
as 't fjûr út bommen flitst of brekt him troch kristal
mar 't rjocht is gauris mei it sterkste wapen
hjir yn dit flym'rjend hoekje fan it great hielal.
| |
It wrede libben
Al brânt de hjerst it blêdte goud en giel
de mins dy springt de deadsneed nel de kiel
brânt jin it sinleas-wrede libben sels
en it wurdt stikkenacht yn hert en siel...
| |
De leafde
De skepping dreamt yn har de moaiste dream
har blossems wilgje oan in wûnderbeam
en eat fan stilte sil ús iepenteare
en dingen leare dy't ik net bineam.
| |
De freonskip
De sé dy't ljochtsjend út dyn eagen skynt
de bloedslach dêr't it dounsjend hert op dynt
it waerme wêzen fan dyn jonge lea
it hier dat glânzjend troch de fingers twynt.
| |
[pagina 346]
| |
Kantwurkster
Al sjocht men ek gjin spyllju nei it feest de fidel dragen
dochs kriget elk gebeart in seam fan idel selsbihagen
kantwurkster sit de moanne yn it rút -
de wolkens kuijerje foarby mei rykforsierde kragen.
| |
Moeting
Deis fladderje ús stimmen drok bylâns de strjitte
mar nachts dan komt de minske meast himsels tomjitte
in flechtige forskining út it neat -
om't hja dy't har forwûnderje fan tiid noch ûre witte.
| |
De swetser- Ik lês wol dierber dyn artikels mar ik mis de fint -
der kaem in flikk'ring yn syn each dy't my alhiel net sint
hy sei bist bang ik doch mysels miskien tokoart? -
ik sei oewé ik moat nei hûs foardat de loft birint.
| |
De keapman
Myn sunich saldo is yn steat om my de sliep to roven
mar wit ik earne in partij om jin foar út to sloven
dan rook ik stil myn nargileh en lit de imerkes mar sjirpe -
ik set gjin foet yn de moské of 'k bid mei alle geloven.
| |
Bohemienne
Dou bist in lytse skelm dy't him oan nimmen steurt
wylst dy de sarabande noch de wangen kleurt
der wennet in ûndogensk folkje yn dyn eagen
nou't efter swarte waeijers de paleistún geurt.
| |
[pagina 347]
| |
De beam
Wy meije nóch sa hecht en geef fan oansjen lykje
en 't fûgelt by ús griene blêd in skûlplak sykje
dochs ringje har de jierren ûnder ronfelige bast -
in âlde beam dêr't jongelju har hert yn fykje.
| |
Displaced person
By withoefolle treinen hied er it forgees prebearre
yn alle weinen hong itselde buordtsje: reservearre
doe riedt er dus mar op 'e tréplank mei -
de remmen raesden heas de f'rekling soe der mear fan hearre.
| |
It bankrot
In wiis bistel hat alles bar de domme jonges regele
dat giest felyt en sit de saek mei klevers goed forsegele
of is de beurs hwat lusteleas bytiden
hjir hast myn ulefellen en dyn knikkert wurdt om kegele.
| |
It wachtwurd
Hja hawwe fêst gjin noasler mear as jo en ik
lykwols hja binne blank en wy sa swart as pik
en dit is mar in lêstich ûnderskied by tsjuster -
salang as men ús negert hjit it wachtwurd: stik!
| |
Happening
It is myn plicht en kras in krúske op jim bajonetten
hja wolle net om lyk - wy wurde fan de senuwen opfretten
al dogge wy yntiid ús bêst har bloed to sûpen -
mar 't slimste is ik ha myn portehúlje dêr forgetten.
| |
[pagina 348]
| |
It stjerreteken
De mins - dit skrikkelik en meast forflokte wêzen
sa stiet der yn it skrift fan ieuwen joun to lêzen
wurdt fan in godlik heimwé soms biflein
dat sels de himel hinget ljochten oan de gerzen.
| |
It merakel
Wy ha mei al ús deugden mar in hiel getoark
in sek fol bonken 'naris en gjin pypke moark
mar fan syn wearde is in elts oertsjûge
sjocht men de steile nekken nei jin op 'e luork.
| |
It idoal
Der is gjin folk of 't hat wol syn idoal
dat ha gjin noed giet feije foar de boal
dochs lit syn kop in leechte etter yn it lân -
it wie de iennichste mei seagemoal.
| |
De fisker
En wurde flinke snoeken soms mei poasken fongen
sa hawwe wy ús blinkerts oan de angel hongen
wylst kuijert der in oare fisker mei jin op -
it dronken antlit stiet ús maet oan diggels sprongen.
| |
De filosoof
My tinkt der sit in minne gael yn syn portret
de sill'ge man hat eat dat hat de kalyf net
sa jowt wol allah elts syn eigen spot -
mar ek dit luzepaedtsje liedt nei mohammed.
|
|