| |
| |
| |
Tr. Riemersma:
Skumplastic
Hy tearde de oerjas om 'e greate steande klok hinne en makke de knopen fêst. In nuver fjouwerkantige keardel waerd it sa, mar goed, de langte skeelde net alles. Nou de holle. Dy wie hwat primityf: in wite fuotbal dêr't mei balpin in mûle, in noas en eagen op tekene wiene. Hy sette de âld hoed fan syn heit derop en biseach de man op in distânsje. Fansels, winliken like it nearne nei, mar dat lette neat, as it yn 'e fierte mar hwat fan in man hie. De earm en de hân, dat wie it foarnaemste punt. Hy soe de rjochtermouwe mei krantepapier opfolje kinne, tominsten as dy earm dan net to slop waerd.
Hy gyng in momint sitten to prakkesearjen. Hy soe in konstruksje fan hout of izertried oanbringe moatte, oars krige er noait dy earmtakke, en boppedat moast de mof earne oan fêstset wurde. In eintsje ljochtbuis soe kinne, izeren dan, plastic soe knappe as er it bûgde. Plastic, dy rotsakken.
Twa plankjes heaks opinoar spikere, dat wie lykwols it ienfâldichst, en dêr hoegde er ek net om to rinnen, hout lei genôch yn 't hok. Hy koe it nou noch wol foarinoar meitsje, it wie krekt healwei njoggenen. Hy moast de man salang mar ôfbrekke, der koe bêst ris ien op syn keammerke forsile en se hiene der neat mei to meitsjen. Hy treau de holle mei de hoed yn 'e kast en lei de jas oer it bêd.
Hy wie amper yn 't hok doe't syn mem him rôp: ‘Hwat dochstou Gerryt?’
‘Neat’, sei er, ‘ik moat in plankje bruke.’
‘Hastou de klok fan 'e oerloop helle?’
‘Ja.’
‘Hwat silst dêrmei? Hy moat net stikken, hear.’
‘Hy is ommers al stikken, al jierren.’
‘Nou ja. Komst yn 'e hûs om thé?’
Hy roun efter syn mem oan de keamer yn en doe stie ynienen omme Klaes foar him, dy't ‘Ha, Gerryt!’ sei en him de hân tastiek. Hy bigoun to stammerjen en gyng forslein by de tafel sitten. Omme Klaes glimke. Dy hie it fansels ek wol murken. Hwat soe er by himsels tinke en aenst thús fortelle? 'k Ha even by Riemer en Tine oan west. Har Gerryt sil nou ta skoalmaster leare. 't Forstân sil wol goed wêze, mar 't is hwat in sûch, tinkt my. Hy joech my in hân, 't wie net liker of knypte ik yn...
| |
| |
‘Ik hoech gjin thé mear’, sei er. Hy helle syn jas en gyng de buorren op. Hy hie gjin moed mear om noch hwat yninoar to timmerjen. Dat joech sa dochs neat, hy hie better krekt by omme Klaes biwize kinnen dat er kearel wie.
Learen hie er net. Der wie wol it ien en oar opjown, mar hy hie syn boeken noch net allegear. Dy hele rotskoalle ynteressearre him nameters neat. Hy woe dat er it ding noait sjoen hie. En nou hie er noch trije jier foar de boech. Trije jier tusken dy skoalmasters, dy klieren. Fielden har fier boppe him forheven. Dat hy in HBS-diploma hie en noch safolle wol wist as har, dat sei har neat. 'n HBS is in stampskoalle seine se, punt út. Mar dat wie allegear noch neat by dat oare.
Hy wie al net sa botte moedich nei de kweekskoalle fytst, forline wike tiisdei. Hy hie der al op rekkene dat se him net mei iepen earms ûntfange soene. Hy hie in sigaret smookt en him in bytsje apart holden. Doe't er troch de direkteur oan syn takomstige klasgenoaten foarsteld waerd, fielde er him sa biroerd as in kat. Dy earsteklassers, ek allegear nijlingen, hiene tominsten noch stipen oan inoar, mar hy stie allinne tusken in ploech jonges en fammen dy't al in hechte ienheit foarmen en dy't him fansels as in ynkringer seagen. Hy hie in fiifentweintich kear syn namme neamd tsjin ûnbikende persoanen dy't him binijd, of gnyskjend, of ûnforskillich opnamen. Hy hie bisocht om de fjûrdoop manmoedich to ûndergean.
Mar it wie mislearre. Fuortendaliks hie dat gjin bliken dien, se kiene nammers mar even yn 't lokael west, hiene in lesroaster krige en koene wer nei hûs gean. De twadde deis, de woansdeis, doe wie it bard. It wie yn 'e middeispauze, se sieten of rounen yn 't lokael to iten. Hy hie der even út moatten, en doe't er weromkaem, stie de doar fan 't lokael heal iepen. Wylst er derhinne roun, hearde er dat se it oer him hiene. ‘Hwat tinkt jim fan dy Gerryt?’ Hy bleau stean, binijd hwat der folgje soe. ‘Hy liket hwat bleu, hen?’ sei in affektearre famkesstim. Harrejassus, dat moast dy Nelly wêze, stik stront. En doe in fint, Gouke moast it west hawwe: ‘'t Is in greate kloat, tocht ik. God jonge, hy joech my juster in hân, 't wie krekt as knypte ik yn in stik skûmplastic!’
It wie him kâld oer de lea gien. In momint hie er oanstriid field om der moartsjend op los to slaen. Mar hy hie net gûld en gjin lilkens skine litten. Hy wie kalm nei syn bank roun en hie syn bôlle mei tsiis opiten. ‘Der is er!’ hie ien flústere, en doe wiene se oer hwat oars bigoun. Fierder wie der gjin inkele taspiling mear op makke, allinne wie nou en dan immen sûnder dúdlike reden yn gnizen útbarst. En dan hie Geartsje noch
| |
| |
miend dat se it him fortelle moast ûnderweis. ‘Ik foun it sa fláú fan Gouke en sa gemíén.’ Se woe fansels witte hoe't er it opnaem om dan moarn syn réaksje oan 'e oaren to fortellen. Trut, tocht er, ik moast dy de fingers om 'e hals lizze, dan koest it fiele. Hy sei: ‘Ik haw yn 'e fakânsje myn pols forknoffele’.
Sie hiene him der net iepentlik mei pest. Noch net, mar dat it har likemin forgetten wie, hie moandei wol bliken dien. Der wie in dûmny kommen om godstsjinstles to jaen. Midden yn syn oersjoch fan 'e learstof foar it kommende kursusjier hie de man syn bril ôfnommen en sein: ‘O ja, de direkteur fortelde my dat hjir in nijling wie?’ Gerryt wie oereingien, dûmny yn 'e mjitte, en mei in stim as in klok hie er roppen: ‘Gerryt Bakker!’, en taknypt. ‘Hé jonge!’ liet de man him kjel ûntfalle en taestte nei syn fingers. Troch de banken roun in sêft gegniis en mei baernende kop wie er sitten gien.
Hy krige de earm fan 'e man foarinoar mei twa plankjes, sa't er dat útprakkesearre hie, en dt 'e mouwe stiek in glacémof dy't mei krantepapier opfolle wie. It koe wurde. Hy knoopte syn ojaske ticht en sette him yn postuer, bûgde licht en sei, wylst er de hân pakte en fustke: ‘Gerryt Bakker’.
De man sei neat werom, seach him dea-ûnforskillich oan út syn fuotbal. Dat wie, alhoewol folslein normael, justjes toloarstellend. It hie moaijer west as de man syn namine ek neamde, bygelyks... eh... nou: Folkertsma. Mar ja, dat soe er dan seis sizze moatte. Hy stapte wer op 'e man ta, fûstke, stelde him foar, en antwurde mei in grêfstim: ‘Folkertsma’. Hy die it in stikmannich kear efterinoar, soms sûnder, dan wer mei it antwurd ‘Folkertsma’. It wie fansels bilachlik om tsjin jinsels to praten, mar oan 'e oare kant wie it keal as der gjín antwurd kaem. Of winliken: as der gjin antwurd kaem, dan bitsjutte dat dat syn hândruk net ‘oerkommen’ wie. In aksje rapt in réaksje op, en bliuwt de réaksje yn in bipaeld gefal wei, dan moat de aksje net doge. Yn casu: foldie syn fûstkjen net oan 'e easken.
Hy naem de hân fan 'e man en sei: ‘Gerryt Bakker’. Efterút en nochris oernij: ‘Gerryt Bakker - Folkertsma’. It lêste wíe moaijer, mar it foel him op, dat as er him tige konsintrearre op it sizzen fan beide nammen, hy it fûstkjen forsleauke. Hy naem de proef jitris, en werklik, syn yndruk wie goed, tagelyk ‘Folkertsma’ sizze en taknipe, dat woe net, of hy makke neat fan it fûstkjen, of hy bigoun to stammerjen.
Hy sette de holle fan Folkertsma yn 'e kast en hong de jas oan in spiker. In bytsje mismoedich gyng er op béd. It koe
| |
| |
net om twa dingen tagelyk to dwaen, hy soe it by it fûstkjen hâlde moatte. Mar dochs bitsjutte dat in stap efterút, it hie sa moai west as de man hwat werom sei. Mar it wie wol sa, as hy him oanwende om ‘Gerryt Bakker - Folkertsma’ to sizzen, dan koe it wéze dat er dat yn in réeel gefal ek die by ûngelok. En dus - en hy wie bliid in argumint foun to hawwen - moast er net mear antwurdzje.
Goed, hy hie it idé slûpe litten, mar dêrom mocht er der fansels noch wol even frijbliuwend mei omboartsje. Stel dat Folkertsma út himsels hwat sizze koe, bygelyks - jawis, dát wie it! - as hy ien of oar mekanykje yn dy glacémof sette. Hastich fleach er alle mooglikheden bylâns, mar it iennige ding dat troch knipen lûd joech, wie by syn witten in âlderwetske autohoarn dy't pûûûn sei.
Och, it die der ommers ek net ta, de man wie lang net libbensecht, as men woe, dan wie der wol folle mear to lekskoaijen. Bygelyks dat er syn hân net útstiek, mar konstant klear stie om to fûstkjen. Sadwaende - ja, dat wie dochs wol spitich - bipaelde de man it momint fan it fûstkjen ek net, mar - Gerryt - sels. Dat wie yndied spitich, hwant hy wist wol sekuer dat syn slop hantsje foaral to witen wie oan in soad fan kjellens by it sjen fan in hân dy't ynienen op him ta skeat. Dêr wie syn ûnwissens oan to witen, oan dat ûnforwachtse. Sa bisjoen joech syn oefenjen net folle, hjir wie neat ûnforwachts, hy fûstke op it momint dat hy it woe. Hy smiet him op 'e oare side en taestte nei sigaretten. Hy hold de lusifersprikke by syn klokje, it wie by ienen, hy moast him deljaen.
Blykber hiene syn harsens dy nachts trochwurke, hwant de moarns doe't er nei skoalle fytste, foel him yn dat it feit dat Folkertsma altyd ré stie, miskien to ûnderfangen wie troch allinne mei him to fûstkjen as er op syn keamer kaem. Hy soe dan dwaen moatte as wist er fan neat en seach er ynienen dat er in frjemde gast op him wachte. De man soe him heal omdraeije, de hân útstekke ensafuorthinne.
Hy probearre it de middeis doe't er thúskommen wie fuortendaliks. Hy brocht syn tas boppe en klaeide de klok oan. Doe gyng er nei syn mem om thé. Nei de thé en de koekjes, dy't er stil bihimmele, roun er stadich nei boppen. Ik wit fan neat, tocht er, ik sil gewoan oan 't learen, ik wit net dat er ien op my wachtet. Hy soe in bytsje yn himsels sjonge, dat dogge minsken as se allinne binne. Hy bromde in mannich noaten en die hiel gewoan de doar op, en, doe waerd er in bytsje kjel: der stie in ûnbikend persoan! Mar hy herstelde him fan 'e skrik, stapte
| |
| |
energyk oer de drompel, griep de útstutsen hân en sei freonlik: ‘Gerrit Bakker. Tige nei 't sin!’ Ja, fierder soe er de komeedzje mar net fiere. Hy gyng sitten en sloech de boeken op.
In lyts ûre letter, doe't er nei de w.c. west hie, koe er it fûstkjen herhelje. ‘Tige nei 't sin’, sei er der net wer by, hwant it wie him hielendal net nei 't sin. De forhâlding op skoalle wie dan hjoed dochs ta in iepentlike foarm fan pesterij forfallen. Immen hie by it einigjen fan 'e lessen opmurken dat de kont him sear die fan it sitten, hwerop't in oar andere hie dat in kessentsje fan skûmplastic faeks útkomst bringe koe. ‘Tinkst ek net, Gerryt? Lekker sêft!’ Safier wie it dus, noch in stadium fierder en se soene him gewoan ‘Skumplastic’ neame.
Hy hearde ynienen it kielskrabjen dat syn mem hiem hie op 'e oerloop. Foar't de doar iepengyng seach er noch kâns de plankjes mei de mof út de mouwe to skuorren en de holle mei de hoed in opkiper to jaen dat se ûnder it bêd stouden.
‘Hwat is dat?’ sei syn mem.
‘Eh... myn jas is wiet, ik haw him hongen to droegjen.’
‘Hat it dan reind?’
‘Nou ja, mar in pear spatten.’ Hy helle de jas fan 'e klok foar't syn mem deroan fiele koe.
‘Hwat silstou mei dy klok, winliken?’
‘Ik woe ris sjen oft ik him oan 't rinnen krije koe. It is skande dat er dêr stiet to forwurden, nou?’ Hy liet him op 'e knibbels sakje en die it doarke iepen.
‘Hastou der dan forstân fan?’ frege mem, lang net oertsjûge. Hy joech de slinger in treau. ‘Ik wit net, ik kin 't sachs probearje.’ Hy krige de kaei en woun it ûrwurk op. De klok roun ien, twa menuten en bleau stean.
‘Forniel him nou mar net méár’, sei mem en liet him allinne. Hy skoude 'de greate wizer op 'e tolve en warachtich, dêr sloech de klok in droanend lûd. Hwat him lykwols it meast oerai makke, wie it hammerke dat stadichoan efteroer bûgde en dan ynienen weromskeat. Dat hammerke waerd mei krêft tobek lutsen, hwant it moast in fear útrekke om yn syn djipste stân to kommen. Der waerd in dryst plan yn him wekker: hy moast in eintsje tou oan it hammerke bine, sadat de earm omheech lutsen waerd as de klok sloech. Hy naera in stik papier om it út to tekenjen.
It hie lykwols gâns fuotten yn 'e ierde om it ienfâldige sketske út to fieren. Foarst die bliken dat de earm to swier wie mei al dat hout deryn, de klok koe it net lûke. Dat wie to forhelpen troch de mouwe to foljen mei proppen papier. It twadde wie slimmer: de útslach fan 'e hammer wie mar in pear
| |
| |
sintimeter, dat fangefolgen waerd de earm ek mar in hiel lyts eintsje optild. Gerryt siet toloarsteld op 'e hûken foar de klok. Trije kear gyng de earm justjes omheech en foel wer del. It like op fûstkjen, al barde it hwat stadich.
It soe fansels wol kinne, dy earm omheech, mar dan moast it yn etappes, en dan soe er der hwat op útfine moatte dat dy earm net nei elke slach tobekfoel. In kamrêd mei in pal, dat wie de oplossing. Der sieten twa yn 'e klok, mar dy koene beide net mist wurde. Prakkesearjend gyng er sitten mei in nij stik papier. It wie yngewikkelder as er tocht hie. Né, dit waerd him net. Hwat er wol dwaen koe wie, it tou safier ynkoartsje dat de earm wer horizontaal kaem to stean en dan de earm fûstkje litte troch de hammer.
De wizers woene net tobekdraeije, dat hy moast earst healwei slaen litte foar't er wer op in hele ûre komme koe. Hy hie argewaesje fan it lûde gedroan en se soene har ûnder ek ôffreegje hwat er úthelle. Hy boun syn bûsdoek om 'e hammer dat de slach forsêfte waerd. Doe skoude er de wizer oant krekt foar de tolve en sette Folkertsma de hoed op. Hy gyng sitten to wachtsjen. Stadich tikke de klok. Ynienen sakke de hammer efteroer, de earm gyng omheech en foel wer del. Gerryt pakte de han en stelde him foar. In stikmannich kear gyng syn hân mei Folkertsma sines op en del. It wie lang net ûnaerdich, hy krige nou tominsten it gefoel dat net alles fan him útgyng.
Mar de âlde dream liet him net mei rêst: hwat soe it moai wêze as Folkertsma ohwat weromsei. In autotûter yn 'e mof sette, dat wie fansels neat. En in babypop dy't ‘mama’ sei as men der yn knypte, wie ek neat gedaen.
It moaiste wie in bânrecorder, dy't er troch in skeakeler yn 'e mof yn wurking sette koe. By buorlju hiene se sa'n ding en dêr wie it nijste ek al ôf, dat dy soe er faeks wol brûke meije. Hy bitocht it smoesje dat er op skoalle in fers opsizze moast en dat de learaer oanret hie dat mei help fan in bânrecorder yn to studearjen. Hy trof buorman thús en lei him it gefal wiidweidich út.
‘Jongeja’, sei buorman, ‘dat moat altyd wêze. Mar dat is in probaet middel! Ik sil dy sizze, ik ha 't ris mei in dûmny oan 'e stôk hawn, om't ik sein hie dat er tomin talint hie. Hy sei: Ik meitsje wurk genôch fan myn preken en ik doch der tige flyt op om se op 'e juste manier nei foaren to bringen. Mar ik sei: Dat is och sa bêst, dûmny, mar jo héárre josels net. Jo tinke dat jo it sá sizze, mar jo hearre it ommers net! Marre...’
‘Ja’, sei Gerryt, ‘dat sei ús learaer ek. Sadwaende’.
Hy sette mei de bânrecorder ôf nei't buorman him ynstru- | |
| |
earre hie hoe't it apparaet wurke. Mem siet nei de radio to harkjen, se frege nearne nei. As it hwat stil om en ta gyng, soe se der ek neat fan merke.
Hy draeide de knop op opname en skeakele yn. Mei in djip lûd flústere er yn 'e mikrofoan: ‘Folkertsma... Folkertsma...’ Hy sei it mei tuskenskoften tsien kear efterinoar, dan hoegde er net nei elke kear fûstkjen werom to spoelen. Hy draeide de bân tobek en sette de knop op werjowing.
Nou moast er in skeakeler yn 'e mof sette en leafst ien dêr't gjin ûngemakken fan kamen. Hy seach yn tinzen om him hinne. In snoerskeakeler lykas oan de lêslampe siet, sokssahwat moast er hawwe. Mar it wie nou al to let om noch efterom nei de winkel. Hy moast it lampke mar demontearje.
It wie net in slim kerwei, mar wol dreech, in tige sekuer nifelwurkje, en it hie healwei tolven slein doe't er alles foarinoar hie. De recorder stie efter de klok, de skeakeler siet yn 'e mof, de klok tikke, en de wizer stie hast op tolve. Gerryt siet fol spanning to wachtsjen. Doe hearde er it krassend gelûd hwermei't de hammer efteroer gyng. De earm gyng omheech en foel wer del. Hy stapte op Folkertsma ta, griep de hân en sei: ‘Gerryt Bakker’. Wilens knypte er yn 'e mof dy't stadich op en del gyng. Hy hearde in klik en dêr bigoun de bânrecorder to rûzen. It duorre lang foar't der antwurd kaem. Hy wachte. Doe skuorde er kjel syn han tobek. Hwat gniisde dat ding nuver! In sêft, gekoanstekkend gegniis, en doe, doe sei in hunende stim: ‘Skûmplastic... skûmplastic... skûmpl...’.
|
|