net folle bilangstelling foar it Fryske toaniel; de skriuwers en spilers fan Fryske stikken komme hast nea by de foarstellingen fan it biropstoaniel. Dat is beide like ûnforstannich; it iene is it gefolch fan ûnderskatting (fan it Fryske toaniel) en it oare fan oerskatting (fan eigen foarming).
Der komt stadichoan lykwols hwat foroaring yn de situaesje. De deftige foriening De Harmonie lit nou ek al net-leden op syn toanielútfieringen ta, mar likegoed bliuwt de publike bilangstelling binaude lyts. It kin hast net oars of it Nederlânske biropstoaniel sil yn Ljouwert en faeks ek op de oare plakken yn Fryslân terrein forlieze. It biropstoaniel sèls wol dat terrein stomme graech kwyt; it is allinne mar om oan de subsydzjebitingsten to foldwaen, dat de selskippen de reizen nei hwat hja dan neame ‘de provincie’ meitsje. De lieding fan dizze selskippen seit rounút: as de lju út de provinsje goed toaniel sjen wolle dan moatte hja mar by ús (Amsterdam, Rotterdam, Den Haech) komme.
De Culturele Raad van Gelderland hat oer de ‘toneelspreiding en de gewesten’ krekt in ‘perspectief-project’ publisearre en dat is ek foar Fryslân tige nijsgjirrich. Oan de iene kant wurdt der konstatearre, dat der oanlieding is om hwat ûngerêst to wêzen, mar oan de oare kant wurde der ek wol mooglikheden sjoen. It stik pleitet foar in finansiéle foarsjenning, dy't it mooglik makket, dat der in forantwurde sprieding fan toanielfoarstellingen komt oer it hiele Nederlânske publyk, hwant dat bitellet ommers ek mei oan de finânsjes, dy't de oerheit ta syn foldwaen hat? Mar ek it foarmjen en yn stân hâlden fan regionale of spriedingsselskippen sil bifoardere wurde moatte. Der wurdt tajown, dat der by de biropstoanielspilers greate wjerstannen binne tsjin it wenjen yn lytse provinsjestêdden; hja hawwe forlet fan kontakt mei kunstbruorren, binammen ek mei literatoaren en byldzjende kunstners. Mar dat sil yn Maastricht, Arnhem en Grins yn alle gefallen wol mooglik wêze; op syn minst like folle as yn Rotterdam, sa stiet yn dit ‘perspectief-project’.
Nou sille wy, mei alle respekt foar dizze publikaesje fan de Culturele Read van Gelderland, efkes foarsichtich wâze moatte. Dat Ljouwert net neamd wurdt as in plak dêr't de byldzjende kunstner syn artistyk klimaet fine kin is dêr oan ta; der binne yndied Fryske kunstners dy't hast har hiele libben al om dat klimaet sykje. Dat Grins àl neamd wurdt is dan lykwols forkeard; it hat, hwat it artistike klimaet oanbilanget, neat op Ljouwert foar. Mar automatysk wurdt Grins, dat himsels altyd it ‘centrum van het Noord'n’ neamt, as gaedlik plak foar in regionael- of spriedingsselskip sjoen.
Ik haw niis al oantsjut dat de ôfbeakening fan de terreinen yn Fryslân oan it foroarjen is. Der is minder bilangstelling foar it Nederlânsktalige biropstoaniel. Oan de oare kant nimt de bilangstelling foar ‘Frysk toaniel mei mear niveau’ ta. Dizze foroaring sil fordiskontearre wurde moatte as it der fan komme soe, dat it Noarden in biropsselskip krijt. De posysje fan it Fryske toaniel is net allinne yn it Noarden, mar yn hiel Nederlân unyk. Op eigen inisiatyf en mei hwat stipe fan de provinsje hawwe wy nou al in semi-biropsselskip. As de toanielforhâldingen yn Nederlân op 'e nij bisjoen wurde sille, dan is de Gelderske nota ynteressant dokumintaesjemateriael. Mar as Fryslân mei syn eigentalich toaniel meidwaen wol, dan sil it der goed oan dwaen, sa gau mooglik foar in supplemint op dizze nota to soargjen.
PITER TERPSTRA