Krityk yn it koart:
‘Der liebe weg ins kinderland’
jan dotinga, lytse ivichheit, fersen, reiddomprige, omslachtekening siep velink.
drukkerij en útjowerij laverman n.v., drachten, 1965.
De lytse syklus fan 15 fersen dêr't Jan Dotinga fan 't jier mei debutearre, hat alhiel in retrospektyf karakter. Dat is foar in jong dichter as hy is net alhiel gewoan. It tobeksjen nei it forline mei dan in útsûnderlik talint as O. Postma fan syn tritichste jier ôf nea wer forlitten hawwe, it heart ornaris by de âlderen thús om yn oantinken en resignaesje in al of net wémoedich each oer it skouder to smiten. It foarútsjen, de Sturm und Drang, it stean midden yn 'e eigen tiid, is nou ienkear in privileezje passend by de jongerein.
Lykwols, hwat soe it lette as in forskynsel net alhiel rinne wol yn ús psychologysk stokramt? It giet om it resultaet, yn dit gefal de fersen. In driuw, men mei wol sizze in romantyske driuw nei de tiid dat er noch lytsbern wie en op it âldershiem boarte, hat Jan Dotinga ta it skriuwen fan dizze poëzij oanset.
It byld dat hjir oproppen wurdt is moai grif idéalisearre. De boaze bûtewrâld liket suver net to bistean. De jongesdreamen en -aventûren spylje har ôf yn in folsleine bislettenheit, sa't al to sjen is oan de ûndertiteling fan de fersen: de sleat, de snie, de wyn, de stilte, it gers, it hûs. Dit bislettene, dizze feilige ôfskerming is inhaerint oan it bernelibben dat hjir tekene wurdt. Op ien plak, t.w. bledside 6, komt dat wol hiel sterk nei foaren, as der justjes sprake is fan de to fierte en bûtewrâld bihearrende sé. Dy wurdt ntl. mei in treflik en hjir tige passend byld ‘de greate folwoechsene’ neamd. In oar aspekt, eigen oan dit jongesparadys earne op 'e romte is dat fan de tiidleasheit. De klok regearret noch net, op 'en heechsten de jiertiden mei sinneljocht of snie. Beide aspekten sitte yn de titel fan de bondel symboalysk biweve, in titel dy't noch ris ekstra relief kriget yn guon rigels fan it gers op bls. 15:
It each droech de greiden oer de kym
in lytse ivichheit yn en efter
't forstjerren fan kleur en krêft
fjurke in simpel forstean fan
In tige lokkige fynst achtsje ik it feit, dat de dichter syn ‘objekt’ yn 'e 2e persoan oansprekt. In bineaming yn de ik-foarm hie grif as resultaet in tokoart oan objektivearring oplevere, wylst de hyfoarm rjochtoarsom in to greate ôfstân foarme hie tusken de man-fan-nou en it bern-fan-doe. De dou-foarm skept hjir in lykwicht tusken dy utersten; op dizze wize wurdt de suggestje jown dat de skriuwer-fan-nou by alle bilibbenissen fan doe as ûnsichtbere partner oanwêzich west hat.
De krêft fan dizze fersen leit net yn navrante fanfares of yn fiersochte assosiative byldspraek. De dichter bispilet syn ynstrumint con sordino. Syn metafoaren roppe in wrâld op, sjoen troch de eagen fan in dreamerich bern, ryk oan fantasij. In biheinde wrâld, dêr't de